Trotwaer. Jaargang 12(1980)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 8] [p. 8] Daniël Daen Ea ea moat it sa west hawwe dat firmaminten en ferwulften fûnkelen by wriuwen fan har en syn fjoerstien en krûpten bern út beamgrienich moas of droegen op út triennen fan goaden ea wie wat leaud waard en bestie ea moat it sa west hawwe dat dat man noch mongen wie mei frou as in glâns fan gaos fan har en him [pagina 9] [p. 9] Fersyk der wurdt dy frege om in fers in fers oer wenjen en oer wurkjen mar as it fers dyn wurk en wente is dan wurkest en dan wennest net dan bist in doarmer sûnder wenplak en dyn kontakten rotsje fan lacunes makkest dy ea in skûle en ûnderdak wjirmen môgje, tefrette as rancunes soms tink ik, ek al leau ik net, kom Jo dan by my yn, al is it mar foar eefkes. wie Jo bestean mar krekt sa wis as dat it feit fan Jo ûnsichtberens is [pagina 10] [p. 10] Nocturne de klokken slane, 't is neare nacht ik sykje selskip yn stereo en fyn in frouwestim hififersterke út 'e boksen slagget op ôfstân wat tichteby net kin? ik praat op har ûnsichtber wêzen yn taastend, de nacht loftliddich blyn, hear ik nocturnes fan har azem, en út myn langstme wazemet har skyn [pagina 11] [p. 11] De deade dichter wa't sjocht hoe't it ferstoarne fryske dichters fergiet wyt wat er him winksje moat nettsjinsteande neibesteanden en harren fertriet dichters dy't libje wurde deaswijd yn dit lân deade dichters lykwols hâlde de Ljouwerter, wurkferbannen en kolleezjes yn stân Obe, Fedde en Rixt: hoe deader hoe libbener de libbene dichter hâldt ien treast foar letter de deade dichter dichtet altyd better Vorige Volgende