Trotwaer. Jaargang 11(1979)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 298] [p. 298] Jelle Kaspersma it libben is grôtfol riedsels tocht ik en mist kaem oer my del it paed fordwoun yn nacht en dize myn bigjin myn ein koe ik heine mei de noas rook fan bargen jarre âld hea tiid bleau menuten lang hingjen doe kaem de wel wer foar it moanneljocht mei swietrook fan iel fean en stil wetter nuver sa fytse je togearre op sûnder erch rûke neat en hawwe in skoander doel dan foroaret inkelde dagen neltiid it ljocht yn twa eagen hja keare ta nacht wjirmen stof frjemd komt elts moatten jin dan foar ûnder dizze swarte himel opfytse mei jinsels nel neat Vorige Volgende