stallich papier, mar noch brûkber foar in earste oanset ta skriuwen.
‘Orde Voorschriften’, lês ik. ‘De staf is verantwoordelijk voor de gang van zaken’. En punt 3: ‘De Staf is bevoegd, in overleg met de Stafraad, nadere regels te stellen met betrekking tot de plaats waar zij zich dienen op te houden tijdens de pauze of vrije uren’.
Ik sjoch it gebou wer foar my dêr't dizze rigels fan tapassing wiene: great, mei lange gongen en in ein fan'e dyk ôf. Lykas it keningshûs en alle huzen fan minsken mei oansjen. Hwat him dêr ôfspilet, men sil der komselden in glimp fan opfange. Of it moat wêze yn in film. Sa'n gebou is in keninkryk op himsels, in eintsje fan 'e ‘gewoane’ wrâld fan opinoar pakte minsken en mei eigen wetten en riten. Sûnder erch giet men der yn, lyk as de hoeren yn Pasolini's film. Se leitsje en doffe har op as pronkige pauwen. En se fortelle harren forhalen om it de hearen nei 't sin to dwaen. Se stappe mei de hollen wakker omheech de treppen op om't se witte hwa't se folgje: it jild, de macht, it leauwe en de wierheit, yn 'e persoanen fan 'e bankier, de hertoch, de biskop en de rjochter. Salang't se partij wêze meije en fuotsje-gelyk, as frou dêr't men net sûnder kin, salang steane se alles ta hwat harren hearen wolle: traepje en fornederje en misbrûke. Op aksje komt it ommers oan by it fascisme. De direkte bihoefte moat bifredige wurde. Tinken is dwaesheit, op dwaen komt it oan. En as't net meidwaen wolste? Komst yn't boek. Dan sil minhear wol mei dy ôfrekkenje op it stuit dat it him it bêste útkomt.
Ik sjoch se wer neaken de treppen opjage yn dat kastiel to Saló, as hounen dy't oars net hoege to dwaen as to blaffen. Yn it lûd is noch hwat forskaet to fornimmen, de lichems hawwe forskaet fan foarm en postuer, mar fierder is elk oan elk gelyk. En tagelyk sjoch ik, hjir net fier ôf, lytsere en greatere bern, ek fan de leeftyd as doe yn Saló sahwat, liif oan liif troch de to smelle gongen dreaun, ik wit net hoefaek deis. En as't net oanrinst kinst in stomp yn'e mage krije of in wâld tsjin 'e kont. Hwant elk moat op tiid wêze foar it folgjende ûnderdiel fan it deistich seremonieel: de iene les nei de oare. En as't net op tiid bist: Dou wist it hen? Ik bin ûntkommen en lokkich krekt even better as ien fan 'e hoeren yn Pasolini syn film. Sy docht ek mei krekt oft alles de gewoanste saek fan 'e wrâld is. Faeks hat se it wol oars field, mar hwa sil dat sizze? Hwa sil sizze hwat it gefoel fan in minske is yn in systeem dêr't allinnich úterlik gedrach fan bilang is. As sy, moaije geile âlde hoer dy't se is, op in stuit even allinne is en troch it rút op it feilich omsletten binnenplein sjocht, dan hat se de lêste konsekwinsje troch fan it marjonettespul dêr't se ynstapt is en net wer út wei kin. Se hat mar ien kar: se springt ta it rút út en hâldt dêrmei de eare oan harsels.
Dizze skôging is in assosiatyf proses dat him foardwaen kin yn 'e perioade foar, tidensen nei in film en hoe't neat frjemd is yn dizze wrâld: men slacht jins kladpapier om en de assosiaesje tusken it filmyske barren en de wurklikheit direkt tichteby is lein.
Ik woe nei Saló om't ik Pasolini biwûnderje. Mar ik huvere. Noch foar't ik de