Trotwaer. Jaargang 11
(1979)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 122]
| |
Tichelwurk
| |
[pagina 123]
| |
Van TeylingenGa naar eindnoot2) is dizze fersfoarm yn de sawntjinde ieu ûntstien. Hoe sit dat? Van Teylingen skriuwt dat in haiku ‘een zucht van verlichting’ is. Lieuwe jowt gjin dúdlike definysje, hy lult der mar hwat omhinne. Van Teylingen jowt sawn haiku-typen, Hornstra praet net fan typen. Faken omt guon fan syn eigen haiku dan troch de koer falle? Hy skriuwt ek neat oer de saneamde ‘kireji’, de wurden yn de Japanske haiku dy't net oerset wurde kinne, mar dy't steande foar in útropteken, in streekje, in dûbele punt. De meast foarkommende ‘kireji’ binne: ya, kana, keri, zo. Gjin kiellûden dus, sa't Hornstra ús leauwe litte wol. In Japanske haiku bigjint nea mei in útrop sa't Lieuwe seit. O, och of ha komme nea foar. Hwer't er syn ynformaesje weihat wit ik net, mar hwat er út Blyth sitearret doocht ek net hielendal. Yn it fan him neamde fers fan Basho komt ‘de kant’ net foar Hornstra jowt it fers sa:
O âlde fiver!
in kikkert springt fan 'e kant.
gelûd fan wetter.
wylst der yn it Japansk stiet: ‘furu / ike / ya / / kawazu / tobikomu / / mizu / no / oto’, dat bitsjut yn it Frysk safolle as: ‘âld / fiver / ya / / kikkert / ynspringe / / wetter's / lûd’ Men soe der dus dit fan meitsje kinne:
de âlde fiver;
in kikkert dy't deryn springt
it lûd fan wetter.
Sawntjin wurdlidden waerden ek troch de Japanners lang net altyd brûkt. Van Teylingen sette ûngefear 150 haiku oer yn it Hollânsk. Dêrfan wykten 19 al ôf fan it fiif / sawn / fiif-stramyn. Fersen mei mear dan sawntjin wurdlidden kamen foar, haiku met minder hast net. Hoelang as Hornstra dwaende is mei ien haiku hoechter ús net to fornijen, dan jowt soks ek gjin strideraesje. De hiele Japanske tinkwrâld is ús frjemd. Zen-boeddisten binne der net folle yn Fryslân. Dêrom soe ik útstelle wolle om de ‘haiku’ dy't yn it Frysk skreaun wurde net mear to bilêsten, mei dizze to swier laden namme, mar om se tonei mar ‘trijerigels’ to neamen, in oantsjutting dy't Goos van der Vliet brûkt hat, lykas Piter Yedema Dan binne wy ôf fan alle Zen-ûnsin en dan kinne de trijerigels eins ris hifke wurde op harren poëtyske kwaliteiten. Ek it fiif / sawn / fiif-skema kin men dan loslitte. In dichter as Hussum bygelyks hat wûndermoaije trijerigels yn it Nederlânsk makke. Ta bislút noch even in salútskot foar ‘perfester Hornstra’ - sa neame de minsken fan Bakhuzen him - hy hat der ommers foar soarge dat de trijerigel as folwoeksen fers-foarm oan 'e Fryske poëzijwrâld tafoege waerd. |
|