Trotwaer. Jaargang 11(1979)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 92] [p. 92] Geart van der Meer Kommen út jou lea ta de wrâld hwer is nei jou dea mij bihâld as yn 't hûs fan myn leaf en har skoat? 't masker dat wij drage al den dei, leed, pine, staed'ge folterdei skuorden 't wei, dat in paed, in iepen wei wie doe tusken ús hwant de smert brekt it hert, brutsen is elk forset - en in hert dat brutsen is spilet net sa is nei jou dea dochs bihâld hwant it hûs fan myn leaf en har skoat skeppe' in wei fan de dea ta de wrâld [pagina 93] [p. 93] Oktober bij it fallen fan de klean giet soms it each noch iepen en sjocht dat neaken stean kleurriker wurdt as simmers griene sliepen Vorige Volgende