alles sa nedich rasjonalisearre wurde? Rasjonalisearre ta ynhâlden, en wrâlden efter it wurd, en dêr wer efter, en dan dêr wer efter?????
Dêr bigriep se neat fan, of leaver, dat woe se net bigripe, hwant it wie ommers net sa wichtich at je byelkoar wiene’ (side 17).
Hjir oerskat de Hesterkant fan Murk, it mear direkte, spontane, net-freegjende fan syn persoanlikheit, it rasjonelefan ‘har’ Murk. Hwant wrâlden efter it wurd en dêr wer efter komme krekt yn syn rasjonalisaesjes net to foarskyn. Alteast yn dit boek net. De Murk-figuer is tofolle bifongen troch ‘it is ommers net sa wichtich’ om trochstjitte to kinnen nei djipper lagen fan it bistean. Net-sa-wichtich is in subjektive kwalifikaesje. De dingen hawwe út harsels dy kwaliteit net fan wichtich of net-wichtich. It is my net dúdlik wurden hwerom dat sa faek herhelle wurde moat, dat it allegearre net wichtich is. It wurdt nammers net wier makke, it net-wichtige. Hokker mjitlatte brûkt ús Murk dêrby? Syn geslachtsorgaen en syn dranksucht nimt er ommers wol wichtich. It kin ek net oars as dizze side fan syn persoanlikheit komt yn konflikt mei de oare side, dy't de fraech fan wichtich en net-wichtich net stelt. It ûnderskie is der sûnder de fraech. It ûnderskie is fanselssprekkend, de kar ek. Dy't sa faek herhelje moat dat alles net wichtich is, sit mei himsels yn 'e tiis. Dat sit Murk ek. De petearen tusken de twa figueren binne fijannich, as petearen. Yn wêzen binne it gjin petearen mar is it in analyse fan Murk, in analyse fan syn eigen sitewaesje dy't er omsknuwt as:
‘Ik gean nei har ta omt se dat graech wol, omt se der op rekkent, omt se my har telefoannûmer jown hat, omt ik it har tasein haw. Haw ik it har tasein, echt tasein, of wie 't in boartlik útdaegjen west?’ (side 12).
Dat wol sizze: it kin altyd allegearre:
‘Deselde film waerd altiten oppenij ôfdraeid. Bylden foroaren, mar de wurden bleauwen deselde, nou en dan, oan 'e bûtekant en oan 'e binnekant’ (side 15).
Dat ambivalinte karakter set him troch yn haedstik twa, as simpel konstatearre wurdt (side 23): ‘Ik twivele, sa't ik sa faek doch’. Dat de Hesterfiguer projeksje is, stiet mei safolle wurden yn 'e tekst:
‘Ik makke in fantasijskym fan de frou tsjinoer my, hwant se woe net oars’ (side 28). Dy projeksje is dan dy kant fan de ik-figuer der't de fantasij huzet, it emotionele, it lichaemlike, it net-rasjonele.
Dan is it - wer fijannige - stikje petear yn dit haedstik oars net as in monolooch: de ikfiguer praet tsjin himsels: ‘Dou bist kâld. (-) Ik fiel hwannear't ik sels wol’ (side 31). Dat is fansels hielendal net wier, dat fielen hwannear't men it sels wol, mar de haedfiguer wol it sa hawwe: baes oer himsels. Dat kin allinnich as er him opsplitst
Ek it thema fan it boek wiist yn de rjochting fan it monologyske: ‘Dou sikest dysels,’ seit de projeksje Murk ûntkent it: ‘Né, dat is net wier, dêrfoar kin 'k mysels to goed.’ Mar as op it ein fan dit slotpetear de projeksje folhâldt: ‘Dou bliuwst sykjen?’ is it andert ‘Ja. ivich.’