net. Om de taap sitte wól gwón en fjirderóp tsjin ut bedsket hinget ek wot óm. De nijynkómmeling mat fonsels meunstere wurde, gwón eagen draaije har nei dij ta en do wurdst ynienen dochs wer benauwd; ut folt ek net ta jin goed te hôden os men sa óp en del sjoen wurdt. Dot dógt der ek minder ta, salang't se har de honnen mar tûshôde. Faaks gjit ut praat ek wól minder oer dij osto no fon tinken wól haste.
De mezyk raast oars lûûd genôg; praten wurdt dêrtróg minder ferplichte, fon ûnmooglik ta oerstollig. Praten kómme de meensken jir ek net foar, hast swarg; mear ut wurk mei de eagen, stwarjen en glwórkjen, tink. Ut pils smakket net oars os oars en de meensken, och dy sjógge der eins wakker utselde út os rûnóm. Hast dêr no salang tsjinoan skytskwarre? Krygest un twadde pilske en rinst mar rus óm de taap hinne. Oan 'e oare kont sitte ek nog gwón, mar der is nog wól un plakje iepen. Jouwst dy del en sjógst ut hear rus oer.
Ut sintrum fon ‘de Feinten’ is de fjouwerkonte taap; twa, trije jónges deryn, dy't ollegeduerigen mar lege glêzen oanslepe, glêzen spiele en wer fól meitsje; sij matte elk te freon hôde: betanke foar en asjeblieft nei. Harren kin elk óp en del sjen sûnder spesjale bedoelings en sûnder dot fwótdaliks werómglwórke wurdt, ómt dêr ha sij gjin tiid ta. Pûblyke mônlju óm sa mar te sizzen. Fwar de bar oer leit de dûûnsflier mei de feestferljochting. Ut is jir olle dagen feest, tink. De lampkes baarne súnnig, de platejónge draait mei óp 'e mezyk. Net fólle meensken hawwe har sitplak frijjûn en de gjalpende mezyk os liedsmon nómmen fwar har hôden en dragen. Gwón skowe wot hin en wer, oaren springe wot libbener óp de planken óm. Nei un setsje ferfeelt ut dij areg. Der is net safólle te sjen en te belibjen. Gjin dy't rus efkes bij dij kómt te praten en do nimst sels ek net de fwarstap ta petear. Bliuwe de spegels oer. Dêr kinst ûngemurken hiel wot tróg gewaar wurde. De lampkes ferdûbbelje har ljochten, de truttige fersieringen oan 'e souder wurde sa dûbbeld yn ut sintsje set. Kinst dysels besjen, kinst oaren ópnimme. Mar wot arighyd hat men dêr winliken oan? Dóg de eagen mar ticht, harkje mar rus yngeand nei ut lûûd fon meensken, piipjende kranen, de glêzen en ut mezyk dot olles wól oerraast en dream mar wei. Dream mar wei - gjin dy't dij steure sil.
De mezyk noeget dij ta de dûûnsflier, ut sit dij gewoanwei yn 'e skónken en dot mat derút. Ut bloed mat syn berin hawwe, dêr kómst net ûnderút. Mei wa silste dûûnsje? Mei wa soeste wólle? Wólle genôg, mar