Trotwaer. Jaargang 9
(1977)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 299]
| |
Petearen fan Joop BoomsmaYn it ‘Lyts foaropwurd’ fan Joop Boomsma syn Peteareboek snijt Boomsma nochal hwat oan. Sa ûnderskiedt Boomsma in petear fan in ynterview: ‘in petear is in foarm om immen to sketsen. In ynterview jowt in momintopname - hoe tinke jo hjoeddedei oer in stikmennich saken?’ (side 7). It ûnderskie tuken petearen sa as dy yn dit boek holden binne en ynterviews sa't dy yn't algemien makke wurde, liket my discutabel. Miskien kin jo stelle dat it wurd ynterview hwat mear assosjaesjes jowt mei in strakkere stilearring fan it fraech- en antwurdspul as it wurd petear. Yndie, in petear kin de mooglikheit jaen om elkoar to sketsen. Mar dat is hwat oars as dat it petear sûnder mear in sketsfoarm wêze soe. Boppedien hoecht in ynterview him net to biheinen ta aktuële saken, sa as Boomsma suggerearret. In ynterview kin likegoed in fraechpetear wêze tusken in freger en in antwurder (of fregers en antwurders) oer de lêste syn tinkbylden en opfettings oangeande in gehiel fan fraechstikken sûnder dat dy daelk en allinne aktuëel binne. ‘De libbensrin fan de man wie foar my útgongspunt’, skriuwt Boomsma. Dy libbensrin komt yn in protte ynterviews likegoed, sa net better, nei foaren as yn in protte petearen. Boomsma syn ûnderskieding liket dan ek hwat oerstallich. De ûndertitel ‘Petear en Profyl’ jowt winliken sels al in oanfolling op hwat Boomsma oan it petear ymplisyt achtet: it profyl. Hwerom, sjoen de bidoelings fan Boomsma mei dit boek, ‘Petear en Profyl’ net as haedtitel? Boomsma neamt it tafal dat er allinne mei manlju praet hat. Is dat sa? Bisykje ris in frou ta to foegjen oan 'e acht fan Boomsma, hwa soe dan yn 'e bineaming komme? Simke Kloosterman? Boomsma is gjin spiritist, noch sit er op 't Frysk Ynstitút to Grins. Rixt? Dichteresse pur sang. Berber en Tineke? To jong. Moeke Faber? Ypk fan der fear, Ella Wassenaer, Post Beukens? De kar fan de minsken dêr't in petear mei opset is birêst op in persoanlike ynteresse fan Boomsma yn dy minsken en op it feit dat er harren wurk ‘op publisitair en/of organisatoarysk mêd’ nijsgjirrich fynt. Dat liket my net in tafallich seleksjekriterium. Boomsma komt der earlik foar út dat dit boek yn 't foarste plak it stimpel draecht fan de man dy't it gearstâlde: Joop Boomsma. Dy persoanlike foarkar komt fierder nei foaren yn 'e ‘ûnderwurpen dy't yn in petear oan 'e oarder kommen, it útwurkjen fan 'e oantekeningen, it selektearjen fan de tekst op de lûdbannen en sels de opmerkings by de sifers’. (side 5). Sa wurdt yn it foaropwurd eat fan de biskieden hâlding | |
[pagina 300]
| |
fan weromhâldendheit dy't Boomsma yn it petearforrin ynnimt, en dy't bihalven sympathyk bytiden ek professjoneel oandocht, weromnommen. Wie dat noadich? Yn safier't dit foaropwurd in forantwurding wêze wol, wól tink. Boomsma is yn syn wize fan freegjen somtiden hast non-direktyf dwaende. Hy spegelet hjir en dêr de antwurden dy't er kriget werom yn oare biwurdingen en heint dan al gau de nedige oanfollingen op ensfh. It like my persoanlik in goede technyk to wêzen: net tofolle ynterrupsjes, net to direktyf en suggestyf. Sa bisjoen draecht dit boek útsoarte mear it stimpel fan de antwurders as fan de freger. Hoe't Boomsma selektearee hat út syn materiael is min nei to gean mei inkeld it boek foar hannen. Syn persoanlike wize fan ynbêdzjen fan de petearen, sa as it ynsetten en it ôfsluten foun ik net forsearre. De oergongen fan it iene ûnderwurp op it oare forrinne floeijend. As it om Boomsma syn kar fan de manminsken giet dan falt der altyd oer to tsieren hwerom't it nou krekt dizzen wêze moasten. Ridlikerwize kin ik my Boomsma syn kar fan sawn fan 'e acht yntinke, as ik acht jow op syn útgongspunten, len fait foar my wol hwat út 'e koer: J.J. van Weringh. It petear mei him jowt net mear as in droech curriculum vitae, hoe spectakulair van Weringh syn forfarderijen ek binne, of leaver hoe mannichfâldich ek. Hoe moai syn namme ek lústeret: Juw fon Wearinga. Fansels kin men jin ek by oaren ôffreegje oft harren bitsjutting foar de fryske kultuer dan sa great is (sjoch side 8-Peteareboek), en oft hjit dan wól de krekte minsken omtinken krije. En sa ja, op groun hwerfan it omtinken foar dizze minsken krekter is as dat foar oaren. In útsûndering yn 't foar oer alle boegen kin makke wurden foar Sierksma en Leiker. Lju dy't har yn 'e oarloch mear as ward hawwe. Faek mei gefaer foar eigen libben. Hjir past it djipste respekt en is in duorjend omtinken op syn plak. Mar as it om de fryske kultuer giet, hawwe se beide frijwol alhiel foar it hollânsk keazen. Hwat hawwe se absolút en relatyf (ek sjoen harren jeften) op dat mêd út 'e wei set? Dit Peteareboek set útein mei in petear mei Simen Feenstra oer Rely Jorritsma. By it lêzen fan sa'n petear wurde yndie dy trekken bifredige dy't Trinus Riemersma yn Trotwaer 1977/I, side 60, û.m. sensaesjesucht en rabsucht neamt. It giet ek net mear om personaezjes mar om persoanen. It is doch wol fordomd apart om sa as Rely syn heit in hoerkast op to rjochtsjen mei allinne negerinnen der yn (S. 15). Dit petear tekenet Rely yn syn lytsens en greatens: ‘Ik bin eigentlik by it frysk hwant yn Hollân, as ik hollânsk skriuw, haw ik hielendal gjin tribune’ (S. 15). Dêr sit gjin grevel idealisme by. Tige apart is ek de passaesje oer Rely syn ljochtgekkens (s. 20). Hwat jin ek foldocht yn dit Peteareboek binne oan 'e ein fan elts petear de sifers dy't forwize nei alderlei boarnen, bg. it skandaiige kommintaer fan Fedde Schurer(noat I, side 22-23). As twadde komt Juw fon Wearinga oan bar. Op him folget net Lieuwe Hornstra mar Sjoerd Leiker. Leiker komt nei foaren as in man mei de nedige selskennis en in nofteren hâlding foar it frysk oer. Dat dit petear hwat ryklik | |
[pagina 301]
| |
op it forline rjochte is wurdt forantwurde op side 59. Fokke Sierksma, nûmer fjouwer, wol mei alle macht de fryske kultuer as boerekultuer hanthavenje. Sa mei in boerinne dy't Klaske hiet it net slim fine as har man ûnder it kofjedrinken seit: ‘Klaske moat ûnder de bolle’. It giet ommers om de moaiste kou op de boppeste stâl. Dêr sille yndie net folle Klaskes wêze dy't sa'n útspraek sá letterlik nimme as de frou fan kening Minos fan Kreta die: hja strûpte ûnder de bolle en berne in monotaurus In great part fan dit petear wurdt bistege oan Sierksma syn emoasjonele relaesje ta Fryslân. Hy is gjin biwegingsman. Gjin dwaender op dit stik fan saken mar in fielder. Fierders falt jin op hoe't Sierksma syn ‘outsiderskip’ makket dat er rjocht foar de raep syn oardiel jowt oer saken en minsken, bg E.B.F., D.A.T., Anne Wadman en Fedde Schurer. Tusken it fryske forset en de Fryske Biweging sjocht Sierksma gjin positive relaesje (s. 95). Nûmer fiif is E.S. de Jong. Dit petear haw ik my mei muoite trochhinne wraksele. De Jong sil it allegearre wol goed bidoele. It heucht mysels noch hoe't ik as beuker op forskillende sneintomiddeis syn preken oanheare moast. Hwat my doe it meast opfoel wie dat ‘de man fan de K.F.F.B.’ mei de eagen ticht preke, de holle skeef. De persoan de Jong komt my út dit petear tomjitte as de evangelist fan doe: warber, warber, warber. kristlik, kristlik, kristlik warber kristlik, kristlik warber. Sawol by Marten Scholten as by Rein Boomgaardt (respect seis en sawn) is de ynfloed to merkbiten dy't lju út de Fryske Biweging op beide hawn hawwe. Dat eigenaerdige gefoel foar en fan solidariteit en ‘kameraderij’, skouderklopkes en freonskiplikheden. It forklearret foar in part de wjersidige forhâlding tusken in tal âlderen en jongeren. De jongeren binne dy âlden gau to kritysk en to ûnsolidair. Om hwat foar it frysk to birikken, dat moast foar de helsdoarren weisleept wurde. Dat slagge net sûnder in miensiplik front to foarmjen yn 'e jierren tweintich en tritich It falt op hoe't der noch op tard wurdt troch binammen in Scholten. ‘Ik bin bliid dat ik kristen bin’ is de titel fan it petear mei Rein Boomgaardt. It is de titel omt it in útspraek is fan Boomgaardt. Der bikrûpt my by it lêzen fan sa'n útspraek gau in sekere skepsis. Ik fyn it nochal hwat om josels in kristen to neamen Lit soks mar oan oaren oer soe ik sizze Hwat Boomgaardt forhellet oer himsels en de wize hwerop skoude myn erchtinkendheit fansiden. In ynteger mar ek wol hwat in nayf man sa't er E B.F. skjin prate wol bg. Dit peteareboek bislút dan mei Gerben Brouwer, dichter fan trije bondels. Binne sokke petearen nou sa needsaeklik, sinfol en weardefol? Elk moat it foar himsels mar útmeitsje. Ik foar my fyn it bêst aerdich om ris efter de gerdinen to gluorkjen. De acht fan Boomsma jowe der op harren wize alle gelegenheit ta. Boomsma woe petearen. It is him slagge om se los to krijen: de petearen en de minsken. Al mei al noflike entertainment |
|