Dale as syn Sancho Panza. Hwat oft er letter dan wer oant in hichte tobeknimt fan syn foarrjochtsposysje - foarriedich -, meidat er dy ‘tige eigensoartige relaesje - fan de dichter - ta syn fers’ deryn slûke hat, biropt er him winliken fundaminteel yn dit hiele artikel op in ‘théory fan bifoarrjochte tagong’ ta eigen wurk.
Sûnder ek mar in grével ôf to tingjen op syn oprjochtens: yn myn eagen is dit sophisme syn wiereftich útgongspunt. En syn eigen bisef fan de swakkens fan dy pretinsje forriedt er winliken sels al yn de twaslach:
‘Biwiis marris dat dit wier is, kin men sizze.
Bisiis marris dat dit net wier is, kin ik sizze’.
(en yn syn eigen these: ek foar in dichter is it eigen fers autoritair en autonoom).
Justjes earder yn syn tekst stie foar it earst syn slûkerswachtwurd: ‘De dichter hat in tige eigensoartige relaesje ta syn fers.’ Des Pudels Kern. Dus: yn dit gefal - dat fan poëzije - soe de nawlestrang hiel bliuwe?
It fers is autoritair en autonoom. It is autoritair omt it autonoom is. Foar alle lêzers, mei ynbigryp fan de earste, dy't it - earder - to wrâld brocht hie yn syn kwaliteit fan dichter. Korrekt hie west as de tekst sa fierder ‘weefd’ wie: ‘De dichter hat in tige eigensoartige relaesje ta syn fers HAWN’. Mar hy hat sûnt, ek as EARSTE lêzer, yn bigjinsel neat foar op oare lêzers. Dichterskip en - ek earst - lêzerskip foarûnderstelle ûnderskate, oarsoartige relaesjes ta it fers. Yn oriëntaesje op ien en itselde fers (a) in statu nascendi; b) as perfectum) is de ‘earste’ lêzer in oarenien as de dichter -wie-. Ja, men soe sels úthâlde kinne, dat krekt dy heugenis oan de berte fan it fers de dichter, as earste lêzer, dwerse kneppels smite koe op it stik fan ynterpretaesje - foar safier en salang yn syn psyche it fûlens noch neiwurket -.
It fers is autoritair en autonoom - in sein, in signael foar in goed forsteander. In code, dy't - en dat hinget der mar fan ôf - yn guon lêzers in kaei fynt. Yn harren geast, libbensgefoel, wjerfarren wurdt dat fers dan - hieltyd fannijs, faeks mei justjes oare nuances - ‘décodearre’ (=Werdichte) - itselde proces dat it foar it earst ûndergie fanwegen en yn de dichter sels yn syn rol fan earste lêzer. Dy décodearring troch en yn eltse lêzer, dêr giet it neffens my om - dat itiget hieltyd fannijs it gehalte fan it gedicht.
It fers op himsels is bleate tekst - in brok, siz mar: foar moannebiwenners sin-lege tael - mar foar forsteanders ynienen lont foar in inerlike ûntploffing, in eigen wjerfarren. As in tekst soks fanwegen bringt yn de iene of oare, dan ‘libbet’ er in libben der't hwat de ‘wever’, de dichter, der sels, autobiografysk' ynlei yn bigjinsel neat mear mei to krijen hat. Dan strielet sa'n tekst eigenwetlik eat út, eat strikt persoanliks/tagelyk mienminskliks, eat fan libben kontakt mei, realiteit.
Sadré't in dichter in fers, priisjown' hat is er it kwijt, hat er it útfleane litten om yn allerhande lêzers (mei ynbigryp fan himsels) hwat fanwegen to bringen. As guon oaren dêr forslach fan útbringe, bygelyks yn in bisprek, is it faeks foar him wol nijsgjirrich om op 'e hichte to reitsjen fan allerhande