| |
| |
| |
Tr. Riemersma
De skjintme vurt ferbwólgwódde
1.
De moter réagearde óp ut yntraapjen fon ut gospedaal, dur vji un heeg lûûd fon nóflekens, de sensaasje fon de rêg dyt stiif yn de stoel drukt vaar. Ut stjoer draaide gevilleg ûnder de honnen, de moterkap skeat skean oer de ûnderbrutsen streep hinne. De reade Renault 6 TL rjóks vaar nai achteren sûûgd en ferdwûn út de bwóttenspegel. Ut mûst un frómmes vest ha achter ut stjoer. De varmte sindere oer ut osfolt, ut groom blónk, dur ketsten fjoerstralen ómheeg. De sinnekap vaar del dien. Dur mûst jir of dêr un sinnebril leze yn ien fon de kostkes. Sygretten lainen dur ol, hij drukte de oanstekker yn. Ut hji gin doel en gón ver nai rjóks, dur keutelen noch un pear autoos, Mini en Deux Cheveaux. De Brainward sûûgde de lóngen fól, de tebaksreek jûûg un skerpe prykel dyt tsjin ut pynleke oan lai, hij grônzge tefreden dût de Mini en de Ainepyk óp har kwatte poatsjes belies jûgen. De teller krûûp bóppe de 120. De 100-meter pjeltsjes stoden fwarbij, de fangreel sóng ientoaneg. Oan de oare kont vji de dyk súver leeg, olles ried óp Slupsk oan.
Un Citroën begón yn te heljen, de ydyoat diig ut knipperljocht oan dût se ol heal oer de streek vji, dut vji gekkevurk, se kû yn de spegel sjen dot dur un Brainward achter har lai. Dur mûstfwótendaleks óp de fingers tikke vurre, de moter flókte en tjirge en spuide kylometers, de teller krûûp mai tsjinsin lyke ut vól - godskristes, vylst de moter him deabeolege! - oer de 130, de klaksón jankte, de radyator hapte nai de stómme, vippende kónt fan de
| |
| |
Citroën dyt sa noareg ynhelje mûst, de trut sljurke nai rjóks, de Brainward fólgde har daleks, snijde har flak fwar de hassens lôns en lake skotterjend. De Citroën kryg de deaskrik en remme vot se kû, se smoarde yn har aigen rubberstank.
Fwar him ried un vrakke auto mai twa reesfytsen óp de kop óp ut ymperyaal. Ut lófter tsjel slingere justjes, hij passearde mai un vide bócht, dy auto vji un gefaar óp de dyk. Vêróm fytsten se net? Hij kû oan ut ynheljen bljowe, de rjóchterkônt siet fól sukkeljende bennevainen, helenol fóllûge mai rotsooi en bên. Hij gooide ut peukje tróch ut iepene dak en skeukte nóflek yn de stoel de motor hji dur ferskriklek nócht oan vji te fernimmen, hij sûûgde de besyne út de tenk vai os mun him syn góng gean liet, hij vist fon gin óphôren.
Hij remme fûûl fwar un read ding, un Fiat grif ja, dyt him ynienen út de fyle losmakke en nai lófts skeat óm yn te heljen. De sljowe kloat hji net yn de spegel sjoen fonsels of ut vji him net ópfôlen dot ut un Brainward vji dyt dêr oanbrûzen kwaam. Hij jûûg un lel óp de klaksón en liet ut greot ljocht óp flikkerje. Kop-oan-kónt ried ur achter de Fiat oan óm de fint fon de dyk te ramen sadreet dur un grotsje rjóks kwaam. De fyle vji fergemy net út te êgjen. En fwar de Fiat kûnnen noch vôl mear sitte. Ut lyke doch ferrekte môl dot elkenien nai Slupsk mûst os de sinne us un kear skynde óp snain, óm dy pear meter strôn dêre. De moter grómmele óntefreden, de foet óp ut gospedaal frege óm aksje, de fingers knepen ónferduldeg óm ut stjoer. Ynienen vji ut ho. Hij kryge him stil flak achter de Fiat. Hij helle un sygret út ut dwaske en drukte de oanstekker yn. Oan de oare kônt de fangreel vji de dyk leeg. Ut vji óngelókkeg dot se ollegjer dut út mûsten, ut vji tergjen. Dy oanstekker skeat ek ver neat óp joet. Ut vji near yn de auto noot ur stil stie. Hij skode ut dak noch fjirder nai achteren. Dêr klikte ut ding. Hij stiik de sygret oan en sûûgde de reek yn. Fwar him begón ut ver te riden. Hij suchte. De Fiat kryg ut óp ut lêst ek yn de gaten, hij klwatsekke fwarút.
Ut sû vól fêstsitte bij de rotónde fwar Slupsk. Of meskyn hjinnen dur un pear fon de snainsriders bijenwar óp sitten. Ut skilde ver un pear sûgen óp de dyk, mar fwar joet vji de skea ol ver bard. Jezus, os mun jir un jeloere fergrieme mûst achter dy Fiat, ut vji noch kylometers oan Slupsk ta, ut kû vól groatfól sitte.
Dur vji mooglek un syddyk, ut vji noch better fwar de auto óm óp un binnendyk te riden os him jir te ferbyten. Se hjinnen de hele rotsooi óp ut
| |
| |
ymperyaal lûge, un strônkarre en un rubberboat, un stik plestik dur ómhinne, un kearel yn un rútsjes bûsgroentsje mai de mauen óprôle siet achter ut stjoer, un snainze sygaar yn syn fette smûl. De mooglekhyd fon un syddyk kû him fwardwan. Ut vji noch better un ain óm te riden oer un binnendyk, mun siet jun jir óp te fretten en ut diig de moter gin goed. Dur vaar un ru\'t ómleeg draaid en un bennehôn kwaam nai bwótten, dur foel un pepjirke bij de auto del. De mon út de Fiat fwar him stapte út Hij stie naist de fangreel olles út te êgjen. Hij stiik un sygret oan. Hij stapte oer de fangreel hinne en rón de dyk oer. Net un auto te bekennen dêre. Oan de oare kônt de dyk gie ur stean te pisjen. Dur kwamen mear lju nai bwótten, bên benammen. Se stoden óm de autoos hinne en raasden skel. Hij draaide ut rút óm leeg en mikte ut peukje yn ut gês. Dur snjitte un spjuchteg fanke bij him lôns. Hij sêg yn de spegel vêrt se kearde. Se dûkte har achter de auto. Hij vôde ut gos yn. Dur pûste un stik reek út de útlaat. Ut fanke kwaam achter de auto vai. Rjóks fwar him begónnen se te klaksónearen. Un kearel diig ut portier óp en raasde oan de bên. Yn de fjitte begónnen se ver te riden. De mon fon de Fiat stiik de dyk ver oer. Hij diig de strik ô en makke de boad los. Ja, se begónnen ver te riden, mar ut helle neat út. Mear remjen os gosjan. Se krûpten. Hij stiik un sygret oan. Ver ho. Rútten en dwarren bijoden ta. Dot kû un gunsteg teken vêze. Óp de oare dykshelte ried lykme-olinne un fólksvaintsje. Tergjen vji ut. Hij sêg óp ut heloazje. Bij olven. Hij hji sin oan kófje. Mun hji ol maklek yn Slupsk
vêze kennen, sónder dut gedónder. Ut ried ver. Ver un pjeltsje. Mun mûst bliid vêze mai elke hûndet meter. Ut vji fúnest fwar de auto. Hij mûst de rûmte havve, un skjinne dyk fwar him. Ûnútêgbere streken en un fangreel. Hij siet ynblikt tusken de lytse smûgers. Ut mûst net langer dwórje, don vji ur net mear te brûkken. Dot gesukkel fernielde syn hatslag.
Sjug, un hontviizder! Vji net te lêzen noch vot dur óp stie. Die dur ek net ta. Mun kû op ut stuit hudder oer de binnenwegen. Hij mûst nai de rjóchterhelte ta. Oas kwaam ur dur net ô. Kergoat stie duróp. 1500 meter. Ut hji noch tiid. Ver ho, ferjamme! Dur hjinnen grif un pear bijenwar óp sitten. Ien helte vji lamlain, de plysjes vjinnen oan ut mjitten en kryten streken óp ut osfolt. Of ut vji ver te rêden bij de rotónde.
Hij sette de rjóchtingoanviizder út en liet de vain nai rjóks rôlje, mooi ticht óp un Simca oan. Ut ôde hearke mai syn simmerhwódsje sû grif fwarrang jan. Vot mûst dy ôd lul yn Slupsk? Bleate famkes sjen. Ut begón ver te rôljen.
| |
| |
Hij jûûg un róffel gos óm de Simca lytsmon te maitsjen. Hij tikke noch even óp de klaksón en ség fonsyden vylst ur de keppeling kómme liet. Ut montsje sêg súnneg oer syn baide hontsjes hinne nai de moterkap. Hij skeat de rjóchterhelte óp. Achter de Simca siet ien fûûlaindeg te tûtterjen. Mun mat jun rêde kenne.
De hontviizder vji net te sjen, dur siet un óplûge auto fwar. Hij liet de vain oer de sletten streek rinne de flechtstrook óp. Ja, dêr begón de ûtfolstrook. Ut vji te vêgjen os dur net ien of oare plysjeauto fwar him siet. Mun vist net vot slimmer vji, un bón oan de kónt of de auto ryp foar ut gesticht. Hij sette de vain helendol óp de flechtstrook, jûûg un dúst óp de klaksón en jage de rige stumpers rjóks fwar bij. Hij ség har tinken yn de bwóttenspegels, de froede krintekakkers dyt trau yn de rige fwótsukkelen. Dêr vji de ôslag, hij hji ut ret! Gin plysje te sjen. Hij smiet de rjóchtingoanviizder yn vurking en swaaide breed de útfolstrook óp. Hij hji ut him lapt! Hij lake. Lófts fwar him sêg ur hût se kop oan kónt fjidder krûpten kylometers fier. Hij skêkele óp nai trije en fjauer, de auto spuite de dyk oer, de moter sóng ut út. Hij pjukte óp de knop fon de radyo, un hearlek mesykje flijde him yn de holten en hoalen fon de auto.
Ut noat njónken him vaar ol geleg. Dur flêg un keppel fûggeltsjes oerhinne. Un rwóstege mesyne stie yn un daam. Dur vjinnen jir en dêr pleatsen. De dyk bóchte, mar net slim en dur vji fjidder gin ferkear. Un fûggeltsje fladdere fwar de moterkap en vaar vai. Dur rón un pearke rjóks fon de dyk, jerrems óm enwar hinne. Hij jage se mai de klaksón yn de bêrem. Hij lake. Hij stelde ut spegeltsje bij, mar se vjinnen ol net mear te sjen. Dur kwamen him un mon en un frau yn de mjitte fytsen. Se krûpten achterenwar. Se vjinnen helendol yn ut swat, op ôdervetske fytsen mai hege stjoeren. Dur stie un hontviizder. 4 kylometer nai Kergoat. Ut oare vji un noch smeldere dyk eane hinne. Ut vji un boerestreek, meast bau. Kij sêg mun net fólle. Jir en dêr vjinnen tropkes bjemmen, vêrt sóms un stik fon un húzzing tróchhinne skvmere. Hij hji jir nóit vest. Ek net fon heard.
Dur dûkte un tsjerketoer fwar him óp út de bjemkrúnnen. Ut vji net greot sû men seze. Hij ried ut dwarp yn. Kergoat ja. Nóit fon heard. Jermoedege húzzen. Mai fytraazje potticht sletten finsters. Griente yn ut fwartúntsje, gin blómmen. Geel, read en blau ferve stekken fon harmoanykagaas of lotsjes. De húzzen vjinnen mai lyksoatege frjemde kleoren bestrutsen. Dur stie un iizderen stek óm un soate fon monúment hinne, dur lai un bósk deade
| |
| |
blómmen fwar. Dut mûst savot ut midden fon ut dwarp vêze. Hij ried súnneger en êge óm him hinne. Dêr lyke un herberg te stean. Hij parkearde de auto, en glwórke nai de doar en de glêzen. Ut sû de herberg vêze, ja. Hij diig de moter út en stapte út de auto vai. Ut vji varem. Dur stie gin sucht vyn. Ut dwarp vji útstoan. Mun sêg gin mins. Meskyn sieten se achter de tichte fytraazje te loeren. Hij rón de stûppe óp en trjode de doar iepen. Un brûnferve góng, hauten flier, un rubbermotte fwar de doar. Un pear stróntieazens tsjin de lambrysearing oan. ‘Café’ stie op un syddoar. Hij diig de doar óp, ut vji deselde brúnne kleor vêrt olles mai bedutsen vji, de hauten mwórren, de tafels en stwóllen, Dur sieten un pear mai un skjinnen oan de middelste rûnne tafel, ôde kearels vjinnen ut. En bij de jukebox stienen twa jónges te bekfjuchtsjen, dur vji un flipperbak vêrt ‘defect’ óp stie. De taap rón un koperen buis ómhinne, krukken vjinnen dur net. De bar rón oer de hele lengte fon de seal. ‘Kófje’, sai ur tsjin de keale kearel achter de taap. Hij fage mai un snústerege dûk de glêzen ô. Hij sêg tróch ut achterrút, dur lainen autobonnen en rotsooi, un pear lege bierfetten, en kratten mai flessen. ‘Toilet’ stie óp de swattarre doar fon un hokje. Dur mûst un achterdoar vêze óm de hûkke, dêr óm dot beljet hinne. Hij ging sitten oan un taffeltsje naist dot fon de ôde sûppers. Ut vjinnen boerekearels mai reade nekken en krûmme graue fingers. De koppen vjinnen skerp en tróchsnijd mai tearen.
Ut hier vji vûksen sat de pet vû. Kastlain kryge un kópke fon un planke, os ur gelók hji vji ut skjin. Hij liet ut fólrinne en sette ut óp un bledsje mai sûkker en molke durbij. Hij klaude ut peukje út de mwólle vai en smiet ut yn de jiskebak. Dû kwaam ur achter de taap vai. Ut vji un ónfetsoenleke graue pônse. Dy kearel soop grif sels ut measte. Hij lai ut liif óp de bekling fon un stoel vylst ur ut bledsje óp tafel sette. ‘Asjeblyft menhear’, sai ur. Dur kwamen grif net fólle frjemden, sa sai ur ut. Hij diig sûkker en molke yn de kófje en rierde. Ut vji nóflek koel yn de seal. De montsjes naist him praten un ónfersteanber dyalekt, en se dienen de tosken ek amper fonenwar. Heel fersichte slókjes nómmen se no en don fon de jenever. Se kûnnen dur oeren mai ta. De jóngens hjinnen un plaat oanset. Se grepen enwar mai de graue knûsten bij de skauders en begónnen te hossen. Se laken bólderjend. Un stoel gyng oer de flakte. Kastlain rûûp: ‘Hee!’ Se hosten fjidder. Ien skópte de stoel te plak. De montsjes hauden de hôn oer de romer.
De kófje smakke reedlek. Ut vji bij tólven. Noch net let, hij hji de hele dai
| |
| |
noch fwar him. Kû ut him vól un setsje oan tiid dwan. Ut siet doch fól óp de dyk. Ut makke ek neat út, yn Slupsk vji ek neat te rêden. Dur kwamen un pear fainten de doar yn. Se bestelden pils en rónnen tróch nai ut beljet. Ferbaande koppen mai flaakshier bóppe ut snainze vyte bûsgroen. De mauen sieten spond óm de graue jerrems. Se krygen de keu yn de honnen os vji ut un heafwarke. Ut nijste vji fon ut beljet ô, de bôn vêrt ur ut êg óp hji vji jir en dêr tróchslyten. Se lainen de bollen óp un rige en debatearden duroer vaat beginne sû.
Dot sû ut vôl vêze vot se bepraten teminsten, ut vjinnen gin dúdleke praters. Kastlain sette ut pils óp un taffeltsje bij har del. Hij vaar óm de hûkke vai, dur klapte un doar. Dur vji glêsgerinkel. Syn graue pônse ferskynde fwar ut rút. Hij vrótte ut liif tusken autobonnen en kratten tróch en gyng ut twalet yn. Hij drónk de kófje út en stiik un sygret oan.
Bwóttendoar rûûp jóngfólk. Hij hearde ut vud ‘Brainward’. Se stienen dur bij te sjen grif. Sûnnen jir net faak te bevónderjen vêze. Os se dur mar mai de jatten ôbljoden. De bwóttendoar gyng óp, dur vji gestómmel fon fwótark óp de hauten góngsflier. Se kwamen duryn, ópslûppen jónges. Se sêgen de seal yn ut rûn en kwamen os fonsels óp him ta. ‘Jo auto, menhear?’ Hij knikte. Hij blaasde de reek út. Hij sai: ‘Ja’. ‘Mooi dinkje’, sai ien. ‘Vól ur hud?’ Hij knikte. ‘Frekt mooi dinkje. Kostet ek heel vot, no?’ Hij jûûg gin ontvud. ‘Sûpt ek heel vot net?’ Hij jûûg gin ontvud. ‘ien óp acht.’ sai un oar. ‘Bist gek! Ien óp sais!’ Se vjinnen un ier of sekstjen sonstjen. Se sêgen dur net út dot se ea yn un aigen auto ride sûnnen. Frjemde yntyltsnútjes, lange, aapachtege jerrems vêrt honnen oan bóngelen. Se skeaten nai de taap dût ut grauliif achter ut beljet vai de seal ver yn kwaam. ‘Pilske, Jochem!’ Kastlain smûûgde him fwarbij en fondele noch redsem fwar syn fwarkómmen ut bledsje mai ut lege kófjekópke fon de tafel. Hij sette ut bledsje del en pakte fjauer bierglêzen. Honvoskjen vji dur net bij. Hij liet se fólrinne en sette se del te óplúkken. Hij leppele un pat fon ut skûm durút en skónk se bij. Hij liet de glêzen óp de lekbak stean. ‘Daleks ôrekkenje,’ sai ur. ‘Eê, vot is dot no!’ sai ien fon de jónges. ‘Fertraue jo ús net?’ ‘Daleks ôrekkenje. Ik bwargje jim net mear.’ De jónges lainen
ien fwar ien un gûnne del. Kastlain striik ut jild óp en sette dû de fjauer glêzen óp de taap. Hij socht smwarge glêzen bijenwar en begón se skjin te spielen. Olle kôns dot syn honnen ek sjin varen, hij kû aanst noch vól un kófje nimme. En vot durbij, un gehakbol of sa. Hij dykere nai de pepiereboel
| |
| |
tusken de flessen en romers. Dur hóng gin priislist. Vji oas oi ferplichte yn de horeka, net better te vitten. Hij êge de seal oer. Ja, achter dy twa jónges bij de jukebox hóng vot. Mar ut vji fiergenóch fwót óm ut honskrift te óntsyferjen. Hij sû vól us fernimme.
Dur kwaam un krûm montsje tróch de doar mai un trekharmoanyka fwar ut liif. Hij stattele de flier oer en taaste nai de koperen buis. Hij lai de hólle yn de nekke en draaide de kop mai skokjes hinne en ver. Dur kwamen frjemde lûûdsjes út ut bwastkos. ‘Uhn, uhn’. Ien fon de ôde keareltsjes skode un stoel nai him ta en sai: ‘Jir mar, Joazef.’ Ut montsje taaste nai de bekling en gie ómsichteg sitten. ‘Mat Joazef ek un slókje ha?’ ‘Uhn, uhn’, sait ut montsje. ‘Mat Joazef east un feske spylje!’ Ut montsje sette de fingers óp de knoppen en lûûk en trjode de harmoanyka iepen en ticht. De fingertoppen bljoden óp utselde stee. Ut hearde ferskwórrend. Ut montsje lai de hólle oer de syde en dur lûûk sókssavot os un glimk óm syn mwólle. Kastlain kwaam achter de taap vai mai un slókje. Hij sette ut fwar ut montsje del. ‘Noch un kófje fwar mij?’ frege ur. ‘En un gehakbol mai un stikje bôle?’ ‘Gin gehakbol,’ sai kastlain. ‘Bôle mai tsiis?’ ‘Ha jo bakte aaien?’ ‘Meskyn vól,’ sai kastlain. Hij kearde him pûstend óm en helle de lege bierglêzen bij de beljetters vai, ‘Sa is ut mooi genôch Joazef!’ sai ien fon de keareltsjes. ‘Jir is dyn slókje.’ Hij haude daleks óp fon spyljen en stiik de hôn út. Ien fon de keareltsjes trjode ut slókje duryn. Hij slûg him yn ien kear achteroer. Dû tearde ur de jerrems oer de harmoanyka hinne en liet de hólle sinke.
Kastlain haude un kópke ûnder ut apperaat en lûûk oan ut hendeltsje. Ut gie net sat ut mûst grif. Hij sette ut kópke del en tilde ut lid fon ut ding ô. Hij loerde duryn, helle ut filter durút. Hij liet ut ver sakje en lai ut lid ver te plak. ‘Ut is óp sai ur. ‘Gleske bier?’ ‘Tûmar,’ sai ur. ‘Jir ek even twa,’ rûûp un beljetter. ‘Fwar dij?’ frege kastlain. Hij liet trije glêzen fólrinne en rón de doar út nai de góng ta. De fjauer jónges vjinnen bij ut rút sitten gien. Se praten of hassenskrabben mai de twa bij de jukebox, dyt ol tiden stil vji. Ek stikken, of ut jild vji óp. Hij stiik un sygret oan en sêg nai de beljetters. Se bakten dur net fólle fon grif. Se vikselen hyltyten. Mar se fermakken har sat ut lyke vól. Se rûpen lûûd bij elke stjit dyt se digen en se viisden mai de keu oan vêrt de bol de bôn raitsje mûst óm him te maitsjen.
Dur hipte un kot óp de steapel autobonnen. Hij loerde east olle kônten út en begón him dû te voskjen. Hij slikke oer un poatsje en vrjode achter ut ear.
| |
| |
Ut vji un vónder sa koel os ut jir bijode, ut hûûs mûst graue mwórren ha.
Kastlain kwaam veróm. Hij skónk de bierglêzen bij en brocht se. Hij pwólmwólke vot fon ‘Sil vól sjen óm aaien’. Mun sû oas seze dot dur oeral yn de vrôd vól aaien vjinnen. Meskyn hji ur ek vól sain dot de aaien dur ol oan kwamen. ‘Se binne oan de góng mai de aaien?’ ‘Se binne te set mai de aaien?’ ‘Ik sil sa beginne mai de aaien?’ Sókssavot kû ut ek vol vest ha, mun mûst ut bêste mar hoopje. Ut hji ek gin sin óm un oare krûg te sykjen. De vrôd kû jir vól dearinne, en don mûst mun doch ver nai de sneldyk, siet mun ver yn de fyles.
Hij kryge un printsjekronte fon de tafel vêrt de ôde montsjes oan sieten. Se sêgen him gnypeg oan, mar sainen neat. De harmoanykaspyler siet te slûgjen, lyke ut. Hij blêde vot yn ut krontsje óm. Dur stienen fotoos yn fon frôlje yn baaiklean. Mai bolpen vjinnen bwasten en geslachtsdelen tekene. Oare printsjes vjinnen ópsierd mai brillen en snorren. Hij diig ut krontsje ticht. Ut bier smakke goed, pitteg en koel. Mar hij kryge noch mear sin oan un hapke. ‘Sil vól gean mai de aaien’, sókssavot sai ur. Os ut don ek mar klear kwaam.
De beljetters setten de keu yn ut rek en lainen de bollen óp de hôrder. Se gyngen oan de bar stean en bestelden pils. De fjauer jónges skeaten óp ut beljet ta en raamden un keu út ut rek. Se swaaiden vyld mai de stokken óm.
‘Fersichteg!’ sai kastlain. ‘Hûndet gûnne fwar ut lekken. Ken mij neat skele vaat ut dógt. Maienwar betelje. Ôpraat?’ Se gnwarren un ontvud.
Ut montsje skrille óp bóppe syn harmoanyka. Hij draaide ut gesicht yn de rjóchting fon de lûden, sette dû de fingers óp de knopkes en begón te spyljen. Fiif, sais kear helle ur de harmoanyka útenwar en dû slûgge ur ver fjidder.
Dur kwaam un mon mai un fanke de doar yn. Ut fanke hji kwatknipt slûk hier, de êgen stwarren nai de grûn, de tsjûkke ûnderlippe hóng. Se hji hege skwón oan, bleate kútten durbóppe en un kwat feal rokje. Se hji un soate fon túúchje oer bwast en rêg en dêr siet un learen rym oan vêrt de mon har oan beethaude. De klep fon de pet lai him óp de tsjûkke vynbrauen, vêrt hele lytse êchjes ûnder sieten, un grutte noas, en un plotte brede mwólle. Un hjirrege strôtbol kype bóppe de strûpper út. Hij hji un bud fon un vyke. ‘Na, ju!’ sai ur. Ut fanke fersette twa plómpe fwótten en stie ver stil. Hij die de doar achter him ticht. ‘Ta, don!’ Dêr gyng se ver. Se sûide oan de rym hinne en ver. Har beethôrend oan de koperen buis stoatskaafde se nai
| |
| |
achteren ta. ‘Ta na, ju!’ De mon greep har tusken de skauderblêden bij ut túúchje beet en skwórde har los fon de buis. Hij trjode har fwar him út achter ut beljet lôns de hûkke óm. Hij grómmele vot en dû gyng de doar. Se gyngen nai bwótten grif. Ja, dêr vjinnen se. De jónges bij ut rút laken ynienen lû^ud. De twa oan de bar rûpen vot, en dû oer en ver. Hij ferstie dur gin pest fon. Se slókten grif mear os de helte fon de vudden yn. De kearel kwaam olinnegef veróm. Hij gyng mai de honnen yn de bwósse fwar de taap stean. De fjiste vide brûk vji bij de leazens yn stutsen. Ut ôfdrûgen joske hóng him fier oer de kónt. Kastlain sette un romer fwar him del, mar dur kwaam net yn.
Dur skeat un bol fon ut beljet ô. Hij rôle de seal tróch. Ien fon de jónges stode dur achteraan. Hij stuite tsjin de flipperbak oan. De spylmon skrille vekker en begón ver mai syn ynstrement te pómpen. De ôde keareltsjes skódden him oan de earem en rûpen: ‘Sa is ut goed, Joazef!’ Mar hij spyle rêsteg tróch. ‘Matst noch un slókje?’ Daleks haude ur óp, tearde ien earem óm de harmoanyka hinne, en stiik de oare út fwar un borrel. ‘Trije jónge, Jochem!’
‘Ik noch un pilske,’ sai ur. ‘En hû sit ut mai myn aaien?’ Kastlain jûûg gin ontvud. Hij brocht jenever en pils en sette ut suchtsjend del. ‘Aaien, hen?’ ‘Ja,’ sai ur. Hij lai ut bledsje óp de taap en rón de doar út. Se trjoden de spylmon ut slókje yn de hôn. Hij slûg ut redsem nai binnen en gyng ver sitten te knikkeboljen. Ien fon de jónges bij ut rút rón bij him lôns nai ut twalet ta. De kot haude óp fon voskjen en lai de earen plot óp de kop. Kastlain kwaam veróm. Hij grómmele vot os ‘Se kómme duroan.’ Dot mócht ek vól us. Hij stiik un sygret oan, en sêg dot ut pakje hast leeg vji. ‘Ha jo sygretten?’ ’Bwótten is un automaat.’ Don strak mar.
De doar spotte óp. Dur stie un goare fódze óp de drómpel. ‘Va mûst jir aaien ha?’ raasde se de seal oer. ‘Menhear dêre,’ knikte kastlain. ‘Jo?’ ‘Os ut ken,’ sai ur. ‘Twa bakte aaien mai bôle?’ ‘Ja,’ sai ur. Se slûg de doar ver ta. Os se mar net mai de jatten oan de aaien kwaam. De bôle sû vól net oas kenne. Hij sêg nai kastlain. Se sûnnen vól apat sliepe, se kûnnen amper naistenwar óp un bêd. Dur vji net folle ferskaat fon drank, meast ynlônsk, jenever, sytroenjenever. Vaar jir noch drónken grif. Bessen en framboazen. Whisky stie dur ol. Mear vji dur net oan bwóttenlônsk. Teminsten. ‘Borgen doe ik morgen. Vandaag is het de dag dat ik niet borgen mag’ stie óp un bwódsje.
De jonge kwaam veróm fon ut twalet. ‘Slókje fwar Jon. En un pilske fwar
| |
| |
mij.’ Kastlain geat de romer dyt ur strak fwar de kearel delset hji fól jenever. De kearel lûûk ien hôn út de bwósse en slûg de borrel achteroer.
Mai un klap sette ur ut lege glês ver fwar him del. De hôn kwaam ver yn de bwósse. Útsain de earem en de kop dût ur slókte hji neat fon ut postuer yn beveging vest. No stie ur ver roerloas. De skónken justjes útenwar, ut liif tsjin de stange oan. De jónge nóm syn glês bier mai en gyng bij syn maat oan ut finster sitten. Hij nóm un swólg bier en nokkere achter de hôn. Syn maat makke bevegingen fon laitsjen, dur lûken flugge, hast senúwachtege tearen óm syn mwólle. De êgen bijoden star en vot skrikachteg. Ynienen lake ur lûûdóp. De oare smoarde ut gnizen achter de hôn.
De baide keareltsjes naist him kwamen oerain en rekkenen har fertarring ô. Se groeten mai fyne lûûdsjes, en sjokten de doar út. De spylmon vist fon de vrôd neat mear. Hij sûzele tróch bóppe ut spylding. Sa vji ur meskyn ut oangenaamst. Út en tróch kwaam him un heel sêft snwarkjen út de nwastergotten. Un bwóltsje flybe siet yn un mwólshûkke.
Dur klónken fwótstappen yn de góng. De útsmyter? Nee, de doar gyng sa fersichtef óp, dot sú dot gystene viif net vêze. Dur stapte un epteg montsje nai binnen. Hwódsje óp. Hij groete, niigjend nai olle kônten. Ut hwódsje kwaam óp un hêk naist de jukebox. Hij stiik kastlain de hôn ta oer de taap. Dy murk ut east net en trjode dû ónferskilleg syn viete klau tsjin ut hearke syn hôn oan. ‘Noch goed, Jochem?’ kraaide ur. Kastlain grómmelde vot. Ut monysje stapte nai ut beljet ta en groete de jónges. Dû draaide ur him óm en sêg mai blinkende êchjes de seal oer. De roerloaze fyguer oan de taap lyke ur net te sjen, hûvólt dot súver ónmooglek vji, vont hij vji deun bij de fint lôns rón.
‘Menhéár is jir frjemd, sû ik vól seze.’
De klean fon ut hearke vjinnen skjin en heel, mar lyke ôd os hijsels. Hij kû se yn syn faintetiid kocht ha.
‘Mai ik sa frij vêze’? Hij lûûk un stoel oan en gyng sitten, lyk fwar him oer, mai de rêg nai de taap ta. ‘Ja, ja,’ sai ur, hij diig ut briltsje ô, blaase duróp - puh, puh - en vrjode him skjin mai un óptearde reade bwósdûk.
‘Dy mooie auto is fon menhear?’
‘Ja,’ sai ur.
‘Tòcht ik ol. Tòcht ik ol! Dy hji ik nea jedder yn de bwórren sjoen, dot ik tocht ol, dy is fon un raizger. Is menhear jir mai un beskaat doel, of tafollegervize?’
| |
| |
‘Tafolleg,’ sai ur.
‘Jo binne jir, óm samar te sezen, sónder fwarópset sin hinne riden. Havve jo jir vól us jedder vest?’
‘Nee.’
‘Mar jo tochten, lit mij us fon dy drókke sneldyk ô gean, en un rêstege binnendyk ópsykje.’
‘Ja, krekt,’ sai ur.
‘Dot haf ik dus goed ret!’ lake ut hearke. ‘Tòcht ik ut net. Ut vji jo dêre te drók. Slupsk en Snaidhm, praat mij dêr net fon. Dêr haf ik yn myn jónge jirren heel faak vest. Heel vot fwótstappen leze dêr fon mij, óm ut dichterlek te sezen. Netvier? Lêst menhear ek gedichten?’
‘Nee,’ sai ur.
‘No ja, dot hindert neat. Vot net is, ken kómme. En menhear is noch jóng, netvier?’ Hij swijde en lai de hôn fwar de mwólle. Heel presiis diig ur ‘ugh, ugh’ - os lies ur de tekst fon un toneelstik óp. ‘Menhear vû dus de stilte en de rest ópsykje. Haf ik dot goed sketten? Tocht ik ol. Mar don binne jo jir tige te plak. Kergoat is un oade fon rêst yn dusse jachtege vrôd, sat ús dichters dot sa prachteg seze. Jo binne tink fon de sneldyk nai Slupsk ô kómmen, fon de súdkônt ut dwarp yn, en don havve jo, os jo goed sjoen havve, rjóks fon jo un espeltsje bjemmen ópmurken. Net sjoen? No, nee, dêr ken ik ek skoan ynkómme, mun mat ek ut ferkear achtslaan. Mar dêre, achter dy bjemmen, dêr is un lyts marke, en dot is vól sa geveldege mooi, menhear. Fwarhinne gyngén haiten en memmen en bên dur súver olle snainen hinne te köörjen, Simmers don, vól te ferstean. Vinters net, nee. Of ut mûst froasteg vêze fonsels, dot mun dur ride kû. Vont dur lait un tsjûkke en hege raidseame ómhinne dyt gôns lijte jaut bij ut vinter, os de oastervyn blaast. Mar óm de ville fon de earlekhyd mat ik seze dot un vól tige oanknipe mûst jer ut iis fon de mar betraud vji. Dot barde net olle vinters. Yn ut ferlyne net iens. En tsjintvurch.. och ja.’ Hij tikke mai de fingertoppen óp ut tafelblêd en knikte un pear kear. ‘De vinters binne net mear vot se fwarhinne vjinnen, dot sil menhear vól us fon syn ôden heard ha. Vont menhear is ains vot te jóng óm dur sels heugenis fon te havven. Olles vurt minder. Dot fôlt jun óp vot ôdert mun vurt. Olles vurt hud minder. Mar vij matte dur mai leare te libjen. En ut is ek net goed óm bij ut
ôde stean te bljowen. Dêr jau ik menhear yn ut foar gelyk oan, os menhear dot tsjin mij yn leze vû. Mar menhear mat ut un ôd mon mar ferjan dot ur oan ut ôde hinget, oan de dagen fon syn
| |
| |
jóngfaintesteat, sat de psolmist sait. Is menhear ek tsjerklek mailibjend?’
‘No, neu, dot sû ik net sa krekt vitte,’ sai ur.
‘Ik begryp ut skoan,’ sai ut hearke. ‘Vêrt de vrôd ferskwórd vurt tróch snelvegen en startbanen, ken de relygy net mear vaakse. Relygy hat de rûmte noareg, ut vide fjild en de stilte. Vêrt de boer ómgjit mai hynders en plûge, en de meanmesyne klikkebikt, dêr sjit de relygy vwattel. Mar ja, kóm dêr noch us óm...’ Hij knikte yn himsels. Dû sai ur, sónder de hólle óm te kearen, lûûd en dûdlek: ‘Jochem, un slókje.’ Hij tikke mai un smelle viisfinger tsjin ut bierglês oan. ‘Menhear drinkt bier? Menhear vû noch vól ien?’
‘Asjeblyft.’
‘En un glês bier, Jochem.’ Hum, hm, diig ur. Hij bûûgde de hólle fwaroer en lyke net fon doel óm ut petear fwót te setten. Dur kwaam un fint fon achteren ô, de senuwachtege gnizer bij ut rút vai. Hij sai: ‘Slókje fwar Jon, en don vól ik ôrekkenje.’ Kastlain skónk de fint un romer fól, dyt ur lykos de easte sónder oerstollege bevegingen yn ien kear achteroer slûg. De hôn kwaam ver yn de bwós en roerloas stie ur ver. De maat bij ut rút rekkene ek ô, en tegjerre gienen se de doar tróch. Kastlain brocht pils en jenever. ‘Vjinnen fwar jo?’ grómmele ur. ‘Fwar mij, Jochem!’ sai ut hearke. ‘Óp jo sûnnens, menhear!’ Hij nóm un lyts swólchje, en kôge dur óp óm. Hij vrjode de lippen oerenwar. Ut spylderke diig un êg óp en sûzebolle ek ver fjidder. De beljetters trjoden óp de nij un kwatsje yn de bollehôrder dût ut ding begón te rotteljen.
‘Dut binne de nófleke dingen fon ut libben, mat menhear tinke, un slókje, rêst, en un goed petear. Lókkegernôch is dot yn Kergoat noch te fynen, rêst, en de tiid fwar un goed petear. Yn de stêden is dêr neat mear fon oer. Olles gjit lyke jachteg en hasteg. Dur is gin djipgóng mear. De minsken libje oan elkwar en harsels fwarbij. Se dógge har dingen sónder de gearhing en de djipperlezende betsjutting te fotsjen. Olles gjit lyke oerflakkeg en ferbrokkele. Dur is gin vêzenlek ferbôn. Ómdot de grûn óntbrekt, menhear, de keale, nêkene grûn, de iede vêrt olles út vaakst, leafde, trau, fólhôren, de sinfólhyd. Yn de stêd is olles bedutsen ûnder stien en osfolt. Dêr vól neat út vaakse. Ut fólk heukert gear yn un jermoedeg binnentúntsje vêrt de sinne nóit yn tróchkringt, of yn un epteg park vêrt mun net bwótten de paden kómme mai. Vêrt gin nêkene baugrûn is, dêr binne ek gin hegere of djippere fielingen. Sónder módder gin kultuer,
| |
| |
menhear. Sjug mar nai Snaidhm en Slupsk. De minsken libje os eamelders, drók, drók, mar se vitte net vêróm en vêrta. Ja, jo vólle faaks seze dot dur doch ek vis vól kultuer is yn dy stêden. Mar don freegje ik jo: va binne de kultuerdragers yn Snaidhm en Slupsk? De skrjowers, de dichters, de skilders en múzykonten? Dot binne, menhear, ollegjerre minsken vaans ôden of paken en beppen fon ut plottelôn kwamen. Minsken dyt út ferhalen, en faken út oererfde vittenskip, de bôn mai de grûn vêrt olles yn vwattelt noch kenne, en dyt dêr tsjin heug en meug tsjûgenis fon dógge yn un ónfruchtbere kryte. Ut is bekend dot vot ferdrukt en fertrape vurt, him tûzenfôdeg úttert. Mar os de needgjolp net óphaind en oernómmen vurt, vot fwar doel hat dot don ollegjerre? Ut fervaait menhear, ómdot ut gin vwattel sjitte ken! Vot bljoot is ut ómskot, de lûding fon ut liet, mar de ynhôrd gjit ónferstien oan ut ear fwarbij. Sjug mar nai de stedskultuer, menhear, ut is vuddebwatterij, ut is fwarrem sónder ynhôrd. Ut lyket ollegjerre ópenwar en ut ferskilt net vêzenlek, ómdot ut ollegjerre lykefólle naiaperij is. Ymytaasje fon un ónferstien fwarbeeld, vert ut útterlek fon losvekke vurt en os un lege húl, os tsjef fjidder libbet. Mar lykegoed tróch de inkelingen dyt harsels kultuerdragers neame fwar fól oansjoen en ‘modern’ neamd vurt. En vot is don dy saneamde ‘modernens’ don vól krekt?’ Hij swijde ynienen en tikke him óp de earem. ‘Menhear mat syn bier net ferslaan litte. Dot sû skonde vêze. ‘Hè, hè!’ Ut hearde óp laitsjen vot ur die. Mar de menier vêróp poste helendol net bij him.
Of vinlek, hij hji helendol net laitsje matten, gin inkele menier fon laitsjen fûge him. Of ut hele byld doogde net en mûst oer de kop. Hij hji gaudene mesjetknopen. Ut sû vól dûblee vêze tink, mar dot poste vól, ot ut echt vji of naimakke, baide vól. Dur kwamen un pear kearels de doar yn, dónkere sútrege pakken, hwasfwótling, petten óp. Se gyngen bij ut rút sitten, de bekling fon de stoel draaiden se nai ut rút ta. De petten hauden se óp.
‘Dot ik jau menhear greot gelyk dot ur joet yn Kergoat delstrutsen is. Yn easte ópslag sil ut jo faaks net tafôlen vêze. Ik begryp dot skoan, en ik vól ut jo útterstee net kwa ô nimme. It vit hût bwóttenstonders oer ús dwarp tinke, vont sij mjitte ús neffens de mjitten fon besit, útterlek en oansjen. Menhear riid yn un grutte vain. Dêr sees ik neat fon. Ik gun him jo fon hatten. Mar sóks kenne ús lju net bestuiverje. Dêr is gin tinken fon. Vij matte yn de bêrem lôns en de foet bij de kûlle hôre. Un hûûs, klean en un goed stik yten, dot is ut measte vot vij berikke kenne. En vot dêrbóppe út gjit, is lúkse. Fwar ús is un
| |
| |
heel soat net vailain. Mar, mat ik daleks seze, vij misse dot ek net sa tige. Vij havve ús niget dur vól oan, dy tierelontaintsjes en útvrydskegheden fon de grut stêd, mar vij havve dur amper hatsear fon. En sû ut ús deugd dwan os vij de stedske oerfloed nai ús dwarp oerplonten, steld dot vij de jildleke middels hienen? Nee, en jitrus nee. Dot sû ol ut aigene en oarsprónkleke ferniele, en ús minsken lykefólle fon aigen bwaiem en bestean ferfrjemdzje os yn de stêd bard is. Menhear mat vitte dot vij jirre os ien grutte femylje libje. Elkenien ken elkenien, en hat veet fon un oar syn noeden en swargen, en fwar un grut part binne vij ek verklek femylje. Jir kómme net fólle friemden en ús fainten en fammen raizgje net un soat óm fier, dot ut sait himsels dot de hauleken ek ol meast yn aigen rûnte sletten vurre. Dur mai us ien tusken rinne út Kemac, dot is un dwarpke jir net sa fier ô, mar oas binne vij ollegjerre jirre hikke en tain. Dot hat heel vot foar, menhear, mun vit dot mun dur net olinneg fwar stjit, en dot mun oltyten bij immen óm help en ried oanklopje ken. Elkenien stjit fwar elkenien klear. Kóm dêr us óm yn de grut stêd! Minsken genôch óm jun hinne, mar elk is elk poerfrjemd en os ut knypt is mun dur lykme-olinne, ek ol vennet mun mai tûzenen óp un bultsje. Bij ús yn Kergoat is noed en mailibjen. Ferbûnnens mai enwar en mai de grûn vêrt vij út fwótkómme en vêrt vij ver óp ta gónne. Nim no óm de areghyd.-’
Ut minske kwaam de doar yn mai un bwad yn de hôn. ‘Jo aaien!’ sai se, vylst se ut bwad fwar him del sette.
‘Sjug.’ Se helle un fwarke en un mes út de skelkbwósse. ‘Piper en sôt sit dur ol oer. Smakelek!’ Mai grutte stappen sette se ver ô.
‘Lit jo tróch mij net steure,’ sait ut hearke. ‘Yt ta, menhear. Dêr mat mun fon bijenwar bljowe. De moter hat brônje noareg, hè, hè.’
Hij stiik de djerren stikken en smaarde se oer ut vyt. Hij snijde un stik bôle ô en stiik ut yn de mwólle. Ut smakke goed. Ut sûnnen vól faske aaien vêze.
Ien fon de petmonnen kwaam fon achteren ô. De gulp stie him iepen. ‘Jau Jon un slókje,’ sai ur tsjin kastlain. Ut gyng ver krekt os de oare keren, un hôn kwaam út de bwós, de kop achteroer, en fwót vji ut slókje.
Ut montsje haude him stil oant ur dienyten hji. Hij skode ut bwadsje fon him ô. Noch san pwasje hji dur ek vól yngien, mar de slimste skrûi vji oer teminsten. Hij hji fyne fingers, gin vurkhonnen. Ut kû un klerkje vest ha, of un skwalmaster. Un vinkelmontsje meskyn? Dêr kû ur fwar tróchgean. Safólle oare mooglekheden sûnnen dur yn san got ek net vêze. De rest vji boer of arbaider nai olle gedachten.
| |
| |
‘Ik ha de skiednis fon dusse kryte bestúdjerre,’ sai ut hearke, ‘en don dógt mun nijskjirrege fiinsten. Dur is navenont noch ol vot oer dusse streek skreon. Net sasear tróch de offysjele skiedskrjowing, mar tróch ienfôdege sneupers, dyt lykvóls mai tavijing en tróchsetten heel vot berikke kenne. Sa fôlt ut óp dot dusse streek him nea jerreg field hat oan un stêd of fwast, mar oltyten sels útmakke hat yn hókker stêd ur hondel drjowe vû, ot dot no gyng óm tsizen, kij of noat. Dot is sa bleon oan de tiid fon Napoleon ta. Dêr dógt doch vól de selsstonneghyd en ut gefoel fon aigenveade fon dusse dwarpen út blyken - ik praat no yn haadsaak fon Kergoat en Kernac. Vylst ut doch olmeast sa vji dot de boeren ferplichte vjinnen óm nai dy en dy merk te gean en te ferkeapjen tsjin de priis dyt bean vaar. Un grauéleg stik ónrjócht fonsels - mar vot mûst san espeltsje boeren tsjin un stêd beginne. Mar nûvergenóch havve ús boeren oltyten frij vest óm te gean en te stean vêrt se vûnnen. Dur is vól ónjerre, du sû un beskaat pryveleezje bestien havve, dot harren dot rjócht swat óp vyt jûûg, mar nimmen hat dêr ea un spoar fon óntdekke kennen. Iksels ek net, mat ik bekenne, hûvólt ik dur jênsteg óm socht ha. Ik vit net of menhear him fwar dusse dingen yntresjerret?’
‘Nee,’ sai ur.
‘Nee, och nee, vot sil mun dur ek ol fólle fon seze. De niget oan de skiednis fon ut aigen gea is bij ús aigen jóngerain net iens greot, dot vot sil mun fon jo easkje. Mar ut sû lykegoed net ferkead vêze os jo jo vot mear yn de aigenaeregheden fon dusse streek ferdjippen. Jo binne jir joet tafollegervize kómmen, mar vêróm sûnnen jo net veróm kómmen, en dutkear mai un doel? Un minske hat no ienrus vot noareg dot stjoer en rjóchting oan syn libben jaut. Jo ride joet mar vot óm, os ik sa frijmoedeg vêze mai óm ut sa út te drukken, en dot hindert ek neat, jo binne noch jóng. Mar dur kómt skielek un tiid dot jo jo de fraag stelle matte: vot sil ik no fon myn libben maitsje? De fraag sille jo maikwatten fwar kómme te stean, en dy fraag kenne jo jo net fwarvai vyne - of vot net kèn, mar un mon mai selsrespekt vynt him dur net fwar vai. Dy sait bij himsels: dut hat oant no ta myn libben vest, ik ha dut en dot besjoen, en no vól ik tenai sa en sa, en ik kies fwar dutte en ik fersmyt dot. Menhear hat de kar noch net dien, ûnderstel ik, menhear fergappet him noch oan de idelheden fon de vrôd - nim mij net kwea dot ik dot sa bótvai sees: ik bin un ôdmon, dyt jo vot ynskikke matte. Jo vitte noch net vot skyn en vot vjirhyd is. Menhear hat un mooie auto, vól ik neat fon seze, mar ut is fergónklek besit. Vot bljoot, vot vier bljoot yn ut libben, dot is ut ydéaal dot
| |
| |
mun junsels steld hat, de gefoelens dyt mun hat fon dingen en de vissegheden dyt har fon gin réalytijt ómrêgje litte. Ut ljowen, menhear, ut fêste vitten fon dingen dyt mun amper ûnder vudden bringe ken. Olinne ús kunstners kenne dot sóms. Ik vit net ot ik menhear ol frege ha ot menhear ek fon gedichten haude?’
‘Nee,’ sai ur.
‘Don stel ik menhear dy fraag no: hôrt menhear fon gedichten?’
‘Nee.’
‘Ja, ik mat seze: jo misse don heel vot yn ut libben - ol heart dot fonsels tige aigenviis. Vij havve jir yn ús dwarp inkelde tige grutte dichters hôn. Ik vól net seze dot de vrôd har greot achte, de offysjele stedske kultuerdragers. Mar ja vjinnen greot, dot sees ik, dot seze vij dyt jir venje en har naikómme kenne. Vont sjug, menhear, ja dichten fon de dingen dyt ús ollegjerre aigen binne en vêrt vij oldendai mai óm geane: ut fee, ut gevaaks, vaar en vyn, de noeden en swargen fon de lônmon, ut leed èn de freugde fon ut bódzjen yn de natuer. Sjug, menhear, dot binne vierleke gedichten, dyt ferhelje fon dingen vêrt elkenien mai te maitsjen hat en dyt fwar ollegjerre ónjerre binne. Dot is vierleke dichtkunst dyt plot bij de grûn bljoot en him net ferheft bóppe de needrege dwarpsmon. Praat mij net fon dichtkunst dyt oas net os vuddegegûchel fwar un plûchje grutte lju dyt de noas óphelje fwar ut gevoane fólk. Dot is húl en plús. De viere dichtkunst bljoot bij de daistege dingen. Ik sû menhear vól inkele fessen resyteare kenne, dot menhear him sels fon de ienfôd en de trêft oertsjûgje kû, mar dut is no net de geskiktste ómjauing fwar kunst, en ik sû net heal vólle dot immen dúr óm gnyske, of dur oanstjit oan nóm. Mar meskyn ken ik menhear gerive mai un bûkje?’ Hij helle un tin slop bûkje út de binnenbwós, ut sêg dur sútreg út. Hij blêde dur yn óm, beveegde de lippen en sai ‘tja, tja’. Hij diig út bûkje ticht en lange ut oer. ‘Asjeblyft, menhear. Lês ut no net. Lês ut os jo tús binne. Yn stilte. Ik vól net seze dot olle gedichten lyke goed binne, och hea nee! Menhear mat begrype dot ik dussen sels skreon
ha - yn olle beskiedenhyd, en ik kóm net oan myn fwarbeelden ta. Lang net! Mar menhear is noch un beginneling, dot faaks ken menhear dur syn fwardeel mai dwaen, jert menhear mai dreger kost begint.’
Hij stiik ut bûkje yn de josbwósse. Hij sai: ‘Don mai ik jo vól un slókje oanbiede. Kanstlain! Noch us utselde.’
Ynienen draaide de fyguer oan de taap him óm en raamde ien fon de
| |
| |
jónge beljetters bij ut bwast. ‘Slókje!’ rûûp ur. ‘Nee,’ kriet de jónge, ‘ik ha neat dien. Vier net!’ ‘Slókje, ferdómme!’ raasde de kearel noch us. ‘Lit mij los. Ik ha olinne mar te migen vest.’ Ut ôde hearke skode de stoel tebek en dúste de spylmon vekker. ‘Tû, Joazef, spylje us vot!’ De spylmon lûûk de harmoanyka iepen, dur vji un hege janktoan en dû gyng ur ver ûnder sail. De kearel jûûg de jónge un dûst en gyng ver oan de taap stean, yn krekt deselde hôring. De jónge trjode de strûpper bij de brûk yn en makke de knopen ticht. Dû kryge ur syn keu ver óp. ‘Ik ha ferdómme olinne mar mygd!’ sai ur tsjin syn maten.
‘Joazef hat dur joet gin nócht oan,’ sai ut hearke glimkjend. ‘Sat jo vól sjoen ha, ut is un stakker. Mar sókken jerre bij ut dwarp, en se havve har plak dêre, en se dógge ek noch mai oan ut dwarpslibben. Joazef jert bij ut dwarp, hût ur don fjidders ek is. Of meskyn mat ik seze: krekt óm vot ur is! Yn un dwarp hat elk minske syn plak en syn nut. Elk is lyke belangryk en lyke ónferfangber. Kóm dêr net óm yn de stêd! Dêr vurre sókken fwar gek útmakke en ópsletten! En vot ut fjiddere oanbelanget’ - hij knikte hast ónmerkber yn de rjóchting fon de beljetters - ‘jo matte net oeral acht op slaan. Dur binne dingen, dy barre. Se sûnnen net barre matte, mar se bestonne. Mun ken dur better net fon vitte. En os mun dur net fwarvai ken óm se óp te merken, tja, don mat mun besykje... O, dêr is kastlain. Don sil ik jo east tadrinke.’
Hij kryge de borrel fon ut bledsje en prjode lang en ómstondeg. Ut vji net drók, os mun yn oanmerking nóm dot dur fjidders neat te rêden vji yn ut dwarp. Of meskyn sieten se no te yten. Ut rón nai ienen, meskyn vji ut vól yterstyd. En aansen mûsten dy lju ver melke tink, of nai tsjerke, sókssavot. Sa gyng dot óp un dwarp. Ien fon de petmonnen rón nai ut twalet ta. Dy lju jirre hjinnen ollegjer te vide brûkken oan. Dêr kûnnen se vól un partij fon ynkocht ha, un restont fon un kónfeksjefabryk of sa. Of se vjinnen ollegjer ôfôlen. Meskyn posten de klean vinters vól, os se neat óm nonnen hjinnen en har nai grûien setten.
Ut fódzege viif skópte de doar óp en kwaam de drómpel oer mai un bwad sop tink, ja ut sû vól sop vêze. Se sette ut fwar kastlain del. Se sai neat. Se helle un leppel út de bwós en lai dy dur naist. Hji se ek vól seze kennen dot se sop hji! Hij sû dur no mar net mear óm freegje. Meskyn vji ut ek vól ópvaarme sop fon juster. Flutvetter mai fermyselly en ôseane boltsjes.
‘Ut is vot slim ûnder vudden te bringen,’ sai ut hearke. ‘Lit ús seze: un
| |
| |
ding ha oltyt twa kônten, un fwarkônt en un achterkônt, of ek: un ljochtkônt en un skôdkônt. Sa is ut mai olle dingen, dur is vot fóár en dur is vot tsjin. Dot hat mun sa ek mai minsken en mienskippen, dur binne gûie punten, en ferkearde. No is ut mooglek fonsels - dur binne lju dyt dot fwarstonne - óm de ferkeade aigenskippen tsjin te striden of yn ut gunstege óm te bûgen. Mar don matte vij east vól besjen yn hûfier dot ken, sónder un hele mienskip út de fûgen te skwórren. Lit mij ut sa seze, menhear: jo havve un ôd hûûs, ut is fersakke en bryk. Jo vólle dur un nije fwardoar yn sette, óm ut hûûs vot un oar oansjen te jan. Mar un konte doar sil nea posse, ómdot olles fersakke is. Dot jo sille un bryke doar maitsje litte matte. En don nog ken ut vêze dot dy gloednije doar net bij ut hûûs post en dot jo bij josels seze matte: hû skurf en ónsjug dy ôd doar ek is, hij post bij ut hûûs, en dur is harmony.
Dot vû ik no mar seze, menhear, ut iene mat stryke mai ut oare. Dur mat harmony vêze tusken de dingen. Lykos ek tusken de minsken. Mij lyket ut ta dot dur is un kónstonte ferhôring tusken ut gûie en ut minne yn un mienskip. Ik fergelykje dot graag mai de slinger fon un klok. Lyke fier os ur nai rjóks gjit, lyke fier slagt ur út nai lófts. Vól mun it iene tsjinkeare, don keart mun tagelyk ut oare óp: don hinget de slinger stil en is dur goed noch kwea, mar neat. Meskyn vól menhear mij un fatalist neame, mar don hat menhear mij doch net goed begrepen. Ik haf óm de ville fon de ienfôd - en ut gyng mar óm un fwarbeeld, netvier? - praat fon goed en kwea. Yn vêzen lait dot fonsels net sa dúdlek, sljócht en rjócht - vot is bij ainslútten goed, vot is kwea? Dur bestonne dingen, en dêrnaist oare dingen, en dêr ver lyk fwaroer, en yn ferhôring mai ver oare saken, bestonne oare dingen. Mai ik ut sa seze: un mienskip is un stjer mai ferskillende punten, gruttere en lytsere, en elke punt draagt bij ta ut vêzen fon de stjer. Ut gjit net oan óm te sezen: dut en dot vól útrûûgje, vont ut is ferkead - va yn de goedeghyd sil útmaitsje vot goed en ferkead is? Ha vij ús hôn óp de stien fon de vizen lain? Hat ut orakel ús de lêste vjirhyd ipenbier makke? Jo vitte lykegoed os ik, menhear, dot wij fondotoangeande ollegjerre lykefólle yn ut tsjuster taaste. Vot vij vól útêgje kenne, en vêrt vij dus ut ien en oar oer seze kenne, is: jert ut durbij, hat ut syn plak en syn funksje? Of bóngelt ut dur mar vot bij, en sû nimmen ut misse os ut net bestie? Dot is vot telt. Dur mat harmony vêze yn de mienskip. Ut is ferkeard óm ún inkeld ding durút te pikken en dêr
lûûd fon te bearen, krekt os sû dot ut jinnege vêze vot ómtinken fertsjinnet. Mun mat ut geheel net beoardeelje neffens un inkeld ûnderdeel. Os dot ûnderdeel ferkeard
| |
| |
talyket, net bestie, sû ut geheel don vól bestean kenne? Rint un vain vêrt mun ien tsjel ô sloopt hat? Méar sû ik dur ljevver net fon seze vólle, menhear hat mij no vól fotte, en ik hoopje menhear ferstjit dusse dingen en vit hût ur se vedjerje mat.
Nèt mai de mjitte fon de bwóttenstonder, mar mai dy fon de goede ferstonder. Ollineg hij dyt yn un mienskip krûpt en ien en mien is mai ut fólk, hat oardeel en rjócht fon oardeel. Jirmai vól ik seze en ik hoopje dot jo myn vudden ek sa ferstonne, dot ut un bwóttenstonder heel vól mooglek is óm maistonder fon un mienskip te vurre. Dot ken tige skoan, en hij ken sels un tige goed en begrypend lid fon dy mienskip vurre, maidot ur fon bwótten kómmende un klear êg hat fwar de besónderheden fon de mienskip, en de regels, sees mar ut hele olfabet fon ut dwarpslibben bevust oanleare mat, vylst dêrfwaroer de autochtoanen har de regels os bên ónbevust oanaigene havve en net ta freegjen en naitinken kómmen binne oangeande de faitlekheden. Menhear mat vitte dot iksels ien bin dyt, fon bwótten kómmen, him yn dusse mienskip deljûn hat. Ik vól menhear ne ferfele mai persoanleke vjerfaringen, ik bin ópvúksen yn un stêd, en ik ha dêr ut ien en oar leard - lit dot genôch vêze. Ik vji tryteg dût ik mij yn dut dwarp nai venjen jûûg. Mai tryteg, don is mun sa lykernôch fólvûksen en vit mun vot dur te keap is en vot mun sels vurrech is. Ik ha, mat ik seze, tenjesten ek frjemd tsjin olderhonde ding oansjoen. Ik begreep ut net, dur vjinnen tefólle tsjinstridegheden. Ut mooie lai naist ut môle, ut mooie óntstie út ut môle, en ut mooie kearde ta ut môle - ut vji net út te tiezjen. Mar letter haf ik ut ferstien, dot olles yn olles is, en dot ut ollegjerre bestjit ómdot ut bestean mat. Un mienskip is os un gedicht, dot ut benale, ut ol te minskleke en ut pynleke noareg hat om kunst te vêzen. Os mun út un gedicht olinneg de mooie bylden en vudden bijienset, sónder vot dur ómhinne
sit, don hat mun gin gedicht. Lyksa is ut yn un mienskip: olinne ut mooie te neamen jaut gin dúdlek beeld, en lyke mis is ut óm olinneg ut môle fwar ut ljocht te heljen..’
De petmon kwaam veróm fon ut húske. Hij sai: ‘Jon ien fon mij.’ Kastlain skónk de romer fól. De mon spielde him troch ut keelsgot. De bel begón te rinkeljen, de jónges lainen de bollen óp de hôrder en setten de keuen yn ut rek. Se gyngen njónken har sitten, bij de spylmon oan tafel. Se besochten him oan ut spyljen te krijgen, mar de ôd mon sljipte tróch. Dû strúnden se de doar út. Hij harke ot se bij de auto ómslûggen, mar dur vji neat, se setten grif ô. Hij mûst straks ek mar ver us fjidder. Ut sû no vól us vot rêsteger vurre óp
| |
| |
de vegen. Ut vji ek vot sónde fon de auto óm jir de hele dai te bljowen. De tenk siet fól. Kû ur noch vól even yn Slupsk sjen, of oas Snaidhm, dêr vjinnen gûie vegen.
‘... begrypt menhear? - Ik ljo, menhear vji ol hast ûnder sail! Ik ferfeel menhear doch net mai myn ferhalen? Jo matte tinke, un ôdmon dyt un soat maimakke hat, vól him vól us útprate. Ut treft net sa faak dot mun un goed petear ha ken. De minsken yn de bwórren, ja libje ónbevust, ja dógge de dingen sat se dy oanfiele dot se se dwan matte, en dus goed, mar sónder ut djippere te sjen. En ut is net goed óm harren bevust te maitsjen fon vot se dógge, vont faaks sûnnen se ut don net mear kenne. Lykos de tûzenpoat dyt syn poaten begón te tellen, ut bekende grapke, jo sille ut vól us hearrd ha. Mar jo, menhear, binne un bestúdjerre mon, dot haf ik fwótendaleks oan jo murken, en mai jo ken mun oer sóksoate dingen prate. Ut sit sjusa, menhear, salangt dut dwarp, usse kryte, fon de vrôd ôsletten vji, dû gyng olles syn starege góng. De feroaringen kwamen ónmerkber, oer generaasjes útsmaard, en de minsken kûnnen ut bijhôre. Mar mai de bettere vegen, ut ferkear, radyo en tillefyzje langer, kómme de feroaringen te hurd oer ús dwarp hinne, en de minsken kenne ut net mear naikómme. Se raitsje losslain fon ut aigene, se vurre harsels frjemd en vitte har plak net mear. Ik haf durfoar dien vot ik kû. Ik ha besocht óm de minsken te bynen oan har dwarp en oan har ôde bestean, en dot is mij godtank ta un hichte ek vól slagge. Ik ha de minsken yn ferduldegens hyltyten ver óp ut goede spoar set; ik haf har vaskôge óm ut ear net hingje te litten nai de moadegjolpen fon de stêd, vêrt joet dut útkreamd vurt en moan dot. Vêrt un ding mwaans bejúbbele vurt en jûûns ferhúnd. De vispeltueregheden fon un klyber dyt ut oerol syket en neane fynt! Mar ik vur ôd, menhear, ik ha myn
tiid hast hôn, en don mat dur un oarenien klear stean óm myn taak oer te nimmen. Ut sû un histoaryske misdied vêze óm duzze mienskip, ut lêste relikt fon de ôde vrôd, fervurre te litten, lykos dot mai súver ut hele plottelôn bard is, de lêste fyfteg ier. Mien net dot ut regear dur êg fwar hat - ut regear vól elkenien gelyk behondelje, krekt os sû ut don goed vêze. Mar óm elkenien gelyk behondelje te kennen, mat mun east elkenien gelyk maitsje, en dot vurt don ek dien - ûnderdúmkes, sónder dur earlek fwar út te kómmen. Ûnder ut móm fon soasjele fwarsjenningen en lyk rjócht en lyke kônsen fwar elkenien, vurre ollegjer twóngen óm har aigenaregheden los te litten en har te gedragen os de tróchsneedminsken dy't ut regear maklek liede en stjoere
| |
| |
ken. Ut is ómkearde diskrymynaasje, vot ut regear dógt. Mar ik hji fwar ús kryte ljevver de vierleke diskrymynaasje, menhear, vont dy respektjerret en besterket ut aigen aad fon inkeling en mienskip. Fervachtsje ek neat fon de saneamde kultuerdragers, menhear, vont dy sjugge óp ut dwarp del en begekje ut yn har lyteratuer. De healvizen dingen dêr mai ut dwarp yn de lyteratuer fwar swargje, útvrydske tastonnen óp ut gebied fon moraal en geslachtsferkear, dêr is ut dwarp goed fwar. Mar vot dur vier yn ut dwarp libbet, dot kómt yn de grutte lyteratuer net oan bod. Ik ken jo yn dut ferbôn un sprekkend fwarbeeld neame. Dur hat jir, san hûndet fiifentwinteg ier lyn, un skwalmaster venne, dy hji tige niget oan de natuer, en os de skwaldwarren tichtfoelen, don stiik ur ut fjild yn. Dû is ut óp un kear bard, dû fûn dy skwalmaster un grutte mól. Ut beest vji un joadske jelne lang, fiifenfjitteg nije tûmmen. Hij nóm ut beest mai nai hûûs en ferswarg ut, fwórre ut mai vjirrems en króbbegwód, en hood ut smetplak skjin - hij hji him un rais mai de grype jûn dût ur him út de grûn vipte, bij óngelók fonsels. En hij liet un brief beswargje bij ien fon de dûtiidskgelearde monnen fon Slupsk. Mar yn Slupsk tochten se: och, san dwarpsskwalmaster, vot sû dy ús no leare kenne. Se laken vot óm ut brief, en se jûgen gin ontvud, ek net dût de skwalmaster óp nij en nochrus un brief skrjode. De mól gyng dea, hij kû yn finzenskip net libje. De skwalmaster besocht ut ómskot te rêden, mar hij hji dêr de gemyske grûnstoffen net fwar, dot fonvegen de stank mûst ur ut kedaver begrave. En dû kwaam dur, jirren letter, nochrus un jónge gelearde út Slupsk. Hij liet him yn un
rydtûûg nai ut hûûs fon de skwalmaster bringe. De mól vaar ópgrûven of vot dur fon oer vji: vot bónkjes en mear net. De jónge gelearde ónjerre, dy bónkjes kûnnen lykegoed fon un kot of un knyn vêze. De skwalmaster hat him letter ferhóngen. Dut ferhaal, menhear, kómt jo faaks net ónbekend fwar. Ut is nammentlek sa, dot un grut skrjower út Snaidhm dut motyf letter ferarbaide hat yn un viidvaideg, en ik mat tajan, tige lêsber ferhaal, dot súver de hele vrôd oer gien is. De skrjower neamt de namme fon ús dwarp net, de skwalmaster vêrt ur ut oer hat, lyket yn neat óp de echte, en de mól, dy feroaret ur yn un ôgryselek munster fon vól twa meter! Ja fonsels, dot sû yndied ónsin vest havve - twa meter! En vot sjugge vij jir dus: vot de stêd ut dwarp misgunt en net achtslaan vól yn de verklekhyd, dot vurt yn de stedske lyteratuer nochrus oerdien, mai ut geheel te mistyfysjerjen. Bij ainslútten fôlt de eare dy grutte mól fûn te havven net ta oan de dwarpsskwalmaster, mar oan de stedske skrjower dyt dur un ferhaal
| |
| |
fon makke hat. Sjugge jo nu hû machteloas os vij binne: vij vurre os dwarp deaswijd of ferlyteratúrysjerre, en baide kearen net yn ús aigenhyd kend.
Ik besykje menhear ynsjug te jan yn de neden en noeden fon ut dwarp. Mócht menhear duroer prakkesjerje óm jir yn te springen, don mat menhear vitte vot him te vachtsjen stjit. Ut is un swiere taak, dot vit ik bij ûnderfyning. Net óm mijsels óp ut bwast te slaan - menhear sil ek vól ynsjen, ik bin te ôd fwar idelheden en vaanvizens, ik hûg net mear óp te swetsen, ik ken earlek seze vot ik berikt ha, en vot mij bij de honnen ómtô brutsen is. Ik vit hû swier ut is, hû slim de minsken te rissen binne, hûn slim kervaai ut is óm se út ut stee te krijen. Hûfaak ol juns besykjen ôketst óp, net iens ónvil, mar sljowens, maklekens, en un hôring fon lit mar vaaie, ut sil ús tiid vól úttsjinje. Ollegedueregen, mat mun dur ver achteraan, en neat ken mun us even óp syn berin litte. Dur is nóit un tiid dot mun seze ken: dut is no fwarenwar, dut ret him de easte jirren vól, jir haf ik yn ut eastoan gin ómsjen mear nai. Nee, dot bart nóit un kear. Mun mat olmaroan olie iizders yn ut fjoer hôre. Mun mat sôn pear honnen havve en êgen óp de rêg, en fjauerentwinteg óeren dais yn ut spier vêze, en os ut kû, méár. Mar, dêr stjit tsjinoer: hûfólle lók bringt ut jun os juns bódzjen en krevjerjen us beljenne vurt! Dy inkelde kearen dot mun merkt: ik dóg ut net fwar neat, ik sjidzje net ómdôch - ol mai de risping lyts en skriel vêze, ut hat doch fertútten dien. Och menhear, ik ken jo súver net úttsjutte hû lókkeg ik óp dy stuiten vest ha! Ik kû sjónge en skrieme. En dot hat ek olles goedmakke. Olle misse lopen en fergeze mwóite vjinnen fergetten en foelen vai os dy inkelde kearen ut lók
taslûg. En no, myn libben oersjende, mat en ken ik seze: ut hat goed vest, ik ha myn libben net fergriemd.
Ik hoopje, menhear, dot jo skielek utselde seze kenne, móchten jo beslútte myn bod oan te nimmen. Fonsels fergje ik net fon jo, dot jo fwótendaleks ontvud jaue. Jo kenne ut rêsteg yn beried nimme - ik bin óp ut stuit noch goed bij sûp-en-stút, en ik ken ut noch vól un pear ier útsjónge. Meskyn vólle jo east ek mear ynformaasje jert jo tahappe. Jo kenne bêst us del kómme óm te praten, ik bin meast tús. En jo kenne, os jo vólle, jo ear ek vól us yn ut dwarp te harkjen leze, jo ljocht bij dusse en jinge ópstekke. Dot jo vot un olsydeger beeld krije fon ut dwarpslibben. Vont ik ha jo no vól un soat ferteld, mar olles fertelle ken yn un oerke fonsels net, en dêrbij sille jo ut grif ek noch út de mwólle fon oaren heare vólle. Ut is óp ut lêst sa, vot immen sait, is oltyten iensydeg, mar vot twa en trije fertelle, dot jaut un
| |
| |
grutte skyn fon vjirhyd. Ut nat ek oltyten myn regel vest: gón net daleks ô óp vot immen sait, mar ûndersykje de dingen óp un djipsten.
Mai ik menhear no noch vot oanbiede?’
‘Ik vit net,’ sai ur. ‘Ik mat ride.’
‘Kóm, kóm, menhear hat san auto vól yn de macht, dot betrau ik menhear bêst ta. Ik sû menhear doch noch vól ien ta ha vólle. Om ús akkoat te bedrinken - ús fwarriedeg akkoat, sees mar. Mai ik menhear noch ien ynskinke litte?’
‘Un pilske don mar,’ sai ur.
‘Jochem, un pils en un jóngen.’
Dur kwaam un kearel de doar yn. Hij rón sónder dach te sezen tróch nai achteren.
Kastlain skónk de drank yn. Hij grómmele: ‘Jo ha jo taks oas ek vól hôn.’
‘Bin ik net goed fwarde sinten, Jochem!’
‘Der gjit ut net óm,’ sai kastlain.
‘No, menhear’, sai ut hearke, ‘don drinke vij dêr óp, dot jo ut rêsteg yn jo óm gean litte, en ut foar en tsjin naistenwar leze. Ik ha jo myn geastlek testament nailitten en ut is oan jo ot jo ut oannimme of fersmyte. Un inkeld ding vól ik jo noch seze: ik vit net vot menhear fwar de kost dógt en vot menhear ollegjerre leard hat, mar tink net dot menhear jirre unselde libben leze ken os yn de stêd; ut sil soberjerjen vurre, en jo sille de baantsjes net fwar ut útsykjen havve. Mar ut hat jir vól oltyten sa vest: vaat fon oanpakken vit, dy ken un goed stik brea fertsjinje. Fjidders sjug ik dot menhear noch gin ring óm de finger hat, dot menhear is grif noch frijfaint. Ut sû lykvóls un goed ding vêze, dot menhear traude, jert ur him jir ta venjen setten, of dot ur him jir yn ut dwarp un frau socht. Ik vól menhear dêr vól ried yn jan, en menhear ek vól mai un oanbefeljend vud skeviele, mócht dot frege vurre. Dur binne jir sa un pear fammen te neamen vêrt menhear un goede húsfrau oan hji, en menhear sû don fwótendaleks vot aigener vurre mai ut fólk. Ik vit vól dot dut teare dingen, binne, vot ik no sees, mar ut mat doch sain vurre: de óngetraude steat is tige nwódlek fwar un fólvûksen mon, hij stróffelt gau en ferjit himsels. Ut flais is faken sterker os vij ússels bekenne dwarre. Mar ek ken un mon treast fyne bij viif en bên os ut him tsjinvjirret yn syn vurk of vot ur os syn ópdracht beskôget. Achtsje ek dot benammen net te licht, - un goede húsfrau is un tige stype! En ós lêste vól ik menhear noch seze: os olles misljerret. en os neane treast is, don is dur oltyten noch de dream! De
| |
| |
vrôd ken ús olles ônimme, yten en klaaiing, hûûs en ûnderdak, viif, bên en sibben, ús sûnnes, ús besit, en os lêste ut libben. Mar vot de vrôd ús nóit net ônimme ken - os vij de kop dur mar fwar hôre - dot is de dream. De dream, menhear, fon vot vij sjen vólle, ljowe vólle, hoopje vólle, de dream fon hût ut ienrus vêze sil - nee, hût ut ís. Yn de dream sjugge vij de dingen sat se vierleken jerre te vêzen, en aigentlek binne. De verklekhyd - is dot ains net fergónkleke skyn? O, ik vit ut vól. De vrôd sil seze: sa en sa binne de faiten, sa en sa lait ut dur ta. De vrôd sil besykje jo de dream te óntnimmen, en jo te óntmoedegjen. Ik vit ut, ik haf dur ol myn libben tsjin striden. Mar no noch, nai safólle jirren, ken ik seze: ik sjug de minsken, ik sjug dut dwarp sat ik ut vól, de dream is mij bij bleon. Ik vaskôgje jo, menhear, dut is ut swiste part fon de taak dyt fwar jo lait: de striid tsjin josels, tsjin jo aigen moedeloazens, achtsje dot net te licht. Ik byn jo óp ut hat, menhear lit jo de dream net ônimme. Jirmai set ik dur un streek ûnder, en ik betrau ut fjidder oan jo ta. Menhear sil aanst ver fjidderóp, is ut doel? Vêr mat de rais hinne?’
‘Slupsk.’
‘O. Slupsk. Ja, os jo ut kwatste paad ha vólle, don kenne jo ut bêste veróm ride nai de haadvai. Mar os jo ut jo oan tiid dwan kenne, en fon un mooi stik natuer hôre, don kûnnen jo ek tróchride óp Kernac oan, fwar Kernac ópdraaie nai lófts en sa óp Slupsk oan. Jo kómme don noch troch un pear dwarpen, mar Slupsk fynt him fonsels, ut is ollegjerre goed behontviizdere. Ut is un ómvai fon un jeloere savot, mar jo ride don tróch un prachtege kryte. Ut is jir op ut heden óp ut mwaist. Jerappels en byten ha de grûn yn, ut noat stjit dur geveldeg fwar, en yn de hautvôlen blûie de blómmen. Os jo even tróch Kernac ride, mar ik vit net ot menhear him dot oan tiid dógt, don sjugge jo dêre un ynsakke brêge oer de le. Dy brêge hat fon histoaryske betsjutting vest maidot ús fólk dêr yn de lêste oarlog de fijon tsjinhauden hat. Ja, dot vji fierder fwar jo tiid, ik venne jir noch net iens. Jo havve faaks niis ut monúmentsje sjoen, jo binne dur bijlôns riden, dot stamt ek út dy tiid. Dy brêge is sónt net ver ópbaud, vont dur vjinnen temin sinten, hiet ut, en ut vji net sa vichteg, dur vennen doch olinneg mar vot boeren. Ja mon, os ik dêroer óp de tekst kóm... En sa is dur noch vól ut ien en oar te besjen. Tusken Kergoat en Kernac sille jo, rjóks fon de vai, un olmeugend grutte ikebeam stean sjen. Dur vurt jirre ferteld dot him ûnder dy beam haidenske offerplechtegheden ôspyle ha, mar dot sil net vier vêze. Dy beam is net ôder os un trijehûndet jier. Lykegoed is ut un mooie beam, en ut is ek
| |
| |
un mooi ferhaal, netvier? Tja, ik sû menhear noch heel vot fertelle kenne, mar dot mat don mar us os menhear jir ver kómt. Menhear vól fwót, en ut vurt myn tiid njónkenlytsen ek. Kóm, ik sil him ópnimme.’
De kearel kwaam veróm fon achteren. Hij sai: ‘Ien fwar mij en ien fwar Jon. Hûfólle is ut?’ Hij rekkene daleks ô en slûg de borrel hast noch hudder achteroer os de mon dyt Jon neamd vaar. Dû rón ur de doar út.
Hij drónk syn bier út. Ja, hij sû mar ver us ópstappe. Hij kû dot meskyn vól ómride, sta de ôdmon sain hji. Os ut goed oanjû vji, don kû mun lykehud oer de binnenvegen os oer de haadvai. Ut kû noch vól fól sitte. Ut sû de hele dai vól drók bljowe, mai dut vaar.
De spylmon siet noch oltyten te knikkeboljen. Hij hji grif gin oar plak. En grif gin sinten óm ien te keapjen.
‘Ja,’ sai ur. ‘Vij sille ver us fjidder.’
‘Ik stap mai jo óp’, sai ut hearke, ‘don sil ik jo úttsjutte hût jo ride matte, en don ken ik jo tagelyk myn hûûs oanvize. Vólle jo de rekken ópmaitsje, Jochem?’
‘Ik mat even vot vetter kwyt,’ sai ur. Hij stapte nai achteren ta, de doar út. Mun mûst oer de stikkene flessen en rotsooi hinne stappe óm bij de doar fon ut hokje te kómmen. Hij trjode de doar óp. Rjócht fwar him vji un pisplanke spykere, dêrnaist vji un tóntsje. Helenol lófts stie ut fanke, krûmbûûgd oer de voskbak. Fêstbûn oan ut túúchje dot se har amper fervege kû. Ut rokje vji ómheeg slain. Ut slachte prótte os un klútte gail spek tusken har billen vai. Ut drupte. Tusken de skwón lai un bak dampende strónt. Ut vji har bij de hóksen delfôlen. Hij kearde him óm en kwarre. Ut foel heal achter de pisplanke en heal oer syn skwón. Hij strómpele nai bwótten. Hij slûg de doar achter him ticht en sûûgde de lucht tusken de tósken tróch djip yn de lóngen. Hij snúúfde syn noas leeg en spuide noch us. Hij sêg nai syn skwón. Socht yn de bwóssen óm vot. Hij fûn ut sloppe bûkje, skwórde dur blêden út en behimmele de skwón. Hij sykhelle noch us en noch us. Hij sêg nai de hôn vêrt ur ut teskwòrde bûkje yn hji. Hij smiet ut tusken de rotsooi. Hij snûufde en en spuide noch us. Dû stapte ur de seal ver yn. Ut hearke vji dur net mear. De kearel - Jon - sêg him un tel oan, skean ûn der de pet vai.
‘Vot bin ik yn de skuld?’ frege ur.
Kastlain krôke. De stank fon healfergien yten kwaam him yn de nwasters. ‘Olles is betelle,’ sai ur.
Hij rón durút. Hij swaaide de auto en jage veróm nai de haadvai.
|
|