| |
| |
| |
[Nummer 4]
R.R. v.d. Leest
It foarspul fan de great-Fryske opstân
Wy skriuwe 1344.
Unûntheistere troch de stoarmen des tiids forriist dêr de machtige boarch fan it Keningsgambyt. Hwat al pleagen, roppich as in binde wolven, hawwe bisocht by de fochtbiringe muorren lâns yn to slûpen. Hwat al rampen, fûl as in flecht gieren, binne iezjend oer de wyngisele kantelen draeid. Allegearre omdoen. Greatsk wiist de pyk fan de koperen ridder op de heechste toer, de donjon, nei it westen. De punt fangt it lêste bloed fan de sinne. Skerp steane ruter en peard ôftekene tsjin de skouwende loften. Se binne ûnskiedber, dy twa. Togearre hawwe se it wikseljend firmamint biriden. Stapfoets fan gouden himelstrannen nei blauwe lagunen, fjouwerjend troch flamjend jounsrea, dravend oer de molkwei, stegerjend tsjin laeijen wolkebergen mei wite tongerkoppen. Stânfêstich yn de ivige omrin fan de seizoenen.
Pottelomme, de Basterd, sjocht as in tuorre troch de ûntfangstseal. In earmtakke is op de lining fan syn sit plante. In kakwang kwabbet oer de fûst, dy't it skraget. Ien sypeach wurdt ticht treaun. It oare folget noartsk syn neijeroan kommende steatssiktaris. Hy nat alles, alles oan himsels to tankjen. Ek syn namme. ‘Pottelomme!’, flokte er krûm, doe't syn minne' boarst him ûntglûpte en de kostlike tate him om de earen spatte. Syn aedlike mem forstoar en nea waerd efterhelle, hwa't syn heit wie. Mar it slagge him en fêstigje de absolute macht. Syn skelnamme, de Basterd, waerd in earenamme. De oerwinneling wie oerwinner wurden. Inkeld dy kopstikken yn Hollân wolle syn gesach net tjilde. Mei harren is er noch ûnklear. Dat kin sa net duorje. Hy skuort de swiere wynbrauwen omheech, dy't as gerdinen foar syn eagen hingje. - En?, freget er binijd.
- Ut it westen neat gjin nijs, hear, andert ridder Lolli op spitige toan.
Pottelomme lit in swiere sike. - Dy skobbejakken, sistert er tusken de tosken troch.
- It âlde gesanger, seit Lolli. - Se sjogge wol in oarsaek foar in kriich tsjin ús, mar noch gjin oanlieding.
- Hwat is it forskil tusken oarsaek en oanlieding?, spilet Pottelomme op.
- Dit hear. De oarsaek is de greate boarne fan in konflikt, de oanlieding de
| |
| |
lytse drip, dy't de amer oerrinnen docht.
- Hoe moat ik har fergje op in fjildtocht nei Fryslân? Elke Hollânske famylje binnen ús grinzen haw ik to fjûr en to swurd fordylgje. En noch litte se har net út har tinte lokje. Se binne net solidair mei har sibben. Ik sil dat divelsbret hjir krije om it út to roegjen. O, ik bin myn rie to'n ein!, ropt Pottelomme wanhopich út.
Ridderslein heart in rounte fan ealmannen de tirade fan har hear en master oan. Se hâlde de holle foardel, de hannen gear oer it hânfet fan har swurd, dat mei de punt op de flier rêst. Roerleas steane se, wylst yn it skynsel fan de flakkerjende flambouwen har skaden oer de muorren dounsje.
Einlings forbrekt Pottelomme de gefoelsladen stilte. Hy grillet en rinkelt oerein. Ut it djipst fan syn gemoed grommelter mei lûder stimme:
- Myn hannen jokje!
- Uzes ek!, galmet it troch de forwulften.
Aller eagen sjogge him wraeksuchtich oan. Tagelyk geane de swurden omheech, de punten reitsje inoar en foarmje
in fonkeljende ster. Dat is har liedstjer. Dêr leit it noarden, dêr moat se hinne. De loft skout wer ticht en yn it ierdetsjuster ridelt se om. In ûnbikende jonkfrou, in telch út in slachte fan de leechste aedlike rang, ûnderweis nei Denemarken. Dêr húsmannet har machtige efterneef Lathem, hear fan Romö, hartoch fan Fanö, prins fan Manö. ‘En kening fan Koresand’, follet se oan. By him hopet se taflecht to finen. Har heit woe har útboaskje oan ien fan dy smoarrike Hollânske graven. Dêr hie se gjin nocht oan. Hy liet har op bisjen fan Ingelân nei Amsterdam ta farre. Mar doe't se foar Pampus leine, hie se de bimanning fan it skip omkocht. Se doarst net nei har dierber heitelân werom to kearen. Sa sylt se nou har efterneef tomjitte en hat wol moed. Dochs kin se de sliep net krije. De wyn reauntet yn it want, fan fierrens kjirmet in ûnwaersfûgel.
By it lemieren stiet se al op it hege foarkastiel fan de kogge en stoarret oer de skomkoppe weagen. De westlike himel is noch bistruid mei it grús fan de neisimmernacht. Efter de kym leit it lân, hwer't se hikke en tein is. Tichter by, mar ek net to bieagjen, dat goare Hollân. It is winich mar noflik waer. Se hâldt de skonken in bytsje spraet om yn lykwicht to bliuwen. Klean fan de aldernijste moade hat se oan. In dwers útsnien klaed fan slanke gotyske
| |
| |
sneed, dat har skouders foar in great part bleat lit. In strak lyfke mei lange mouwen en in net al to wide rok, dy't fier oer de ankels rikt. Se hat puntige snaffelskuon oan en draecht it ljochte hier yn flechten, dy't by de sliepen lâns opboun binne. Se kriget de wyn fan foaren. It tinne klaed waeit tsjin har oan. Har ûnderliif en skonken wurde dêryn taestber ôfprinte. Sinlik draeit se har om nei it easten. Nou kriget se de wyn fan efteren. De rok waeit tusken har billen. Ek oan dy kant meitsje har foarmen in djippe yndruk.
Se wiist to lijert. - Hwat lân is dat, freonen?
- Dat is Fryslân, joffer.
- Hwat moat ik dêr dwaen?
Kaptein Slaedfink stapt foar it front fan syn mannen. - Wy sile der inkeld bylâns, joffer. Wy folgje de Flystream, farre troch de Krûmbalch nei de Lauwers en dan by Grinslân del. Hwa't yn Fryslân bidarret, stiet faei. Jo komme feilich to plak.
Hy slingert in forwinsking midskips. De har oangapjende bimanning jowt him mûskopjend oan it wurk. Sels séskonket er nei de kampanje. It waeit stiif, mar it is romst wyn, se kinne moai skrank sile. As dit sa oanhâldt, binne se oaremoarn troch de Dútske Bocht. Hwat in hael! Trije rêgen út ien baerch! Earst by it útfarren in dûbele gaezje fan har heit fange, dan in smak stikelpinnings fan de joffer sels en as er har sûnder kleanskuorren ôfleveret nochris itselde tabarre. Dat bidrach hie er oars in hiel libben foar bealgje moatten.
Wylst kaptein Slaedfink him bliid tinkt, wurdt de reefskoelte in topskoelte. Dat let neat. Hy lit de reven losmeitsje. Hwat earder er dit frachtsje slyt, hwat better. Nimmen mei him oer it mad komme. As dit saekje útlekt, is der gjin rie ta. Nearne in skip to bikennen. Mar aenst komt er tichter ûnder de kust. De joffer stiet dêr noch stees to kyk, dat sinniget him net. Se is nou genôch útwierre. It wurdt tiid, dat se har wer yn it kastiel forstekt. Hy sil it har sizze.
As er by it trepke fan de kampanje del swinkelt, bisaut er him. It moat net raerder. De topskoelte is in slopseilskoeltsje wurden! Hy kopklaut syn woartelkleurich krolhier en flokt it seil stiif. It forpoft it, slop as in skûteldoek bliuwt it hingjen. De siken binnen der út. De wyn is wei. It skip driuwt út en leit folslein stil. Gjin skuorke yn de blakke wetterspiegel. Oan de grilkleare loft blikkert de sinne.
De mannen krije it binaud. Mei bluodderige eagen speure se de himel ôf nei in teken. De himel bliuwt leech. Dêr forskynt gjin komeet, dêr wjukkelt gjin
| |
| |
ôffallige ingel. Sirenen en nixen leauwt it séfolk net mear oan. Wol oan ierdsk en stjerlik fleis. De eagen biskriuwe in baen fan it zenit nei it foarskip. As in libben boechbyld sjocht se it folk op 'e rêch oan. Hwa fornimt net hwat skûl giet efter dat ljochte hier, ûnder dat tinne klaed? Fiel jitris de forsiking fan dat sinlike antlit, de bitsjoening fan dy weelderige lea. As in slange skeuvelt de bimanning op de jonkfrou ta.
Ynienen in tongerslach by skjinne loft. De sé dunet op en bigjint to âljen út dwylsinnige djipten. Tommelweagen tuorkje omheech en stoarte donderjend yninoar. In westerstoarm touwert troch de tugen, tongergoaten en heilbuijen giselje de hûd fan it skip. Tsjok en grien wurdt de loft, iepenript troch foarketinen fan wjerljocht. Chaos biwâldet de wrâld op 'en nij. De fjouwer eleminten fjûr, wetter, ierde en lucht binne wer slaende deilis. Wettermuorren forpletterje skipbrekkelingen, ultralange weagen klappe drinkeldeaden op it Marderklif del, balkebrekkers smite har it wrakhout enernei en en en
- Ho, ho, ho, net sa rimpen, warskôget Pottelomme brimstich. - Gjin bargestilte en pypkenielstoarm tagelyk! Lit my it earst mar ris sjen.
Salvio, syn reklame-adviseur, poepertsjedraeit mei wjukkeljende hantsjes en op tripkjende fuotsjes jangattich om him hinne. Hy hat in stik perkamint by him, dat er ûnder de eagen fan Pottelomme ûntrôllet. It is in ûntwerp foar in affysje. Tsjin in swarte eftergroun, op in wyt skyld stiet in beam mei trije krunen. De stam is in opheve slachswurd.
- Kin dit de heechlik wurdearre goedkearring fan Jou Tigens weidrage?, kraeit Salvio.
As Pottelomme yn in kiezzich stilswijen biklibbet, ljochtet er ta: - De Upstalbeam, Jou Ealstrangens. Elke krún stelt in dielsteat fan it greate forboun foar. Noard-, East- en Westerlauwersk Fryslân. It swurd symboalisearret de opstân.
- Is dat dúdlik genôch?, prottelt Pottelomme.
- Hwat tinkt Jou Trochloftigens dêrom fan ien rigel fordútsende tekst der by!, glaeit Salvio.
- Gjin tekst, skodhollet de Basterd. - It folk kin dochs net lêze en ik wol net elitair wêze.
Wylst er oer it ûntwerp yn krêfttermen redendielt, flintert Salvio as in mot om
| |
| |
him hinne, út en troch in gjalpke fan meistimming jaend.
Einlings is Pottelomme út 'e rie. - It is koart dei. Miel hûndert fan dizze affysjes en plak se yn elke fûgelkou fan alle alve stêdden. Skilderje tûzen miniaturen mei itselde motyf en lymje dy op de dekkleden oer de geheime wapens. O, ja, forjit net it efterdoek by myn redefiering. Dit symboal moat der libbensgreat op stean.
- Mient Jou Goedwilligens it swurd of de beamkrunen?
- De beamkrunen, fansels!
- Dêr giet ús buro net foar omlizzen, Jou Heechmeijendheit.
Salvio groetet yn haedletters en wipgattet, foreale mei syn kolossale oarder, de seal út. Pottelomme set him wer yn syn karakteristike hâlding, in fûst ûnder it wang, en stoarret oer
de forlittenheit fan it Marderklif snerpt it rauwe kriten fan ûnwaersfûgels. Of en oan saeije se, sûnder in wjuk to forwegen. Fan de steile, troch brânningsweagen ûnderwrotte kust, nei it houten skipgeramte, hwerfan de brutsen ribben boppe it wetter útstekke. En werom oer de smelle stripe skier strân, hwerop de oanspielde liken glêd en blauwich ûnder de skoarjende sinne lizze.
Yn 'e fierte rattelt in bolderwein mei in kedde der foar by de skeante del. Knerstoskjend lûke de tsjillen in spoar oer it skyl. In binde strânjutten, klaeid yn jutesekken, folget. Guon ha lange messen by har, oaren bilen, gnodzen en skeppen. Se slingermoukje efter de wein oan.
Us jonkfrou splyt har eagen iepen. Se leaut earst de wite kliffen fan Dover to sjen en waent nar werom op har bertegroun. Dan wurdt se gewaer, dat it gjin krytrotsen binne en se falt út de sawnde himel. Dit is Ingellân net. Dit moat it foargeboarchte fan de hel wêze. Se is al rêdbraekt. Alle bonken lizze skots en skeef troch har lea en se fielt pine yn spieren, dêr 't se net iens fan wist, dat se dy hie. Giele slieren skom waeije fan in knobbel yn it sân oer har hinne. Hwat in balstein like, is de rêch fan in drinkeldeade.
Se fierket oer it strân. Skimen komme neijer, de kontoeren forskerpje, by it foarste lyk hâlde de bûtsikers. Ien fan harren kneppelt de deade harsens ta weakkebôlle. In twadden ript mei syn mes it lichem fan kin nei krûs iepen. In trêdden strûpt linich it fel der ôf en in fjirden hakket it oerskot yn biten en brokken. Dy wurde op de wein skept.
| |
| |
Se stjert tûzen deaden. Dit is it lân, hwer 't de kaptein har foar warskôge hat. Hjir, oan dizze barbaerske kust, sil se in skriklik grêf fine. Har libbensreis, sa hearlik bigoun, wie al in fiere dream wurden. Hwerom moat se dit nou noch bilije? De ein bisuorret it al.
Mar se is net forsûpt, lyk as de oaren. Hwat macht hat har troch dy tommelweagen droegen? Hwat krêft hat har eagen iepene, krekt op 'e tiid foar 't dy minskefilders by har wiene? Is se in útforkeazene? Rêst op har, nettsjinsteande alles, dochs in segen? Dan mei se gjin ûnweardigens bitoane. Se moat hjir mei de hiele hûd ôfkomme, sa stiet it skreaun. Fryslân sil har bonken net ha.
Se rôllet om op de bûk. Har liif is in pûde mei spikers. Se lûkt de knibbels op, set de teannen yn it sân, spraet de fingers neist har skouders en triuwt har sels foarút. Sa roeit se as in skylpod troch de woestine. De fuorge dy't se ploeget, stout efter har ticht. As de kannibalen opsjogge om it folgjende lyk ûnder it mes to sette, leit se wer deastil. Under it strûpen skout se fierder. Wylst de filders de foarlêste fleisklompe flense, birikt se de leadrjochte wâl fan balstienliem. Se kronkelt om in richel hinne. Yn it biskûl dêrfan komt se oerein út har katswym. Har hannen klauwe omraek, mar fine nearne hâldfêst. It liem forkrommelt tusken har fingers, grint lit los en rôllet foar har fuotten. Fortwivele sjocht se omheech nei de rêddende rânne, tsien jellen boppe har. De wâl is steiler as de noardkant fan de Eiger. As dy helhounen aenst op it wrak ta sette, wurdt se grif sjoen.
Dan ûntdekt se, noch gjin fiif stappen fan har ôf, in iepening. Se slûpt efter de richel wei en dûkt it gat yn. Se stiet oan it bigjin fan in hoalegong. Nou kin se rjochtop rinne. Se komt yn in wulf. Dat is tamelik djip en heech, maar hat gjin needútgongen. Oer de groun lizze skjinwosken balstiennen en forblikke fingerkeatten. De grize giet har oer de grouwe. Net in flechtgong is se ynroun, mar in falle. Se hat gjin formogens mear en gean werom. Klappertoskjend set se har del. Har holle bigjint to tûkerjen, har lichem sakket wei yn gefoelleazens. Se forliest alle bigryp fan romte en tiid. Heal fordôve sit se yn it twiljocht.
It wetter komt oan. It krinkelt tusken de stiennen, sipert werom en waeijert it hoal fierder yn. De sé bislikket har fuotten. As de weagen om har kûten skolperje, skrillet se op. Se jowt har oerein, stiet mei de rêch tsjin de muorre en ûndergiet willeas, hoe it wetter op har ta wâllet. It hiele hoal is der al ûnder strûpt, foar 't se wer bisleur oer har formogens hat. Knibbeldjip flotsket
| |
| |
se troch de floedstream. Amper is se yn de tunnel, dêr fortsjustert in skaed de útgong.
In Neandertaler keart har. Under syn lege foarholle stikelje trochrinnende wynbrauwen. Hy hat in platnoas en brede wangbonken. It ljocht skynt troch syn flapearen. Hy nokkert grimmitich syn greate giele hynstetosken bleat.
Se bûkt har. Foar har leit in stien. Dy slingert se nei syn kop. Hy biweecht de holle justjes oerside. De stien mist syn doel en plompt yn it wetter. Hy wâddet op har ta en nokkert mar troch.
Se baeit tobek it hoal yn. Dêr stroffelt se oer in balstien. Wyld mei de earms maeijend, kipert se njonken it obstakel. As se de fuotten wer ûnder it gat hat, is de kearel al by har. Syn knûst makket in geweldige úthael.
- Pas op, efter dy!!!, raest se.
Miskien hat se it yn de oertael sein. Miskien is se op dit eigenste eagenblik syn stamgenoate wurden. Yn alle getallen, hy forstiet har en lit de knûst sakje. Syn nokkerjen hâldt op. - Uh?, seit er.
Hy kriemt préhistoarysk langsum. Se kriget alle tiid en til de balstien dêr 't se oer stroffele is, boppe de macht. Mei in slingerbiweging kwakt se de flint op syn embryonale harsens. Se sûzebollet der sels fan. Hy bigjint to swaeijen as in dûkelpoppe, komt iderkear fierder út it lead to hingjen, skûlet oer it wetter. Syn gappert gjalpet fol. Brobbeljend giet er kop-ûnder. Hy siicht oer de boaijem del. Syn pânse foarmet in eilantsje.
As er net mear bûleblaest, fljocht se him foarby nei de útgong. Hoeden stekt se de holle bûten it hoal. Se gnúft oer it ûnderstrûpte strân. Om it wrak saeije ûnwaersfûgels, mar de helhounen binnen fordwoun. Se strûst oant de mul ta troch it wetter by de wâl lâns nei in skeante, dy't se mei bihelp fan har eangst en neils biklimt. Se eaget oer de rânne. It platte griene lân leit folslein forlitten. Lofts fan har forriist in tsjuster bosk. Dêr moat se hinne. Se stout troch it weagjende gers. De beammen wykje hieltyd wer efterút, har flecht oer it iepen fjild.
komt gjin ein oan. de godgânske middei hat er al heardei holden en noch is dy rige seurpotten net ôfroun. As er net sa demokratysk wie, soe er alle harksittings ôfskaffe. Ynspraek is tiidforgriemen. Dêr komt wer in sangerdoaze.
- Ridder Svenonius fan it Wegere Keningsgambyt, kundiget Lolli oan.
| |
| |
Pottelomme hat gjin geduld mear. Hy jowt in terge dierlike gjalp, hevet him, reaget Lolli en Svenonius fansiden en poemelt tusken harren troch de seal út.
Lykme-allinne yn de vinotheek fan syn kastiel siket er forjitnis by de drank. Hy treurt om it útbliuwen fan de oarloch. En om syn eigen ûnmacht dy to forsearjen. Syn hannen omfetsje in harsepanne. It is de plasse fan in forsleine fijân. Dêryn fonkelt bloedread druvesop. Hy bifingert, fier yn 'e memoarjes wei, de sliepbonken, dy't skuord binne troch kneppelslaggen. Foar him op de tafel leit in lange rige hollekrunen. Hy follet se allegear mei dûnkere wyn.
Ynienen sjit er út syn hingerige hâlding rjochtop. Hy smyt syn holle efteroer, jit de wyn in it kielsgat en soalt de harsenpanne oer it skouder fuort. De plasse batst tsjin de muorre, karambolearret nei in hoeke, hwer 't de bonken kletterjend oer de flier útinoar spatte. Hy skoddet grânzgjend syn earm. Syn iene fûst slept
se snoarket der oer. Freedsum leit se op it moazige bêd tusken de rintfears to sliepen. Unbiwust fan al it lijen dat noch wanket. Heech boppe har skolfert de wyn it bledte. Hjir ûnder is it stil yn de lijte. Har tin wyt klaed is troch it séwetter isabelkleurich wurden. It bidekt har amper. De stoarm hat der in skealik lapke mei rûge franjes fan makke. Hommels en dwers fielt se in snút tusken har skonken.
Forskrikt jowt se har op. In baerch wrot snuvend ûnder har klaed. Se lûkt de knibbels op en slacht de earms der om hinne. Yn it gat bineile wachtet se fierdere oantaesting ôf. Mar de baerch skoddet de kop dat de earen flapperje en set ôf.
Se bitaest har sels. Alles sit der noch op en oan. Hwat moat se dwaen? Hjir fordek bliuwe, of útnaeije? Nei lang hifkjen en wifkjen forlit se har skûlplak. Se trapket troch de bosk, eagen merkbitend, earen opskuord, spieren spand. Unforwachts stiet se foar in marke. Se sil al op de knibbels falle om to drinken, as se mâlle lûden fornimt. Se kin noch krekt efter in strûk dûke, foar't oan de oare kant in binde bargen ûnder de beammen wei komt. Gnoarrich stouwe se op har koarte dribbelpoaten pardoes it marke yn. It wetter spat wit-hoe-heech. Dêr forskynt in opslûpen jonge tusken de stammen. Hy is de swinehoeder. Syn puntmûtse saeit er om in leech- | |
| |
hingjende tûke, syn klompen skopt er út en linich ûntdocht er him fan syn skeamele plunje. Hy spaenbillet de bargen efternei.
Us jonkfrou kriget in heldere ynjowing. Se byt op har ûnderlippe en giet to riede mei har sels. Dan knikt se. Under dekking fan it leaf bôget se om it marke. Fuotsje foar fuotsje biglûpt se it plak, hwer't syn klean lizze. Dy graept se, ek de klompen en puntmûtse snipt se wei. Sûnder opsjoch to jaen snjit se mei har bút fuort. Oan de rânne fan it wâld, tusken de úttakkele blêdden fan ikebeamkes, strûpt se har om. Se skuort in stripe fan har klaed en pranget har boarsten dêr ûnder. De boksen fan de flapbroek teart se om, de mouwen fan it wammes rôllet se in eintsje op. De flechten binne út har hier spield. Se troppet de kljirre yn de punt fan de mûtse en lûkt dy djip oer har eagen. Dan set se de stap der yn. Har fuotreis nei Romö bigjint. Oan it sinneskieden kin se sjen, hwer't it noarden leit.
As it grús fan de skimer forstout yn it roet fan de nacht, hâldt se even skoft. Se hat de brân yn it liif en is forroppe fan de honger. Mar de deadseangst driuwt har. Se moat wer fierder. As se hjir sitten bliuwt, komt se noait by
in sitaet út in midsieusk hânskrift fan Ridener Riken van der Stele (1339 - ?):
|
‘treflikste middel om de hertstochten op to reakeljen. |
1065 |
Underweis moasten jongesklean it famke hoedzje tsjin oantaesting, mar de travesty makke har noch helte forliedliker. |
|
Earst: foar manlju dy't fan froulju holden en ûnder de forklaeijing de foarmen fan it famke formoeden. |
1070 |
Twad: foar manlju dy't fan jonges holden en yn it forklaeide famke de fûlbigearde famkeseftige jonge seagen. |
|
Tred: foar froulju dy't har troch de klean misliede lieten en by hwa't de burdleaze bikoarlike knaep glûpende wollêstigens opwekte. |
1075 |
Fjird: foar froulju dy't har net troch de klean misliede lieten en dy't fan jongeseftige famkes holden. |
|
Fyft: foar froulju en manlju dy't mei alle hout yn ljochte lôge to setten wiene. |
1080 |
Sechst: foar froulju en manlju dy't tige glei waerden, as se net krekt wisten, hwatfoar fleis se yn de kûpe hiene. |
|
Fangefolgen wie it middel slimmer as de’ |
| |
| |
kwalik is de nije dei begoun, oft de earste leafhawwer wachtet har al op. In ridder to pearde oan de kant fan de dyk. It moarnsljocht skittert op syn harnas en de plom fan syn pothelm wiuwt yn de wabberwyn. Se moat him wol foarby. As se nou fuortrint, rint se grif yn de kikert. Unforskillich en jongeseftich poatet se by him lâns. Hy hâldt har yn it fizier dat delslein is, syn helm draeit mei. It fielt, oft sjocht er dwers troch har klean hinne. Mar hy bliuwt gelokkich stean. Se lûkt al in sucht fan forromming. Fierstento bitiid. It docht bliken, dat er neffens de klassifikaesje fan Ridener Riken van der Stele (1339-?) ta kategory twa heart.
- Boike, swiet boike!, ropt er har efternei.
Dy wurden forstiet se, dat is in dialekt fan har memmetael. En se bigrypt se ek. Foar 't se skonken meitsje kin, komt er har op 'e side, dammet har paed en glydt fan it hynder. Hy slacht him sels op it boarst.
- Muzio, makket er him bikend.
Se lit har eagen omwaerje nei in útwei. Dêr pakt er har yn de izeren greep fan syn wanten. Se stribbelt net stjin, it jowt dochs neat mear. Hy taest har en wurdt al gau wiis, dat er him op har forsjoen hat. Mei in gjalp fan toloarstelling staekt er syn oanslaggen. Mar hy lit har net gewurde. Hy moat syn lusten bodjaen. Mei ien hân hâldt er har by it wammes fêst, mei de oare traktearret er har op in earfiich en in mûlepar.
Se sakket troch de knibbels, siicht der hinne, forliest alle binul fan romte, tiid en oarder. Tekens typselje torch hra sjutterse hasnersreakem, setab poniroa entatspeny lugrezimnetnedy ptnilky kusnetknorkselk arnekespaljy entear fuortstielpe asse imaner terwet oerhra hollihenne kypt kriget.
Se slacht de eagen op en sjocht Muzio mei in oare man foar har stean. In treddenien hâldt har oerein. Hy stiet efter har en syn kloeren omklampje har earmsholten.
- Eala! In relaesjegeskink foar jo, Pottelomme de Greate, seit Muzio mei in útwrydsk gebeart.
- De wearde fan in geskink formeardert, neigeraden dat it ûnforwachtser komt, redenriket Pottelomme ienfâldich. - In slaef. Hwat bin ik dêr wiis mei! Dat komt to pas. Myn lêste hat it fan 'e moarn bijown.
- It is gjin slaef, rju eale.
- Hwat dan?
| |
| |
- Meitsje, jou nommelens, it pakje mar iepen.
Eigenhandich, triljend as in bem dat syn ûngeduld net bidimje kin, roppet Pottelomme har de klean fan it liif. Ynienen kriget er syn weardigens werom. Hy trêddet ien stap tobek, fol biwûndering foar it byld dat er ûntbleate hat.
- In slavinne, rju eale, fordúdliket Muzio oerboadich.
- En hwat foar ien!, ropt Pottelomme optein út. - Myn lijfeigene! Ivichduorjend myn liifeigene! Wês sa goed en lit my nou allinne. Dou ek, Lolli.
Muzio en Lolli jowe harren ôf. Pottelomme' weardigens strykt allyksa fuort. Syn flapbroek giet bol stean. Beevjend falt de machtige hearsker op har yn. Hy hifket har glânzige beukelaers, syn lippen sûgje it blanke fleis. Mei har lêste formogens triuwt se him fan har ôf en spuit him yn it gesicht. - Bastard!, sistert se tusken de tosken troch.
Pottelomme skrillet tobek. Hy is mei stommens slein. Syn troanje readet, de groede fan in swurdhou dwers oer syn lippen lûkt wyt wei. Sa is er noch nea bijegene. It gânske forline wâllet yn him op. Net it wurd sels, mar de toan hwerop it utere is, forfollet him fan machteleaze forwoedenheit. Hy mei hiele Fryslân yn 'e possenaesje hawwe, hy is en bliuwt in oerwinneling, dêr helpt gjin earenamme oan.
Us jonkfrou nimt de gelegenheit to wacht. Neaken flechtet se efter in pear rigels wyt en
komt der klaeid wer efter wei. Se hat har eigen skealik lapke mei rûge franjes oan. It is ûnderwilens noch in pear mjitten krompen. Skram folget it de biwegingen fan har lea. Omt der fan ûnderen al in stripe ôfskuord wie, is it nou in midsieusk minyjûpke. It rikt healwei har kûten.
Se bylket sa goed, dat elke modale wurknimmer stean bliuwt en har neieaget. Ek de minimum-leaners, dy't op de rânne fan it bistean omheukerje, freegje gjin ielmis mear. Sels de hegere ynkommens geane der net op foarút mar krieme, as se bylâns komt.
Al docht it bidaende klaedtsje dêroan ta, har útskriptich kant stal is de greatste trekpleister. It sûcht de loitsen fêst. Boufakkers, dwaende mei in gotyske kathedrael, sjogge net from omheech nei de himel, mar profaen nei ûnderen en fluitsje omraek. Se hâldt har Ingelsk doof. Mei in strûp om de hals stroffelt se efter it hynder fan Muzio oan troch de strjitten. In lange trewinkel fan slije sensaesje-suchtigen slingert har op in hoannestap nei. Soks ha de stedtsjers noch noait sjoen.
| |
| |
Gelok boppe wûnder biknoffelt se letterlik sûnder fierdere kleanskuorren in stellaezje. Dêr boppe-op wurdt se yn de boeiens slein en to kyk set.
Pottelomme wit, hoe't er it manfolk by syn wurken krije moat. Dizze libbene pin-up seit mear as hûndert affysjes mei-inoar. Efter har spant in beamheech doek. Njonken har skilderje swierbiwapene fuotfeinten. Foar har stiet de gearpakte skare slikburdzjend to wachtsjen. Nimmen weaget it en smyt har mei fûlens. Ider forgappet him oan har sensuele bitsjoening.
It herte slacht har acht en tachtich. Se is foar de dea opskreaun. Hwerom dizze lêste bisiking, har fan hegerhân taskikt? Wurdt de útforkeazene dan gjin tormint bisparre? Hat har lijenspaed noch net lang genôch west? As de foarsjennichheit it wol, sil se alle smerten fan 'e wrâld forneare moatte, ear't de ivige sliep him oer har ûntfermet. In tsjokke trien biggelt oer har wang. Se fornimt it har fortroude stedsrumoer, dat yn elk lân itselde is. Mar se fielt har fan god en faderlân forlitten.
De middeis strûpe da tribunes der ûnder. It is sittend fol, alle ryksgreaten binne bywêzich. Under trompetstjitten set Pottelomme him yn it midden del. Hy troanet rjocht boppe syn liifeigene. It feest bigjint mei in optocht. Earst in parade fan soldaten, dêrnei it foarbytsjen fan nije geheime wapens. It rôljend materieel is troch dekkleden oan it each ûnttein, om spionnaezje foarto kommen. In leppelblide mei trije leppels, in slingerblide mei fiif skuon, in oestel mei seisentritich pylken, in springiel mei tolve sjithichten, in likenseheech mei twa hânliften, in kattepûl mei sawn lieren, in ballista mei fjouwer earms en in rammeije mei njoggen koppen. Nei't er it defilé merkslein hat, is it wurd oan Pottelomme. Stoarmeftige ovaesjes ûnderbrekke iderkear syn ynspirearre tirade. - Boargers fan Fryslân! (...) Wy sille ús net yn 'e jamkste fâlden slaen litte! (...) Lit se hjir mar komme. Nei De Haech geane wy net, noch liiflik, noch geastlik! (...) Fryslân, de steat, dat bin ik! (...) Fan Aurich yn it easten oant Bredstedt yn it noarden oant Ljouwert yn it westen hinget in izeren gerdyn fan Fryske maliënkolders! (...) Leaver dea as slaef! - Leaver dea as slaef!, galmet it folk him nei. - Dêrom forfettet Pottelomme, wolle wy oaren net oandwaen, hwat wy sels forachtsje. Wy skaffe de slavernij ôf! Wy sille ús slaven deadzje! To bigjinnen mei har, dy't hjir ûnder my stiet. Hwa't eagen hat om to sjen, earen om to hearren en skonken om to gean, folgje my!
Se wurdt op in karre treaun en omstoud troch in minskesé fan de Nijstêd nei it Blokhúsplein brocht. De fuorman makket in ekstra omwei, as wie it
| |
| |
trouriden. Neist it houblok stiet de boal al mei de bile ré. Hy hat ek noch in nust izers yn it fjûr to lizzen. Dat binne brânmerken, alle letters fan it alfabet. Dêrby in potfol salpeterkrûd om yn de wounen to wriuwen en sa de groeden djipper en greaterto meitsjen.
Pottelomme biklimt sels is skafot. O, hy genietet mei elke rizel fan dizze fortoaning. Earst sil er eigenhandich dit ivich moaije wêzen tramtearje, dan mei de boal har de holle ôfslaen. Hy, Pottelomme, brânmerkt in ôfgoadinne, dy't troch elke stjerling oanbidden wurdt. Syn macht is oermjittich. Hy stekt syn hân út.
- Hwatfoar letter, hear?, freget de boal heas.
- De M fan Majesteitskeining, andert er.
De boal oerlanget him it readgloeijend izer. Baeijend yn har eangstswit slacht se de eagen op. Se stjert yn skientme.
Dêr is ynienen opskuor ûnder it folk. Troch de blakke sé fan roerleaze taskôgers lûkt it sok fan in wyldich kliberke. Fuotfeinten tôgje in wjerstribbige finzene by it trepke fan it skafot op. Bloed dript út syn woartelkleurich krolhier.
- In Hollanner, hear, pûst ien fan de pikeniers, wy founen him op de ré fan Starum.
- In Hollanner?, spilet Pottelomme op. - My tocht, ik hie se allegear fordylge. Dit moat de lêste wêze.
Hy lit it brânmerk sakje en keart him ta syn lânslju. - Hwa sille wy earst de fitusdouns springe litte, hy of sy?
In folksgerjocht. De minsken grilje fan noflikens. -Hy!, klinkt it as út ien mûle.
- Jow my de H fan Hollanner, bifellet Pottelomme de boal.
Mei in ysbearlike wraem skuort de finzene him los en smyt him op 'e knibbels foar har fuotten. Nou earst werkent se kaptein Slaedfink.
- Genedige jonkfrou, smeket er, wês myn forspraek yn it hjirneimels.
- Jonkfrou, jonkfrou?, ropt Pottelomme forbjustere út.
De kaptein stammert mar troch, wylst er har lyk oansjocht. - Dochter fan Dean the Pian-Tight, breidskat út Ingellân, hwer't alle Hollânske graven om stride, skink my de duorjende frede yn de tsjeaken des deads.
Pottelomme hat mei sawn pear earen harke. - Forklearje dy neijer, skobbejak!, gnaut er. Hwa is dit wiif?
Slaedfink lichtet it doopsedel fan de jonkfrou noch fierder. Oer it troanjemint
| |
| |
fan de tiran komt stadichoan in slûchshmme gniis. Miskien byt de fijân ta, as hy har foar wreed ies brûkt. Dan moat de torjochtstelling noch even útsteld wurde.
- Genôch!, boldert er. - Ik forbalje har nei Appelskea, dy Fryske enklave yn Stellingwerfs gebiet. De hearren yn it westen sille kundskip krije, dat ik harren okkebyld bisit. Dan moat bliken dwaen, oft dizze jonkfrou itselde útlokje kin, as eartiids Helena fan Troje. Sa net, dan hat âldjiersjoun har lêste êre slein. Salvio, miei in neakenminiatuer fan har! Lolli, stel in bigeliedend skriuwen op en jow dat oan in repboade mei!
Salvio kontsjedraeit it trepke fan it skafot op. - Mei jow wolnimmen, Jou Greatmoedigens, kraeit er. Lolli is al dwaende.
Nou forfoeget Pottelomme him wer by Slaedfink. - Wy sille dy in kop lytser meitsje, mar alderearst brânmerke! Hy triuwt it izer, dat ûnderwilens hwat ôfkuolle is, yn it fjûr en wachtet dikeljend
op de heechste trâns fan de donjon. Hy stoarret oer it gea. De winterskilder is wer yn it lân, tsjokke kwakken falle út in leaden loft.
It jier rint to'n ein, it ultimatum rint ôf. Allerheljen hat west, en Allersielen, en Sint-Hubertusdei, Sint-Willibrordusdei en Sint Maerten, Sint-Cecilia en de dei fan de ûnhillige Sint-Nikolaes, Sint-Steffensdei, Sint-Jansdei en nou is it Sint-Silvester. Ut it westen neat gjin nijs. Hy hie noait in tjilling útsjûre moatten om in einfûgel te fangen.
Wynhappend komt Lolli de treppen fan de donjon op fleanen. Hy hâldt in opteard stik perkamint foar him út. Syn gesicht forret uterste ekstase.
- Is it wier, myn soan, is it dan wrachtich wier?, slokt Pottelomme. Lolli knikt heftich. Pottelomme skuort him it perkamint út de hân, teart it iepen en lêst: ‘Wy, yn ús omgean littend, dat jo ûnrjochtlik oanspraek op ús eigendom meitsje, yn bitinken nimmend, dat jo gjin reden forstean wolle, yn bisef bliuwend fan forantwurdlikheden tsjin ús boungenoaten oer, forklearje hjirby de oarloch oan alle lannen fan de Upstalbeam. Us troepen sille takom jier jou gebiet yntsjen om diveldei to hâlden. Fryslân is gjin miss wurdich. Willem IV, út 'e namme fan de foriene Hollânske eallju.’
Pottelomme hoallet en laket syn toskformule bleat..
De tiid fan frustaesje is oer, it foarspul is ôfroun. De. Great-Fryske opstân tsjin dy smoarge Hollanners kin einlings bigjinne!
|
|