dit forhael ek net safolle ta de saek. Der wurdt ek mear oer de toer praet as oer de tsjerke. Boppedat jowt it forhael de yndruk dat toer en tsjerke situearre binne midden yn in midsieuskke stêd mei nauwe strjitsjes der omhinne en omt hjir wol dúdlik sprake is fan in 19de ieuske toer komt dat by immen dy't in bytsje op 'e hichte is mei arketektuerskiednis hwat frjemd oer. Mar ik biiverje my om hjir foart by to sizzen, dat ik ek wol wit, dat soks meast yn in forhael, ek hjir net, sa wichtich is. Oars krij ik it mei Tr. Riemersma oan 'e stôk en dan hat hy gelyk ek noch. It forhael lit him fierders bêst lêze. Foar dyjingen dy't allinnich fan Steven de Jong syn ‘Popkes tekenje’ en hwat krityken kinne is dit forhael in komplete forrassing. Hwat oars in great forskil yn styl en ynhâld as ik tink oan it forhael fan Aart v.d. Leeuw: ‘De Katedraal’. Mar hawar, dat forhael is ek likernôch 50 jier lyn skreaun.
Dr. Anne Vondeling hat by de iepening fan in tentoanstelling fan it F.L.M.D. yn De Haech him ôffrege hwerom 't der net mear út it Frysk wei yn it Hollânsk oerset wurdt. Dit is nou sa'n forhael tinkt my hwat der geskikt foar is. Hwerom docht in skriuwer of in kollega dat net? Fansels de minsken dy't yn it Hollânsk skriuwe steane net yn 'e rige om oersettings to leverjen fan Frysk wurk. De skriuwers binne ek net altiten leave jonges ûnder elkoar, likemin as arketekten dat binne. Mar is dat foar in Frysk skriuwer in reden om to stúmjen en yn 'e hoeke sitten to bliuwen? Foar weardefol wurk komt de tael der't it yn skreaun is, tocht ik, op it twadde plak. In oersetting is ek wol net itselde as it oarspronkelik en it iene is ek wol net itselde as it oare, mar dit forhael freget neffens my om in oersetting. It liket my ta dat Steven de Jong wol ta greater wurk by steat is. Syn styl fan skriuwen docht my tinken oan it wurk fan Hermans dy't eartiids lektor yn Grins wie. Oant safier dit forhael.
It stik fan Willem Abma haw ik al efkes oanstipt. Mei itjinge hwat stie yn it haedstik ‘útgongspunten en forantwurding’ bin ik it folslein iens. Dat roun my as lij wetter yn 'e earen. Mar in ynterpretaesje fan my fan ‘de iken fan Dodona’ sil net fakkundich genôch wêze om yn in literair tydskrift to pronkjen. Multatuli hat wol sein dat literatuer gjin fak is, mar immen mei in oare kréative diels technyske oplieding moat forsichtich wêze mei hwat hy fan sokke dingen seit. It makket ek in great forskil hoe 't in skriuwer oer arketektuer praet. Der binne miskien minsken dy't miene dat hja oeral forstân fan ha mar dêr hear ik net by. Hoe't Steven de Jong de katedrael en de sitewaesje fan syn forhael boppe wetter tilt, dat sil byg. in arketekt mear yntrigearje as in oare lêzer. Yn it ynkringende fers fan Eppie Dam mei réalistyske foto steane twa rigels dy't my it meast troffen ha:
nea ha ik dy minder frege
nea hastou my minder sein
By sa'n forskriklike brân binne heit en soan hiel bigryplik totael forslein. Dan wurdt der to'nearsten neat mear sein. - Gelokkich steane der disse reis noch hwat mear fersen yn mar myn forhael wurdt to lang as ik dêr ek noch oer bigjin. Ik tink dat de lêzers it mei my iens binne as ik siz: sokke mear en dan soun. Dêrnei komt it byldzjend formogen fan Tr. Riemersma wol wer dúdlik