ómtinken fregen (tink oan fwar de oarlog: Marsman, Braak, Perron en nei de oarlog: Reve, Hermans, de 50-ers en yn Fryslôn: Wadman en Riemersma). Men kin jin ôfreegje ot en yn hûfier 't de tématyk fon Leiker datjerre is, te bot bûn oan de tiid fon ûntstean óm oan sókssawot os ‘ivighydswearde’ takómme te kinnen. Ik wit ut olegjer net en ik tink ek net dot ik mei dit iene bûk yn 'e hôn de lêzer hôd jaan kin. Dy preteensje ha'k don ek olhiel net. Ik wól mei dit besprek olinnig oanjaan hókker kont men ut meskien útsykje mat óm ut plak fon Leiker yn de fryske lyteratuer ô te freedzjen.
De hollônske lyteratuer lit ik no effen wêze. Ik wól my yn dit besprek beheine ta ut hifkjen fon fwarbylden fon de trije skiften, dêr't ut bûk yn yndield is: ferhalen, fersen en krytyken.
Ut ferhaal De dwylsinnige Ixion beslacht fûûg olve syden yn de sammelbóndel; ut is skreon yn 1960 en jerder públysjerre yn De Tsjerne 1964. Ut ferhaal oer Ixion giet sa't ut fwarópwurd ek ol oanjouwt, tebek óp de klassyke ôdhyd.
Ixion gouw by de ôden os kening fon de Lapithen, dy't fereale rekke óp Juno, ut wiif fon Zeus-Juppiter. Zeus woe, nei't skynt, Ixion gerive tróch un wólken óm him en Juno hinne te blazen. Mar Zeus strafte Ixion ol; hy stwarte him yn de ûnderwrôd, dêr't er óp un baarnend tsjil bûn waard, dot oan ien tried wei yn ut rûn draaide. Leiker hat de boel wot feroare, mar os men de namme fon Zeus tróch dûmny en de namme fon Juno tróch dûmnysjuffer ferfangt, kómt men dochs un moai ein yn de rjóchting fon ut klassyke ferhaal. De dûmny kómt der yn dit ferhaal net sa bêst foar wei, ek ol docht er ut sa slim net os Zeus yndertyden. Os dûmny sjócht dot syn wiif him ûntrou is en oer de flier leit mei Ixion, slacht er Ixion un got yn 'e kop (ut wiif bliuwt fonsels bûtten skót...). De dwylsin dêr't Ixion jerder ek ol lijen fon hie, hat him don wer fólslein yn 'e macht.
Ut ferhaal is ol un bytsje wiidweidiger en hat ek wól wot mear óm 'e hakken os de lêzer út myn gearfetting ópmeitsje kin. Mar ik lit ut jir effen by, ómt ik wól ut ómtinken freegje fwar un oar aspekt fon ut ferhaal, ntl. de wierskynlikens fon ut barren.
Ut ferhaal wurdt ferteld tróch un ferteller, dy't bóppe ut ferhaal stiet en ek fólle mear fon ut ferhaal wit os hókker persoanaazje út ut ferhaal don ek. De ferteller kómt gauwrus os ik-ferteller fwart ut ljocht, mar hy spylet nea un rol os persoan yn ut ferhaal. Dêrtróch kómt er tusken ut barren en de lêzer yn te stean. Sinnen lykos de no fólgjende meitsje ut swierder jin os lêzer yn ut ferhaal yn te libjen; se matte dêróm, nei myn betinken, mijd wurde:
- ‘Letter waerd dat oars, mar dat fortel ik aensens wol’.
- ‘De bêste forklearring foar de opset fan disse bernehúshâlding mei hinnen, in pear biggen, in geit en hwat lammen is, nei myn bitinken, it feit dat dy swarte fammen har ûntwikkele hawwe ta greate masteressen yn it skoaijen.’