Trotwaer. Jaargang 9
(1977)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 174]
| |||||||||
YnliedingDe forhalebondel Hwat der bart fan Piter Boersma, smyt tsien forhalen op, nei harren langte rekkene farjearjend fan sawn oant njoggentjin siden. It boek hat 152 siden, hwerfan 25 net of suver net (alle titels krije in hiele side ta harren foldwaen) biprinte wurden binne, dat foar itselde jild hiene der twa forhalen mearyn kind. It boek waerd útjown mei stipe fan C.R.M. En nou't wy dochs to set binne mei de technyske aspekten, Pyt-Jan Sikkema forsoarge it omslachûntwerp: De titel stiet yn strakke wyt-swarte, skaed suggerearjende minúskels op it blier-reade omkaft. De namme fan de skriuwer stiet yn swart en ek yn lytse letter. Spitich dat de bigjinletters fan de titel, dus de h, de d en de b, sa noadich troch sa'n stive peal fan boppen nei Onderen forboun wurde moasten. Dat diene wy op de legere skoalle ek al. Ik wit net of it oanwenst is, dat de omslachûntwerper rekken hâldt mei de teneur fan it literaire wurk, mar as soks wol it gefal is, fyn ik it omslach fan dizze bondel to stiif en to rjocht, to min gaötysk. Efterop fytst ús de skriuwer tomjitte. Soks nei in foto fan Jan-Willem Bleijswijk. Ik haw it boek útinoar fâlde, sa dat foar- en efterkant njonkeninoar kamen to lizzen. It kontrast is great: oan 'e iene kant de linejaelrjochte letters mei kunstmjittich linejaelskaed, oan 'e oare kant foarsichtich yninoaroergean fan ljocht en dûnker, in fyts, gimmestykskuon, in lee-boek, in T-shirteftich jak, in snor en lang hier. It Wite Boekhús, Bolswert, is forantwurdlik foar dy stik of hwat printflaters dy't yn dit boek steane, en ek de pagina-yndieling is in kear net ynoarder (91), en opside 113 makket ‘k’ in hiele rigel út. It hie mooglik west soks mei help fan 'e fleksibele setmasine gear to foegjen mei it tiidwurd ta sei 'k’. De forhalen. Hwant dêr giet it om. Se hawwe allegear earder publisearre west yn de tydskriften ‘Trotwaer’, ‘De Strikel’ en ‘Hjir’. Foar de oprjochte frisofyl mei abonneminten op alle fryske tydskriften neat nijs dus. Dochs kin it, ek foar ditsoarte lêzer wolris nijsgjirrich wêze en gean nei hwat it literaire skreppen fan de fryske skriuwer Piter Boersma fan septimber '72 oant novimber '74 oan forhalen opsmiten hat. Binammen in bondel (forhalen of gedichten) fredet altyd in biskaet tiidrek ôf, foar de lêzer likegoed as foar de skriuwer. Yn it literaire wurk, eksplisyt as boek presintearre, krije beiden | |||||||||
[pagina 175]
| |||||||||
even grip op in proses dat oars frijhwat dizenich bliuwe soe, de literatuerskiednis. Boeken foarmje fêste punten yn dy skiednis, en om't wy it dêr net sûnder stelle kinne, is dit feit genôch om ek al earder forspraet forskynd wurk to bondeljen foar in offisjele útjefte, dêr't men maklik nei forwize en op weromfalle kin. Wy kinne nou prate oer Hwat der bart as in literair wurk, en dat is hiel hwat wurdich. Hielendal moai soe it fansels wêze as it boek yn himsels sa'n folsleine ienheit foarme, dat men der winliken mar ien kant mei út koe en fuort witte soe hwer't it om giet as men de titel neamen hearde. Mar sa maklik leit it der net hinne, yn alle getallen hjir net. Hwat der bart is gjin folsleine ienheit hwat ynhâld en kwaliteit oanbilanget. It wurd ‘(forhale)bondel’ giet dy kant ek al min ofte mear út. Lykwols fait it boek, nei myn bitinken, yn trije skiften útinoar. Guon forhalen referearje sa sterk oaninoar dat men der suver net omhinne kin en foegje se gear ta in greater gehiel. Nou is it sa gelegen dat de forhalen, dy't, sa't ik it sjoch, ‘byinoar hearre’ net aityd efterinoar ôfprinte steane yn 'e bondel. It liket my dêrom in goed ding en jow hjir earst de folchoarder fan de forhalen wer sa't de skriuwer dy fêstlizze litten hat. Yn Hwat der bart steane dan oanien: Krêften, Bearn en Reinou, Rêchwriuwe, Alde Wybren en it Kuorbaljen, De boppeslach fan sierlike Simen, Us helt bout in boat, Hwat der bart, Botke I, II, III, Ik wit net hwerstou by hearst, Hoe is 't. Myn gearfoegjen fan guon forhalen ta greatere gehielen haw ik inkeld ôfhingje litten fan de ynhâld fan dy ûnderskate forhalen. Ik kom dan ta de neifolgjende skiften:
Bûten dizze skiften falt:
| |||||||||
I) De A-Sosjale forhalen (Krêften, Hwat der bart).Foar't ik fierder op de hjirneamde forhalen yngean, wol ik earst it wurd ‘a-sosjale’ losmeitsje fan syn negative bybitsjutting, dy't spitigernôch bihipe is mei bylden fan âld izer, reade snorren en bûsdoeken, krebintige wenten en smoarge gerdinen. As wy it wurd ‘sosjael’ lêze as: ‘rjochte op 'e meiminske’, dan kinne wy mei ‘a-sosjael’ ta mei: ‘net rjochte op 'e meiminske’. De manlike haedpersoanen yn de forhalen Krêften en Hwat der bart binne beide tige konsintrearre op harren eigen tinken en fielen. Alles om | |||||||||
[pagina 176]
| |||||||||
harren hinne wurdt dan ek ûndergeskikt makke oan in folslein persoanlik bilibjen fan harren wrâld. De dingen dêr't hja mei to krijen hawwe forlieze fuort harren eigen wearde sa gau't se sjoen, heard, rukt en field wurden binne. Se tsjinje inkeld as foer, dat konsumearre wurde moat troch de formogens, meidat de persoan yn kwestje eat nofliks ûndergean wol en himsels yn loksilligens baeije moat. Krêften falt yn twa (troch de skriuwer mei I en II oantsjutte) parten útinoar. Yn part I wurdt it thúskommen fan de haedpersoan, Dedger, biskreaun, neidat er in swalktocht makke troch de natuer, dy't (lykas yn mear forhalen yn dizze bondel) bipaeld wurdt troch bosk, reidfjilden, fearten, dobben en feanpetten. Ienkear binnen de muorren oppenearret him noch hieltyd de sfear fan bûten, en Dedger docht ek alle war om dizze sfear fêst te hâlden en tobisterkjen. Boersma hâldt bûten- en binnendoar faninoar troch hieltyd yn elke nije alineja fan tiid to foroarjen. Doe- en noutiid wikselje inoar ôf. Bûten liet de haedpersoan syn hannen yn it wetter del, die de gymskuon út (‘It kontakt mei de groun wie folslein.’, 9), sakke fier yn 'e blabber wei en liet him útwaeije oan de mar. Yn 'e hús docht de trochkringende rook fan de ierpels him tinteljen (‘Hy giet der mei de hannen trochhinne, bringt de hannen ûnder de noasters.’, 9); hy leit de holle op de keldersflier en wriuwt, letter yn 'e tûn, it grien fan tûken yn syn hannen wei. Dedger is in hedonist. Dat docht ek bliken yn part II. Yn part I hat Dedger in famke synjalearre, dat op it foardek fan in plezierjacht lei to sinnebaeijen. Yn part II (noutiid) swalket er mei in famke, Léar, troch itselde gebiet as biskreaun yn part I. It wurdt net dúdlik oft dizze tocht foar of nei de solotocht yn I hâlden wurden is. Sterker, it wurdt net iens dûdlik oft de tocht wol ea hâlden wurden is of dat er him allinne mar ôfspile hat yn Dedger syn holle. Dy lêste mooglikheit soe al hielendal passe yn 'e manier fan werklikheitsûnderfining fan de haedpersoan, dy't by steat is en helje alles hwat er winsket nei him ta as wier-bard. Yn alle getallen, it forhael wurdt der allinne mar better fan as dizze mooglikheit iepenbliuwt. Léar hat yn dit part fan it forhael neat yn to bringen. Hja wurdt folslein ûndergeskikt makke oan it langstme fan Dedger, dy't út is op eigen lok. It mei dan ek in flater hjitte dat Boersma syn forhael net hielendal fan Dedger út skreaun hat. De haedpersoan wurdt frijhwat willekeurich dan wer mei ‘hy’, dan wer mei ‘Dedger’ oantsjutte, sadat net dúdlik wurdt oft de skriuwer of de haedpersoan tortelt, Dat lêste hie yn dit forhael better west, om't Dedger fan himsels út libbet. Hy is de persoan dy't de regels oanjowt (‘Hy hat al tsjin har sein dat praten hjir eins net heart.’, II), dy't tinkt (‘der moat yn har roeijen eat twingends wêze.’, 13) en dy't twingende útstellen docht (‘Rek dy ris út’, 12, ‘Kom by my lizzen, Léar’, 13, ‘Dou moatst krêftich, mar evenredich roeije, Léar’, 13, ‘Ik wol dyn spieren sjen’, 13, ‘Lit my wer roeije, Léar’, 13, ‘Nou geane wy rinnen, Léar’, 15, ‘Lit myn hân los, Léar’, 15, ‘Wydogge de skuon út. Léar’, 15, ‘Dou moatst foar my út drave, Léar’, | |||||||||
[pagina 177]
| |||||||||
15, ‘Dou moatst fearjend drave’, 16, ‘Ik wol oan de ein ta’, 17, ‘Moatst hiel stil tsjin my oanstean, Léar’, 18) Léar is der allinne foar de bifrediging fan Dedger syn lusten. Hy hat har dégradearre ta natuerelemint, dat slachtoffereftich foarwerp fan syn formogens is, en dêr't er mei manipulearje kin sa'ter wol. It titelforhael Hwat der bart spilet him yn deselde entoeraezje ôf as Krêften, d.w.s. yn in entoeraezje fan wylgebosken, reidfjilden en feanpetten. Ek hjir ûndernimt de manlike haedpersoan in swalktocht troch sa'n gebiet. Ek hjir deselde hedonistyske trekjes (‘Hy tocht wer oan Femke en skuorde de reidplom ôf. Dêr bigoun er syn wangen mei to aeijen. Yn syn timen stiek (er?, E.D.) de noas yn Femke har dûnzige hier.’, 92). De man moetet op syn tocht in oare man, dy't fan himsels seit dat er alles garret hwat dûnzich is. En ek yn dit forhael wurdt net dûdlik oft it om in werklike moeting giet of dat de haedpersoan faeks himsels moetet yn syn prakkesaesjes en projeksjes. It lêste wurdt hiel sterk suggerearre (‘De man streamde op him ta. En it wie krekt as forskoude de stim fan de man nei syn eigen stimbannen.’, 96). It kin hast net oars of de haedpersoan komt himsels hjir tsjin as hedonist yn in projeksje nei bûten ta. Hy lit de ‘oare’ man syn berntsje deadrukke yn in fleach fan lustbifrediging, soks mooglik yn kombinaesje mei it bisykjen om ta in folslein kontakt to kommen, mar dit dan lykas de bleate fuotten folslein kontakt makken mei de groun. Unûntkomber is hjir de assosjaesje mei in passaezje út Krêften. Dedger fong dêr in einepykje. (‘Hy aeide it fûler. Hy liet it fan skrik los, doe't er hast mei syn fan opwining wyldgeande fingers fynknypte.’, II). De haedpersoanen yn Krêften en Hwat der bart binne tige oaninoar bisibbe. Harren eigen ûnderfining stiet sintrael en alles om harren hinne, minsk of net, wurdt ûndergeskikt makke oan dy ûnderfining. Hja binne beide ût op sinlikens, en it wêzen fan de dingen yn harren ûnderfiningswrald is ta weismiten keard. Hja libje folslein a-sosjaei, om't it harren giet om de bifrijing fan de eigen remmen en klemmen mei help fan oaren, dy't oars net fungearje as middels ta loksilligens. Dizze haedpersoanen binne dan ek gjin palliters, lykas Ko Pop foar de Rono hawwe woe (Rono, Boekenbus, 27 maert, 1977) yn it gefal fan Dedger, mar hedonisten dy't oars neat foar eagen hawwe as opweitsjen en uterjen fan lustgefoelens. Hja hawwe net de krêft om to libjen, mar garje krêften yn in eigen reserfwaer, dat op 'en dûr wol barste moat fanwegen in tofolle oan emoasjes. En dan wurdt der knvpt, of (Krêften) Dedger ‘pakt har hannen fêst, leit it kin wer op har holle. Hy triuwt krêften út syn kin wei.’ (18). De swolm is brutsen. Faeks komt der sa romte foar sosjael forkear. | |||||||||
2) De sosjale forhalen (Bearn en Reinou, Botke, ik wit net hwerstou by hearst, Hoe is 't?). | |||||||||
[pagina 178]
| |||||||||
Ik haw de foargeande forhalen ‘a-sosjael’ neamd, om't de hâlding fan de haedpersoanen a-sosjael wie. Hja kamen yn harren forhâlding ta dingen en minsken net fierder as ienrjochtingsforkear en koene of woene faeks ek net fierder komme. It forskil mei dit skift is, dat de (manlike) haedpersoanen yn de hwat ik neam ‘sosjale forhalen’ wol út binne op werklik sosjael forkear. Dit jildt net mei safolle wurden foar it forhael Botke, mar ik sil syn plak yn dit skift aenst forantwurdzje. Dat de haedpersoanen yn dizze forhalen har oars opstelle kinne as yn de earderneamde-, docht al bliken út guon parten fan de petearen. De haedpersoanen binne bytiden binijd nei de winsken fan de oar (‘Hwat niest graech keapje wollen?’, Bearn en Relnou, 25). Of: (‘Hast dyn slinger hwat?’, Ik wit net hwerstou by hearst, 131). Nou is it wol sa gelegen dat dizze foarbylden mei in lampke socht wurde moatte. Yn fierwei it greatste part fan de petearen draeit it od harsenskrabjen út fanwegen it feit dat de haedpersoanen net by steat binne en meitsje oaren dúdlik hwat hja wolle yn dit libben: persoanlik lok, mar as ik kin mei in oar dy't krekt sa tinkt, praet en docht. Hwat dit oanbilanget binne wy noch net klear mei de headpersoanen fan Krêften en Hwat der bart, en it forskil tusken beide skiften is ek lang net sa great as de tsjinstelde oantsjuttings ‘a-sosjael’ en ‘sosjael’ tinke litte. Yn dit sosjale skift spylje eleminten út it a-sosjale skift noch wol dúdlik in rol (‘Reinou, ik ha wol sin oan in reep Hazzenút.’ ‘len?’ ‘Wol twa!’, Bearn en Relnou, 25, ‘Hy seach nei it fearke yn syn hân. “Dêr streakestou dyn wangen mei, ja”, Ik wit net hwerstou by hearst, 129), en oarsom (“hy (...) seach in leaflik fromminske yn 'e forhearde eagen en knypeage har ta.”, Hwat der bart, 91).
Ik wol troch de folchoarder fan bisprekken, de oergong fan it iene nei it oare skift sa natuerlik mooglik meitsje, meidat in literair wurk nea net ûndergeskikt makke wurde mei oan de systemen fan de bisprekker. In natuerlike oergong wol fansels net sizze dat alle forskillen weifalle, krekt oarsom, fia dy natuerlike oergong krije dy forskillen mear skerpte neigeraden dat it natuerlike proses fuortgiet. Dat ik as sintrael thema foar dizze “sosjale forhalen” in fragmint nim út Hwat der bart (it forhael), ûnderstreket it relatyf-wêzen fan in yndieling yn skema's. Dat fragmint: “It hie to krijen mei syn forlet om eat dat mei syn wêzen to meitsjen hie to uterjen en syn ûnmacht dêrta. De wurden dy't er wol spruts, foroarsaken holle dreunen yn syn holle om't it de goeije wurden net wiene.”, Hwat der bart, 91. De haedpersoanen yn dizze forhalen wolle har uterje. De tael is dêrta in middel, mar foldocht as sadanich net of net goed genôch. Wurden fine fuort in klankboerd yn 'e eigen harsenpanne en hwat oerbliuwt is it holle wjerlûd fan eigen plannen. De oar wurdt net dielhawwer, lit stean dielnimmer. Ik haw al skine litten dat it forhael Botke him net sa maklik yn dit skift plakke lit as de oare trije forhalen as it giet om de réfeardigens fan de haedper- | |||||||||
[pagina 179]
| |||||||||
soanen om kontakt mei de meiminske to meitsjen. Botke falt yn trije (troch de skriuwer mei I, II en III oantsjutte) parten útinoar. Yn part I krije wy to lêzen dat de haedpersoan, Botke, op in flat wennet. Moarns as er nei syn wurk ta sil bisiket er meastentiids in oare flatbiwenner, Mearman, to ûntrinnen. “Hy wie net bysteat Mearman fiele to litten dat er der gjin bilang by, gjin forlet fan hie mei him, Mearman, to praten. Hy soe him der net lekker by fiele as Mearman fiele soe dathy, Botke, him ôfwiisde.”, 102. Ut in fragmint as dit docht bliken dat de haedpersoan yn bistân stiet: oan 'e iene kant wol er mei in man as Mearman neat to krijen hawwe, oan 'e oare kant wol er net skine litte dat er him ôfwiist. Hwat dy earste hâlding oanbilanget soe dit forhael net ûnder dit skift biflapt wurde kinne. Botke rjochtet him net op de meiminske. Lykwols, de twadde hâlding makket dúdlik, dat de haedpersoan rekken hâlde wol mei de gefoelens fan in oar. Botke wit net hwat er oan himsels hat. Hy mijt Mearman, mar kin soks winliken net goed krije. De sosjale forhâlding is in punt wurden. It probleem fan dizze haedpersoan is dit, dat er net by steat en faeks bytiden ek net réwillich is en jow himsels folslein bleat. Tael is in middel ta kontakt, maar de wurden sizze faek mear of minder as bidoeld wie. “Hwer't it oer gong wie mei dikkere of finere triedden mei syn wêzen forboun, mar der bleau hoe dan ek hwat oer dat net útsprutsen waerd.”, 103. Boersma lit syn haedpersoan, binammen yn dit part, filosofearje oer “it praten” as middel ta sosjael kontakt. “It wie soms dúdlik ûnder wurden to bringen hwer't oer swijd waerd, mar dan seine je it net út in gefoel fan skamte foar hwat je yn werklikheit wiene en tochten of út eangst om't je net wis wiene oer de útwurking fan de wurden, dat se bygelyks ta forwidering liede koene wylst it tsjinstelde krektde bidoeling wie en dêrby kaem dan it witten, dat der achter de wurden dy't sein waerden hieltyd wer oare komme moasten dy't in neijere forklearring ynhâldden.” 103. Boersma slút dit suver algemien-skôgjende part, nei myn bitinken, prachtich ôf ôf mei in fortichting nei de kommende sneontojoun. Dan sil Botke nei Mearman to jounpraten! Der sit nou fuort spanning en diminsje yn it forhael. Yn part II wurdt dy spanning noch ekstra lang folhâlden, om't dêryn biskreaun wurdt hoe't Botke him, mei syn frou Welmoed, klearmakket foar de bisite. It is Boersma slagge en lit Botke syn wearze tsjin dizze bisite ôfréagearje op Weimoed. Hy, Botke sjocht har forantwurdlik foar it feit dat er him skeare en forklaeije moat, net Mearman en de frou. De tinzenrefleksjes fan de haedpersoan geane yn dit part dan ek hieltyd de kant út fan in weroriëntaesje op de forhâlding tusken him en syn frou. “Koe er sizze dat it feit dat er mei Welmoed troud wie, mei de oarsaek wie fan de (...) oanienskeakeling fan probleemsitewaesjes dy't harren yn syn libben foardiene.”, 105. It mei dan ek gjin wûnder hjitte, dat Boersma syn haedpersoan yn 'e exit fan dit twadde part yn prakkesaesjes forlieze lit, dy't slane op de tiid dat er noch net trouwd wie. Botke dounset wer mei it famke (Weimoed?), dat mei len fan har fingers de palm fan syn hân streaket. It kontrast mei | |||||||||
[pagina 180]
| |||||||||
dizze sneontojoun is great. “Wy moatte fuort”, sei Weimoed.’, 113. Part III biskriuwt de bisite fan Botke en Weimoed by Mearman en de frou. It praet giet oer 't generael net fierder as de deeglike ûnderwerpen, dêr't op sa'n joune praet wurde moat: flierbidekking, kofje of thé, bihang, de bern en auto's. Bytiden is it by 't bispotlike om 't ôf, lykas yn it fragmint oer de jierdeikalinder op it húske en dat oer de keek en de sûkerkoeke. In pear kear hat it der even fan wei dat de ynmoedige en prinsipjele saken op it aljemint brocht wurde sille. Lykwols, sa gau't it dizze kant út giet, wurdt Botke twivelriedich. ‘Botke frege him ôf hwat er dwaen soe: in forhael oer de foardielen fan 'e fyts of oer dy fan 'e auto of oer de neidielen fan ien fan beide.’, 121. As it petear op de uterlike forskining fan minsken (hús en klean) komt, en de konsekwinsjes dy't de lju dêroan forbine wolle, seit frou Mearman: ‘Hwat dogge jimme fuortynienen dreech.’, 119. Botke heakket ôf en praet de joune fol mei de wurden dy't it algemien fatsoen him yn 'e mûle lizze. Lykas yn part II wurdt ek part III de forhâlding Botke-Mearman ûndergeskikt makke oan de forhâlding Botke-Welmoed. Botke praet bytiden oer de rêgen fan Mearman en de frou hinne mei Welmoed, en oarsom praet Welmoed fia de famylje Mearman oer en tsjin Botke. Part III, en dêrmei it hiele forhael, slút ôf mei in wurderûzje tusken Welmoed en Botke. De konfrontaesje mei de famylje Mearman hat in slim negative útwurking op harren forhâlding hawn. Hwat it perspektyf oanbilanget, it neifolgjende: Boersma tsjut de haedpersoan sûnder dúdlike reden om bar mei ‘hy’ en mei ‘Botke’ oan. De lêzer wit sa net oft Botke it oer himsels hat of dat de skriuwer sels boppe dit forhael stiet en de haedpersoan etalearret. Boersma hie in noch better forhael krigen as er him biheind hie ta de ‘hy-foarm’, meidat de lêzer it forhael fan Botke út lêze wol. It hieltyd weromfallen fan de haedpersoan op eigen tinzen giet dy kant ek al út. It wie foar my in gewaerwurding dat op side 116 bliken die, dat Botke fan foaren Willem hiet. Om't ik it forhael, tsjin alle Botke-oantsjuttings yn, oant dan ta lêze woe as Botke syn forhael, woe it my net iens oan dat it hjir om deselde persoan gie. Mar Botke, docht bliken, is in famyljenamme, en soks is yn striid mei it forhael sels, dat bitrutsenens fan de haedpersoan mei himsels yn sté fan bitrutsenens fan de skriuwer mei de haedpersoan suggerearje moat en bytiden ek suggerearret, mar net konsekwint. Yn Bearn en Reinou lit Boersma de persoanen efter dy nammen in fytstocht meitsje. Dy tocht hat op himsels neat om hakken en tsjinnet inkeld as middel om de persoanen to twingen byinoar to bliuwen en to praten. It forhael bistiet dan ek foar it greatste part út dialogen, hieltyd ôfwiksele mei ynwindige monologen fan beide persoanen. Dit lêste hat fan gefolgen dat dit forhael gjin dúdlike haedpersoan opsmyt. De skriuwer skriuwt en op 'en heechsten suggerearret er Bearn as haedpersoan. As Reinou bygelyks ûnderweis nei in bakker giet, bliuwt de skriuwer by Bearn stean to wachtsjen | |||||||||
[pagina 181]
| |||||||||
en giet net mei har de winkel yn. It risseltaet fan it praten lit him it maklikst biskriuwe mei it byld fan twa weagjende parallellinen. Bytiden reitsje se inoar oan, oare kearen is der in sé fan misbigryp tusken beide utersten. De ynwindige monologen binne yn de measte getallen refleksjes fan en korreksjes op de dialogen. Se kinne de ôfstân tusken de persoanen forgreatsje (‘Ik wol net tsjin him laitsje. Ik lit my net biprate.’, 31), of, oarsom, krekt lytser meitsje (‘Hoe komme wy hjir út. Ik wit it wol.’, 31). It is dizze spanning fan it hieltyd faninoar ôf- en neiinoar tareizgjen, dy't dit forhael lêsber makket, hoewol't der winliken neat bart. Dat it op 't lêst op in fikse rûzje útdraeit, docht de lêzer gjin nij. Bearn hie it al goed sketten doe't hja noch mar krekt op 'e fyts sieten: ‘It gie nea lykop mei ús. Wy sette ús net neiinoar.’, 25). Bearn en Reinou koene yn harren forhael min ominoar hinne. Hja sieten op 'e fyts en giene togeare earne hinne; boppedat wiene hja troud. Ik wit net hwerstou by hearst set sa útein: ‘De ienichste manear om inoar to ûntrinnen wie it gersfjild oer to stekken...’, 129). It stel yn dit forhael is net troud. Hja hawwe ea forkearing meiinoar hawn, mar dizze forhâlding is, sa docht bliken, forbrutsen. De (manlike) haedpersoan bisiket algeduerich dy eardere forhâlding to reparearjen. De oare helte is net botte happich. Hja hat eangst foar him. It is in eangst dy't basearre is op de aerd fan de hy-figuer, sa't wy dy kennen leard hawwe yn it earste skift as sljocht nei bifrediging fan lusten. De neifolgjende dialooch tekenet de sitewaesje: ‘Dou moatst wolle. Dou moatst dy oerjaen. Oers hoege wy net to praten.’ ‘As ik my oan dy oerjow wit ik net hwer't ik bilânje. Ik wit net hwerstou by hearst.’ ‘Dou bilânnest by my.’ ‘It is krekt as passe yn dyn wrâld gjin oare minsken.’, 138, en op side 139 seit hja: ‘Dou wolst dat ik yn dyn wrâld pas’ en ek ‘Dou makkest my bang.’ Dochs oppenearret him in wichtich forskil mei it earste skift. Dêr wienne de haedpersoanen oerwinners. Yn it twadde skift binne hja forliezers. Botke wurdt ôfwiisd as er Weimoed freget om him oan to krûpen (Botke), Bearn kriget in skop tsjin de skynbonke as er útstelt mei Reinou tusken de lekkens to krûpen (Bearn en Relnou) en yn it trêdde forhael mislearret in nije forhâlding (Ik wit net hwerstou by hearst). De haedpersoanen yn dizze forhalen binne wize ta echt sosjael kontakt. Hja wurde ôfhinklik fan harren meiminsken. En hoewol't hja it forrekke en liz har hjir by del, wurdt eigen langstme stadichoan bitrekliker en komt it bisef, dat hja libje yn in maetskappij mei minsken dy't elk har eigen doelen hawwe. Yn Hoe is 't docht de (manlike) haedpersoan in bisite oan it âlderlik hús. Lykas yn syn jonge jierren giet er al rillegau nei de pleatslike kroech. As er dêr sit komt syn eardere forealens op in Froukje Dykstra boppe wetter. Syn dream om wer mei har om to slaen brekt him by de tinzen om' en ôf. ‘Ik kom har tsjin. Wy binne allebeide optein. Wy prate meiinoar. Wy fiele inoars waermte.....Hy flokte yn himsels.’, 152 Hjir docht bliken dat de haedpersoan net by steat is en set syn eigen tinzen troch, lykas er soks koe yn it | |||||||||
[pagina 182]
| |||||||||
earste skift. Ik haw it yn de algemien-biskôgjende parten hieltyd hawn oer de haedpersoanen, meartal. Foar itselde jild hie ik, hwat dizze beide skiften oanbilanget, prate kind fan ‘haedpersoan’, iental. De réaksjes fan de hy-figueren yn de ûnderskate forhalen binne sa identyk, dat it hjir om ien figuer giet. Boersma hie hiel goed in thematyske bondel gearstalle kind, dêr't er de geastlike ûntjowing fan in jonge man yn biskriuwe kind hie, soks ûnder ynfloed fan konfrontaesjes mei oaren. | |||||||||
3) De anekdoatyske forhalen (Alde Wybren en it Kuorbaljen, De boppeslach fan sierlike Simen, Us helt bout in boat).Hwat dizze trije forhalen oanbilanget, kin ik koart krieme: se hiene net yn dizze bondel moatten. De beide earsten net, om't se pûrmin binne; it lêste net, om't it folslein bûten de oarder fan de oare forhalen yn de bondel falt. Alde Wybren en it kuorbaljen en De boppeslach fan sierlike Simen soe ik winliken net folle wurden oan smoarch meitsje moatte. Dizze literaire wanprodukten binne dat net wurdich. ‘As gemeentewurker hat âlde Wybren der foar to soargjen dat it sportfjild der kreas by leit. Dêr is er dei yn dei út mei dwaende. Jawis, it sportfjild is syn libben.’, 55. It ‘jawis’ yn dit fragmint jowt fuort al oan op hwatfoar toer Boersma yn dit forhael wol. Hy wol in loftich badinerearjend forhaeltsje skriuwe. Goed, mar dat is Boersma syn styl net. Mei oare wurden: it leit him net. En dat hied er sels ynsjen moatten doe't er it forhael weromlies en dizze bondel gearstalde. It kuorbalfjild en dêrmei de kuorbalforiening is âlde Wybren syn libben. De man wurdt lykwols troch de bûtenwacht as net-wichtich en hwat apartich biskôge. Dochs (dêrom) wol er him jilde litte en it wurd hawwe op 'e ledegearkomste en de feestjoun. Op 'e ledegearkomste komt er net fierder as de oanhef ‘Foarsitter...’. Doe stiek er nammentlik it forkearde ein fan 'e sigaer yn 'e mûle. Hilariteit, en Wybren de hiele joun takocht. Op 'e feestjoun wol it bistjûr him net oan it wurd hawwe, mar Broersma lit in pear spylders fan it tolvetal fungearje as bimiddelers. Alde Wybren komt op 't toaniel, mar bliuwt yn 'e wurden hingjen. ‘De seale jûchheide, klapte, trommele mei de fuotten.’, 60. Prachtich, mar as Boersma Wybren syn freonen (dy stik of hwat spylders) sels ta gnyskjende opponinten makket, dan wurdt it kringich. ‘Lang zal Wybren leven...’ songen wy. ‘Lang zal Wybren leven in de gloria... ‘foel de seal yn. ‘In de gloria, in de gloriaaaaaaaaa.’ âlle freon en fijân. ‘In de gloriaaaaa, hyp, hyp, hyp, hoeraaaaaa’ Bihalven dat it forhael slop skreaun is, is dit forrie foar my net to fretten. De boppeslach fan sierlike Simen (sa'n titel doocht al net) is it alderminste forhael yn Hwat der bart. | |||||||||
[pagina 183]
| |||||||||
As Simen fuort giet to keatsen makket syn frou in tochtsje mei in Klaes yn dy syn auto. Hja hawwe eat meiinoar, al langer as hjoed, docht bliken. Simen krige hwat yn 'e smizen en wol syn frou mei hawwe nei it keatslân. Hja wegeret. Simen is fan slach. Hy stiet de hiele middei as in hynst to keatsen. Op himsels koe dit gegeven wol nijsgjirrich wêze foar in goed forhael. Mar it slagget Boersma nearne en meitsje de dingen dy't barre oannimlik. It forhael set útein mei in (to koarte) rûzje tusken Simen en Antsje. Dizze rûzje komt op 'e lêzer oer as ûnnatuerlik en alhiel enscênearre troch de skriuwer, om't er dit brûke moat. Antsje wol net mei nei it keatslân en Simen jowt him hjir frjemdernôch gau by del. Hy kryget de brommer én rydt nei it keatslân. It keatsen sit him sa't skynt heger as de forhâlding mei syn frou. Dat kin, mar it wurdt dan wol ûnwierskynlik dat Simen de hiele middei fan 'e roai is fanwegen dizze kontaktsteuring. Ek de forhâlding tusken Antsje en har freon Klaes is net oertsjûgjend. Hja set har tsjin him ôf, en hy rydt by it keatslân lâns! om har hearre to litten hoe't se foar Simen klappe. Fierders wol Boersma hawwe dat it tusken Simen en Antsje net wol fanwegen it keatsen. ‘Dou hast gelyk. Simen is in deadeling. Altiten is er fuort to keatsen. En ik fyn der neat oan! Ik hie noait mei him trouwe moatten.’, 66. Dát kin ík sa hurd net neikomme. Ik haw neat fan gleonens fornommen, mar Klaes en Antsje bidarje mei de bleate kont yn it nôt, wylst Simen op it keatslân in bal útinoar slacht! It publyk sjocht oan 'e loft it byld fan Simen en Antsje dy't hottefylje, en even letter dat fan Antsje mei in keardel yn it nôtfjild. Hwa wurdt der nou net goed? It publyk? Simen? De lêzer? De skriuwer? Ik hâldt it mar op it lêste. Hoewol, de lêzer kin der ek in bêste reis fan meikrije. As ik sjoch hwat Tineke Steenmeijer-Wielenga yn de Ljouwerter skriuwt oer dizze passaezje, dan geane my de kleuren op en ôf, ‘It publyk (...) sjocht ynienen as yn in stripforhael hwat der to rêdden is. (...). Der wurde gjin punten mear teld, gjin prizen útrikt. Aerdich is dat Boersma sjen lit hoe't de gewoane nofteren réaksje loskomme as de bisnijing oer is. Dan heart men ûnder it publyk opmerkings as: ‘Hwat hawwe wy mei Simen syn houlikslibben to krijen?’; ‘Hy hie fan 'e middei better thúsbliuwe kinnen om op syn wiif to passen; “Hy hat ús skoandere middei forpest.” (...). It publyk is it wûnder net wurdich.’ (Ljouwerter Krante, 26 maert, 1977, ‘Der bart hwat yn de forhalen fan Pleter Boersma.’) Ja, as je sa lêze wolle en wûnders sjen wolle dêr't gjin wûnders binne, dan bart der yndie hiel hwat. Ik kin it net allegear foar 't forstân krije. Simen bisûpt him en leit op it lêst ‘yn in sierlike S tusken 'e fleskes op it fortrape gers.’, 71. In bisopen forhael, ik kin 't net oars sizze, in swolm yn dizze bondel, in otterbult. Boersma hie better dien en jow syn idékes foar dizze beide forhalen troch oan Rink van der Velde. Dy hie der foar ‘De Strikel’ grif twa moaije stikjes fan | |||||||||
[pagina 184]
| |||||||||
opmeitsje kinnen. Dy hat dêr wól slach fan. Ik siz hjir winliken mei dat Boersma der gjin slach fan hat en meitsje in moai stikje op. Earder haw ik skreaun, hwat de loftige badinerearjende styl oanbilanget, dat dit Boersma net leit. Mar as ik nou gear moat oer it trêdde forhael yn dit skift, dan moat ik tajaen dat er it wol kin. Us heit bout in boat is in bêst forhael, dat him lykwols yn deselde sfear ôfspilet as de beide oare forhalen. Boersma lit de ik-figuer dy syn heit biskriuwe yn syn skreppen om in plezierjacht to bouwen en to forbouwen. De skriuwer bringt de man syn lytse frustraesjes oan 'e iene kant en syn gefoel foar eigenwearde oan 'e oare kant treflik boppe wetter. It forhael smyt de moaiste slotsin op fan alle forhalen yn Hwat der bart. De man bout ek skippen foar oaren en de plannen fan de ûntwerpers binne faek oars as dy fan de skipsbouwer. Mar hy makket it skip sa't hja it hawwe wolle. Mar as dan by it proeffaren itjinge hwat neffens de gelearden sa en sa makke wurde moast stikken rekket, dan kin er it pas meitsje sa as er it al lang yn 'e holle hie. Boersma lit de man dan sizze: ‘Ja, en dan steane de hearen mei de sigaren klear.’, 87. Dêr wurdt ik even oars fan. Myn krityk jildt dan ek net it forhael sels, mar syn plak yn dizze bondel. Boersma hie it der better út litte kinnen. In bondel (it wurdt seit it al) mei bêst forskillende forhalen herbergje, mar as ien forhael apart komt to stean (en dat docht it, as ik Alde Wybren en it kuorbaljen en De boppeslach fansierlike Simen net meirekkenje, en dat doch ik dochs al net), dan giet eat fan de ienheit fan dy bondel forlern. Gearfetsjend wol ik sizze dat dizze trije forhalen (en dan binammen de beide earsten) in bondel as Hwat der bart ûntsierje. Men hie it graech oars wollen, mar it leit der sa hinne. Se binne ôfprinte wurden en de titels steane yn 'e ynhâldsopjefte. Frekte sneu, siz ik. | |||||||||
4) It forhael Rêchwriuwe.Dat ik it forhael Rêchwriuwe hjir apart bisprek, wol noch net sizze dat it yn 'e bondel ek in hiel apart plak ynnimt, lykas soks it gefal is mei Us heit bout in boat. Dit forhael komt ticht by it earste en twadde skift. Dat it net yn ien fan dy skiften past, lei net fuort oan it forhael, mar earder oan myn skematisearring, hwat de relativiteit fan bispreksramten (en hwa-wit fan bisprekkers) biwiist. Oars sein: in skema is ek mar in ding, like tafallich faeks as de bisprekker sels. Rêchwriuwe is it forhael fan in puber dy't algeduerich twongen wurdt de wrakke rêch fan syn men yn to wriuwen mei gliserine. Yn it earste part biskriuwt Boersma treflik hwat de jonge al oan wearze tsjin syn mem opgarre hat. Krekt foar't hja fan bêd ôfkomt lit Boersma him noch tinke: ‘Dat se it yn 'e rêch hat! Je soene har forgrieme. Se kin der neat oan dwaen, mar ik | |||||||||
[pagina 185]
| |||||||||
haetsje har. Ik haetsje it dat se it yn 'e rêch hat, fordomme! O! Heit syn holle as er har wriuwt, syn eagen, syn mûle. En sa fûleindich as syn hân oer har rêch giet.’, 45. De lotsforbounens mei de heit wurdt hjir al op it aljemint brocht en sil letter fierder útwurke wurde. Ja, winliken projektearret de jonge syn haet tsjin syn mem op de heit en as er, de jonge dan, oan 'e ein fan it forhael ek seit: ‘Lit heit dochs ûnder thétiid mei rêst.’ 51, dan bidoelt er: ‘Lit ús (my) mei rêst.’ De jonge biweecht hieltyd tusken de poalen ‘stikke litte’ en ‘wriuwe’. As it der echt op oankomt, kiest er foar it lêste: hy wriuwt. Dochs sjocht er it der noch fan kommen dat er de saek der by deldonderje sil. Mar ek hjir kin er dizze gedachte foar himsels net forantwurdzje. Hy brûkt de heit om syn eigen oanstjit to uterjen. ‘Ik sil der foar soargje dat heit har aenst net wriuwt. Hy bidimmet him en wriuwt har. Mar ik bin altiten bang dat er ynienen de boel yninoar slaen sil.’, 50. Hjir sit ek hwat yn fan bigreatsjen mei de mem. En ek fierder docht bliken dat de jonge in utering siket foar syn lot: hy offeret him op, en wol sa de frede biwarje tusken de kringige mem en de wrantelige heit. Hy is noch to jong om partij to kiezen, mar Boersma suggerearret dat er de kant fan de heit útgean sil. De mem is in satan. Dêrom. Dat dit forhael net yn ien fan de oare skiften koe sit him hjiryn, dat mei dizze haedpersoan manipulearre wurdt, lykas de haedpersoanen yn it earste skift mei oaren manipulearren of, yn it twadde skift, bisochten mei oaren to manipulearjen. Boppedat past dizze haedpersoan net by al dy oare haedpersoanen. Hy is bygelyks al in stik jonger. BISLÚT.
Tineke Steenmeijer-Wielenga hat har krityk oer dizze bondel forhalen ûnder de titel ‘Der bart hwat yn de forhalen fan Piter Boersma’ forskine litten. Ik wol it oars sizze: Der bart neat yn de forhalen fan Piter Boersma. Der sil hiel hwat barre, mar, as it der op oankomt, dan bart der neat. Dit bidoel ik minder négatyf as dat it oerkomme sil. De haedpersoanen yn Boersma syn forhalen (oer 't generael dan) binne der de minsken net nei en lit hwat barre. Hja soene wol wolle dat der hwat barde, mar binne net by steat om eat yn gong to setten. En as der al hwat bart, dan wit de haedpersoan net hwat. ‘Hy sloech him mei de fûst foar de harsens: hwat barde dêr binnen? hwat waerd dêr allegear byinoar tocht?’, Hwat der bart, 96. Net négatyf, sei ik, hwant dit gegeven fan minsken dy't harren eigen tinken en fielen net yn 'e hân hâlde kinne, makket de sterkte fan Boersma syn forhalen út. Myn oardiel oer de earste twa skiften is dan ek pozityf. Skift 3) wol ik net wer oer gear, ek al bliuwt Us heit bout in boat in goed forhael. Rêchwriuwe is in goed forhael en misstiet net yn dizze bondel. In einoardiel kin en wol ik net jaen. Hwat der bart is as gehiel net in bondel forhalen dêr't je ‘ja’ of ‘né’ op sizze kinne. |
|