Hwat is der allegearre bard as in dichter in gedicht ‘ôf’ hat? Hij hat lange tiid faeks al mei hwat omroun, hwat dizenichs yn it earstoan, hat hwat sizze wollen, hat in estétysk gefoel ûndergien dat er foarm jaen woe, stal jaen, dat oaren ek yn de kunde komme koene fan hwat der yn him omgyng. Hij hat bij einsluten alles hwat yn him libbe klear sjoen en doe oan oaren meidiele wollen via it kommunikaesjemiddel tael: dws. hij hat (yn ús kultuer almeast) tekens op papier setten. Hij hie ek biskate lûden meitsje kinnen, mar dat hat er net dien omt dy net duorje; tekens op papier kinne wol hieltyd wer lêzen en/of ta lûd omset wurde. Yn elk gefal: tekens, in kommunikaesjemiddel, tael - it bisit fan in mienskip dy't dy tekens bigrypt, in sosjael forskynsel. In privé-systeem fan tekens dat mar ien persoan bigrypt soene wy gjin tael neame. Hjir leit nou it probleem fan de dichter: hij hat in folslein persoanlik gefoel, bilibbet hwat op hyperpersoanlike wize, en kin dat allinne mar meidiele oan oaren troch tekens to brûken dy 't it bisit fan in mienskip binne. It is wier dat de measte goede dichters dy tekens, dy tael, op persoanlike wize en frij brûkt ha, dêrbij soms moai fier ôfwikend fan hwat gongber wie. Dochs moat op hokker wize dan ek sa'n privé-gebrûk fan de tael ta kommunikaesje liede: it fierdere forbân fan de tekst sels, of it hiele oeuvre fan de skriuwer, of ek de opmaek fan de tekst, en folle net genôch, kinne dy kommunikaesje ta stân bringe.
Al is it systeem fan de taeltekens ek noch sa persoanlik brûkt, it moat in brêge bliuwe tusken dichter en lêzer, en kin dat allinnich wêze as dy tekens mei alle oare niiskrekt neamde helpmiddels yndie kommunikaesjemiddel bleaun binne, nettsjinsteande alle dichterlike frijheden. Fan de lêzer wurdt in protte easke, hij moat kréatyf lêze kinne, mar hij hat dit foar: de tael fan de dichter is en bliuwt ek sines. Sa gau as de skriuwer syn ûnderfinings yn tael stal jown hat, yn in gedicht bijgelyks, is dat gedicht om sa to sizzen net mear allinne fan him, it is fan de mienskip dy't dy tael praet.
Foardat ik nou myn twadde konklúzje lûk is in koarte opmerking oer it forskynsel tael hjir op syn plak. Tael is in kommunikaesjemiddel waerd boppe sein, in sosjael fenomeen. Dêrmei is net sein dat tael bûten de minsken bistiet, dat tael ûnôfhinklik fan de sprekkers in eigen selsstannich libben liede kin. Utdrukkingen as ‘de Fryske tael’ binne yn wêzen ûnkrekt, en metafoarysk op to fetsjen. Wij moatte bitinke dat tael allinne yn de minsken sels bistiet, net bûten harren. As wij dan ek sizze dat tael in kommunikaesjemiddel is, kin dêr allinnich mar mei bidoeld wêze dat yn alle leden fan in taelmienskip in fierhinne identyk taelsysteem oanwêzich is; soe elk lid fan de mienskip in oar systeem yn him ha, dan soe kommunikaesje net mooglik wêze, en soe ek gjin sprake wêze kinne fan taelmienskip. We kinne net forwachtsje dat elts lid fan in mienskip in foar hûndert persint identyk systeem hat as alle oaren - dêrom hat dochs ek wer elk fan ús in biskate frijheit; lykwols foreasket it praten mei oaren in yn feite praktysk