Trotwaer. Jaargang 8(1976)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 379] [p. 379] Teake Oppewal Fers Sa net, heit, ikke. Guon binne der dy spuije op it nêst dêr 't se tsjin it aei oan hikken, skoppe tsjin de beam dêr 't se tein yn binne. Sa net, heit, ikke wês dêrfan gerêst - mar hoe kin ik op in tûke sitte dy 't yn jim tiid noch libbe mar my hjoed gjin wissichheit mear skinkt? Oare tûken sil ik brûke foar it meitsjen fan in eigen nêst. Bid, bid allinne ditte: O God, hâld him fêst dat er net út de beam falt en fordrinkt. Vorige Volgende