Joop Boomsma:
Geart yn 't Lyts
Geart: 2×25 Quatrinen
Koperative Utjowerij, Ljouwert, 1976
(Kwibusrige 761)
De fjouwerrigel hat in skoftlang in populair útdrukkingsmiddel west, ek by fryske dichters. Sadwaende is der hjir en dêr wolris hwat oer skreaun. It soe dêrom net iens sa'n slim kerwei wêze om in ridlik akseptabel forhael to meitsjen oer it fenomeen kwatryn, mei it boppeneamde boekje fan Geart as útgongspunt. Nou moat ik earlik sizze, dat ik soks ek fan doel west haw, mar doe 't ik ‘2×25 Quatrinen’ yn hannen krige wie dy oanstriid oer. Hwat Geart syn ferskes mienskiplik hawwe mei de kwatrinen fan oaren is útslutend de foarm. En dy basis wie my krekt hwat to smel om dêr in soarte fan essay op to bouwen.
Hjirmei is net sein dat ik Geart syn boekje forsmyt, krekt oarsom. Ik skriuw it dêrom mar yn 't foar: yn dizze notysjes gjin kwea wurd oer de Quatrinen. It boekje is my de lêste wiken nammentlik sa dierber wurden, dat ik it yn ús hûs de heechste eare jown haw: it hinget, kreas oan in toutsje, oan de muorre fan 't húske. Op dat sté funksjonearret dizze útjefte optimael, dêr jowt it de iensume minske hwêr 't er forlet fan hat: fordivedaesje. Mei dizze gedachte - fordivedaesje - hat Geart syn ferskes makke en sa wol ik se ek bisjen.
Nou hoecht nimmen oars it boekje oan de muorre to hingjen. It bigryp ‘stekynebûsboek’ hat ommers mei dizze Quatrinen in nije diminsje krigen. Jo kinne it yn alle bûsen kwytwurde: jasbûse, broeksbûse, kontbûse, boesgroentsjebûse, binnebûse. Men soe sizze kinne: hjir is de ein hwat de evolûsje fan it pocketbook oanbilanget.
Fansels, de greate grap is de kombinaesje boekje/sticker (‘klibber’ as jo wolle). In fynst! Elk quatryn is twa kear ouprinte, jo kinne de 25 stickers der út skuorre en jo hâlde in boekje oer. Dat bringt my meiiens op de priis: 6 goune en 90 sinten. In sticker kostet tsjintwurdich al gau in kwartsje. Wolnou, 25 kear in kwartsje is f 6,25 - in boekje fan 65 sinten kin noait to djûr wêze.
Anne de Vries hat it boekje syn uterlike foarm jown. En dat bitsjut dat der gjin printletter oan to pas komt. De Vries hat de folsleine tekst skreaun yn in letter dy 't my it measte noch tinken docht oan in skriuwmasjine dy 't op stjerren nei dea is. Unregelmjittich, mar net ûnrêstich. Wol noflik eins. It omslach is moai. De Q fan