Trotwaer. Jaargang 8
(1976)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 360]
| |
II Allinne
ik kom út skoalle waer en wyn
jou stoel:
in keale sitting tusken tafel en lining
dit lege plak: in brutsen bining
sté fan ôfskie: myn fortrek
| |
III Tralys
hwat takomst wie hjit nou forline
de spilen binne tralys wurden
en hwat forline wie sil ik oan takomst fine
| |
[pagina 361]
| |
Memgoadinne
djip en bidutsen leit de hate
yn kleauwen en ôgrounen
fingerwizingen fan langstme en freze
roppe Jou namme op út djipte en forline
fjildskier giet myn sykjen om response
nei ûnderlagen fan de eigen geast
dat dêr in echo fan forheldering klonk
elts skruten triljen fan in resonans
wurdt fan de falskens fan 'e waen forstomme
| |
[pagina 362]
| |
Gizeling
bin ik in roalpersoan op boarchtocht fûgelfrij
in swalker yn in nimmenslân fan herte en dea
de oermem stiet almachtich tusken Jo en my
ûntsprongen oan har skerte binn 'wy mar offertoanen
gjin plak foar krisiscentra of kontaktpersoanen
ûntstean en mythe hawwe har eigen gizelrjocht
wy libje finzen fan elkoarren in gerjocht
| |
[pagina 363]
| |
Kleau
dy njoggen moannen, forjit it net
nea haw'wy ien west, wol op in bêst
to ûnderskieden dieltotalen
hwat hwa sil ús dan noch forwite dat
wy ûnttrutsen binne oan de ienheit fan de mythe
fan 't frije spul fan driuw en drift biheind
binn'wy yn eigen twang en ramten slein
| |
[pagina 364]
| |
Ûntnoftering
ik wol Jo moetsje hieltyd wer
mar dan in moeting fan widze nei grêf
ik wol Jo sûge oant op de boaijum fan
Jou siele as in hongerich bern.
-al hawwe sellen ús ienris gearraend
twivels krûpten yn ús togearre wêzen.
ús iere stroffeljen oer elkoarren leit biferzen-
hwa bringt hwa thús yn 't djipste fan ús fielen?
wy hawwe elkoarren wol forlern mar socht
wer flitsten wy elkoar foarby yn dielen
om 't it net mei in bern-en-mem-totael tamocht.
| |
[pagina 365]
| |
Ûnforwachte
sa as it moas op âlde dakken slommet
it moaiste grien en meast ûnforwacht
sa as de kleur fan winterfûgelfearren
djip en ûnsichtber forfljocht
sa as ik eefkes slûgje en opskrilje
foar 't greate sliepen gean
sa binne Jo oan my forskynd en gien
sûnder wurden, wier, sûnder wurden
|
|