Trotwaer. Jaargang 8
(1976)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 349]
| |||||||||
0. SnobbersguodDe bondel ‘jan krukje en syn maten’ telt 28 fersen yn in frije folchoarder. Ik haw gjin systeem fine kind. It titelfers, dert de bondel alteast de titel oan ûntliend hat, is as ien nei lêste opnommen op side 31. Fierder sjoch ik as lêzer gjin forbiningen tusken de namme fan de bondel en de ynhâld fan de bondel sels. It uterlik fan it boekje mei bisjen lije, dêr is flyt op dien, lykas ek op de hiele forsoarging fierder - ynnaeid en mei in goeije layout - gjin oanmerking is to meitsjen. Yn in hastige tiid mei allegearre fodden op 'e boekemerk is dit in wichtich pluspunt. Op 'e foarflap sjocht de dichter jin oan mei eagen dy 't skrikke fan 't opkommen fan de sinne. Ut 'e foto kinne je ek opmeitsje dat de skriuwer trouwd is (ring oan rjochterhân) en dat piipsmoken foar dizze dichter in wichtige saek is (sjoch ek side 19: ‘ik haw in piip opstutsen’, en hwat dat oanbilanget is de foto dus funksjoniel). Oer it merk lúsjefers, de tabak en de soarte fan piip wurdt neat sein op dy earste flap. Wol jowt men (de dichter sels nim ik oan) troch dat dizze bondel de tredde is fan de skriuwer, en dan wurdt der noch hwat sein oer de poëzij yn it boekje. Dat ha 'k net lêzen omt ik sels lêsûnderfinings hawwe woe. It kolofon op side 35 seit dat guon fersen earder publisearre binne yn ‘De Tsjerne’, ‘Alternatyf’ en yn ‘De Strikel’. Hwat ‘De Tsjerne’ oanbilanget moat dat in posthúmè of geheime útjefte west ha (hwa wit, bistiet de tsjerne tsjintwurdich yn in foarm fan de samizdat-parse), kwant op 'e efterflap stiet dat de fersen tusken '71 en '75 skreaun binne. Dit lêste foar bibliofile sneupers en oare literatuerkundigen. Op it efteromslach binne in oantal gjalpen en slogans opnommen dy 't slane op 'e earste bondel fan de dichter Byisma (‘Striptease’). Yn dit forbân twa dingen: 1. hwêrom gjin slogans en gjalpen oangeande de twadde bondel? 2. It opnimmen fan dizze hele en heale sinnen hâldt dochs net yn dat se ek fan tapassing binne op dizze tredde bondel? Sa ja, dan soe 't dus in werprintinge fan ‘Striptease’ wêze! Mar dan bigryp ik wer net hoe 't KRM subsydzje jaen koe. | |||||||||
[pagina 350]
| |||||||||
Oant safier myn earste sjoch- en lêsûnderfinings. | |||||||||
1. Yn poezij sit gjin hannelDe fersen fan de dichter Jan J. Bylsma (dy J. yntrigearret my nou al sa'n 8 jier, hwat soe soks ynhâlde?; Reinder (R.) vd L docht itselde, it sil de generaesje wol wêze dy 't him nea hielendal bleat jowt) bliuwe stekken yn de tael sels: it is de tael fan ‘jan krukje en syn maten’, it is de tael dy 't je elke ûre fan de dei om jin hinne hearre (kinne), at je alteast harkje wolle. Efter it lege razen fan 'e tros- en e.o.-klibers, it sûnder krityk oerjaen oan god-x of god-y, klinkt de rop om dochs f'ral gewoan to wêzen, om binammen mei beide fuotten yn 'e (Fryske) klaei to stean. De dichter Bylsma seit it sa:
né jow my de gekken mar
dy jonges mei it brike kopke
dy gleone eachjes en de sloppe lip
sy sille sels der wol mei rêdde
sy binne net samar monomaen (side 15)
Fierder wurdt neat frege, fierder moatte je net sykje. Alle rompslomp bûten it rasjonele is flauwekul. Ik bin nou ienkear berne, der binne fêste ôfspraken, ik moat my der gewoan by dellizze, ik moat der hwat fan meitsje, ik kin heechstens in pear minsken helpe, mar ik bin útsoarte net forantwurdlik foar al dy rotsoai om my hinne. Oer mysels ha 'k neat to sizzen, oer mysels ha 'k gjin fragen to stellen hwant soks lit ik oan in oar oer, myn libben wurdt troch oaren foarm jown. Ienfâldich as de gekken. Oer safolle jier lit ik my ûnder de griene siedden stopje of forbrânne. En dêrmei is de rounte sletten. Hwêroer soe 'k my eins drok meitsje? De lytse rounte fan in nammeleas (rankuneus?) boarger. Nihilistysk? Sinysk? Of birêstend? Fan alle trije hwat miskien, mar yn elk gefal earliker as in bult oare dichters dy 't bygelyks dichtsjen en polityk trochinoar mjuksje, utopyske wrâlden oproppe yn moralistysk gejeuzel of yn it forline dûke en dêrmei omstinne en grieme ta forfelens ta. Sadré 't de dichter psalmist wurdt, is hy forlern foar de tael, foar it dichterskip, foar himsels. In dichter skriuwt fersen, in dichter sutelt gjin fersen. In dichter folt de leechte, mar is nea bysteat dy leechte to forkeapjen. Bylsma seit it op syn eigen wize: | |||||||||
[pagina 351]
| |||||||||
Ferskes sutelje
hwat sil dat
lytse ferske dochs
dêr sit gjin
hannel yn
(side 5)
Ik soe sizze, lokkich dat der gjin hannel yn sit, mar ek, logysk dat der gjin hannel yn sit. Sadré 't gefoelens en tinzen fan en oer minsken forhannele wurde (kinne), bigjin ik omraek oan dyselde gefoelens en tinzen to twiveljen. Hjoeddedei is it sa dat in soad minsken foar har tinke litte, it liket der op dat kloften lju ek foar har fiele litte. It hyt dan nou gjin godstsjinst of hokker moadeforskynsel ek, mar automerk x (‘jo ride dochs ek al Volda, je fiele jin wier bifrijd’), of bgl. omrop y (‘wurdt lid fan de troëo, en jo fiele jo opnommen yn in groep biwusttinkende en biwustlibjende minsken’). Allegearre op basis fan itselde resept. De programma's en forkeapsifers biwize soks dan elke dei... | |||||||||
2. It iennige alternatyf foar it klisjeDe dichter JJB akseptearret al dizze saken, dat wol sizze, hy forwart him net mear, in fers(ke) is dan heechstens noch hwat treast, om forwûnderjend nei de ein to sukkeljen:
heechút in sutrich
stikje treast
om skodholjend
fol forwûndering
nei de ein to
sukkeljen (side 5)
De dichter is wurch, de dichter jowt it oer en leit de holle del: striid hat gjin sin, fersen sutelje is hielendal flauwekul, fersen skriuwe dogge je útsoarte foar in inkeling dy 't der treast út helje kin (en miskien foar jin sels?). Dochs in preker? In fordigening fan it skriuwen sels? It sil noch bliken dwaen. Earst in pear opmerkings oer poëzij: hwat is poëzij, hwêrom is (wurdt) poëzij, hokker ynfloed hat poëzij (op skriuwer en lêzer). Poëzij hat (foar my alteast) to krijen mei de marge fan de tael (en dat is hwat oars as de marge fan de maetskippij): der 't de wurdboekbitsjuttingen noch net (of net mear) foldwaende binne, der 't de kodes, of saeklike ôfspraken (d.i. sa simpel mooglik dus kâld-klisjémjittich) fan en tsjinoer de tael net foar master opslane. | |||||||||
[pagina 352]
| |||||||||
Yn in wrâld der 't hast alles effisjent rint, der 't ek de minske sa funksjoneel mooglik wêze moat, is de tael útsoarte dea en net foar twa of mear bitsjuttingen fetber. Mei oare wurden, trochlutsen yn al syn ekstremens, yn dy wrâld binne èn de mins èn de tael forstjurre ta forbrûksmiddels, lêste keaten foar it jiskfet. Poëzij is it iennige (tael)alternatyf foar it klisjé, it iennige (tael)middel om de mins syn poarsje frijheit, dy 't klisjé - hoe dan ek - oantaest, werom to jaen. Poëzij is dêrmei útsoarte en yn himsels kritysk. Poëzij fan it klisjé of klisjépoëzij dêrtsjinoer is hwat dit oanbilanget mear klisjé as hokker sliten praet fan hokker klisjéprater (skriuwer) ek mar wêze kin. Under it masker fan poëzij wurde de lju (en de dichter sels) foar 't lapke holden. Ergo, soksoarte poëzij forsterket de klisjètinzen noch mear (en biheint dêrmei de frijheit fan de mins yn tinken, wêzen, wollen en fielen nammestomear) as it sljuchtweihinne taelgebrûk, omt hwat dit lêste oanbilanget dat útgiet biwende en forsliten paden. Op dit flak lizze de s.n. libelleforhalen, trosstorys, paulus akkermanoptinksels, in bult kffb-gejeuzel en bgl. ek it telegraefgebral fan aldendei. Unwierheit, skyn (hillichheit), ûnbirikbere dreamen, guodkeape sensaesje en gean mar troch slaen foar master op. De saneamde kameleondichters lykas in Buddingh' skriuwe yn dizze trant: de moade freget it, dus skriuw ik sa 't men wol! | |||||||||
3. De klisje 's yn it wurk fan de dichter JJBDe dichter Jan J. Bylsma ûntkomt neffens my net alhielendal oan dizze moadetrend, oan dit ûnkritysk brûken fan tael. In pear foarbylden dy 't der daelk útspringe:
mei yn 't foarprogramma
in ûnskuldige idiaot
in fryske dichter (side 6)
De klisjémiening oer dichters dy 't je elke wike wol in kear tsjin komme op strjitte, yn krante of op tv: in dichter is by definysje idioat, mar net gefaerlik hear, och heare né, hy is únskuldich, en boppedat, it is in fryske dichter. Bylsma set hjirmei alle foaroardielen, en fêste pavlovréaksjes fan 'e publike miening op in rychje. Hy sil 't dan wol humoristysk bidoele, mar foar de lêzer komt soks net oer omt it geheel yn klisjé's nei foaren komt. Dit is gjin poëzij, mar deagewoan in stikje lulpraet oan in stamtafel yn in telegraefkroech (Krasnapolsky bgl.). Op himsels is der neat op tsjin mar je soene it net as poëzij oanbiede moatte. Under it mom fan objektive ynformaesje skreau AD yn maeije dat Bernhard hielendal frij út | |||||||||
[pagina 353]
| |||||||||
gong. At dan letter nei foaren komt dat it tsjinoerstelde it gefal is, blykt sa'n krante syn lêzers as twadderangsboargers to biskôgjen, hwant oan ûntskuldigjen tinkt de krante net iens. Dit is forneukeratyf taelgebrûk, ynspylje op foaroardielen (yn dit gefal tsjin Den Uyl). Poëzij kin allinne, heechstens, foaroardielen opromje! In oar foarbyld:
Ogotogot, nou dat wie dat,
Nou moarn noch Peasens-Moddergat.... (side 8)
As hearre je de rju eale hear Martin van Amerongen sels yn syn ien kear jiers forskinende mei foaroardielen en fêstrustke mieningen trochsiedde stikjes oer Fryslân... En miskien hat er hwat de dichter JJB oanbilanget ek noch wol gelyk, nuvergenôch, of hielendal net nuver? Wy sille sjen. It fers ‘De jonge en de sé’, in parody (?), in boartsjen mei âldere foarmen(?)....... bislút de dichter sa:
de echt klassike poëzij
dat is nou neat foar my
sa 'n ferske skriuwe falt net ta
al is it meast in trúkje (side 18)
Op side 23 fan de bondel stiet in identyk gefal:
SOLI SANCTO GLORIA
as op fiif desimber
de pakjes losklaud binne
en de ferskes lêzen
bin ik yn de
famyljerounte
ien kear yn it jier
in heechst wurdearre
literator
En wer freegje ik my ôf: hwat moatte je nou mei sokke sinteklaestastannen foar merken en pertijen, foar brulloften en resepsjes. It is hast genant om it oer to skriuwen, om it to brûken yn it biwiis dat poëzij krekt it tsjinoerstelde bidoeld to wêzen. Mei sokke fersen (de foarm, it ûnderelkoer setten fan rigels wurden) wurde binammen Jan Krukje en syn maten forneukt, sa 't se op deselde wize forneukt wurde mei de stikjes út it ‘Bokwerder weekblad’ en mei de stikjes yn it KNKB-blêd fan Lûtzen fan Leons. Dat in KNKB soks talit, nou alla, mar dat in goeije provinsjale krante als de LC soks opnimt kin mei in 100 stikken fan L(t)C net goed makke wurde. | |||||||||
[pagina 354]
| |||||||||
4. De lezer wurdt net for fol oansjoenIn skriuwer skriuwt foar hele minsken. Mei oare wurden, in skriuwer (fan in krante, fan in boek, fan poëzij) sjocht syn lêzers as folweardige minsken. De lêzer sil wol útmeitsje at hy it skriuwsel opite wol of ôfwiist. Kunstgrepen mei de tael kinne der foar soargje dat de skriuwer altiten fretten wurdt. De skriuwer brûkt de tael as manipulaesjemiddel. Dat bart bgl. yn ‘Bokwerd; dat bart ek yn in oantal fersen van de dichter JJB. De lêzer, de minske, wurdt leechachte, net as folslein mins sjoen, mear as in ynvalide, in pasjint dy 't je it oer alle fronten maklik meitsje moatte. De measte Friezen dy 't wend binne altiten Frysk to praten) bihearskje it Nederlânsk (mounling en skriftlik) net folslein. Se binne hwat minder rêd as immen dy 't lêste tael as memmetael hantearret. Der wol noch wolris in Frisisme yn foar komme, in forkearde sinsstruktuer, esf. Dat is forfelend, hwant je wurde der hwat ûnwis fan. Men laket der wol ris om. Hwat is der dan minder ienfâldich as dizze minsken ek laitjse to litten (mar se yntusken wol sitte to litten mei har ûnwissens), en skriuw in bastere soart fan Frysk-Nederlânsk. It hat to krijen mei de moppen oer de kreupelen, de lammen en de skelen. Oer taelforsmoarging, klisjéfoarming fan minsken en identiteitsforlies fan dyselde minsken sille wy dan yn dit stik fan saken (‘Bokwerd’, in oantal fersen fan JJB) mar net prate. Itselde prosedé wurdt tapast yn boppesteande fersen: och minsken, fersen skriuwe is gewoan it tapassen fan in trúkje, mear net. En dêrmei wurde de ûnwittenden foar de safolste kear op in rjocht(s)sinnige wize delsetten dert se hearre: WY SILLE WOL UTMEITSJE HWAT GOED FOAR JIM IS... Yn boppesteande foarbylden is de dichter perfoarst net earlik mear (sa 't ik op side ien steld haw) mar forneukt er himsels èn de lêzer (mei opsetsin?). Né, net mei opsetsin, dêryn lean 'k net omt der yn dizze bondel ek in pear tige slagge fersen stean, bgl:
Pianostimmer
hjoed hat de stimmer
werris west
mei stokje
filt en in
greate kaei
doe 't hy klear wie
spile hy noch hwat
ôfgryslik en forskuorrend
| |||||||||
[pagina 355]
| |||||||||
doe seach ik wer
mysels yn him
technysk bin wy net sa min
mar wy meitsje gjin muzyk (side 17)
De dichter bisiket yn de ‘Pianostemmer’ in oantal kearnfragen of kearnsitewaesjes fan de mins to fangen. Bygelyks sa (ik set mar oer neffens eigen lêsûnderfining): in mins is mear as in mesjine, de wolfeart fan nou makket de mins net altiten like lokkich, de leechte fan it bistean wurdt fakentiids opfold mei skynsekerheden, esf. De bylden pianostemmer - fakman - gjin musikus - technysk folslein - gjin waerme stream (muzyk) jowe yn in pear wurden wer yn hokker wrâld wy libje. Eins, yn hokker wrâld de dichter libbet, mar hy libbet yn it fers foar ús. Mei oare wurden, de lêzer is ek hjir, krijt hjir de mooglikheit om it gedicht oppenij to skriuwen, yn syn eigen wrâld. De iepening nei dyselde lêzer is net tichtslein mei neatsizzende forsliten wurden. | |||||||||
5. Oer de fjouwer wichtige prinsipes fan poezijGuon lju wolle poëzij bisprekke (bihannelje, bineijerje) lykas soms dien wurdt mei proaza. Je spanne in ramt en spikerje de bondel (it fers) op dit ramt. Klear. Slagge of net slagge. Ik leau hjir perfoarst net yn, omt krekt poëzij net en nea foar ien útliz fetber is, ek al meidat poëzij oan 'e marge fan de tael operearret. Iksels gean út fan fjouwer grounregels, dy 't gjin ramt foarmje omt se mei syn fjouweren yn in wikselwurking stean (moatte). In ramt is statysk, dizze 4 útgongspunten binne dêrtsjinoer dynamysk: se folje elkoar oan, se oerlaepje elkoar en soms bistride se elkoar. Ik gean út fan:
(N.B. Boppesteande binne de útgongspunten fan dizze kritikus, en net fan de skriuwer fan fersen en hoege alteast net deselde to wêzen: skriuwen is skriuwen!) Yn it fers ‘Pianostemmer’ kinne je neffens my de 4 útgongspunten werom fine: ik fyn it in tige sterk fers yn al syn ienfâld, helderheid en bidoeling. Jan J. Bylsma is fan 1931 (foarflap), tsien âlder as ik bin. Hy hat de | |||||||||
[pagina 356]
| |||||||||
oarlock '40-'45 oars, biwuster meimakke as ik. Tusken syn 9e en syn 14e hat by (en syn hele generaesje dichters) ûnderfiningen haven der 't ik gjin weet fan hawwe kin. It liket my ta, mar it is mar in hypothese, dat de lju fan 1930 (ik bedoel hjir útsoarte de skriuwers, mar de netskriuwers sille it op in oare menier forwurkje) op in mear ôfstandelike wize skriuwe as de lju fan 1940 (lju dy 't dy fiif jier unbiwust in soad ûnderfiningen forwurkje moasten). It falt my elke kear wer op yn 'e Nederlânsktalige literatuer, en doe 't ik Bylsma 's fers ‘REUNY 1975’ lies skeat my itselde oangeande de Fryske skriuwers troch de holle. Oppenij, kwant al faker is my it forskil opfallen tusken bygelyks in Reinder van der Leest en in Jan Bylsma oan 'e iene kant en bgl. in Willem Abma en mysels oan 'e oare kant. ik bedoel de útgongspunten, it al of net stelling nimmen en soksoarte fan saken. Oan de hân fan teksten fan beide generaesjes soe immen dit ris ûndersykje moatte. At it wier is dat de earste 5 jier fan in minskelibbe foar in part bipalend binne foar syn hâlden en dragen letter (ekstreem steld) dan moat dit útsoartte yn poëzij (èn proaza) werom to finen wêze.
Reuny 1975
- bliid dat ik dy
ek werris sjoch -
seit de soan
fan de forsetman
tsjin de soan
fan de ennesbéer
nou beiden foar
yn 'e fjirtich
sy binne de
tuskenlizzers
de pubers nei de
twadde wrâldkriich
de slokkers dy 't
it hiele libben lang
tusken serfet en tafellekken
hingjen bliuwe (side 21)
| |||||||||
6. De trije beste fersen: Dy 't jesels skriuwe wold hieneOer ‘Pianostemmer’ ha 'k sein dat it in sterk fers is. At ik it goed haw - mar myn yntuysje is net stuolle op definysjes fan rounom | |||||||||
[pagina 357]
| |||||||||
bikinde pommeranten fan de poëzijútlizkunde, stuollet allinne op myn 4 útgongspunten en myn lêsûnderfining fan in tweintich jier - at ik dus net fout sit dan snijt de dichter neffens my yn dit fers de problematyk oan fan it (syn eigen) dichterskip. It biografyske lit ik nou mar foar hwat it is: poëzij moat foar himsels sprekke. Lykas yn de ‘Pianostimmer’ binne ek yn dit fers de fjouwer (myn 4) prinsipes fan poëzij werom to finen. De ik-figuer (de skriuwer of/en lêzer, mar it makket net in soad út) falt tusken de wâl en it skip. Wurdt net foar fol oansjoen (dat bars faker mei dichters!) Elk mins falt faker tusken de wâl en it skip as er foar leaf hat. Mei oare wurden, de mins wurdt fan de oar earder nei ûnderen trape as omheech helle. Sjoch dêr ien fan de kearnsitewaesjes fan libjen. De troch de dichter opskerpe sitewaesje (goed fjirtich nou, pubers doe, in goeije heit en in fouteneen) wurdt hjir middels de tael útwreide ta in totael sosjael forkearen fan minsken. De tige persoanlike ynlieding wurdt úttild boppe it banale fan in réuny, en makket deselde réuny dêrmei ta in laden bigryp, ta in universeel byld, los fan alle klisjé-ynhâlden. De lêzer kin sels in kar dwaen, by moetet mear fragen as fêste mieningen en bifêstigingen. Datjinge hwat ik yn de measte fersen yn dizze bondel fan Bylsma mis - it dwaen fan in kar, de úterste konsewinsje lûke middels de tael sels - docht er yn dit fers. Itselde fyn ik werom yn ‘Pianostimmer’ en ek yn in fers dat my tige oansprekt, namentlik:
In fleurige les
it famke koe net fierder lêze
hwant se moast ynienen gûle
ast net lekker bist
meist wol nei hûs -
sei ik - in mantsje mei bigryp
mar op dat stuit
krekt healwei alven
waerd har mem operearre
oan in swolm
four de tredde kear
dat sei it famke
njonken har mei
triennen yn 'e eagen
ik haw in piip opstutsen
en gjin les mear jown
hwat moat men eins
mei in diploma (side 19)
| |||||||||
[pagina 358]
| |||||||||
Dizze trije fersen bliuwe, dêrfan bin 'k oertsjûge. Se meitsje de bondel yn syn gehiel net samar geweldich. Se kinne de bondel mei syn trijen ek net úttille boppe de midsmjitte, hwant dêrfoar sitte der tofolle heale fersen tusken. Yn inkelde fersen priuwe je deselde ynfalshoeke dy 't ek de 3 boppeneamde ta poëzij meitsje (‘Mei pinsjoen’, ‘Mei inoar ien’, ‘Eineksa menkandidaet VWO’ bgl.). Allinne, at der dan in persoanlike bitrutsenheit om 'e hoeke kypjen komt, de konsekwinsjes lûke fan jins eigen dichterskip yn 'e maetskippij, dan jowt de dichter JJB net thús en is er by definysje dus banaler as bgl. in Van Duin (yn ‘mei pinsjoen’ tsjirmet de stakker fansels op 't lêst om mei nieren en prostaet; yn ‘mei inoar ien’ binne tennisspylders allinne mar Nederlânskpratende lju en yn ‘eineks.k. vwo’ komt de wéwé fan hear Wiegel op 'e proppen). | |||||||||
7. Byneed dy iene, mar bliuw earlikHwêrom forleget in dichter dy 't bysteat is en skriuw goeije fersen himsels ta sok leech klisjépraet? Haest? ‘In tusken serfet en tafellekken-fielen’? Hwêrom wurde dizze forsliten kaeijen, dizze lopers foar elke tv-drol út Bussum hantearre? Is de dichter hjir to biroerd om syn fak earnstich to nimmen, om dichter to wêzen? Hokker funksje hat sok frijbliuwend en foar de poëzij deadzjend gejeuzel? Wol er miskien trochgean foar de jonge fan it smelle understatemint? Ik bin der fan oertsjûge dat Jan J. Bylsma bysteat is en skriuw in 28 fersen fan kwaliteit yn ien bondel. Soks kin yn fjouwer jier (dizzen binne skreaun tusken 1971 en 1975 neffens de flap) it mei ek langer duorje. At by de opset hawn hat en jow ‘elck hwat wils’ (dizze bóndel wiist dy kant út) dan kin 'k allinne mar bislute mei syn eigen wurden, en biskôgje dat dan as in fûl pleitsjen foar poëzij:
jow my dat bytsje wurden mar
nedich foar ien ferske
foar dy pear
foar dy pear
byneed dy iene (side 7)
hwermei 't de lytse rounte efter de lege rounte fan de klisjérazers wer sletten is.
PUBLISEARJE BITSJUT JINSELS AS SKRIUWER OERLEVERJE OAN IT PUBLYK, DER 'T JE BY EINSLUTEN FOAR SKRIUWE. ALLES HWAT NET PUBLISEARRE WURDT, OF | |||||||||
[pagina 359]
| |||||||||
ALTEAST YNGIET TSJIN DE TRIJEHOEK SKRIUWER + TEKST + LEZER, DUS YNGIET TSJIN DE LITERAIRE SITEWAESJE, IS RJOCHTE OP DE FORNEATIGING FAN DYSELDE SITEWAESJE: DE LITERATUER. AT DY TRIJEHOEKSRELAESJE OPSETLIK FORSTEURD WURDT (EKSTREME SYMBOLISTEN BGL., OF HWANNEAR 'T DE DICHTER NET TROCH HAT HWAT ER DOCHT, OF IT PUBLYK TROCH DE DICHTER NET SERIEUS NOMMEN WURDT) DAN KIN MEN SPREKKE FAN IN ANTY-SKRIUWER. SA 'N ANTY-DICHTER IS GEFAERLIK FOAR DE LITERATUER OMT ER GEFAERLIK FOAR DE MINSKEN IS. DICHTERS DY 'T TOFOLLE LEAUWE YN UNPERSOANLIKHEIT EN FRIJBLIUWENDHEID OANGEANDE IT SKRIUWEN FAN FERSEN BINNE NET WURDICH DICHTER NEAMD TO WURDEN. EN AS ALDERLESTE DIT, IN LYTSE FARIAESJE OP 'E LESTE STROFE FAN ‘IN FLEURIGE LES’ ‘IK HAW IN BONDEL LEZEN EN GJIN KRUKJE SJOEN HWAT MOAT MEN EINS MEI IN GEDICHT! LEZE MAR NETTO FAEK BISPREKKE.....
Schagen, 27-9-'75.
*** |
|