ynslach minder goed biteard, liket mij, omt der dan net werklik fan
‘ynslach’ troch de goaden sprake is. En dan jildt itselde biswier ek
de titel fan de bondel.
Fierders is it byld fan de minsken dy't ‘ynslein’ binne frijhwat
negatyf útfallen, en dat soe dan ek in biswier wêze: datjinge dêr 't
Zeus yn Dodona syn macht yn manifestearre is wier net negatyf.
As wij dan ek noch lêze hwat der op side 71 stiet, ntl.
goaden,jim moat jim net forsinne
ik brûk dy letters ta in wurd
en net omdat der goaden binne
mar lju dy't sûnder, jim net kinne
moat men wer twivelje oan de earste ynterpreteasje fan de
algemiene titel: giet de bondel bij einsluten om it byld dat de
minske yn Dodona him fan it (net bisteande) godlike skepen hat?
De Iken fan Dodona is in moaije mar dizenige titel, dat it is de
fraech oft er wol in dúdlike ynterpretaesje talit.
Sa't hjirboppe al sein is, is de ynterpretaesje fan de nammen fan
de ûnderskate skiften makliker. Yn typen fine we biskriuwingen fan
doarpstipen, har relaesje ta it godlike, hoe't de oare doarpsbiwenners
oer har tinke, en ek hwat de dichter sels der fan tinkt.
Oer ynslach is hjirboppe al praet, sfear is as sammeltitel wol slagge,
al ha ik der myn twivels oer oft inkelde gedichten hjirwol yn it ramt
fan de hiele bondel passe, lykas dat ek it gefal is mei wetterfamke
(57), yn natuerleauwe. Efterôf is in hwat mear persoanlik weromsjen
fan de dichter, dêr't forfrjemding de passende ôfsluting fan is, en
nammers ek fan de hiele bondel.
Noch net neamd is it gedicht dat bidoeld is as ynlieding ta de
syklus, ntl. fan alle beammen. Spitigernôch is dit gedicht ien fan de
swakste, ja faeks it swakste fan de hiele bondel: der wurdt tofolle
forklearre, der binne tofolle omballingen oer saken dy't der net ta
dogge, en de toan is mij to jeuzelich. Fierders is it net in goede
ynlieding omt it eigenlike téma fan it boek hjir net goed út nei
foaren komt. Der wurdt suggerearre dat iken hwat aparts hawwe,
mar dat is ek alles. In neijere útwurking fan de titel en hwat dy
bitsjut sil men hjir omdôch sykje, en dat forwachtsje ik dochs fan
sa'n lietmotiv-gedicht.
Oer de logyske opbou fan dizze syklus fierder net folle krityk: de
skiften jowe in moai folslein, mar negatyf oersjoch fan de minske en
syn leauwe yn in lytse bihyplike mienskip, hwerbij 't eterôf - alteast
de lêste fjouwer gedichten hjirfan - in persoanlik weromsjen is. de
forlerne soan past minder goed yn it lêste skift omt it net sa dúdlik