Trotwaer. Jaargang 8(1976)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 338] [p. 338] Sybe Sybesma Fersen Simmer 1976 wie 't waerm, wie 't gleon? it wie de simmer net, it wie dyn kommen yn myn rest fan libben; ik koe dy net - wy binne neiste sibben: dou biste mear mysels as 't eigen hert. dou biste, krekt, dy iene fan myn ribben dy't ik nou mis - en ta in wûnder set, yn fleis en bloed bijubele en bilet- dat wy togearre inoarren sa bilibben! Fanke, dou bist' de fûnk fan al myn dagen, dou bist' it andert op myn âlderdom, it wurd dat folget op myn lêste fragen dy't ik net stelde omt ik soks fordom... Fanke, dat wy inoar - hoe nou? - sa hagen...? hearst dy fioele, dy muzyk, o!, kom...! [pagina 339] [p. 339] In patris memoriam RINTSJE, myn heit, hoe kin ik Jo bitinke? Is net ús libbenswei ien misbigrepen paed? Natuerlik binne wy ier fan elkoarren skaet, Towille fan... hwa woe de oar bikrinke? Siz mar: o, ja, 't wie leafde, en dy hat ús laet, Jawis, hwêr soene oare stjerren winke? En ús mienskiplik aerd woe net bisinke: Sa binne ús fijânskip èn freonskip krekt biskaet. Yn dizze vuurden falt net méar to sizzen. Binne wy 't iens? Wy koene elkoar to goed En hiene itselde pleit oer goed en tsjoed: Sa is ús iensens feilleas út to linzen. Mar hwat ús skaette wie ús twillingskip, Ach, heit, bliuw wizer oant de lêste drip! Vorige Volgende