| |
| |
| |
Eppie Dam
Nearne
It jowt allegear neat hwer't men is. Elk stasjon is gelyk as it foarige en it folgjende; dit fanwegen de spoarbreedte. Bûten treinstellen en tiidbuorden, binne ek de flauwe eachopslach en de flakke trêd fan blaumantsjes ivige repetysjes fan it lêste plak, dêr't men oer it perron boksele. Keapje in broadtsje yn Gouda en priuw hoe't it smakke yn Grins en wit hoe't it smeitsje sil yn Amsterdam. Rattelje oan in automaet om in kroket yn Ljouwert en it heucht dy hoest dyn kwartsjes forspilest, jierren forlyn yn Swolle. Doe twa, nou trije, dat wol, mar it jowt allegear neat. Oeral deselde rookleaze rook, oeral deselde kleurleaze kleuren, oeral dy giele plestiken bal dy't as in bispotlike boei dobberet yn in sé fan sinasappelsop, blommen twa goune it bosk en fyftigers dy't hieltyd noch hwat rjochtbreidzje moatte, oeral hastige reinjaspostueren mei aktetassen, dêr't men fan tinkt dat se neat of winkelfarsk opfolpapier ynhâlde, oeral krekt klaeide hearen dy't men oansjocht op jins eigen forlangst, oeral, nettsjinsteande de jiertiden, in fint mei in plunjesek, oeral in âlde man dy't mosken fuorret, oeral in houn, ma(e)ijenêze slikjend, oeral in frommes mei read hier, ferve of net, dat jowt allegear neat, oeral in stel dat men op laitsjen en maltjirgjen bitrapet, oeral, alle âldens, in minske mei in kunstfoet, nearne in glim.
It jowt allegear neat hwer't men is. Dêr't men bigjint, dêr sil men ek einje, en oarsom; dit fanwegen de spoarbreedte. Treinreizgje is einleas rounreizgje, sinleas, doelleas, der is gjin forbân, inkeld forbining, it jowt allegear neat. Dêr't men is, dêr hat men al west, en dêr sil men wêze. Bitiid of let, noait of altyd.
Mistich wie it. Ik roun yn 'e berm fan 'e greate wei dy't fan Dokkum nei Damwâld, Feanwâlden, Katterbra, Drachten, ensafuorthinne rint, of oarsom fan ensafuorthinne, Drachten, Katterbra, Feanwâlden, Damwâld nei Dokkum, ensafuorthinne, mar dat jowt allegear neat. Ik wie nou yn 'e lange bocht in kilometerke foar Feanwâlden, dêr't de wei en it spoar byinoar komme, dat ik tocht yn in fûke to rinnen. Né, dit is efterôfgepraet, ik tocht it doe net, dêr wie it to mistich foar, ik seach gjin fûke, likemin as fisken sa'n ding sjogge, om't wetter hwat dat oanbilanget deselde blinens jowt as mist. Alve ûre wie it nou sahwat, út en troch rieden my inkelde autoos mei in slakkegonkje foarby. Dy't nei de kant fan Dokkum út gienen seach ik oankommen as greate, forroune djerren ljocht, dy't stadichoan tichterby kamen, fûl giel, ûnfoech great, oan't se har yn twaën fordielden, dan de swarte bak fan de wein efter dy skinende eagen, in man der yn mei de holle op 't stjûr. In ûre lyn wie ik yn 'e Westerein. Ik soe dêr op 'e trein. Ik woe ommers nei Ljouwert ta. Der wie net in soad folk yn it wachthúske. In man mei in houn mei ôfseage poaten, in frommes mei in frjemd mûtske op 'e holle, in taske oer 't skouder, en in spantsje.
‘Inkeld Ljouwert,’ sei ik foar de gatsjepanne. De man oan de oare kant skoude
| |
| |
syn automatyske earm út en makke it kaertsje ynoarder. Ik bitelle en gie op in stoel sitten, trije plakken fierder as de man oan 'e iene kant, fiif fierder as it frommes oan 'e oare kant. It spantsje siet yn 'e rige tsjin ús oer.
‘It is mistich’, sei de man.
‘Ja,’ sei ik, hwant hy hie it tsjin my.
‘Der is min to riden mei sok waer,’ sei er.
‘Ja, dat falt jo neat net ta,’ sei ik.
‘Foaral as men in ein wei komme moat, man hâld op, ik wit noch wol, wy rieden...’ It wie allegear noch goed biteard.
‘Aah, as men net ride hoecht, dan kin men better thús bliuwe as it sa mistich is. As it moat, ja, mar oars?’
‘Né, neat wurdich,’ sei ik, en waerd gleon yn 'e holle. Dit koe net, dit bistie net. It frommes mei it frjemde mûtske gie oerein en roun nei bûten ta, it spantsje ek. ‘De trein,’ sei de man, en skuorde oan it munsterlike hountsje.
‘Né!’ rôp ik, en fleach nei bûten ta, sette ôf, de wei út, deabinaud.
Nou wie ik wer rêstich. De mist waerd slimmer, koe 'k wol sjen, ik koe Feanwâlden net iens lizzen sjen. Miskien wie ik net iens by Feanwâlden, ja, koe net oars, faek genôch wie 'k hjir mei de auto delkommen. Ik fielde yn 'e bûse, it kaertsje fan 'e Westerein siet der noch yn, fan Bûtenpost ek noch. Hwerom hie'k eins twa kocht, automatyske hanneling seker. Bûtenpost, dat wie nou sahwat twa ûren lyn. Dêr wie ek net in soad folk yn it wachthúske. In frommes mei in poedel, in man mei in pet op, in pakje ûnder de earm, en in spantsje.
‘Inkeld Ljouwert,’ sei ik foar de gatsjepanne. De man oan de oare kant skoude syn automatyske earm út en makke it kaertsje ynoarder. Ik bitelle en gie op in stoel sitten, trije plakken fierder as it frommes oan 'e iene kant, fiif fierder as de man oan 'e oare kant. It spantsje siet yn 'e rige tsjin ús oer.
‘It is mistich,’ sei it frommes.
‘Ja,’ sei ik, hwant hja hie it tsjin my.
‘Der is min to riden mei sok waer,’ sei se.
‘Ja, dat falt jo neat net ta,’ sei ik.
‘Foaral as men in ein wei komme moat, man hâld op, ik wit noch wol, wy rieden...’
‘Dat wie allegear noch goed biteard,’ sei ik, doe't it forhael út wie.
‘Aah, as men der net út hoecht, dan kin men better thús bliuwe as it sa mistich is. As it moat, ja, mar oars?’
‘Né, neat wurdich,’ sei ik, en waerd gleon yn 'e holle. Dit koe net, dit bistiet net. De man mei it pakje gie oerein en roun nei bûten ta, it spantsje ek.
‘De trein,’ sei it frommes, en skuorde oan it lytse krolkring.
| |
| |
‘Né!’ rôp ik, en fleach nei bûten ta, sette ôf, de wei út, binaud.
Frjemd, nou koe ik Feanwâlden noch net sjen. Miskien lei it der wol net mear, wie it forhuze, opskoud nei it Bûtenfjild, né, gean wei, bist nou hielendal net wiis. Alve ûre hen, hoe let wie ik eins fan hûs ôf gien. In ûre of healwei njoggenen? Ja, ik hie it sjoernael noch sjoen ommers. It koe op guon plakken slim mistich wurde, seinen se. Nou, dan wie Feanwâlden ien fan dy plakken, sûnder mankearen. En hwat hie ik doe dien, ja, ik wie nei myn keamer ta gien. Ik soe skriuwe, in forhael wie ik mei oan 'e gong. Ik lies hwat ik de middeis skreaun hie. Ik mocht it wol lije, hoewol't der hjir en dêr dinkjes wienen dy't my net rjocht sinnigen. Mar earst moast ik it mar ôfskriuwe, letter koe ik it dan wol neisjen. Ik skreau in pear rigels, skraste se likehurd wer, fordeald, der wie dochs hwat net ynoarder mei it forhael, mar hwat, it wie net ûnlogysk, né, ik skreau opnij, mar it woe net, ik koe better ophâlde, trouwens it hiele forhael stie my ynienen net oan. Ik moast hwat oars skriuwe, hwat nijs. Earst mar in slach om, dêr koe it net minder fan wurde. Ik sei tsjin ús mem dat ik der efkes út gie. ‘Wurdt it ek let?’ frege se. Ik sei né en gie fuort. Ik roun Kollum út oan 'e westkant, groete in famke op in fyts, en liet it forhael yn my omgean. Miskien siet der dochs noch hwat yn. It moast syn tiid hawwe. Ik moast my rêstich hâlde, it soe fansels wol komme, mar foarearst koe it net wurde. Forceer niets! koe ik my út ien fan myn brieven foar de geast krije. Tsien, tweintich brieven fan útjowers en redakteuren gienen my troch de holle, ik seach alle sorrys, alle helazen en jammergenoegen wer foar my, skreaun, tikke, waerm, kâld, oantreastgjend, ôfkreakjend, mar hawar. Yntiid wie ik al by de Lauwersmearwei bilânne. Ik soe de Trekfeart mar omrinne, koe ik mei mysels akkoartsje. Ik
roun de kant út nei Bûtenpost, koe 'k ek wol hinne fansels, mar dan, op 'e trein stappe nei Ljouwert, mar dan, eh né, doch net sa frjemd. Ik roun in stap hurder. By de brêge bleau ik stean. Hwat wolst nou, loftsôf of rjochttroch, Kollum of Bûtenpost, Westerein, Feanwâlden, Hurdegryp, Ljouwert. Ik roun fierder. It waerd dizich. Dêr hiest it al. Earst yn tinne kalme triedden, mar al gau waerd dêr in tekken fan haekt. In healûre en alles siet ticht, ik hie it wol faker sa meimakke. Ik roun noch in stap hurder, krekt as fielde ik dat se my ynslute woenen, hwa? ik wist it net. Der is min to riden mei sok waer, tocht ik, doe't it fierder ticht loek, dat falt jo neat net ta, foaral as men in ein wei komme moat. Ien kear hie ik sahwat in frommeske deariden op 'e Sweach, doe wie it ek sa slim mistich, alderôfgryslikst, dat frommes ried ynienen de dyk op, op 'e fyts, krekt foar de auto, ik remje omraken fansels, ik koe him noch krekt hâlde, dat wie goed biteard, mar it hie ek oars kinnen. As men der net út hoecht, dan kin men better thús bliuwe as it sa mistich is, tocht ik, as it moat, ja, mar oars? neat wurdich. Ofgryslik man, hwat in mist. Tsien meter koe'k sjen, fierder net. Ik moast nou elk
| |
| |
momint it benzinestasjon sjen kinne, dat wie dochs it earste fan Feanwâlden, ja. Ik boarre myn eagen sa djip yn 'e mist, dat ik der pine yn 'e holle fan krige. Gjin benzinestasjon, gjin Feanwâlden. Ik seach nei de groun om to sjen oft ik wol roun, ja. Fiif meter koe'k mar sjen, man. Dan koe ik der ek al wol wêze. It benzinestasjon wie oan 'e oare kant fan 'e wei en as der gjin ljocht baernde... yn alle gefallen wie ik der altyd mear as fiif meter fan ôf. Ik roun in stap hurder, fage my de mist fan 'e wynbrauwen, de eachteisters, út it hier, it burd. It wetter dripte my fan 'e hannen, ik roste se oer de broek hinne. Ynienen bleau ik stean, kjel - se stie in healmeter fan my ôf, ik hie har to let sjoen en wie to fier troch roun.
Se lake.
Ik gnyske hwat.
‘Stikkene auto?’ frege se.
‘Né, né, ik rin hjir, ik moat yn Feanwâlden op 'e trein, hoe fier is it noch oan't stasjon ta.’
‘'n Pear hûndert meter, hwer silst hinne,’ sei se.
‘Ljouwert,’ sei ik.
‘Of wennest dêr,’ sei se.
‘Né né, ik wenje yn Kollum,’ sei ik.
‘O.’ Se striek mei har hân oer it lange loshingjende hier, dat yn alle gefallen de swarte kant neist wie, koe'k wol sjen. Se wie net great, ek net lyts, hie in lange broek en gimmestykskuon oan, it jaske koe'k net sjen hokker kleur it hie, swart of blau of grien. Se wie krekt ûnder de tweintich, of der krekt boppe, ien fan twaën.
‘Mistich hen,’ sei ik.
‘Hast der it mier oan?’
‘Neu, dat net direkt.’
‘Dit is oars krekt myn waer,’ sei se.
‘Hoe sa!’
‘Ik moat mei de trein, sjochste.’
‘Ik bigryp dy net,’ sei ik.
‘Myn trein rydt allinne as it tige mistich is, snapste?’
‘Né! Hwerom bist net op it stasjon, of sietst hjir net to wachtsjen.’
‘Elk stasjon is gelyk as it foarige en it folgjende,’ sei se, ‘dit fanwegen de spoarbreedte. Bûten treinstellen en tiidbuorden, binne ek de flauwe eachopslach en de flakke trêd fan blaumantsjes ivige repetysjes fan it lêste plak, dêr't...’, ensafuorthinne.
‘Ja,’ sei ik, ‘it jowt allegear neat hwer't men is. Dêr't men bigjint dêr sil men ek einje,....’
| |
| |
‘En oarsom; dit fanwegen de spoarbreedte. Treinreizgje is einleas rounreizgje, sinleas, doelleas, der is gjin forbân,...’
‘Inkeld forbining, it jowt allegear neat. Dêr't men is, dêr hat men al west, en dêr sil men wêze. Bitiid of let,...’
‘Noait of altyd,’ sei se.
‘Mar hoe kinstou nou treinreizgje astou net op in perron bist,’ frege ik oeral.
‘Myn trein hâldt net op 'e stasjons, mar der tuskenyn,’ sei se.
‘Healwiis!’
Se lake.
‘Mar... mar dou silst dochs ek wer útstappe moatte, ik bidoel... it bliuwt dochs einleas rounreizgjen, dyn trein hat dochs ek in tsjilbreedte dy't past by de spoarbreedte... en...’ stammere ik.
‘Ik hoech net út to stappen,’ sei se glimkjend, en striek wer mei de hân troch it hier, ‘en dy spoarbreedte haw ik mar in skoftsje lest fan.’
‘Mar... hwer giestou dan hinne, dyn trein, bidoel ik.’
‘Nearne,’ sei se kalm.
‘Nearne? Dit giet my to mâl, dit...’
‘Nearne,’ sei se wer, en glimke, ‘dêrom hoech ik ek net út to stappen. Ik hoech noait wer út to stappen, en ik wol it ek net, hwant dat is it dêr't de minsken siik fan wurde, en dea fan geane, yn en út 'e trein stappe, hieltyd wer, yn en út 'e trein stappe, yn en út, yn en út, ik stap noch ien kear yn en dan net wer, net wer yn, net wer út, noait wer.’
‘Mar...’
‘Ik haw in jier wachtsje moatten foar't it sa mistich wie as nou. In jier forlyn stie ik hjir ek, op krekt itselde plak, doe woe ik ek mei, mar doe't de trein der oankaem bin ik hurd fuortroun, sa hurd as ik koe, ik wie deabinaud, doe wie ik der noch net klear foar, in hiel jier moast ik doe wer yn en út 'e trein stappe, yn en út, yn en út, ik koe hast net mear, ik bin bliid dat it nou wer sa fier is, dizze kear lit ik him net gean, ik bin der hielendal klear foar, noch ien kear ynstappe en dan noait wer, net wer yn, net wer út.’
Ik fornaem, it wie mienen. Ik wist net rjocht hwat ik der oan hie. Oan 'e iene kant foun ik it allegear ûnsin, mar oan 'e oare kant fielde ik my hjit wurden, ik koe it wol bigripe, mar... har hiele manear fan praten, sa kalm, sa wis, it bigoun yn my to baernen, mar...
‘Wolst mei?’ frege se ûnforwachts.
‘Hen?’
‘Ik frege, wolst mei!’
‘Ik? Hwerhinne!’
| |
| |
‘Nearne hinne,’ sei se.
‘Kin net, bistiet ommers net!’
‘Moatst it sels witte.’
‘Hen? Né, dat wurdt neat,’ sei ik.
‘Dêrom. Dêrom gean ik mei, omdat it neat wurdt, en omdat wy nearne hinne geane. Ik bin der siik fan, altyd moat men earne hinne, altyd moat it hwat wurde. Men moat nei Ljouwert om klean, nei de P.B., sjineze, mem moat nei Grins nei de film, winkelje, in boek keapje, men moat nei Hurdegryp om hwat fuort to bringen, nei de Westerein om hwat op to heljen, nei Bûtenpost om hwat to ruiljen, it moat in broek wurde of in jaske, in ferzebondel of in stúdzjeboek, it moat bamy wurde of nassy, in seksfilm of in sjitfilm, in koppenpantsje, in boartersdinkje, in skerp mes moat it wurde of in wekkerke, in frysk boek of in hollânsk boek, in earmbân, in taske, it moat altyd hwat wurde. Sa gau't men yn 'e trein stapt moat it hwat wurde, om't men earne hinne giet, jowt neat hwat it wurdt, as it mar hwat wurdt, of wurdt it ek strontforfelend, jowt neat, as it mar hwat wurdt, as it mar net neat wurdt.’
Ik swij de.
‘Ast mei wolst, dan moatst it nou sizze. De trein is hjir mei seis menuten,’ sei se. ‘Ik... ik wit it net!’
‘Dou moatst it wol witte. It is of nou ynstappe en noait wer; of nou net ynstappe en in libben lang ynstappe, en útstappe, yn en út, yn út. En hwa seit dat der wer sa'n mistige joun komt as nou.’
Ik rekke yn panyk. Hwat moast ik dwaen? Meigean? En dan? Nearne hinne gean? Hoe wie dat, hwer lei dat. Nearne? Mar...
‘Fortroust dy net, hen. Dat hie ik ek in jier forlyn. Mar ik wol dy net biprate, dou moatst it sels witte.’
‘Kin ik ek werom, as it my dêr net foldocht?’ frege ik.
‘Hwer net foldocht,’ sei se.
‘Nou dêrre, nearne bidoel ik...’
‘Dou moatst noch leare to biseffen datstou nearne wêze silst. It sil dy net foldwaen, it sil dy ek net net foldwaen, der sil neat, hielendal neat, dou silst allinne nearne wêze.’
‘Mar kin ik werom!’ woe ik witte.
‘Dou silst nearne wêze, en astou nearne bist, dan kinstou ek nearne hinne, ek net werom. Nou kinst noch earne hinne, nei Ljouwert bygelyks, omdatst nou earne bist, yn Feanwâlden.’
‘Ik wit it net! Ik wit it net!’
‘Mei trije menuten is de trein hjir,’ sei se kalm.
| |
| |
‘Ik soe nei Ljouwert, ik soe net let thúskomme, ik soe myn forhael ôfmeitsje, in nij forhael skriuwe, tsien forhalen, hûndert, ik soe sa folle, ik...’
‘Ik byn dy net,’ sei se.
‘Ik moat earst nei't stasjon hjir,’ sei ik, ‘ik moat witte oft dêr ek in man is en in houn en in frommes en in mûtske, in pet, in taske, in pakje, in spantsje. As dy der binne, dan gean ik mei, dan gean ik grif mei.’
‘Meist der wol hinne gean, mar dan is de trein fuort. Noch twa menuten.’
Ik koe wol idioat wurde. Krekt as hie ik noch twa menuten to libjen, sa sei se 't. Noch twa menuten. Noch twa menuten. Noch oardel menút. Net iens mear.
Ien menút?
‘Hwat seist.’
‘Ik wit it net!’
‘Moatst it nou sizze, hast noch ien menút.’
Ik bigoun ôf to tellen, 60, 59, 58, 57, 56, ien yn in romtefartúch gie tominsten noch earne hinne, al wie it dan ek de moanne, 45, 44, 43,...
‘Ik gean mei! Ik gean mei!’ rôp ik. Sy waerd der net oars fan.
‘Meist yn 'e trein net prate,’ sei se, ‘ast noch hwat sizze wolst, it kin nou noch. Aenst net mear, yn 'e trein moatst dy hielendal konsintrearje. Ast ien wurd seist, dan kinst it wol forjitte. Wolst noch hwat sizze?’
Ut 'e mist kaem in greate wite sinne ôpsetten, ôfgryslik ljocht de trein! It ljocht waerd greater, greater, hieltyd greater, it soe him dochs fordiele moatte! It ljocht ljocht hie er mar, of wie it de sinne? 5, 4, 3, 2, 1, stil stie er. In doar skoude iepen. ‘Hoe hytste!’ koe ik noch sizze.
‘Tiny,’ sei se, en stapte de trein yn. Ik kaem, fordôve, efter har oan. De doar skoude ticht, de motor bigoun to lûken, nearne nei ta. Yn .e koepé siet gjin minske. Wy sieten tsjininoar oer, ik ried efterút, sy foarút, it gie nei Ljouwert ta. Dêr wienen we al by it stasjon fan Feanwâlden. Ik seach nei bûten,!, gappe nei de siken - op it perron stie in man mei in houn, in frommes en in spantsje. Se swaeiden mei allebeide earms en raesden ‘ho ho!’, ‘de trein!’, wy moatte ek mei', ‘hwer sil dit hinne’, ‘ho ho!’. Mar wy rieden fierder, de mist yn, nearne hinne. Tiny siet efteroer tsjin 'e bank oan, se hie de eagen ticht, mar sliepte net, koe'k wol sjen. Ik frege my ôf hwer't de trein wer halde soe, soenen der ek mear minsken mei moatte, tusken Feanwâlden en Hurdegryp bygelyks, of tusken Hurdegryp en Ljouwert. Ik doarst de eagen net ticht to dwaen, lykas Tiny die. Ik fortroude my net. Hwer gienen wy hinne? Dochs nearne hinne? Ik lei de holle tsjin it kâlde rút en stoarre de mist yn. Fiif meter, fierder koe'k net sjen. Krekt oft wy by in muorre lâns rieden, in grize muorre fan mist. Ik moast der nei sjen, ik koe net oars, earne soe der dochs in gat yn sitte moatte, dêr't men trochhinne koe, earne,
| |
| |
earne, gjin muorre sa ticht of der siet in gat yn, wis en wrachtsjes, mar hwer? earne? nearne? Ik krige pine yn 'e holle fan it stoareagjen, mar it gat, ik moast it gat fine, earne moast dochs it gat sitte. Ljocht! Hurdegryp. In houn op it perron. Foarby. Wer dy grize muorre, fiif meter fan de trein ôf, fjouwer miskien. Der wienen dus gjin minsken ynstapt tusken Feanwâlden en Hurdegryp. Tiny hie noch hieltyd de eagen ticht. Ik krige it binaud. Dochs koe ik my faeks mar better deljaen, dan hie ik it der ek net sa mei to krijen. Mar né, it gat, ik woe it gat fine. Hurdegryp hie it net west, dat wie gjin gat, in oar gat moast der sitte, dêr't men troch hinne koe, nauwer of wider as it ljochtgat fan Hurdegryp moast it wêze, nauwer of wider, ien fan twaën. Ik boarre myn eagen yn 'e muorre, fjouwer meter fan my ôf, trije of twa, né, tichterby, de mist kaem tichterby, wy rieden yn in tunnel man, koe net oars, wy rieden yn in tunnel, in tunnel fan mist, jawis. De holle bigoun my to dinderjen, mar ik moast sjen, ik moast myn eagen yn dy muorre boarje, in gat moast der yn sitte. Ja, it kaem tichterby, de mist, ik koe it sjen, ik koe de sintimeters telle, 40, 35, 30, 25, ik woe fuortrinne, mar ik koe it net, 15 sintimeter, ik sparde de eagen op it wiidst iepen, greate roune ljochten moasten it nou wêze, myn holle soe der to lyts foar... 5, 4, 3, 2, 1, it rút wie fuort, dat wie it earste dat ik fornaem, ik lei nou mei de holle tsjin de muorre oan, né, de muorre waerd sêft, floeiber, gasfoarmich, it siet my oeral, de mist, earst yn myn greate eagen, doe yn myn noas, myn earen, myn mûle. It tikjen fan de tsjillen op it spoar koe'k net mear hearre, ik siet yn in fleantúch man, koe net oars, ja, allegear mist, wolkens fan mist, allegear wolkens wienen it, sels wie ik ek in wolken oan it wurden, myn holle waerd sa sêft, sa wiet, sa kâld, sa gleon, sêft,
wiet, kâld, gleon, myn hannen, né, allinne fingers hie'k noch mar, iispylkjes, smelte soe'k aenst, fleantúch? né, neat wie der mear, gjin stoel, gjin rút, gjin krante, in wolken wie ik oan it wurden, Tiny! se wie hielendal wyt en pluzich, ik koe noch mar krekt sjen dat se it wie, har lange wite nierren wienen fine, pluzige triedden, dy't stadichoan gearfoelen mei har sêfte, kâlde, gleone, wiete, wite, wiete, wite, in pluzige tekken wie se, it koe dochs, nearne hinne, neat wurde, wy waerden neat, hielendal neat, nearne hinne, ik dreau nei har ta, ja, ien wolken soenen wy wurde, togearre soenen wy nearne komme, neat wurde, oh... ‘Tiny! Tiny!’ raesde ik, ‘Tiny fanke!’ In man mei in houn by him lei syn hân op myn holle. ‘Jo binne iiskâld,’ sei er, ‘hwat is der oan!’ ‘Neat,’ sei ik, ‘hielendal neat!’ ‘Kinne jo wol thús komme aenst?’ frege er. ‘Jawol,’ sei ik. ‘Ik soe aenst mar gau ûnder de tekkens krûpe, as ik jo wie,’ sei er. ‘Ja,’ sei ik, ‘ûnder de tekkens.’ STATSJON BUITENPOST, STATSJON BUITENPOST sei de stim troch de lûdsprekker. Ik kaem automatysk oerein, lykas ik dat hûndert kear dien hie nei dy meidieling. Statsjon buitenpost, statsjon buitenpost, statsjon buitenpost, statsjon...
| |
| |
ik stapte út 'e trein, yn 'e bus, út 'e bus.
‘Hwer hast sa lang sitten?’ frege ús mem.
‘O nearne...’ sei ik.
‘Dat kin net,’ sei se.
‘Né,’ sei ik, ‘dat kin ek net.’
|
|