Trotwaer. Jaargang 6
(1974)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 321]
| |
[pagina 322]
| |
Yt, yt!de boer allang gjin modder mear
efter de earen
dat hwêrom de moanne noch frege
dit ripe kingkorn
hat de groun forgetten
(ek jezus'lichem is ta kauwgum wurden)
yt, yt!
in neitins-dize
is de krûdige weetkerrel
in nostalgy nei
libben
| |
[pagina 323]
| |
Waermtein wurd
jowt gjin waermte
in minskeliif
sa nou en dan
de tsjinpoal bliuwt
faeks dat men folslein
kâld (of waerm)
wurden wêze moat
om yn in fase
earder (of fierder)
de oplossing to finen
as beam
bgl.
| |
[pagina 324]
| |
Groeden ut WynsKlaei deroer
Tseard, Rom
en Durkje-muoi
en fette Nellie dy't as houn
mei die
In oar spul nou
dêr oan 'e Ie
in frjemde tael
nea komt Jehannes mei de molkskou oan
de féboat fan Burdaerd
gjin praet oer
Tichelwurk, Healûre-húske, Sjoerd
of Tamme Fiskers' fette iel
Neitins-groeden
bernebylden
Hwat bringt de ierde op?
de holle nei de groun
sa roun as Rom
de kou yn't bûthûs
jowt har molke
hoefolle, folle?
de trekwei mei twa skiep
in geit efter de bou
soms bargen neist it hinnehok
it harjen fan 'e seine
ûnder de wichterbeammen
Hompen wite bôlle
mei spek
moast Roms' gebit derút
de âlde bibel
ja hoe âld wol net!
| |
[pagina 325]
| |
de plaetstoof
en de turf
de klûntsjes yn 'e thé
de beltsjeblommen yn 'e finsterbank
en altiten dy blommeskelk
en de sipel efterop
slagreamme-gebakjes mei de jierdeis
en sneins oranjekoek
Moarns protters op it dak
in bel
der moat ien oer de Ie
Durkje!
in stûr
us heit dy't foar my
yn dy wylch heech klom
it aksternêst wie leech
de ljipaeijen dy't ik nea foun
de ierappels
dy't hja tinner skylde, sei,
as skrabje
o ja?
mar einaeijen by de rûs!
It binnenpaed nei Lekkum
en oer de brechjes fytse
Rom en Durkje
krûm en roun
harren rook fan spek en hea
myn noasters net wer ynkaem
nei bernetiid
Fan klaei
ôfsluten tiidrek
|
|