Trotwaer. Jaargang 6(1974)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 318] [p. 318] Sybe Sybesma Fjouwer kwatrinen (erotika) Dou hast' my wurden sein dy't ik net hope dou hast' my dingen sein dy't ik forgeat... Ik woe dyn wurden graech yn wierheit dope, mar 't wie it wetter fan in droege sleat! Ik ha dy sjoen, ik ha dy net bigrepen, ik ha dy field, mar einliks net forstien: 'k bin dy net treast, to ûnfolwoeksen, to binepen, to klien foar dy - dit wie it, hwat ik mien... Ik hâld fan dy, 'k sil altyd fan dy hâlde, omstou my seiste hwat my wier net past; ik bliuw foar dy in ûngewoane gast: 'k ha altyd oer dyn weardichheden wâlde... Nim my net kwea, dat ik soks leafde neam: mysels to wêzen - dy net to forjitten - hwat let it ús, dy kânsen to forsitten? Wy stean' togearre beit'le yn 'e libbensbeam! Vorige Volgende