ol tiden fwót is. Os jo don sa graag un ôder taalstadyem yn 'e stavering behôde volle, skrjûw don ‘stirt’, vont dêrút is ‘sturt’ ûntstien, of skrjûw ‘stert’, don sitte vij yn ut sakrosankte olderôdste Riustringer frysk. Dot die Harmen Sytstra ek, dy mon vie temeansten kónsekwint gek, en dêr haf ik don en noch respekt fwar. Lit ús ‘hond’ en ‘lond’ skrjûwe, ynstee fon ‘hân’ en ‘lân’, don havve vij dur ek noch un pear stómme d-s bij.
Okee, ik bin durfwar dot un stavering de behôdende kont naist is; salangt bijgelyks gwón meansken yn gwón gefollen de ‘g’ fon ‘ik sjóg/sjug’ noch útsprekke, matte vij dy ek mar skrjûwe, tinkt mij. Mar jo matte gjin letters yn 'e vudden grieme dyt net yn foneem fertsjintvuddegje. Aanst begjint ien of oare gek te skrjûwen fon ‘Ik gearn óp bêld’ mai un stómme r en un stómme l en un stómme hassens.
(b) De góngbere fryske stavering is ynkónsekwint. Sjóg óm un adeghyd rus nai de bijlûûdferdûbbeling. Dy vud brûkt óm de kwattens fon ut fwargeande lûûd oan te jaan: ‘hikken, petten, dakken, hokken, rommel, bussen’. Mar gjin ferdûbbeling nai y, ú en û: ‘diken, nuten, rûpen’. Ek gjin ferdûbbeling fon ‘ch’ en ‘ng’, vij skrjûwe net ‘richchel’ en ‘ringngen’. No mat ik sizze, dot lyket ek óp fleanen. Dy ‘ch’ en ‘ng’ binne aakleke dingen, dêr soenen vij ô matte. Mar hû?
Don ha vij ol ver, sóms ol ver, bijlûûdferdûbbeling nai ‘â’, ‘ô’ en ‘ê’: ‘stâllen, bóllen, bêdden’. Dy bijlûûdferdûbbeling betsjut jirre net dot dy â, ô en ê kwat binne, óm 'e deole net, dur sit ómmes un dakje óp en dot betsjut, sóms temeansten, dot se lang binne. Nee, dy bijlûûdferdûbbeling betsjut jirre dot de a. o en e, sûnder dakjes dus, yn 't hóllonsk kwat binne. Stjerrende vier, sa sit ut, sa mooi sit ús stavering ynenwar. Kapruoalen sainen jo? Pos mar óp! Is ut jo nammes vólrus ópfollen dot vij ‘lôge’ en ‘brêge’ skrjûwe gjin ferdûbbeling fon ut bijlûûd dus? Mun soe oas sizze: ut gjit jir óm deselde ô en ê dyt yn 't hóllonsk net besteane, dus....
Dy bijlûûdferdûbbeling dus, dyt sóms brûkt vud en sóms net, en dyt sóms vot betsjut en sóms neat, en sóms vot betsjut yn 't hóllonsk, mar dot kin dy hóllonders neat skele, dy lûkke har dur neat fon oan dot vij ‘bôlle’ mai dûbbele ‘l’ skrjûwe, dus ains betsjut ut yn dot gefol ek neat, ut lyket vól mooi, san eksport fon bijlûûdferdûbbeling, ut hôd de fryske róm yn 't útlón heeg, mar 't stelt yn vêzen gjin fluit fwar, dy bijlûûdferdûbbeling vud don ek noch brûkt óm de brekking fon twalûden ie, ea, ue, oe en oa oan to jaan, bijgelyks: ‘tean, teannen, teantsje’. Onee, ‘teanntsje’ net, dot is gevoan ‘teantsje’ mar jo matte vól teantsje útsprekke os jo begrype vot ik bedoel.
Yn disse rotsooi haf ik vot óprûmming hoden, en sa is myn stavering ûntstien, fjidder is dur neat te rêden, neat gjin nijs of revolúsjonêrs. Vaat mij vot better kin, vit dot ik nochol kónservatyf bin.
Ik sil net beveare dot ik un oer olie bûgen logyske en kónsekwinte stavering úttocht haf. Un ynkónsekweansje bij mij is ‘dyken’ - gjin bijlûûdferdûbbeling nai un kwat lûûd. Ynkónsekwint is ek: ‘beos-beozen, skeaf-skeaven’ tsjinoer ‘eag-eagen, bêd-bêden, tóbke-tóbbe’. De regel fan 'e gelykfwarmeghyd, dyt de besteande stavering inkeld jilde lit fwar de ‘d’ en de ‘b’, haf ik ek fwar de ‘g’ jilde litten, mar net fwar de ‘z’ en de ‘v’. Kónsekwint soe vêze óm ek ‘beoz’ en ‘skeav’ te skrjûwen. Of vij matte de regel fon 'e gelykfwarmeghyd fwar haadvudden helendol ôskaffe, ik vit net vot ut bêste is. Fonologysk sjoen binne dy bijlûden