Trotwaer. Jaargang 6(1974)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 106] [p. 106] [Fersen (vervolg)] Tragysk yn Grikenlân to Kondilea is sa't Pausanias forhellet in hillich wâld wijd oan Artemis Apanchomenè de Forhongene ek Aspalis offere harsels en hong yn Milete bij it gemaeltsje oan 'e Swette ûnder Drylst hat, sa't Durk wol, Swarte Boate itselde dien en dermei ivich syn kânsen forspile gjin fonteinen, bosken en stiennen binne nei him neamd mar rabjen hat him tydlik yn' ivichheit skrast bokken wurde jierliks yn beammen forhongen troch maegden nochwol ta eare fan Aspalis fan Milete op skommels wurdt de dea fan Erigonè bisongen de died fan Boate hat inkeld de hel bitongen [pagina 107] [p. 107] Daniel Daen Pech nei't er seit wie it op in nacht doe't er riedt dêr't de sneldyk oer Staphorst giet dat út it ljocht fan in tsjinlizzer de wurden riisden: Stop - jou nije god nou wie it al frij let dat hij die dat mar net wol krige er hast bij Grou in lekke bân in spiker stiek as in godsbiwiis mar boppe de iepenbiering fan in oarsaeklik forbân joech syn forstân de foarkar oan in reservebân [pagina 108] [p. 108] Forskiltsje as it om in ierdapel giet is der wol in forskil tusken ús Leave Hear en mij: God skept de ierpels, ik skep se op [pagina 109] [p. 109] Wer op 'e groun alle dagen weroan klatterje ik de treppens op yn myn nea folpriizge nije wente hoe heech sit ik nou tusken de spoumuorren ûnder mij sjonge myn grifformearre buorlju GLORIA IN EXCELSIS DEO en sjogge myn kant út as de nijste Adam dael ik del oant yn 'e koken myn frou mij mei it tameitsjen tan de sprútsjes opskipet [pagina 110] [p. 110] Hjerst blêdden falle op 'e groun elts rint yn skoech en kleuren roun in frage boazet yn in hjerstwyn oan: hwer is it om bigoun? mar swijend bûge alle anderts foar de scepter fan de syklus op syn troan [pagina 111] [p. 111] Narcissus wiegel-effekt hij hie genôch mar mear en better wjerspegelen har yn dream en wetter hij dûkte ta en dronk oant er yn't djipst fan syn illúzje sonk Vorige Volgende