Trotwaer. Jaargang 6
(1974)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 102]
| |
Rekrut of feteraenmei ús kultuer-patroanen
lade wy de wapens
ús leauwe is al kûgelroun
ús ékonomyske systemen en politike leardens
bin' oant formoardzjen boun
dus wurdt der sketten op hwa't libje wol
de moardners gean frij út
de wrâld is ommers fan tofolle libben fol
hwat seit ien mear of minder de rekrút
bin'wy net dutsen fan de goaden
jow net de heechste wearden ús frij baen
mar sjit net as in feteraen
op deade crucifix-symboalen
hwa soe oan sokken net de finzenis jaen
| |
[pagina 103]
| |
Forfjemdingeefkes thús wer foar in kear
jow ik mij del foar kachel en thé
Ik wyt nou alles ek net mear.
Bleaun is de sfear fan himel en hel
ik praet mei myn oarsprong fiif-en-sawntich jier âld
har fingers omheech stiif fan biwâld.
Fan tsjerke en leauwe bliuwe sy wis.
Forlern de illúzje dat der eat foroare is
As ik in slach de buorren troch gean
slute huzen en biwenners my yn.
Sil it forline dan nea forgean?
Binearjend finzenskip oanfierd fan wyn
As ik fuort ryd yn klaksons en ljochten
leit de forfrjemding al op snelheit yn 'e bochten.
| |
[pagina 104]
| |
Daniel Daen
|
|