papier. Mem warber yn de keuken: thé - moarnsbrochje - kofje - middeisiten - thé - jounsiten - kofje.
De âlde meubeltsjes!!! Fral de kast mei de 46 griene en de 2 wite rútsjes. Hwat wiene se greatsk as der hwat nijs yn 'e hûs kaem. Earst it dressoir, de roune tafel mei in kanten kleedtsje (buorfrou hie mei de frouljusforiening yn Brugge west) ûnder de glêsplaet, planten. Jimmer wer nije planten. Linkenoan fornijde him, sa like it, it hûs mei hyltyd wer oare rommel, meubels, bihang, planten.
ALLINNE: sý waerden stiller nei 't se it ûnbigryplike yn de wrâld faker prebearden to bigripem
Se smookten en diene der it swijen ta.
Hwat soene se biprate: it hie goed west.
Dunnik draeide him nei har ta.
It lekken hiene se fan it bed trape.
Hy lei syn hân op har búk,
aeide har fenusheuvel en
wuolle yn it fochtige hier.
Net dwaen.
- Fynst it net lekker mear?
- It docht in bytsje sear... dêr.
Syn hân omklamme har boarst.
- Hy is wer fuortkrûpt, de rakkert!
Mei tûme en wiisfïnger prebearde Dunnik
de tepel wer hurd to meitsjen.
Se rydboske en
kroep tichter tsjin him oan.
- Lekker!
- Soks moatst net to lûd roppe.
Ik pak dy fuortdaliks wer.
Se lake lûd en
joech him in triuw.
Dunnik luts har ûnder him.
Se aksele sabeare tsjin.
Se skattere.
- DUNNIK! HWAT DOCHSTOU DER!!?
Heit: mûle iepen
yn syn eagen: net bigripen
hân oan de kruk fan de doar/knûkels wyt.