Trotwaer. Jaargang 6(1974)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 70] [p. 70] [Nummer 2] Tsjebbe Hettinga Fersen Kleur bikend it bloed fan sybearje - dat sydlings dochs oan bearen tinken docht - falt fuort net op op de russyske flage sa falle konsintraesjekampen - dy rjochtstrings oan ûnrjocht tinken dogge - fuort net op ûnder de kamouflearjende flage fan de snijende flok mar it each fan de frijheit hat gjin hoarizon ken gjin gerdyn de kleur is bikind polyt burokraten jimme hammer slacht sikers mei koppen jimme sichte is bismodze mei minsklik-streamend bloed dat jimme as krúsige flage wolkom hiet oan jimme swarte sé fan jimme formoarde systeem [pagina 71] [p. 71] Dream sidesêft wurdstou wekker út myn widzjen dou streakest mij as in dounsjend dûnsfearke en mei de waermens fan dyn neijens setst myn sliep oer yn slomme jong bern oan dyn sjongende boarsten ik yn de tatroddeljende takomst fan dizze trintene dream forflean ik ús lok ûnder myn wjok in tiidleas fleanen de einleaze driuw omheech ik flean boppe de séën fan dyn eagen blau as de romte fan de dream it brek fan it forline forlern de takomst as bliksembal kommen yn myn djipste groun foun ik dij werom dou draechster fan myn dream makkest mij wekker yn dij dan foltôget him it drama fan de dream de forskrikking fan de wurklikheit allinne litten as sinne sûnder skaed streamt leadgriis let moarnljocht as leagen yn myn eagen stielhurd [pagina 72] [p. 72] Tiid en romte it wurdt tiid de tiid lyk to setten lju hwant it is net de mechanyske hoanne dy't de tiid fan sinne en dei seit lykas ek de tiid net tikket foar de fûst mar yn de pols ek wurdt it tiid de romte to foljen mei oar ark as fier yn it roun-rikjende segaren fan de djûre merken usa en ussr hwant it is net de elektroanyske fûgel dy't de romte fan ierde en sinne seit lykas ek de romte gjin stâl kriget yn it bûtenlân mar yn it binnenlân fan it hert Vorige Volgende