Trotwaer. Jaargang 6(1974)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 13] [p. 13] [Steven de Jong (vervolg)] Degeneraesjekonflikt 't wie in bêste man hear dêr net om twa wrâldkrigen hiene syn wize holle knûkere ta in rottige jerappel en syn hier ferve as dat fan sinterklaes ‘ik ha jou heit noch kinnen’ sei er ‘en jou mem it wiene bêste minsken dêr net om mar it hie better west as se mekoar noait kend hiene it hie better west foar allebeide’ hy seach my oan as wie er ús leaven heare sels hy eare myn âlden lykas de skrift dat fan ús freget mar hwat tocht er yn 'e godsnamme fan my en fan myn bern 't wie in bêste man hear dêr net om [pagina 14] [p. 14] Mislearre kabaretlietsje ik woe in simpel ferske skriuwe oer in hij en in sij mar it moast rymje en dêr wie ik to lui foar it gie oer Sara en Hassan hij wie 16 en sij 15 och it wiene noch bern Sara de Israëlyske en Hassan de Palestijn se wennen ûnskuldich sa frij en fijn by heit en mem och wol hwat bretael soms mar meastal forlegen en as in segen foar heit en mem yn Jeruzalem yn Jeruzalem mar sij koe him wol deasjen en hij har wol opfrette Sara Sara Sara pas op Hassan Hassan tink om dyn kop mar as hij de mûle iependocht (om har op to fretten dus) en sij syn geve tosken sjocht wyt ljochtsjend yn syn swarte plúsburd dan tinkt se: ‘hwat in knappe fint’ en har dûnkere egen sjitte feninich pylken fol fjûr lyk yn syn hert en dan ja dan wyt Hassan it net o leave heit o leave mem hwerom wenje wy dochs yn Jeruzalem Sara Sara Sara pas op Hassan Hassan tink om dyn kop en hij tinkt dat er Adam is en sij tinkt dat se Eva is en hij ropt Allah en sij Jahwèh se draeije har om fan rombom bom is dat de feesttrom of in bom yn Jeruzalem yn Jeruzalem? Sara Sara Sara pas op Hassan Hassan tink om dyn kop Vorige Volgende