| |
| |
| |
Oene Spoelstra
Afke D.
In absurde komeedzje
Yn dit stik binne gjin fêst omskreaune rollen, útsein Afke-D en Fabryk. De rol fan Afke-D. kin troch twa as mear aktrices spile wurde, dy't elk in part út it libben fan Afke-D. nimme. Troch klaeijing, schmink ensfh. kin men in kontinuïteit yn dizze persoon krije.
Fierders binne der gin fêst omskreaune rollen. Elke akteur as aktrice kin wikseljende rollen op him nimme, sa't dy yn it stik oanjown binne.
De spylrûmte is leech. De sitewaesje makket út hwatfoar attributen brûkt wurde moatte. Troch de kollage-eftige opbou fan it stik moat ien en oar redsum barre. It oan- en ôfdragen fan setstikken, attributen ensfh., wurdt troch de spylders dien. Fierders is in goed gebrûk fan it ljocht wichtich om de sfear op to roppen dy't de ûnderskate scènes freegje.
It ljocht giet stadich oan. Op in greate tafel leit in frou op 'e rêch. Se hat de fuotten út elkoar. Se forwachtet in bern. Boppe har driuwt in greate ballon, dy't oan har liif fêst sit.
Trompetmuzyk bigjint to sketterjen. Trije dokters komme opmarsjearen. Se geane stram yn 'e hâlding stean, gesicht nei it publyk.
(Se rinne om 'e pasjinte hinne, bisjogge har, leitsje hwat en wriuwe harsels yn 'e hannen. It trompetmuzyk is opholden)
(Tsjin 2) Hast der hjoed wer hwat nocht oan?
(laket) As it mar hwat slagje wol.
Sa is't mar krekt.
(De frou bigjint to kreunen)
Harkris oan! Ha jo der hwat nocht oan, mefrou?
Hwat moat it wurde, in jonge as in mokkeltsje?
(De frou kreunt wer)
Ha! Dat mei'k hearre! Dat is it lûd fan in goed wurkjende masjine!
Sille wy der mar in jonge fan meitsje, mefrou? Neffens de statistiken binne der op't heden nochal hwat froulju oer. Dat sadwaende. En wy moatte op't lêst de bifolkingspolityk fan ús regear stypje, is't net wier?
| |
| |
(De frou bigjint to jammerjen)
Harkris oan! Dat is muzyk dy't wy hearre meije!
(Twa forpleechsters sjogge om 'e hoeke)
Kom der by, fammen! Kom mar tichterby. It wurdt hjoed ynteressant, dat biloof ik jim! In nij eksperimint. (Mei klam:) As dit hjoed slagget, hoege wy ús hannen foartoan net wer to waskjen.
(Utnoegjend tsjin dokter 1) Dokter.
It is de earste kear dat wy it bisykje en it kin wêze dat it bern der in anti-sosjale neurose fan oerhâldt, mar it is tige de muoite wurdich. (Hy wiist op 'e ballon) Sjogge jim dit hjir? (De susters giechelje) Gean nou nei myn keamer en helje de instrumintetas. Gean togearre, hwant hy is swier diz kear. (De susters geane ôf en komme daelk werom mei de tas) Tanke.
Allegear klear? (Hy stekt de hân omheech. It ljocht dôvet. In spot op 'e operaesje-scène. Trompetmuzyk set yn. Mei in wiidweidich gebaer docht er de tas iepen en jowt de oare dokters in great pistoal. Mei syn trijen steane se op in rychje, it pistoal yn 'e oanslach. It muzyk hâldt op. Deadske stilte)
(Tagelyk sjitte se op 'e ballon. In klap en it is tsjuster en stil. In spot falt nou op in greate berch materiael (ûnderskate stoffen, jern ensfh.) It bliuwt earst deastil. De gesichten fan 'e dokters en 'e susters wurde fongen yn in spot. Nou komt der stadich biweging yn 'e greate heap. Tige stadich komt in minske to foarskyn. It is in famke. Se hat al de foarmen fan in jonge folwoeksen frou. Se jowt suchtsjende lûden en rekt harsels út)
Hjir moat ik patint op oanfreegje!
Dit kin dy wolris in moaije duit opleverje!
Wurdst noch in ryk man troch dizze fynst!
(As yn in dream komt it popeftige minske oerein en bigjint forsichtich to rinnen. Dit bart as yn in trage film. De dokters en susters lizze op 'e knibbels to sjen. De biljochting jowt in mearke-eftige sfear oan it gehiel. It bern siket har wei troch
| |
| |
de rûmte en stekt sykjend har hannen foarút. Dan taestet har hân op hwat. It is de mem dy't stil efteroer leit. It bern rint houterich om har hinne en bifielt har. It bern sjocht mei greate poppe-eagen nei har en jowt dan in skriemend lûd. Earst tige súnich, letter hwat oanhâldender en lûder. Troch de helpeleazens fan biwegings en de útdrukkking fan it gesicht, komt de treasteleazens oer fan in bern dat by har deade mem stiet)
In tige slagge eksperimint!
(De dokters en susters geane tagelyk, as op kommando, stean en marsjeare ôf. Yn in spot de mem en it bern. Twa susters komme op mei in kleed. Se lizze dit oer de mem en ride har ôf. It bern sit midden op it spylflak yn in spot. Se biweecht hwat mei de skouders op en del, krekt as woe se omheech. Se giet stean. Dan weaget se in lyts spronkje. En noch ien.
It springen wurdt dryster en heger. Tromgeroffel. It bern dûkt djip wei yn it materiael, dêr't se út wei kommen is.
In dokter komt op. Efter him in greate man. Dizze man stekt boppe alles út, om 't er op hege blokken as stelten rint, dy 't weiwurke binne troch syn lange broek. Forpleechsters steane yn in boskje byinoar en mûskopje)
Minhear Fabryk, kom fierder. Kom fierder.
Tanke dokter. En hwêr is't lyts fanke?
Oehoe. Famke! Hwer sitste? (Koart tsjin 'e susters) Susters!
(De susters fleane om it bern to sykjen. Se fine har)
(De susters nimme it famke op en drage it boppe harren hollen nei minhear Fabryk ta. Dy kin nou rjocht op har delsjen)
In moai bern, is't net wier?
In seldsum exemplaer, minhear Fabryk. Ik mei hast wol sizze; Ik bin der wiis mei. En fuort al sa great! Dat is ek hwat bisûnders! It bern is op 'e wrâld kommen mei in nije methoade en ik mei wol sizze: Tige slagge.
Dat muoit my ek. Mar och, hwat mear op't boekje fan't lyts fanke en dan komt se dêr ek wol wer oerhinne.
(Lakerich) Jild forgoedet in soad, minhear Fabryk.
Jild forgoedet alles, dokter. Mar ta de saek: kinne wy nou oergean ta de plechtichheit?
Jo witte dochs hwer't ik foar kom?
| |
| |
De heit hat op dit momint syn wurk en om't ik de âlders persoanlik opdracht jown ha ta de konsepsje fan dit bern, fiel ik it as myn plicht en jow har sels de namme.
Jo witte, geboarteplanning is in wichtige ôfdieling fan ús persoanielswurk en om't ik in bulte op ha mei dit âlderpear en mei nammen de heit in tige goed fakman is op 'e ôfdieling kûgellagers, haw ik yn oerliz mei him de namme fêststeld. De plechtichheit kin nou bigjinne.
(In geastlike komt op. Achter him folget in advokaet, in fluwielen kjessen yn 'e hân mei in bankboekje der op. It famke wurdt op in soarte fan tafel lein mei in waerm read kleed der oer.
De dokter en de forpleechsters stelle harren op oan 'e iene kant, minhear Fabryk en 'e advokaet oan 'e oare kant. De geastlike yn it midden)
Achte oanwêzigen. Nou't it plechtige momint oanbrutsen is, dat wy de doop jaen meije oan dit ús tabitroude bern, soe ik de âlden freegje wolle nei foaren to kommen en yn allee earlikheit en oprjochtens op de folgjende fragen to antwurdzjen.
(It bliuwt stil. In pear forpleechsters gichelje))
Mei ik freegje hwa't de âlden binne?
De heit is op't wurk en de mem...
Al soe de mem allinne mar oanwêzich wêze, dan kin de plechtichheit trochgean.
De mem kin wegens omstannichheden hjir net wêze. Dêr praet ik noch wol mei jo oer. Dêr binne ek noch in pear sinten oan to fortsjinjen.
Wolle jo dan nei foaren komme?
(Fabryk en de advokaet komme nei foaren)
Nou't dan de plechtichheit oanbrutsen is om dit bern mei de doop en de bifêstiging ta to bitrouwen oan datjinge hwat ús allegear hillich is, soe ik jim, nammes it âlderpear, freegje wolle yn alle earlikheit en oprjochtens op de folgjende fragen to antwurdzjen.
(De hear Fabryk knikt)
Binne jim ré dit bern yn tiden fan noed en soarch by to stean en to stypjen safolle as jim kinne?
Binne jim ré dit bern op to fieden ta de bisteande maetskippij en har foar alle dwaelwegen to hoedzjen?
Binne jim ré mei alle middels dy't jim ta jim biskikking ha, dit bern op to fieden ta in godfruchtich minske?
Hwat is hjirop jim antwurd?
Dan sille wy nou oergean ta de bitsjinning fan it doopwetter en it bern de seine jaen.
| |
| |
(Yn 'e plechtichheit steurt) Ja?
Soe ik de plechtichheit nou fan jo oernimme kinne?
Dat sil net gean. It doopsel soe ûnder jou hannen gjin inkelde hillichheit ha.
(Fabryk komt nei foaren) Hjir. (Hy triuwt de geastlike tûzen goune yn 'e hannen) Wy prate noch wol.
(De geastlike ôf. De greate man Fabryk stiet nou foar it famke dat stil op 'e rêch leit. De advokaet stiet mei it kjessen njonken him)
Famke, ik doop dy mei it jild dat my leaf is (Hy hellet flonkerjende muntstikken út in bûse en leit se op har lichem)
Ik jow dy de namme fan dyn mem silger: Afke en de bron fan myn rykdom: Dafke. Dyn namme sil foartoan op eltse mini-auto stean.
(De dokters en forpleechsters hantsjeklappe)
Afke-Dafke, dit sparbankboekje sil it bigjin wêze fan in lang, lokkich en ryk libben. Hiepiepiep hoera!
(Muzyk set yn. Forpleechsters smite mei konfetti en dounsje de polonaise. It muzyk wurdt stadich sachter, it ljocht dôvet, de minsken forlitte al feestfierend it toaniel. It is nou folslein stil. It famke leit allinne, yn in spot. It snokt in bytsje)
| |
2.
It toaniel is tsjuster. Troch de lûdsprekkers hearre wy it sjongen fan bern. Se sjonge:
dêr komt allegear lekkers út.
Soms wolris in sulvren sint
As in echte gouden krint.
Afke-Dafke omke is hiel ryk
Afke-Dafke omke hat in fabryk
Heit wurket dêryn, mem wurket dêryn
Afke-Dafke letter ek miskien.
It ljocht giet oan. In klasselokael. Yn 'e klasse binne in stik
| |
| |
as acht bern. It binne akteurs en aktrices mei maskers en prûken op. Men moat bisykje sa natuerlik mooglik to spyljen en gjin bernekarikaturen to meitsjen.
Krekt. Jimme meije allinne liege as it om in goede saek giet.
Wy bigjinne hjoed mei tael. In taelspul.
Stel jim op. (De bern stelle har yn twa groepen op)
Neam ris in wurd. Groep 1!
En nou fierder. Jim kinne de rigels.
(Groep 1 en 2 wikselje elkoar ritmysk ôf)
Dat mei net, seit de keningin
Ho! (De groepen ‘bifrieze’)
Hwa is hjir baes, jonges?
(Stilte)
Hwa is hjir baes?
(Afke-Dafke komt yn)
En jim heit dan? Wie dy op 'e tiid op't wurk?
Dy hat in fabrykswekker juf. Dy kin him net forsliepe.
| |
| |
Hast gelyk. Der giet neat boppe in fabrykswekker. Noch in pear jier bern en jim krije ek sa'n prachtige wekker.
Tominsten, as jim yn't fabryk wurkje wolle dêr't Afke-Dafke har heit wurket. Hwant allinne dan krije jim sa'n prachtige wekker.
Juf wurket net op't fabryk.
Mar juf hat wol in wekker.
Hat minhear Fabryk forteld.
(Forskrikt) Oan dy, Afke?
Oan ús heit. Dy sit yn it bidriuwsparlemint en dêr fortelt er alles.
Hwat hat er mear forteld?
(Laket) Dat mei'k net sizze.
(Fluensk) Witstou wol dat juf nije plaetsjes hat?
(Koart) Hwat hat minhear Fabryk noch mear forteld, Afke?
Dou witst it Afke, bern dy't liege krije gjin plaetsjes.
Ja jonges. Afke gean mar by dy groep. (Afke giet by groep 1 stean)
Silst hjoed flink meidwaen, Afke?
(Afke seit neat)
Afke, jow juf ris antwurd!
(Afke sjocht strak foar har út)
Fan hwa learstou dy bretalens, fanke?!
(De bern laitsje)
Hâld jim stil!
Moat ik it jim heit fortelle?
Hwat soe dy to fortellen ha?
(Afke sweit)
Se hat net iens in echte mem!
Hâldt jim stil!
Om't Afke hjoed sa stiif is, wurdt sy it ûnderwurp fan it taelspul.
Afke, gean yn it midden stean!
Jonges! (Twa jonges pakke har en triuwe har yn it midden. De oaren steane der yn in heale sirkel omhinne)
Groep 1!
| |
| |
(De bern komme hieltiid tichter nei har ta)
Kin amper gean! (Se leitsje)
Ho! Ik forbied jim om sa oer minsken fan oansjen to praten.
Jim moatte op't lêst it ûnderskied witte.
(Afke sil fuortrinne)
Hwat silste? Afke?
(Afke reagearret net)
Afke! !
(As Afke sahwat ôf is, komt minhear Fabryk op)
Hwa raest hjir sa?
(Stilte)
Dei bern.
En hoe giet it mei de risseltaten?
Dogge jim noch goed jim bêst?
Hoe giet it mei Afke-Dafke, juf?
Se is de brutale kant it neist.
Afke, kom dou hjirris famke.
(Afke komt by him, mei de holle foardel)
Moatst ris sjen. (Hy hâldt in briefke fan tûzen goune foar har eagen)
Astou sokke moaije briefkes ha wolste om mei to boartsjen, dan moatst dyn bêst dwaen fanke.
(Tsjin 'e juf) Wacht ris even. Dou kinst net, seiste?
Kinst der ek noch mear fan sizze, famke?
It kin my allegear neat skele! It lit my allegear egael!
Juf seit.... juf docht...
Jim meije net lige, dat witte jim hoopje ik wol?
It hinget der fan ôf hwêr't oer giet.
Meije jim wol lige, nou't ik jim hwat freegje?
| |
| |
En hwannear meije jim wol lige?
As it tsjin minhear gean soe.
Treflik! Treflik! Jim krije fan 'e wike in ekstra dei frij.
(Tsjin 'e juf) En Afke wurdt hwat ûntsjoen. It bern hat in anti-sosjale neurose en se hat it dêrtroch swier genôch yn dizze maetskippij.
(Hy winkt de juffrou en giet hwat mei har fansiden)
Joun healwei njoggenen, soe dat kinne?
Doch datselde broekje oan as de léste kear.
Dei bern. Doch goed jim bêst, dan wurde jim letter in goede arbeider yn dizze maetskippij. (Hy giet ôf)
(De bern bigjinne to sjongen. Under it sjongen dôvet it ljocht.)
(sjonge:)
Dei minhear. Dei minhear.
Hooplik wie dit net de lêste kear
Dat jo by ús op skoalle kamen
Us takomst hinget fan jo ôf
Dat ha wy leard, dat ha wy leard
Sûnder jo bigjinne wy neat.
| |
3.
Toaniel: It sintrum foar foarljochting en ynformaesje.
Oeral sjocht men komputer-eftige oantsjuttingen. Men heart it gerûs as fan in bulte minsken yn in greate hal.
Hallo, hallo. Mei ik jim oandacht. (It stimmegrûs hâldt op) Tanke. Allegear wolkom op dizze foarljochtingsdei. It is foar jim, bern dy't op it punt steane om 'e basisskoalle to forlitten en jim fierdere stappen to setten op it lange paed fan 'e mooglikheden dy't dizze maetskippij jim biedt, it is foar jim in bisûndere dei. Hjoed kinne jim jim kar dwaen. De dei fan hjoed wurdt ien fan 'e wichtichste yn jim libben! Sjoch dêrom goed út jim eagen, doch jim bêst as jim hwat frege wurdt. It giet om jim eigen takomst! In elk giet nou nei de rûmte dy't op syn of har kaert stiet. De ynformaesje is yndividueel. Jim krije alle mooglike oandacht. Wês net bang. Doch jim bêst! Wy starte.... nou!
(Stimmegerûs)
| |
| |
(Afke komt op. Se sjocht hwat frjemd om har hinne. Se rint hwat om. Dan ropt se:)
(Foar in gat yn in setstik forskynt in holle. It ien en 't oar bart tige mechanysk, hast roboteftich)
Dan binne de mooglikheden biheind, sa'st witste.
Freegje dat jim heit marris.
Dou falst yn it systeem AD 1.
(Foar in oare iepening)
Dit is AD 1.
De namme is?
Dus dit is nou Afke-D.!
De mooglikheden binne biheind, sa'st witste.
It spyt my, dêr kin ik gjin útliz oer jaen.
Dou falst yn systeem AD 1, subsysteem A.
Dan is dit foar dy de lêste ynformaesje-fase.
Dyn mooglikheden binne tige biheind, sa'st witste.
Fan hwa soe ik dat witte moatte!
Fan jim heit en mem, famke.
Dan bigjinne wy nou mei de test.
Sille wy mar bigjinne?
Opdracht 1: Rin twa meter nei foaren en dan twa meter nei rjochts. (Afke docht it)
Korrekt op tsien sintimeter nei.
Hoefolle meter hast nou roun?
Korrekt op tsien sintimeter nei.
Opdracht 2: Stek de lofterearm omheech, de rjochter nei foaren. (Afke docht it)
Korrekt.
| |
| |
Hwer is dit foar, mefrou?
Net freegje famke. Dat komt straks.
Doch dyn eagen ticht. (Afke docht it)
Wiis dyn lofter ear oan. (Afke docht it)
Wiis dyn rjochter knibbel oan (Afke docht it)
Wiis dyn rjochter earlel oan. (Afke docht it)
Wiis dyn geslacht oan. (Afke docht it)
Foei! (Afke docht forskrikt de eagen iepen)
Dat is spitich. Dat wie in fûke. Dou bist net geskikt foar in mingde skoalle.
Mefrou, mei ik freegje...
Geduld! Dit is de twadde kear al datst fregest. Doch it net wer. It kostet dy allinne mar punten.
It tal punten datst hellest makket út hwêrst gaedlik foar biste.
Even wachtsje! Wy binne noch net klear mei it yntelliginsjeûndersyk. In haedrekkensom.
Fiifentweintich kear seis is
Hûnderttachtich dield troch trije is
Fjouwerenfjirtich en fiifenfjirtich is
Hoefolle antwurden wiene goed - hoefolle antwurden wiene fout?
Ik koe it sa hurd net folgje.
Hoefolle opdrachten hast oan't nou ta hawn?
Ik kin allinne mar tinke as ik praet!
Noch yn in primityf stadium.
Dat wurdt de fabryksskoalle mei yndividuele bigelieding.
Hast ek kammeraetskes, famke?
Ik wit net. Se wolle net mei my.
Dou hast mear boartersguod as harren tink?
Fan hwa krijst dat boartersguod?
Hat omke dan net in kammeraetske foar dy?
(De mannen 1 en 2 gnyskje hwat.
Afke seit neat)
| |
| |
Wy binne net fan him ôfhinklik.
Ik bigryp it net! Hwer is dit allegear foar?
Dat is al de tredde kear datst fregest!
En dan ek noch in tige apart gefal.
Yn alle faktiidskriften biskreaun.
Dou wolst dochs nei in oare skoalle, net?
Wolst leaver mei de hannen wurkje?
Symptomen dy't noch net biskreaun steane!
Dit is materiael foar in proefskrift!
Fideo! (Der geane ljochtflitsen troch de rûmte)
Neat fanke. Wolst hwat drinke?
(In juffer komt op mei in blêd mei glêzen)
(Afke skodhollet)
Ik wol nei in skoalle ta dêr't ik net leare hoech.
Fan neat dwaen wurde wy net great!
Wy binne net op 'e wrâld om allinne mar to boartsjen!
Ik wol nei in boartersskoalle.
In kreatieve biropsoplieding woest sizze?
Dy mooglikheit is útsluten.
Mooglik in oplieding ta kreatyf forpakker?
Dêr is in ynpakmasjine foar.
It spyt ús. Dêr is de útgong.
It spyt ús. Dou hearst der noch wol fan.
(It ljocht dôvet. Afke yn in spot)
Black out.
| |
| |
In bernekoar sjongt:
Afke hat ynformaesje hawn
Afke hat net in great forstân
Nei de skoalle fan't fabryk
Dêr binne alle fammen gelyk
| |
4.
In park. Oerdei. It is sinnich waer.
Afke bigjint in kreas jong faem to wurden.
Afke sit op in bank. Se hat in spegeltsje yn 'e hân. Se makket har op. Minsken kuijerje foarby. Se sjogge om har hinne en prate hwat.
It park om Afke hinne is nou leech. Afke sjocht om har hinne. Nou en dan bisjocht se harsels yn it spegeltsje. In jonge komt foarby. Hy rint stadich en ûnforskillich. Hy sjocht nei Afke. Dan bigjint er yn himsels to fluitsjen en draeit hwat om har hinne. Dan freget er:
(Mist op 'e bank) Plak frij?
Ja. (De jonge giet sitten. Beide jonge minsken binne ûnrêstich. Afke sjocht rjocht foar har út. De jonge bisjocht har tomûk: hy bigjint by de fuotten en dan geane syn eagen heger)
Net drok yn't park hjoed.
Soms. As it moai waer is.
Bist in moai mokkel. (Afke sjocht de oare kant út)
Koest wol lilk wêze.
Sjochst as in tongerbui.
(Afke seit neat)
Ik gean mar werris.
(Hy giet stean. Afke sjocht skean nei him. De jonge rint in eintsje fuort, mar wifeljend. Dan komt er werom en giet wer op 'e bank sitten)
| |
| |
Ik ha my bitocht. (Afke laket, mar sûnder lûd to jaen)
Hoe hietstou?
(Hwat útdaegjend) Hwerom soe'k dat dy fortelle.
(Laket) Dy namme bistiet net.
Jehannes.
(In pear maten fan Jehannes komme foarby)
Slagget it hwat, Jehannes?
(Gniist) Moatte wy dy even helpe? (Se komme tichterby)
Donderje op! Ik kin it allinne wol ôf!
Hast har al even beet hawn?
(Afke giet stean en wol fuortrinne)
(Pakt har beet, flústert har yn 't ear:)
It is sok moai waer om even...
(Bisiket los to kommen) Bliuw fan my ôf!
(De maten rjochtsje harren nou nei Jehannes. Afke stiet op in ôfstân)
Hwat nou, maet? (Hy hellet in stiletto út'e bûse, boartet der hwat mei om)
(Tsjin 1) Moatte wy him even neisjen?
(Nou ticht by Afke) Haw it lef net en kom oan ús!
(Gniist) Dát mokkel? Kinst net iens op har klearkomme!
Witst noch dat spultsje dat wy lêsten dien ha mei dy âld man?
(De maten komme tichterby)
Sille wy dat nochris bisykje?
(Maet 2 springt op Jehannes ôf. In koarte wrakseling. Maet 1 hâldt him in stiletto foar. Se hawwe him yn 'e macht)
(Maet 2 hat nou de hannen frij. Hy pakt Afke. Se wrakselet om los to kommen, mar it slagget net. Hy hâldt har de hannen op 'e rêch)
Hoe hyt dit moaije popke?
(Afke swijt. Hy wriuwt har oer de boarsten)
Moatte wy even fiele?
(Afke wrakselet om frij to kommen)
| |
| |
Lit har los! Lit har los fordomme!
Net sa'n praetsjes, maet! (Hy jowt Jehannes in klap yn it gesicht) (Maet 2 stiet stiif tsjin Afke oan. Hy bisiket har op 'e groun to krijen. Afke wrakselet tsjin, mar hy krijt har op 'e groun)
(Minhear Fabryk komt op. Njonken him rinne twa manlju yn uniform)
(Fabryk lûkt in pistoal en sjit op maet 2. Hy wurdt rekke. Afke komt oerein)
(Wiist nei maet 1) En dat oare mantsje, heart dat der ek by?
(Fabryk lost wer in skot. Maet 1 falt ek del)
Sa moat men mei dat soadtsje. (Tsjin 'e twa mannen yn uniform:)
Rûmje jim de boel even op, mannen?
Black out.
Bernekoar sjongt (troch de lûdsprekkers:)
As se minhear Fabryk net hie
Dy greate man dy sterke man
Dy't dwaen kin hwat er wol.
Minhear sei' nei't fabryk
Fan al dy oare minhearren
Hast like knap en great as ik
Dus gie ús Afke nei skoalle ta
Op it fabryk op it fabryk
Hwa't it úteins to sizzen hat
Dat is yn't foarst minhear Fabryk
Dy is it aller allerrykst
| |
| |
Dy't ek wol hwat to sizzen ha
Gelokkich folle folle minder.
| |
5.
Op it fabryk.
(as yn in greate rûmte:)
Oandacht. Oandacht. Hjir komt in forsyk fan 'e ôfdieling persoanielssaken. Wolle alle gastarbeiders der om tinke dat se harren geslacht waskje nei in koïtus. Wolle alle gastarbeiders der om tinke dat se harren geslacht waskje nei in coitus. Der binne wer twa w.c.'s bismet. Der binne wer twa w.c.'s bismet. Tanke.
Fierders wurdt juffer 117 forsocht har by de ôfdieling persoanielssaken to melden. Wol juffer 117 har by de ôfdieling persoanielssaken melde? Tanke.
Keamer foar ûndersyk en petear.
Der hinget in great portret fan minhear Fabryk. Trije manlju sitte achter greate bureaus. Der giet in lûd en in ljochtsje springt op read. Ien fan 'e mannen drukt op in knop. Der giet wer in lûd en Afke komt yn.
De risseltaten binne net sa't se wêze moatte.
Hwat soene wy der oan dwaen kinne, tinkt jo?
Dan sille wy in ûndersyk ynstelle moatte nei jou mooglikheden. Geane jo dêr mei akkoard?
Ik wit net hwat it ynhâldt.
Dat is to omslachtich om út to lizzen.
(Minhear 3 drukt op in knop. In frommeske komt op mei in soarte fan brancard. Se sette him yn it midden del)
| |
| |
(De oaren swije. Afke sjocht nei harren en merkt dat se net op har fraech réagearje. Dan klaut se op 'e tafel)
Op 'e rêch. (Afke giet op 'e rêch lizzen)
Brainwash oanbringe graech.
(It frommeske docht Afke in koptillefoan op en leit har bolfoarmige dingen op 'e eagen. Dan giet se óf.
It ljocht dôvet. Spots op Afke en 'e trije hearren. In projeksjeskerm wurdt sichtber. Hjir sille fragminten film op fortoand wurde)
(Op it doek is in fragmint to sjen fan in rinnende bân)
Wolle jo réaksje jaen op hwat jo sjogge?
(Fragmint fan minsken dy't in fabryk yn geane)
Jou réaksje! (Afke swijt)
Jou réaksje graech, juffer 117!
O.ja. Ik wie it al forgetten. Ik hear sokke moaije muzyk troch de koptillefoan.
(De hearren wachtsje)
O ja. Nou'e... Drok. Allegear like drok.
Wolle jo der noch hwat fan sizze?
Né tanke. Prachtige muzyk!
(Filmfragmint fan in komputer, dêr't ljochtsjes op oan en út flitse)
(Stilte)
Jou réaksje graech, juffer 117!
(Stilte)
Hwat is hjirop jou kommentaer, juffer 117!
(Afke is yn 'e sliep fallen.
De hearren komme oerein, bliuwe achter harren bureaus stean en sjogge elkoar forwûndere oan. Dit bart suver roboteftich)
Dizze symptomen ha ik nea earder meimakke!
Dan is se net gefaerlik. Wy kinne it wol weagje.
(Se komme fan harren plakken en rinne foarsichtich op Afke ta. Se sjogge nei har as wie se in wrâldwûnder)
Dit bitsjut it ein fan ús kondisjonearingsthearapie!
| |
| |
Dit moat in greate persoanlikheit wêze!
Wy ha gjin inkelde ynfloed op har!
In sterk yndividualistysk karakter!
Soene wy har dêr net ôfhelpe kinne troch in groepsharsensspieling?
Der moat yn elts gefal hwat oan dien wurde. Sa'n persoanlikheit is folslein net brûkber yn dizze maetskippij.
De groepsharsensspieling dan mar?
It is de lêste mooglikheit om har foar it fabryk to rêdden.
(De hearren drukke op in knop. Trije froulju komme op yn unifoarme klean, krekt lyk as de trije manlju.)
Groepsharsensspieling yn 'e sterkste graed.
(In persoan komt op mei seis laskbrillen. De manlju en froulju dogge him foar de eagen)
Wurd ris wekker, sliepkop!
(Se wachtsje even. Afke bliuwt stillizzen)
Hé! Wurd ris wekker, sliepkop!!
(Afke wurdt wekker. Se sjocht hwat frjemd om har hinne)
(Afke komt oerein)
(Juffer 3 pakt har by de earm en skuort har der ôf. Afke falt heal. De oaren bigjinne to gnizen)
(Spuit op 'e groun) Op 'e knibbels!
(De minhear 1 pakt har fan efteren beet en lûkt har earms op 'e rêch. De minhear 2 giet deun foar har stean)
Sjoch my yn 'e eagen!!
(Afke bliuwt nei ûnderen ta sjen. De 2e man jowt har in klap yn 't gesicht)
Is dat better? (Afke byt har op 'e lippen)
| |
| |
Sjoch my oan! (Afke sjocht him oan)
It giet om dyn eigen bêstens, famke.
(De 2e man jowt har in klap yn 't gesicht. De trije froulju gnize)
Sokke tael heart net thús yn'y fabryk.
Foar minsken mei sa'n greate bek ha wy gjin plak.
Dan mar net! Ik rêd my wol!
Hwat soest moatte, famke?
Trouwe? (Allegearre bigjinne to leitsjen)
Bigjin dêr net oan, stumper.
Dat is allang út 'e tiid.
Kin my neat skele. Ik doch it dochs!
(De mannen hawwe har nou loslitten)
Bist al keurd!
Lang net alle froulju binne gaedlik. Bist wis datst yn tsien minuten as koarter in orgasme krije kinst?
Dan sille wy it even ûndersykje moatte.
Dat giet bûten ús kompetinsje!
Wolst dyn klean útlûke, famke?
Tochten jo dat ik sa gek wie?
It sil dochs moatte, ast trouwe wolste.
Ik trou mei Jehannes. Net mei jim.
As wy dy nou ûndersykje as immen oars, dat makket foar dy neat út. It moat doch in kear barre.
Mar ik lûk myn klean net út!
It broekje moat yn elts gefal even út.
Astou net meiwurkje wolste, sille wy hantaestlik wurde moatte. En dan kin it wolris pynlik wêze.
As wy it ûndersyk dien hawwe.
Wy moatte hjir gjin gedonder mei krije!
Hâld dy stil. Dit is in kâns fan ien op tûzend.
Binne jim klear, hearren?
| |
| |
(Afke wol hurd fuortrinne)
Pak har! (De manlju en froulju fleane op har ta en pakke har. Se forkringe elkoarren hwa't Afke beet hawwe sil)
(Afke bigjint to skoppen. Se bisykje meiinoar Afke de klean út to lûken)
(Tsjin 1) Hoe wolle jo har ha?
Op 'e rêch. (De oaren bisykje Afke oer de groun to krijen. Mar om 't se to machtich binne, rinne se elkoarren foar de fuotten, hawwe elkoarren beet en reitsje meiinoar ûnder fuotten.
Dan komt minhear Fabryk op. Hy sjocht nei de kronkeljende minsken)
(De oaren springe oerein en steane fuort stram yn 'e rige)
Ik bigryp it wol famke. Ik haw it allang bisjoen.
It wie yn dit gefal needaeklik, minhear.
Hâld dy mar stil, swetser. As Afke-Dafke op dit punt ûndersocht wurde moat, sil ik it persoanlik wol dwaen.
Bist joun acht ûre frij, fanke?
Kom dan acht ûre op myn kantoar.
En nou mar gau wer oan't wurk.
Ja minhear, (Afke hurd ôf)
(Minhear Fabryk sil ek ôf)
Minhear! (Minhear Fabryk bliuwt stean)
As wy jo nochris skewiele kinne?
Foarlopich net. Ik haw leaver hwat jonger fleis.
(Hy giet ôf. Black out)
In sjongster stiet yn in spot, midden yn 'e seal of earne oars.
(By gebrek oan sjongsters kin men it ek troch de lûdsprekkers hearre litte)
De leafde is as in dronken lietsje
De leafde is in brokje fortriet
Dat ôfnimt en tanimt en hieltiid weromkomt
Dat stean bliuwt en fuortrint, mar nearne forgiet.
| |
| |
De leafde is as in dronken lietsje
De leafde is in brokje fortriet.
Hat er har leard hwat leafde is
Hat er sein nea to forjitten
Dat der foar har in libben is
Dat ôfnimt en tanimt en hieltiid weromkomt
Dat stean bliuwt en fuortrint, mar nearne forgiet.
De leafde is as in dronken lietsje.
De leafde is in brokje fortriet.
| |
6.
It toaniel is forsierd foar de troudei fan Jehannes en Sfke-Dafke.
De folgjende scène komt yn earsten gjin wurden yn foar. Troch de biljochting en it tempo fan 'e biwegings (stadiger as gewoan) docht it oan as in ritueel.
De brulloftsmars út 'e Lohengrin set yn. It muzyk wurdt stadich útfade as Jehannes en Afke opkomme.
Jehannes en Afke komme stadich fan lofts op as brêgeman en breid. Foar harren rint in bern mei yn eltse hân in kears. It bern is neaken. De iene kears baernt, de oare net.
As it bern en it breidspear op it midden fan 'e spylrûmte kommen binne, bliuwe alle trije stean, it bern draeit him om (lyk as alle biwegings tige stadich) en jowt de baernende kears oan 'e brêgeman en de net baernende kears oan 'e breid. Brêgeman en breid knibbelje foar it bern, dat foar harren stiet. Se hâlde de kears foar it gesicht.
In soarte fan boargemaster komt op fan rjochts. (Stadich) Hy hat in toga oan. Hy giet achter it bern stean.
Fan lofts komt in pastoor op. Hy draecht in pij. Hy giet achter it knibbeljende breidspear stean.
De pastoar bigjint op ‘noe’ ymprovisearjend to sjongen.
Dan falle de boargemaster en it bern by. Se foarmje lûden dy't ôf- en tanimme, soms melodysk, dan wer a-tonael.
Se biwege mei harren boppelichems hinne en wer. It breidspear, dat ûngefear in meter fan inoarren ôf sit, bigjint hinne- en wer biwegings to meitsjen mei it boppelichem en wol nei elkoarren ta. Dêrby reitsje de kearsen elkoarren. Op in stuit
| |
| |
wurdt de flam oerdroegen fan 'e iene kears op 'e oare. Dan hâldt de lûdymprovisaesje op.
It breidspear jowt de bern de twa baernende kearsen. It bern giet fansiden stean.
It pear giet stean en de boargemaster stiet nou foar harren. Hy nimt harren rjochterhân en leit se yninoar (noch altiid tige stadich!) Hy mompelet in tal net forsteanbere wurden. It breidspear reagearret der op mei in holleknik en in lang oanholden lûd, bygelyks òòòò.
Dan giet de pastoar foar harren stean en it breidspear tutet syn hannen. It pear giet stean, de pastoar omearmet de brêgeman en de breid en partet se op beide wangen.
(Noch altiid yn itselde stadige tempo)
Sacht klingeljende muzyk set yn en seis minsken komme dounsjend op: 3 manlju en 3 froulju. It breidspear giet op 'e knibbels sitten, lykas it bern, de boargemaster en de pastoar en hja sjogge nei it dounstaferiel.
Nou geane de manlju nei de brêgeman, de froulju nei de breid en noegje harren út om mei to dwaen. It pear stimt ta en yn it ballet dat nou ûntstiet wurdt de brêgeman troch de manlju omsluten, de breid troch de froulju, mei nou en dan iepeningsmominten, hwêryn't brêgeman en breid de kâns krije út 'e manljus- as frouljusgroep wei to kommen en togearre to dounsjen.
De groep bigjint to sjongen. It bern, dat tusken de pastoar en de boargemaster yn sit, slacht op in triangel.
De groep sjongt:
| |
| |
In gong slacht. Allegear bliuwe stean. Boargemaster, pastoar en bern komme oerein.
Fabryk komt op. It is deastil. Hy sjocht it hear oer.
Dan winkt er Afke-Dafke.
Kom dou hjirris (Afke rint skrutel nei him ta)
Sjoch my oan. (Afke sjocht nei him op)
Wiene wy dit ôfpraet? (Afke swijt)
(koart) Nou?!
Ik hâld fan him, minhear.
Lit my net leitsje, fanke.
(Tsjin Jehannes) Kom dou hjirris. (Jehannes komt tichterby)
(tsjin Jehannes) Hoe hellest it dy yn 'e kop!
Nou fansels! Hoefolle fortsjinnest?
Genôch om fan libje to kinnen.
Fierders kin it jo neat skele.
Soa! Bekje op't goede plak.
Sjoch. (Hy wol Jehannes in bankbiljet jaen)
Né tanke. Wy kinne ús sels wol rêdde.
Né tanke. (Hy rint werom nei Afke)
Dit sil jim sûr opbrekke! Dit sil jim sûr opbrekke!
Jehannes! Minhear Fabryk...
Minhear Fabryk kin om my...
(Fluensk) Dan net. It hoecht net.
Mar sûr opbrekke sil it jim!
(Tsjin 'e pastoar en 'e boargemaster:)
En jim, hearren?
(De hearren bûge)
Hwat sizze jim fan dit saekje?
Hy wurket net by jo op't fabryk, is't wol?
Dan muoit it my dat ik dit houlik sletten ha.
(Tsjin 'e pastoar) En jo?
Ik haw harren de seine jown, minhear. Dy is net wer to forbrekken.
Hwat God oaninoar smeit, forbrekke de minske net.
| |
| |
(Hâldt him in jildbriefke foar)
Hjir gjin forlet fan?
De tsjerke hâldt ús earm.
Hjir. (Hy jowt de pastoar it jild)
En nou as de donder fuort. (De pastoar giet hurd ôf)
(wiist op 'e dounsers) Hwat moat dat folk hjir?
Hjir. (Hy smiet in hânfol gouden munten oer de flier. De dounsers fljogge der as miggen op ôf)
En sjoch nou dat jim fuort komme!
(De dounsers hurd ôf)
(Tsjin 'e boargemaster:) Mei jo praet ik dit saekje noch wol troch. Jou ambtenaren wachtsje.
(Tsjin it bern) Kom dou mar mei my. Dou bist noch neaken en ûnskuldich. Dy kin'k noch foarmje sa'k wol. Kom mar gau. (Fabryk en it bern geane ôf)
(It ljocht dôvet. Jehannes en Afke bliuwe oer, fongen yn in spot.
Se hawwe elkoar by de hân beet.
Se sjogge elkoar oan en draeije dan de holle ôf)
Sa earst mar. (Hy jowt har hoeden in tút)
Black out.
| |
7.
In projeksjeskerm wurdt sichtber (bygelyks foar op it toaniel, om yntusken it toanielbyld foroarje to kinnen) Swiete muzyk set yn en in tal reklame-spots wurde fortoand, lykas yn it programma fan 'e bioskoop. In frouljuslûd jowt (ironisearjend) nou en dan erotyske lûden as kommentaer, lykas suchtsjen, hymjen, kroanen.
By de lêste projeksje bliuwt it even tsjuster. Dan hearre wy Jehannes syn lûd)
(It ljocht giet oan. Toanielbyld: wenrûmte fan Jehannes en Afke. As skilderijen wurde brûkt: pop-art eftige reklamefolders.
Afke leit efteroer yn in stoel. Se sliept)
Fordomme, is't wer sa? Altiid dat gesliep! Brûk dy rotsoai dan ek hwat minder! (Hy pakt har in fleske mei pillen út 'e
| |
| |
hannen en docht it yn 'e bûse)
Wurd ris wekker! (Hy skoddet oan har om. Der is gjin forweech yn to krijen. Hy hellet in trochwiet waskhantsje en knypt it leech boppe har holle. It rint har by de holle del en se bigjint mei har fûsten yn har gesicht to wriuwen as in lyts bern. De schmink rint trochinoar en mei it wiete hier derby sjocht se der út as in sletsje.)
Ha'k sliept? Hoe let is't?
Fyn ik hjir wer fan dy rotsoai by dy op 'e skirte! Dêr moatst mei ophâlde! Dat komt net goed!
(Sleau) Né, dat komt net goed.
Seis ûre. Ik kom fan't wurk.
Dou wiest om trije ûre thûs.
Dat kin dy neat skele.
Sille wy mar in pear broadtsjes ha, mei ragout?
Ik haw it juster dien. Wolstou nou?
Hwa is hjir eins foar't itensiden? Dou tocht ik!
Salang't ik gjin mear jild om hannen ha, sjoch ik gjin kâns en set eltse dei in waerm miel op tafel.
Hwêr bliuwt dat frekte jild? Dou koest wol in gat yn 'e hân ha!
(Bigjint sabeare to snotterjen) Ik kin it dochs net helpe datstou sa'n bytsje fortsjinnest?
Hoechst my allinne de skuld net to jaen! Dou hast sels like goed skuld mei!
Wy kinne mar better byinoar weigean.
Wy binne amper in moanne troud! Wy moatte de saek earst ris oansjen! Dou kinst net op in foech moanne ôfgean!
Dou hast alle frijheit, tocht my.
Dat tinkstou! Ik moat eltse minút foar dy forantwurdzje!
Ik bin net in lyts bern mear!
Afke, wy moatte joun ris prate. Wy geane bitiid op bêd en...
Ik hyt net fan Afke! Ik hyt fan Afke-Dafke!
Hâld my dêr oer op! Dat hinget my de strôt út! Dat geeamel om in namme!
Hwerom neamst my dan net sa as ik hyt!
Dat witst wol! Dêr ha wy it al tûzend kear oer hawn!
| |
| |
Jaloersk op dy âld keardel?! Lit him syn jild hâlde!
Ik kin net mei him brekke! Hy is op't lêst myn petefaer!
Bist wis dat it dyn heit net is?
(Bigjint wer sabeare to snotterjen) Bah! Mislik! Sa bisikest my der ûnder to krijen!
Hoe stiet it mei de broadtsjes? (Jehannes giet oerein)
Forjit de ragoût net!
(Jehannes skarrelet om. Afke bringt har gesicht wer hwat yn't fatsoen. Se set in plaet op. Jehannes komt werom mei de broadtsjes. Hy jowt har twa. De ragoût rint der út. Se slikket har de fingers ôf. Jehannes yt ek. It muzyk spilet. Der wurdt net praet)
Set dy muzyk hwat suniger. (Afke docht it. Se kôget taei op har broadtsje om. Nou en dan sjocht se skean nei Jehannes. Dizze docht itselde yn har rjochting)
Doch dat ding út as't prate wolste.
Ik kin net oer stilte, dat witst ek wol.
(Elk sit wer foar himsels to iten)
Reklame-folders. Oars neat.
(Stilte. It muzyk spilet)
Jasses! Siz ris hwat!
Bitink om myn part hwat, mar sit dêr net as in deabidder!
(Jehannes swijt)
Bist siik?
Fordomme, lit my ris mei rêst! Dat gejank altiid om 'e kop!
Dou moatst leare dyn snút hwat mear to hâlden.
Dou praetst bytiden as in hin sûnder kop.
(Afke krûpt fuort yn 'e stoel as in lilk lyts famke)
Ik woe dat ik nea mei dy troud wie!
Dou silst it mei my dwaen moatte.
(Stilte)
As wy der nou nochris in pear bynamen?
Dou witst wol, sa't it dan yn 'e kranten stiet.
Black out.
| |
8.
(Troch de lûdsprekkers:)
Biskaefd echtpear, provinsje Fryslân, wol graech yn 'e kunde komme mei oar biskaefd pear foar freonskip. Utfoerige brieven, sa mooglik mei foto, op erewurd retour, ûnder nûmer 4836.
| |
| |
Flot pear, Ljouwert, siket echtpear foar gesellige jounen.
P.r. mei der fan komme. Brieven ûnder nûmer...
Wy sykje yntinsyf kontakt mei immen, om elkoarren in bulte leafde to jaen. Brieven ûnder nûmer...
(In bûtendoarskille giet.
De ljochten geane oan. Toanielbyld: de keamer fan Jehannes en Afke. Se sitte njonken elkoar op 'e bank. Se binne útstrutsen.
De skille giet wer. Se sjogge elkoar oan)
Dou mar. (Jehannes giet oerein, nei de doar ta. By de doar wurdt mompeljend praet. Jehannes komt yn mei in âlder echtpear. De frou is wakker opmakke, it hier ferve. De man docht him yn 'e klean ensfhinne ek jeugdiger foar as dat er is)
Daach. (It oare pear docht tige wis oan)
Hjir mar? (Hy giet sitten)
Dit liket my wol in lekkere stoel. (Se giet njonken de man sitten) (Jehannes giet njonken Afke sitten. Stilte)
(Afke oerein)
Itselde. Wy dogge net oan 'e lijn. Jim?
Né hjer. (Afke jowt de kofje) Asjebleaft.
Tanke. (Se bigjinne de kofje op to drinken)
(Wit net rjocht hoe't er it sizze sil) Eh... togearre?
Togearre en ek mei oaren.
Hy hat trije kear troud west en ik twa.
(De man en de frou moatte der smaeklik om leitsje. Jehannes en Afke sjogge forbjustere)
Op't heden binne wy wer byinoar wei.
Mar jim binne hjir togearre.
Ik lies jim adfortinsje...
En ik lies jim adfortinsje...
| |
| |
Dat sadwaende. (Se moatte wer leitsje. Jehannes en Afke leitsje net)
Hawwe jim al in bulte réaksjes hawn?
Hy is sa: hwat mear hwat moaijer.
Hoe hiene jim it yntocht?
Wy hiene yn 'e adfortinsje set fan: freonskip. Wy ha dit noch nea earder by't ein hawn.
Dat is prachtich! Dan kinne wy meiinoar noch alle kanten út!
Wolle jim ek hwat drinke?
Hwat binne jim hastich. Wy ha de kofje noch net iens op.
As ik net ûnbiskieden bin: hwat dogge jim foar de kost?
Sa soene jo it neame kinne.
Wy wurkje op't heden togearre, mar it is in sloppe tiid.
Us wurk bistiet der ek út om minsken op in noflike wize tichter byinoar to bringen.
Dan soene jim ús helpe kinne!
Dêr hoege wy it joun net oer to hawwen!
Dat tinkt my ek. Swirrichheden genôch op 'e wrâld. Wy moatte de fleur der yn hâlde.
Sille wy in spultsje dwaen?
Wy ha noch net safolle yn 'e hûs. Dat giet sa as jo krekt troud binne. In damboerd, leau'k. Oars net, wol Afke?
Jim bigripe it forkeard. Wy witte spultsjes dêr't jo gjin damboerd as skaekspul foar nédich hawwe.
Nou toe dan mar. Hwa't net weaget, hwa't net wint.
Ik wol de saek nochris even oansjen. Kin dat?
Allinne as jo in pand ynsette.
Jim bigripe, it is ús wurk. Wy kinne it net helendal foar nul sinten dwaen.
Mar wy hiene yn 'e adfortinsje set fan...
Hast gelyk. Mar de tiid is slop, bigrypste. Sille wy mar los?
Ja goed. (De man en de frou spylje yn heech tempo. Sa
| |
| |
oerrompelje se Jehannes en Afke)
(Tsjin 'e man) Nimstou de leiding fan it earste spultsje?
Goed. (Hy giet op in stoel stean, de skuon út)
Gean op jim liif lizzen en doch in tsientsje yn 'e mûle. (De frou pakt tsien goune út har taske, docht it heal yn 'e mûle en giet fuort lizzen. Jehannes en Afke sjogge elkoar oan. De man trunet harren oan:) En nou jim noch. (Jehannes pakt twa tsientsjes út 'e portefeuille yn 'e binnenbûse fan syn jaske) (Afke en Jehannes geane op 'e groun lizzen, elk mei in tsientsje yn 'e mûle)
Klear? Dan kinne wy bigjinne. Gean allegear nei in hoeke, sadat jim gjin lêst fan elkoar ha. (Se dogge it) Doch nou jim eagen ticht en doch se net earder iepen as ik it siz. (De eagen geane ticht) Wachtsje rêstich ôf. Wachtsje rêstich ôf (Hy jeuzelet sa hwat troch. Wylst pakt er as in hazze de portefeuille út it jaske fan Jehannes en sjocht hoefolle jild der yn sit. Hy hellet der in boskje bankbiljetten út en triuwt se yn syn eigen bûse)
Eagen ticht. Eagen ticht. (De frou docht de eagen iepen en sjocht nei de man. Hy jowt har in teken: yn oarder)
Krûp nou stadich foarút. Mooglik komme jim ien tsjin.
Bisykje dan út to finen hwêr't it oare tsientsje sit. Brûk de hannen net. As jim elkoars tsientsje ûntdutsen ha, jowe jim elkoar in tút. Bigjin mar.
(Afke krûpt hwat yn in hoeke om. Se doar net rjocht nei't midden. Jehannes is dryster. Bei in skoftsje moetet hy de frou. Dizze draeit him it gat ta en krûpt fuort. Jehannes krûpt har efternei en hâldt kontakt mei har. De frou hat nou de eagen iepen en krûpt nei Afke ta. De man is hoeden fan 'e stoel kommen en stiet by de útdoar. De frou is nou by Afke en makket kontakt. Se foarmet de tuskenskeakel tusken Afke en Jehannes. De frou giet lykwols foarsichtich fansiden, sadat Afke kontakt krijt mei Jehannes. De frou giet stean en rint op 'e teannen nei de man ta. Togearre naeije se út.
Jehannes syn jaske leit op in stoel.
Jehannes en Afke wrotte mei de hollen tsjininoar.
Se ûntdekke elkoarren)
(Tagelyk dogge se de eagen iepen. Se glimkje nei inoar en jowe elkoar in tút. Dan sjogge se om harren hinne)
Black out.
| |
9.
In sjongster sjongt tige swiet (as in smartlap):
| |
| |
Hwat is it houlik sûnder leafde
Hwat is de leafde sûnder lok
Somtiids lizze wy it by oaren oan
It anker slacht yn, mar sûnder hâld
Somtiids forlieze wy ús forstân
Hwat is in houlik sûnder leafde
Hwat is de leafde sûnder lok
In rjochter stiet op in sprekkersstoel. Minhear Fabryk stiet achter him, as boarte er mei de rjochter as mei in marjonet.
(hoastet, kloppet mei in hammer om stilte)
Hjoed, de sawnde fan 'e heamoanne, rop ik foar: it echtpear Jehannes K. en Afke D. (Jehannes en Afke komme op)
Gean sitten. (Jehannes en Afke geane op in stoel sitten foar de rjochter)
Ik soe dizze plechtichheit - op forsyk - koart hâlde wolle.
Ik meitsje biswier tsjin jou yntimidaesje!
Meitsje it koart, rjochter.
Om hwa giet it hjir, fordomme!
Nim my net kwea, mar ik moat jo der nochris op wize...
Meitsje it koart, rjochter.
By dizzen wol ik, Ferdinandus Wilhelmus N., it echtpear Jehannes K. en Afke D. dat hjoed krekt twa moanne lyn troch de wet ta man en frou forboun waerden, freegje of't hja noch biweechredenen hawwe, dy't tsjinje kinne om de skieding dy't troch Afke D. oanfrege is, op to kearen.
Dan moatte jo better harkje.
Wolle jo it nochris foarlêze?
Dat hat neat gjin doel. Liz harren de akte foar en lit harren tekenje.
It giet derom dat jo mooglik biswier hawwe soene en...
Mar ik wol dit net! Ik bin der helendal net foar! It is allegear bûten my om gien! Ik bin hjir hinnebrocht en ik wist net iens werom!
Dou bist net yn steat om har to ûnderhâlden en hast har boppedat geastlik mishannele!
| |
| |
Ik? (tsjin Afke) Dy? Hoe dat sa? Hwannear dan? Fortel it my dan! (Afke sjocht foardel)
Sille wy dan oergean ta de formaliteiten?
Jim binne hjir fordomme gek! Wy binne noch mar krekt troud en nou dit?! Wy hiene it goed ôfpraet, Afke en ik: As it net giet, sille wy it bisykje! Wy sille elkoarren helpe en...
Lit mar. Altiid deselde forhaeltsjes.
(Leit harren in akte foar) Wolle jim hjir...
(Tsjin Fabryk) Jo hawwe it dien! Jo hawwe it dien!
Jo miene dat mei jild alles to keap is! Mar Afke hâldt fan my! Nou Afke? (Hy sjocht nei har. Se sjocht foardel)
Hwer bliuwst nou?
Sjit op en hâld dy praetsjes foar dy!
(Tsjin 'e rjochter) Jo moatte my helpe! Jo witte noch hwat rjocht is!
Lit harren tekenje. Dit bigjint my de strôt út to hingjen.
Ik kin net hurder minhear. De persoan yn kwestje...
Wolle jim hjir dan tekenje?
(Afke giet nei foaren om to tekenjen. Jehannes pakt har by de earm en skuort har nei him ta)
Litst my nou al stikke? Afke! (Afke sjocht foardel)
Ik hâld fan dy! (Hy nimt har hannen)
Wolle jim nou tekenje as net!
Ik hâld fan dy fordomme! Ja, werklik! (Se sjocht him net oan) Afke, sjoch my ris oan? (Afke reagearret net. Hy jowt har in klap yn't gesicht)
Sa dan?
Lit him fêstsette! Lit him fêstsette!
(Twa biwakers dogge Jehannes de hânboeijen om)
Mishanneling en oars neat! Nou sjogge jo it!
(Raest) Tekenje! (De biwakers triuwe him nei foaren)
Rjochter, help my! Jo witte dat...
Dochs moat ik jo forsykje...
Ik doch it net! Ik tekenje net!
Afke. (Afke giet nei foaren ta en tekenet)
Rjochter, jow my nou de akte. (De rjochter hâldt him de akte foar. Fabryk set syn hân)
Dat is klear. Lit him nou mar gean.
Mar dit is net jildich! Jim sille der mear fan hearre!
| |
| |
Afke, kom mei. Dit soadtsje hjir rêdt himsels wol.
(Afke en Fabryk geane ôf)
Black out.
| |
10.
Sjongster sjongt (swiet as in smartlap):
Dêr yn it feilich hantsje
Dêr wennet nou ús hintsje
Hwant in ryk man is in lyk man
En in lyk man is in great man
En in great man is in trou man
Toanielbyld:
It hûs fan minhear Fabryk. Great en weelderich. Afke hinget yn in greate stoel. In lange jurk oan. Se rookt in sigaret yn in pypke. Se klingelet mei in beltsje. In ober komt op.
Ober, hwat skaft de pot hjoed?
Hawwe jo de kaert noch net hawn, mefrou?
Né. Bring him my even, as't wolste.
Ja mefrou. (Of en daelk werom mei in kaert. Afke bistudearret him)
Is it nei't sin, mefrou?
It sil wol goed wêze. Ik kin't net lêze.
(Ticht by har) Jo meije it net fierder fortelle, mar hy kin it ek net lêze.
Gelokkich. Is der noch hwat to bilibjen?
Hwat hie mefrou graech wollen?
Ik wit mefrou har smaek net.
Mefrou moat my net kwea ôf nimme as ik...
Hwat soe mefrou der fan sizze as wy... in hin slachtten en
| |
| |
minhear it bloed yn in wynglês oanbeaën?
Wy koene ek... Né, dat siz ik net.
Né, dat is to raer. Dat kin net.
Siz op. (Se klapt mei in swypke)
Wy soene... minhear martelje kinne.
Treflik idé! Hoe soene wy dat ha moatte?
Dat is oan jo. Jo moatte it útfiere. It bêste liket my ta jouns op bêd, as er sahwat sliept.
Ja ja. In feestje miskien? Soe dat hwat wêze?
Hwat is nou in feestje! In elk fiert feest tsjintwurdich.
Dêr is neat aparts oan. Dy marteling, dat liket my dochs wol aerdich.
Wy kinne earst ek in houn giselje, om hwat to oefenjen.
Dat liket my dochs net sa gaedlik. Minhear kin elts momint thûskomme en as er ús hjir dan sjocht...
Wy kinne it ek oars dwaen fansels.
Ik leau ik hear de skille! Momint! (Hy giet ôf)
Hjir bliuwe dou! (It duorret even. Dan komt er werom mei twa oare obers. Se hawwe alle trije in masker foar)
Redsum. (Hy pakt har beet en smyt har werom yn 'e stoel)
Wy litte net altiid oer ús hinne wâdzje!
Wurdt it noch hwat! (Hy skuort har de klean fan 't liif)
Hearren!! (Se is nou binei neaken. De manlju smite mei har om as mei in bal)
Hwêr bliuwst nou mei dyn jild, hen? (Hy jowt har in skop)
Hâld dyn bek to razen, stik stront!
Dit kostet jim jim baen! As minhear Fabryk...
Minhear Fabryk! (Se leitsje) Dy mei dit wol lije! Dy boartet ommers ek mei dy as in pop!
Wy binne fan doel to trouwen! (De obers leitsje)
Wolle jim jim hannen noch smoarch meitsje oan sa'n frommes, mannen?
| |
| |
Wy bine har de bek ticht en dan kin se om my smoare!
(De obers bine Afke hwat foar de mûle. Ek wurde har hannen en fuotten fêstboun. Se leit machteleas oer de flier)
Silst hwat om dyn bekje tinke, foartoan?
Hast dy raer yn 'e nêsten wynd, fanke.
(Stilte. Afke kroant hwat en bisiket los to kommen. Minhear Fabryk komt op)
Hwat ha wy nou? (Afke kroant)
Meitsje har los. (De mannen meitsje har los en helpe har op fuotten)
Hoe komst hjir sa forsile?
(koart) Moatst dy better útdrukke.
Ik wit it net krekt mear. Se liken alle trije op inoar.
Hast it der sels nei makke?
Hoe soe'k! Jo kinne my dochs!
Dan is dat út. Der prate wy net wer oer. Mar tink er om foartoan. Soks hoecht net! Moatst mear boppe it personeel stean!
Ja minhear. Mar ik kin net better!
Dat learst wol. En nou hwat oars.
Ik bin fan doel mei dy to trouwen.
Op ien bitingst. En dat is in wichtich bitingst!
Ik wol earst wis wêze dat ik in bern fan dy krij. En dat moat in better produkt wurde astou biste. Mei jim heit haw ik my forsind. Dat sil my net wer oerkomme.
Minhear seit it mar. Ik wol graech nochris mei minhear sliepe!
Dat is út. Dêr moatst net op rekkenje. Ik haw my ûndersykje litten en...
Dat giet dy boppe it forstân.
Dat sil ik dy sjen litte. (Hy knipt mei de fingers. Twa manlju komme op. Se hawwe allinne in lyts slipke oan)
Dizze twa binne oerbleaun nei in wiidweidige seleksjeprosedure. Se binne jong, komme út in goede famylje, binne beide promovearre en har sied is tige libbenskrêftich, neffens it ûndersyk.
Krekt. Fan my kinst neat mear forwachtsje.
Mar ik wol mei jo trouwe!
| |
| |
Dat binne mar lege wurden. Dy ha gjin inkelde ynhâld.
Hearren meitsje de boel klear. (Twa manlju lizze in dikke reade tekken del. De oare twa sette der in skerm foar. It skerm is sa heech dat minhear Fabryk der keekt oerhinne sjen kin.)
Minhear Fabryk! (Se klamt har oan him fêst)
Letter, as wy troud binne.
Hoe wol minhear it foarspul ha? Wiidweidich en tear as sjogge jo leaver hwat oars?
Minhear, as it dan dochs moat, soe ik...
Doch dyn eagen ticht, as 't er tsjinoan sjochste.
Moat de pastoar ek noch komme om jim de seine to jaen?
(Rint nei Afke ta) Giest mei?
(Stiet yn twastriid tusken Fabryk en 'e 1e man yn)
Hwat moat ik? Dit wiene wy net ôfpraet!
Wy ha neat ôfpraet. Gean mar. Hy makket dy net dea.
(It ljocht dôvet. Afke giet mei de 1e man efter it skerm.
Minhear Fabryk giet foar it skerm stean om ta to sjen. De 2e man docht gymnastiekoefeningen.
Sachte muzyk set yn)
Ja. Toe mar. (It ljocht dôvet stadich.)
Dat liket der op. Dat liket der op! Kreas wurk! Dat is fakwurk! Dat kin net misse!
| |
11.
Dounsmuzyk set yn. Forplegers en forpleechtsers binne oan it dounsjen.
Afke komt op. Se is swier en hat in tige grou liif. Se kin amper rinne. It dounsjen hâldt stadich op.
Wolle jo ek mei dounsje, mefrou?
Ik soe graech wolle, as ik koe.
Hawwe jo in bulte dounse, doe't jo jong wiene, mefrou?
Dat miene alle froulju dy't âlder wurde.
Ik bin mar krekt âlder as jim. Mar ik ha in bulte meimakke. Dat tekenet my.
Binne jo bliid dat jo in bern krije?
Dêr sil'k mar gjin antwurd op jaen. Hoe lang moat dit lijen duorje?
| |
| |
Net lang. Jo wurde op 'e moderne manier forlost.
Né, net folle. It is to djûr, moatte jo tinke. Allinne rike minsken lyk as jo kinne it har permitearje.
Soene jim ryk wêze wolle?
Hjir. Foar jim. (Se smyt in hânfol jild oer de flier. De oaren fleane der op ôf as miggen)
To drok. De saken geane foar. As it foarby is sil er wol even komme to sjen.
Hawwe jo ek noch spesjale winsken?
Soene jim dy ha, as jim yn myn plak stiene?
Ik leau it wol. Ik soe in soun bern winskje.
As kin jo dat neat skele?
Eins net, Moat ik op dy tafel?
Sil ik alfêst mar lizzen gean?
Fiele jo de weeën opkommen?
Né. Moat dat? (Se giet lizzen)
Jo binne in frjemde pasjint.
Ien. Mar dy is hwat slim út to fieden.
Rop in psychiater! Dit docht net!
Lit mar suster. Ik dooch wol. Ik haw al safolle psychiaters sjoen yn myn libben, dat om dy hearren gniis ik!
Doch it mar wol! Jo kinne nea witte!
Doch it net, siz ik jim! Ik kin mysels goed genôch dat ik wit heat ik siz. Jim kinne better hwat foar my sjonge.
Dat forlichtet it lijen.
Wy kinne net sjonge. Dat ha wy nea leard.
Jim ek al net? Altiid itselde antwurd: Dat ha wy net leard!
Mar it is dochs sa, mefrou! Jo kin ús gjin ûngelyk jaen!
Ik soe it net iens doarre! (Se leit nou mei de holle efteroer en bigjint yn harsels to núnderjen, sûnder wurden en net in bikende meldij. De forplegers en forpleechsters komme stadich tichterby, as waerden se troch har sjongen bitsjoend. Dan sjocht Afke om har hinne en sjocht de oaren by har stean)
| |
| |
Ik sjong mysels de weeën út it liif.
Alles ha'k altiid sels dwaen moatten, it bern sil'k sels ek noch wol op 'e wrâld helpe moatte.
Rop dokter! It kin hast oangean!
Is't hast safier? (Se bigjint to kroanen, mar set it daelk om yn in sjongen, dat it midden hâldt tusken gûlen en sjongen)
(De dokters 1, 2 en 3 komme op)
De pasjinte sjongt, leau'k.
(De susters bine Afke in great ballon oan it liif, dy't boppe har driuwt)
In bisûndere pasjinte! (Afke gûlt-sjongt troch)
Moat it in jonge as in mokkeltsje wurde, mefrou?
(Afke reagearret net)
Is alles yn oarder, suster?
Helje dan myn instrumintetas.
(Twa susters gean ôf om de tas. Se komme daelk werom. Minhear Fabryk is der ek by)
Minhear. (Se bûge)
(De forpleechster jowt dokter 1 de tas. Hy jowt de oare dokters in pistoal. It sjongen-gûlen fan Afke giet nou oer yn jammerjen)
Mei ik it forlossende skot jaen? Ik bin op't lêst...
Sjit op! Oars binne wy to let!
(Tsjin dokter 3) Jow my dat pistoal! (Hy bisiket it him út 'e hannen to lûken)
Keardel! (Afke hellet hecch út. Dan swijt se. De ballon rint leech)
Liz in kleed oer har hinne. (De susters dogge it)
En.. eh.. (Hy is der mei oan. Dan, sahwat lakerich:)
Kinne de susters net mear sjonge? (Allegear swije)
Susters? (Stilte. Hy is der mei oan)
Mokkeltsjes?
Mei ik dat ding fan jo? (Hy jowt har it pistoal)
Jou frou hat noch hwat frege.
| |
| |
Bring se hjir earst wei, se soe't ris hearre kinne.
(Hy gnysket hwat. De oaren reagearje net)
Mar in plechtige gearkomste, net? (Hy wit net mear hwat er dwaen moat)
Hjir. (Hy smyt jild op 'e groun. De oaren litte it lizze)
En hwat hat se dan frege, dy lytse Afke-Dafke?
Se woe graech dat jo njonken har kamen to lizzen.
Dat moat altiid wêze! Dat kin ik net wegerje!
Goed. (Se sjit op Fabryk. Dy falt del)
(Yn it kommende wikselje sprekkoarren fan forpleechsters, forplegers en dokters elkoarren ritmysk ôf)
Hast jild genôch dysels to genêzen!
Hast jild genôch dy út 'e dea to keapjen!
Hoefolle hast der foar oer?
Alles! Alles! (Hy wurdt swakker)
Jild ha wy gjin forlet fan! Jild ha wy genôch!
(Tige swak nou) Help my! Hearren, help my!
Wy sille dy op wei helpe. (Se nimme Fabryk op en drage him boppe harren hollen)
Ofwachtsje.
(De forpleechsters dogge it kleed om 'e frou hinne en drage har ek boppe harren hollen.
Der ûntstiet in soarte fan prosesje. De forplegers mei Fabryk foarop. Dan folgje de forpleechsters mei Afke-Dafke. De dokters rinne der njonken.
It Ijocht dôvet. Allegear bigjinne to sjongen en sette har stadich yn biweging. Dan sjonge se:
In libben lang in libben koart
Ha wy to reizgjen en to gean
Ha wy to fallen en to stean
Ien kear is it foar't lêst
Ien kear is it foar't lêst.
(It sjongen op ‘noe’ giet wer troch, suniger en suniger. Stadich geane se ôf fan de spylrûmte dy't tsjusterder en tsjusterder wurdt.)
|
|