| |
| |
| |
A. van Hijum
In undersyk nei inkelde struktueraspekten
Gerben Abma: De Nacht fan in Leechrinner.
Utjefte Alternatyf 1972.
Dit tydskrift bisiket de lêste pear jier syn lêzers hwat biwuster to meitsjen fan de motiven op groun hwerfan't in literair kunstwurk as kunstwurk akseptearre, dan wol net akseptearre wurde moat. As in tydskrift dy wei ynslaen wol, dan moet der rekken hâlden wurde mei de kans dat der nochal hwat minsken wêze sille dy't net sa wiis binne mei dy rjochting. Ik tocht op groun fan twa motiven.
It earste motyf soe wolris wêze kinne: Unbikend makket ûnbimind. Dat motyf hoecht men net sa swier oan to tillen; men mei nammentlik fan de forûnderstelling útgean dat dat motyf fan minder gewicht wurde sil, al nei gelang't it tal publikaesjes op literair-théoretysk mêd (hwant dêr giet it hjir om) tanimt.
It twadde motyf, op groun hwerfan't minsken biswier ha kinne soenen tsjin in literair tydskrift, dat mei literatuerthéory oan 'e gong giet, is folle minder maklik to bistriden, hwant it motyf is folle prinsipiëler. Men soe dit motyf miskien, in lyts bytsje negatyf, sa omskriuwe kinne: Literatuerthéory hoecht net, is folslein oerstallich, hwant it hat gjin inkelde sin om in kunstwurk út elkoar to plúzjen. Men hat niget oan in kunstwurk, of men hat der gjin niget oan en dêr mei fierder net oer praet wurde.
Ik bin bang dat de minsken, dy't sokke mieningen ha oer it wurdearjen fan literatuer, ek net it meast geskikt binne om der in diskusje mei oan to gean. Har stânpunt, dêr't men oars alle wurdearring foar ha moat, liket in bult op it stânpunt fan de minsken dy't har hope en bitrouwen stelle op in godstsjinst. Hwa't it net mei har iens wêze kin op groun fan rationele motiven kriget yn lêste ynstânsje altyd wer to hearren: Jo kinne sizze hwat jo wolle, mar ik leau nou ienris dat de saek der sa hinne leit as ik tink en myn leauwe is my hillich.
As men de saken sa bisjocht is der net folle reden om tiid en muoite to stekken yn it skriuwen fan artikels oer de skriuwer fan romans en datsoarte fan saken. Dat soks yn ‘Trotwaer’ dochs bart is om't de redaksje fan miening is dat hwat yn it bûtenlân sa stadichoan hwat langer hwat wichtiger wurdt op 'en dûr ek yn Fryslân wol fêste groun fine kin. Boppedat, dizze redaksje sjocht net goed, hoe't se op in oare wize as middels literatuerthéory mei in rjochting oanjaen kin foar de Fryske literatuer.
In kunstwurk is net hillich, it wurdt makke troch minsken dy't dat biropsmjittich of foar har plesier dogge, krekt like goed as der minsken binne, dy't har biropsmjittich of foar har plesier dwaende hâlde mei it oanlizzen fan tunen. En lykas men krityk leverje kin op it oanlizzen fan in tún, sa kin men ek krityk leverje op de wize hwerop' t in kunstwurk strukturearre is. Sa simpel lizze de saken.
Mar goed, lit my dizze ‘oratio pro domo’ bislúte en my dwaende hâlde mei it objekt fan dit artikel: ‘De nacht fan in leechrinner’.
Dit artikel sil bistean út twa ûnderdielen. Yn 't foarste plak sil op in tal formele
| |
| |
aspekten fan ‘De nacht fan in leechrinner’ yngien wurde. Fragen as: hoe is de fordieling yn haedstikken, is der yn de haedstikken noch wer to praten fan in ûnderfordieling ensfh. sille yn dit part fan dit artikel oan 'e oarder komme. Dêrnei sil bisocht wurde yn to gean op fragen dy't de ynhâldlike kant fan de roman reitsje, lykas: Hwat is it perspektyf fan 'e roman, kin men prate oer relaesjepatroanen.
| |
1. De úterlike komposysje fan ‘De nacht fan in leechrinner’.
De nacht fan in leechrinner bistiet út 11, net nûmere, haedstikken. Elk haedstik hat in opskrift mei krigen: Itsij Sy, itsij Hy, itsij Hy en Sy.
It ûndersteande skema jowt oan hoefolle siden elk haedstik fan de roman ‘De nacht fan in leechrinner’ yn bislach nimt en hokker opskrift elk haedstik meikrigen hat.
haedstik |
1 |
2 |
3 |
4 |
5 |
6 |
7 |
8 |
9 |
10 |
11 |
tal siden |
±4½ |
±3 |
±12 |
±5½ |
±7 |
±11½ |
±17 |
±3½ |
±9½ |
±32 |
±13 |
opskrift |
Sy |
Hy |
Hy en Sy |
Sy |
Hy en Sy |
Sy |
Hy en Sy |
Sy |
Hy |
Hy en Sy |
Sy |
Der binne út dit skema fansels noch net al to folle konklúzjes to lûken. In pear dingen kinne lykwols al wol sein wurde: De haedstikken binne tige variabel hwat lingte oanbilanget (fan 3 oant 32 siden). Boppedat liket der mei de titels (opskriften) fan de haedstikken hwat eigenaerdichs oan 'e hân to wêzen; foar de 11 haedstikken wurde yn totael 3 forskillende opskriften brûkt. It is nou fansels noch net to sizzen oft dy 3 forskillende opskriften op yn titael 2 romanpersoanen bilutsen wurde moatte of dat de hy respektivelik de sy stiet foar forskillende persoanen.
In tal fan de 11-net-nûmere haedstikken fan de roman ‘De nacht fan in leechrinner’ binne wer ûnderfordield yn perikopen. Ik praet oer perikopen, hwannear't troch de typografy (in rigel wyt) in haedstik yn twa of mear parten fordield wurdt.
Haedstik 1 bistiet út 3 perikopen: |
1,1 rint fan side 3-4. |
1,2 rint fan side 4-6. |
1,3 rint fan side 6-7. |
Haedstik 2 is net ûnderfordield yn perikopen. |
Haedstik 3 bistiet út 3 perikopen: |
3,1 rint fan side 10-13. |
3,2 rint fan side 13-18. |
| |
| |
3,3 rint fan side 18-22. |
Haedstik 4 bistiet út 3 perikopen: |
4,1 rint fan side 22-23. |
4,2 rint fan side 23-25. |
4,3 rint fan side 25-27. |
Haedstik 5 bistiet út 2 perikopen: |
5,1 rint fan side 28-29. |
5,2 rint fan side 29-35. |
Haedstik 6 bistiet út 2 perikopen: |
6,1 rint fan side 35-37. |
6,2 rint fan side 37-46. |
Haedstik 7 bistiet út 6 perikopen: |
7,1 rint fan side 46-48. |
7,2 rint fan side 48-51. |
7,3 rint fan side 51-53. |
7,4 rint fan side 53-55. |
7,5 rint fan side 55-60. |
7,6 rint fan side 60-63. |
Haedstik 8 is net ûnderfordield yn perikopen. |
Haedstik 9 bistiet út 5 perikopen: |
9,1 rint fan side 67-71. |
9,2 rint fan side 71-72. |
9,3 stiet op side 72. |
9,4 rint fan side 72-76. |
9,5 stiet op side 76. |
Haedstik 10 bistiet út 6 perikopen: |
10,1 rint fan side 77-79. |
10,2 rint fan side 79-91 |
10,3 rint fan side 91-92. |
10,4 rint fan side 92-96. |
10,5 rint fan side 96-100. |
10,6 rint fan side 100-108. |
Haedstik 11 bistiet út 6 perikopen: |
11,1 rint fan side 109-112. |
11,2 rint fan side 112-115. |
11,3 stiet op side 115. |
11,4 rint fan side 115-117. |
11,5 rint fan side 117-121. |
11,6 bistiet út de lêste twa rigels fan de roman (side 121). |
| |
De ynhâldelike komposysje fan de roman ‘De nacht fan in leechrinner’.
As ik it ha oer de ynhâldelike komposysje fan in roman doel ik op al dy struktuerskaeimerken, dy't net strikt-formeel binne.
It is fansels yn it kader fan in ûndersyk, sa't dat hjir presentearre wurdt, net mooglik om oan alle net strikt-formele struktuerskaeimerken fan in roman like folle oandacht to jaen; miskien is dat ek wol net needsaeklik. It wichtichste is dat yn in artikel as dit bisocht wurdt oarder to bringen yn de chaos fan de mei
| |
| |
wurden oplutsen réaliteit. Ik mien dat, hwannear't út dit artikel dúdlik wurde soe hoe't yn dizze roman it perspektyf tapast is, en hoe't de relaesjepatroanen lizze, der al in moai-krekt byld foarme wurde kin fan de wearde fan dizze roman as literair-kunstwurk.
| |
It perspektyf fan de roman ‘De nacht fan in leechrinner’!
Yn dit haedstik sil ik, nochal détaillearre, neigean, hoe't it perspektyf tapast is yn ‘De nacht fan in leechrinner’. Ik sil dat per haedstik, en hwer't dat mooglik is, per perikoop dwaen.
J. Pouillon hat yn syn boek ‘Temps et roman’ (Paris 1949) in brûkbere ûnderskieding oanbracht yn de diverse perspektiven (points of view) dy't de roman tapast wurde kinne.
Hy makket in ûnderskieding tusken psychologysk point of view en temporeel point of view.
A. PSYCHOLOGYSK POINT OF VIEW: As der praet wurdt oer psychologysk point of view, wurdt dêrmei bidoeld in antwurd to jaen op de fraech hoe't de lêzer ynsjoch kriget yn it forhael of, oers sein oan hokker romanpersoan(en) it perspektyf keppele is. Pouillon ûnderskiedt:
1. vision de dans: it forhael wurdt sa forteld dat de fisy fan de lêzer op it forhael biheind bliuwt ta de fisy fan de persoan (persoanen) fanút hwa't de forteller syn forhael fortelt. M.o.w.: It perspektyf is keppele oan (in) bipaelde romanpersoan(en).
2. vision dehors: De lêzer sjocht alle romanpersoanen fan bûten út. De kennis, dy't de lêzer opdocht oer de wrâld dy't him yn de roman foarspegele wurdt, is net ôfhinklik fan it sicht dat hwa fan de romanpersoanen dan ek, hat op de romanwerklikheit.
B. TEMPOREEL POINT OF VIEW: By it psychologysk point of view wurdt útgien fan de lêzer en wurdt bisocht fêst to stellen op hokker wizen de lêzer it forhael presentearre krijt. By it temporele point of view lykwols wurdt útgien fan de forteller. Pouillon makket by it temporele point of view de folgjende ûnderskieding:
1. vision avec: De forteller rint net foarút op de forhaeltakomst, hy jowt gjin oanwizingen hoe't it forhael ôfrinne sil. Dit hat fansels fan gefolgen dat de forhaeltakomst foar de lêzer yndie takomst is, hwant yn it tsjuster leit. De ynformaesje dy't de lêzer kriget wurdt sadanich dosearre dat er, om it sa ris to sizzen, hwat syn ynformaesje oanbilanget, elk momint stiet yn de romanréaliteit sa't dy dan oan 'e oarder steld wurdt.
2. vision par derrière: De forteller lit dúdlik útkomme dat hy syn forhael fortelt nei't dat plak foun hat. Hy is op 'e hichte mei de ôfrin fan syn forhael, en hoewol't dy ôfrin de lêzer meastentiids net al op 'e earste side fan de roman meidield wurdt - hoewol't it wol tinkber is dat soks ris barre kinne soe - jowt de forteller dochs, mei't er wit hoe't it forhael ôfrinne sil, al oanwizingen foar dy ôfrin.
Ik fiel der in bulte foar om de ‘vision de dans’, sa't dy troch Pouillon definiearre is, ûnder to fordielen yn:
1. | ‘Vision de dans’, hwerby't it perspektyf keppele is oan in ik-figuer. Lit ik it mar ‘vision de dans-subjektyf’ neame. |
| |
| |
2. | ‘Vision de dans’, hwerby't it perspektyf keppele is oan in hy-figuer. Lit ik dit mar ‘vision de dans-objektyf’ neame. |
It liket my sinfol om dizze núansearring oan to bringen, om't de lêzer, as de ‘vision de dans-subjektyf’ brûkt wurdt, as dus it perspektyf keppele is oan in ik-figuer, de yndruk krijt dat de ynformaesje dy't him oanbean wurdt, folle subjektiver, folle mear kleure is, as hwannear't de vision de dans-objektyf tapast wurdt.
It sil dúdlik wêze dat dy yndruk fan de lêzer net korrekt is. Yn beide gefallen wurdt him de romanwerklikheit presentearre, sa't dy sjoen is troch ien romanpersoan.
Yn 1,1 (haedstik 1, perikoop 1) wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast, psychologysk sjoen de vision de dans-subjektyf. |
Yn 1,2 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast, psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. |
Yn 1,3 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast, psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. |
Yn alle trije perikopen fan haedstik 1 is de vision de dans keppele oan ien romanpersoan: Sy. |
Yn haedstik 2 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast; psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. De vision de dans is oan ien romanpersoan keppele: Hy. |
Yn 3,1 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast; psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. |
Yn 3,2 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast; psychologysk sjoen de vision dehors. Der binne yn 3,2 twa dramatis persoane: hy en sy. De romanwerklikheit wurdt yn dizze perikoop meastentiids tekene sa't de hy dy sjocht, mar op syn minst ien kear ek sa't de sy dy sjocht: ‘Janke sjocht ta it rút út en bistudearret de biweging fan de beammen’ (side 16). |
Yn 3,3 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast; psychologysk sjoen de vision de dans objektyf. It slot fan dizze perikoop wykt, ek al sjoen de typografy, ôf fan de rest. De hy-figuer tinkt werom oan in skarreltsje dat hy hawn hat. (flash-back) |
Yn haedstik 3 is it perspektyf, psychologysk sjoen, foar fierwei it greatste part, keppele oan de hy-figuer. Allinne yn 3,2 wurdt de romanwerklikheit de lêzer ien kear oanbean, sjoen troch de sy-figuer. |
Yn 4,1 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast. Psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. |
Yn 4,2 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast. Psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. Yn dizze perikoop tinkt de sy-figuer, oan hwa't it perspektyf keppele is, foar in part werom oan har jonge jierren. |
Yn 4,3 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast. Psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. Ek yn dizze perikoop tinkt de sy-figuer, oan hwa't it perspektyf keppele is, werom oan dingen dy't har yn har jeugd oerkommen binne. |
Yn haedstik 4 is it perspektyf, psychologysk sjoen, útslutend keppele oan de sy-figuer. |
| |
| |
Yn 5,1 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast; psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. |
Yn 5,2 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast; psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. |
Yn haedstik 5 is it perspektyf útslutend keppele oan de hy-figuer. |
Yn 6,1 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast. Psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. De romanfiguer, oan hwa't de vision de dans keppele is tinkt werom oan har jeugd yn dizze perikoop. |
Yn 6,2 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast, psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. |
Yn beide perikopen fan haedstik 6 is de vision de dans keppele oan ien romanpersoan: Sy. |
Yn 7,1 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast; psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. |
Yn 7,2 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec brûkt; psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. |
Yn 7,3 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast; psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. |
Yn 7,4 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast; psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. |
Yn 7,5 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast; psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. Hjirby moat opmerkt wurde dat it earste diel fan perikoop 5 ôfwykt fan de rest fan de perikoop, sawol ynhâldelik as qua typografy. Ik tink dat ik dit earste part fan dizze perikoop noch it bêste omskriuwe kin as in specimen fan hallusinearjend neitinken fan de hy-figuer. |
Yn 7,6 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast. Psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. |
Yn alle seis perikopen fan haedstik 7 is de vision de dans keppele oan de hy-figuer. |
Yn haedstik 8 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast; psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. It slot fan haedstik 8 wykt sawol ynhâldlik as typografysk, ôf fan de rest fan it haedstik: it is in yn skeane letters drukte bibeltekst tekst.
De vision de dans yn haedstik 8 is keppele oan ien romanfiguer: Sy. |
Yn 9,1 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast; psychologysk sjeon de vision de dans-objektyf. |
Yn 9,2 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast; psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. |
Yn 9,3 wurdt in soarte fan litany fan de hy-figuer werjown. Ik wit net presiis hwat ik dêr yn it ramt fan de théory fan Pouillon mei oanmoat. Yn elk gefal kin wol sein wurde dat hjir, psychologysk sjoen, de vision de dans-objektyf tapast is; temporeel sjoen, de vision avec. |
Yn 9,4 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast; psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. |
Yn 9,5 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast; psychologysk sjoen, de vision de dans-objektyf. |
Yn alle 5 perikopen fan haedstik 9 is it perspektyf keppele oan ien romanpersoan: Hy. |
| |
| |
Yn 10,1 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast; psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. |
Yn 10,2 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast; psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. |
Yn 10,3 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast; psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. |
Yn 10,4 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast; psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. |
Yn 10,5 wurdt temporeel sjoen, de vision avec tapast; psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. |
Yn 10,6 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast; psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. |
Yn alle 6 perikopen fan haedstik 10 is de vision de dans keppele oan ien romanpersoan: Hy. |
Yn 11,1 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast; psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. |
Yn 11,2 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast; psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. It greatste part fan dizze perikoop bistiet út bylden dy't de sy-figuer, oan hwa't de vision de dans keppele is, foar har sjocht at se in hânfol (sliep?)tabletten nommen hat. |
Yn 11,3 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast; psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. Dizze perikoop bistiet folslein út bylden, dy't de sy-figuer sjocht ûnder ynfloed fan tabletten. |
Yn 11,4 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast; psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. Ek yn dizze perikoop allinne mar bylden, sjoen troch de sy-figuer under ynfloed fan tabletten. |
Yn 11,5 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast; psychologysk sjoen de vision de dans-objektyf. |
Yn 11,6 wurdt, temporeel sjoen, de vision avec tapast; psychologysk sjoen de vision dehors. Dizze lêste perikoop fan de roman ‘De nacht fan in leechrinner’ bistiet út 2 sinnen: ‘Fan hiel fier klinkt in plof, in doar giet, de strjitten binne wiet. Dan is it wer stil en rounom neat to fornimmen.’ (side 121) |
Yn de earste 5 perikopen fan haedstik 11 is it vision de dans keppele oan ien romanfiguer: Sy. Yn de 6e perikoop fan haedstik 11 is de vision dehors tapast; dat hâldt yn dat dan de werklikheit biljochte wurdt, sa't dy sjoen is troch de alwittende forteller. |
As ik de útkomst fan myn ûndersyk nei it temporeel en psychologysk point of view fan de roman ‘De nacht fan in leechrinner’ yn skema bring, leveret dat it folgjende byld op:
| |
| |
Haedstik |
|
1 |
|
2 |
|
3 |
|
|
4 |
|
Titel |
|
Sy |
|
Hy |
|
Hy en Sy |
|
|
Sy |
|
Perikopen |
1 |
2 |
3 |
1 |
1 |
2 |
3 |
1 |
2 |
3 |
Tal siden per perikoop |
1 |
2 |
1 |
3 |
3½ |
5 |
4 |
1 |
2 |
2 |
Temporeel perspektyf |
avec |
avec |
avec |
avec |
avec |
avec |
avec |
avec |
avec |
avec |
Psychologysk perspektyf |
de dans subjektyf |
de dans objektyf |
de dans objektyf |
de dans objektyf |
de dans objektyf |
dehors |
de dans objektyf |
de dans objektyf |
de dans objektyf |
de dans objektyf |
Haedstik |
5 |
6 |
7 |
8 |
9 |
10 |
11 |
|
Titel |
Hy en Sy |
Sy |
Hy en Sy |
Sy |
Hy |
Hy en Sy |
Sy |
|
Perikopen |
1 |
2 |
1 |
2 |
1 |
2 |
3 |
4 |
5 |
6 |
1 |
1 |
2 |
3 |
4 |
5 |
1 |
2 |
3 |
4 |
5 |
6 |
1 |
2 |
3 |
4 |
5 |
6 |
Tal siden perperikoop |
1½ |
5½ |
2 |
9½ |
1½ |
3 |
2 |
2 |
5½ |
3½ |
3½ |
4 |
¾ |
¼ |
4 |
1 |
2½ |
12 |
1 |
4 |
4 |
8½ |
3½ |
3 |
¼ |
2 |
4 |
1/20 |
Temporeel perspektyf |
avec |
avec |
avec |
avec |
avec |
avec |
avec |
avec |
Psychologysk perspektyf |
de dans objektyf |
de dans objektyf |
de dans objektyf |
de dans objektyf |
de dans objektyf |
de dans objektyf |
de dans objektyf |
dehors |
| |
| |
Ut de gegevens, sa't dy nou foar ús lizze, kinne we in pear dingen ôfliede:
1. De perikopen binne wakker variabel qua lingte - de koartste is 1 side, as ik alteast de lêste perikoop fan dizze roman net meirekkenje, de langste is 9½ side.
2. It temporeel perspektyf liket de hele roman troch vision avec to wêzen. Dat hâldt foar de lêzer yn dat de romantakomst yndie takomst foar him is; dat hy gjin aen hat fan hwat der fierder yn de roman barre sil as hy bygelyks mei side 13 oan it lêzen is.
3. It psychologysk perspektyf is ornaris vision de dans-objektyf. Op dizze regel binne der yn de roman 3 útsonderingen: perikoop 1 van haedstik 1, perikoop 2 fan haedstik 3 en perikoop 6 fan haedstik 11.
De fraech dy't biantwurde wurde moat is oft it torjochte is om dy wikseling yn psychologysk perspektyf oan to bringen yn de roman. Der mei nammers yn de roman neat barre hwat net motivearre is. Is soks wol it gefal dan is de kâns great dat de romanskriuwer der ta brocht is hwat yn de romte to praten. Mar dêr binne de húsbisiken foar.
| |
Relaesjepatroanen
As ik bisykje moat fêst to stellen hoe't de relaesjepatroanen yn dizze roman grosso modo lizze, is it probleem yn earste ynstânsje net sa great. Yn 'e roman spylje twa romanpersoanen de haedrol: in sy en in hy. (It stiet ek al oanjown yn de bititeling fan de haedstikken.)
De sy moat, sa wurdt al gau dúdlik, Janke wêze: ‘“it is dyn tiid”, seit Janke (...)’ (side 11). De hy is mr. Homme Tysma. De ynhâld fan de roman komt, heel globael sein, hjir op del: Homme is, net al to lokkich, net al to ûngelokkich, troud mei Janke. Dit is werjown yn de haedstikken dy't de titel Hy en Sy meikrigen ha - 3, 5, 7, en 10 dus. Dit houlik lykwols giet kapot om't Homme wer mei in froegere freondin tusken de klamme lekkens krûpt. Hy wurdt, min ofto mear en flagrant délit, attrapearre troch syn frou: ‘Hy keart de eagen pynlik ôf en klaeit him yn de ûnwêzentlike stilte ûnhandich oan. As 't er achter Geeske oan de sydkeamer útrint en troch de douche-cel nei de útdoar ta giet, sjocht er yn 'e flecht om nei it ljocht. Janke stiet foar it glês, (. ..)’ (side 108 - de lêste perikoop fan it lêste haedstik mei it opskrift Hy en Sy, en de ein fan it houlik fan Homme en Janke, nei 't ik oannimme moat)
Yn de haedstikken mei de opskriften Hy en Sy wurdt fortelt hoe't it der mei respektivelik Homme en Janke foarstiet, neidat se útelkoar gien binne.
De lêzer wurdt konfrontearre mei de gedachten fan respektivelik Homme en Janke, dy't ek net mear yn itselde hûs wenje, op ien biskate dei.
‘De hjerst komt oan, (.. .)’ (side 5 - perikoop 2 fan it earste haedstik mei opskrift Sy). ‘De hjerst komt oan’ (side 8 - it earste haedstik mei opskrift Hy) Men soe oannimme kinne dat it de bidoeling fan de auteur fan deze roman west hat yn dit magnum opus to boartsjen mei it bigryp tiid. Yn dizze roman spylje, as ik it goed sjoch, struktureel sjoen, twa tiidsaspekten troch elkoar: Men kin prate fan in noutiid - de dei dat Janke en Homme, beide op harsels bisykje nei to gean hoe't it komt dat har houlik stikken roun is -, en de doetiid - de lêste dei dat it houlik fan Homme en Janke noch yntakt wie. Dwers troch dizze twa tiidsaspekten hinne, en op forskate plakken yn de roman, rint in sekundair tredde tiidsaspekt: Homme en Janke tinke, sawol op de lêste dei fan har houlik, as op
| |
| |
de dei dat se bisykje der achter to kommen, hwerom't dat houlik mislearre, middels flash-backs werom oan dingen dy't se earder meimakke ha en dy't ek wol foar in part in forklearring binne foar it feit dat dit houlik mislearre.
Sa't al sein is, yn dizze roman spylje twa persoanen in haedrol: Homme en Janke. Har hâlding tsjinoer elkoar wurdt lykwols bipaeld troch har relaesje mei oaren. Ik sil dat, perikoop foar perikoop, ûndersykje.
Yn 1,1 is it relaesjepatroan Janke-Homme dominant. Itselde jildt foar 1,2 en 1,3. Yn alle perikopen fan dit earste haedstik fan de roman ‘De nacht fan in leechrinner’ is Janke dwaende mei it feit dat hja en Homme út elkoar binne.
Yn haedstik 2 tinkt Homme, nei oanlieding fan in brief, dy't hy fan Geeske krigen hat - Geeske wie de direkte oanlieding foar it mislearren fan it houlik fan Homme en Janke, werom oan syn relaesje mei Geeske. Ik soe dan ek stelle wolle dat yn dit haedstik it relaesjepatroan Homme-Geeske dominant is. Wol moat hjirby opmurken wurde dat de lêzer earst oan 'e ein fan 'e roman gewaer wurdt, hwat hy oan moat mei dit twadde haedstik fan de roman. Dat hat fansels to meitsjen mei it feit dat yn de roman twa tiidsaspekten troch elkoar mjukse binne.
Yn 3,1 is it relaesjepatroan Homme-Janke dominant. Dit haedstik spilet op de lêste dei dat Homme en Janke ‘normael’ troud binne. In sekundair relaesjepatroan yn dizze perikoop is de relaesje Homme-Wicky. Homme tinkt yn dizze perikoop werom oan hwat hy mei Wicky hawn hat: ‘Wicky is ûnwennich (...) ien blau blomke krekt op har nawle; hy drukt derop. “Pas op, krekt op myn nawle” (se laket; in oar blomke krekt op - kom nou) -’ (side 12-13).
Yn 3,2 is wer it relaesjepatroan Homme-Janke dominant. Ek yn dizze perikoop is it relaesjepatroan Homme-Wicky sekundair: Homme freget him, as hy fan hûs nei kantoar giet, ôf oft Wicky him ek útwuift ‘Acht trêdden nei ûnderen. Soe Wicky dêr stean? de bocht om en wer acht trêdden nei ûnderen. Op de fjirde fordjipping in skouder, in earm nei achteren en it profyl fan in tafallich boarst (side 17).
Yn 3,3 is, tinkt my, primair it relaesjepatroan Homme-Beatrix. (Beatrix wie in famke, dêr't Homme mei yn bêd rûgele doe't er al mei Janke troud wie.)
Sekundair is yn dizze perikoop it relaesjepatroan Homme-Janke, Homme-Wicky, Homme-Geeske, dy't ek wol de ierapeldochter neamd wurdt yn dizze roman: ‘Se is net kreas en soe nou hieltyd tinke litte oan de ierapeldochter; alhoewol, dat brutale lûd en hurde laitsjen hat se net.’ (side 21)
Haedstik 4 folget yn de tiid direkt op haedstik 1; we binne wer bilânne by Janke dy't har mislearre houlik sit to oertinken.
Yn 4,1 en 4,2 is Janke foar it greatste part mei harsels dwaende, sij it ek dat se dat is yn forbân mei har mislearre houlik. Neffens my is it de baes en praet yn 4,1 en 4,2 allinne oer in sekundair relaesjepatroan: it sekundaire relaesjepatroan Janke-Homme. Yn 4,2 wurdt in oanset jown ta hwat yn 4,3 tige wichtich wurdt: De fraech hoe't it to forklearjen is dat Janke's houlik stikken gien is: ‘De wei werom. Hoe is 't sa kommen, hoe is it bigoun?’ (side 24)
Yn 4,3 kriget de lêzer in stikje fan it spoar werom to sjen: ‘Se (= Janke a.v.h.) wol net en wegeret abslút elk kontakt. Stilte fan minskelûden, by de minsken lâns libje, leechte. Net om't se klear is mei harsels en ôfdien hat mei de minsken, mar om't se nét klear is mei harsels. Totale leechte om har hinne en sysels der
| |
| |
middenyn, barstensfol fan hwat is, wie, komt.’ (side ) De essinsje fan boppesitearre sinnen wurde yllustrearre oan in forhael út it forline fan Janke. Ik fiel der wol foar om to sizzen dat yn dizze perikoop de relaesje Janke-Janke's forline dominant is.
Haedstik 5 folget yn tiid direkt op haedstik 3; we binne wer tolânne kommen by Homme, dy't op paed is nei syn kantoar.
Yn 5,1 is it relaesjepatroan Homme-Ate dominant. Ate is in kollega fan Homme (en de man fan Wicky); hy wurdt yn dit forhael sa yntrodusearre: ‘Ate hie freegje kinnen oft ik meiride wol mei dit minne waer.’ (side 28) It is my op it earste gesicht net direkt dúdlik hwerom't de romanfiguer Ate, de man fan Wicky, yn dizze roman yntrodusearre is, alteast net as ik let op de ynhâld fan dizze perikoop. Der wurde, yn dizze perikoop hwat opmerkingen lansearre oer taelfilosofy en literatuer: ‘De nijste taelfilosofy hat in soad mei wiskunde to krijen, seit Ate. Alderaerdichst hoe't se dêr mei wurkje, alderaerdichst’ (side 28)
Yn 5,2 kin ik eins net in dominant of sekundair relaesjepatroan oanwize: Homme is yn syn kantoar oankommen en praet hwat hwat mei kollega's oer forskillende saken: ‘It is best mooglik dat se, foar't Jo yn Jou grêf lizze, swier forslaefd binne oan drugs, adrealine, hasjiesj, LSD, methedrine, oan psychedele - i -.’
Derfaer fortiisd yn de wurden dy't ek foar him nij binne’ (side 34).
Haedstik 6 folget, yn tiid, direkt op haedstik 1 en 4. Janke bisiket noch hieltyd it spoar werom to finen.
Yn 6,1 is wer it relaesjepatroan Janke-Janke's forline dominant: ‘Hat dit it west, is it dêrmei bigoun? Se is ticht, in stilsteand, pearzich wetter mei oan de oerflakte bellen en buollen.’ (side 35) Ut de flash-back dy't de lêzer yn dizze perikoop ûnder eagen krijt, wurdt al gau dúdlik dat Janke tige allinne wie yn har jeugd, net folle kontakt mei oaren hie.
Yn 6,2 is Janke wer mei har forline dwaende, mar dan it forline sa't se dat mei Homme deeld hat. Homme en sy hiene in famke en wiene ridlik gelokkich, al wiene der wol hwat problemen mei Janke's mem, omke en suster. Mar dat gelok waerd forsteurd troch Geeske:
‘Heare, forbrân, fortar ús fijannen foar Jins antlit, lit se omkomme en fan de ierde weiwurde, al dyjingen dy't Jo bispotte en mei selssucht en heechmoed ús bijegenje. Dat wiif, Heare, dat wiif.’ (side 46, de lêste kursifearring fan my, a.v.h.) Op groun fan hwat hjir boppe sein is moat yn dizze perikoop dominant neamd wurde de relaesje Janke-Janke's forline, in sekundair relaesjepatroan yn dizze perikoop soe ik neame wolle de relaesje Janke-Geeske.
Haedstik 7 folget, yn tiid, direkt op haedstik 3 en 5. We krije wer to meitsjen mei Homme en Janke op de lêste normale dei fan har houlik. It is yntusken middei wurden.
Yn 7,1 wurdt de lêzer konfrontearre mei Homme, dy't tusken de middei nei hûs giet om to iten. It is net goed mooglik yn dizze perikoop in dominant of sekundair relaesjepatroan oan to wizen. Homme tyspelt hwat om mei gedachten oer seks, frou, bibel en it forbân dêrtusken: ‘Der stiet yn de Skrift: Hwa't in frommis oansjocht om to bigearen, hat al oerhoer bidreaun. Dit doocht net: De evangelisten en f'ral de Hear sels moat witten ha, dat men dat net samar sizze kin: (...)’ (side 47).
Yn 7,2 is it relaesjepatroan Homme-Ate dominant: ‘Ate sei doe al dat der gjin
| |
| |
Fryske kultuer is; dat is ien great forsin. It is Ate mar dy't it seit; hy hat in skuorfol hânskriften lizzen, hy hat stúdzje makke fan eksperimintele romans yn oare talen en wol dêrmei literatuer yn it Frysk bidriuwe.’ (side 50)
Yn 7,3 is wer it relaesjepatroan Homme-Ate dominant. Sekundair is hjir it relaesjepatroan Homme-Wicky: ‘It rint Ate hielendal net tsjin; hy hat in bêste baes, in leaf wyfke, in libben fûl dinkje, in flechtlinge; se hawwe gjin bern. Hoe't Ate dêr mei is, komt men net achter. Oft er se mist of net, wit nimmen. Wicky, och Heare, biwarje my foar Wicky.’ (side 52)
Yn 7,4 is it relaesjepatroan Homme-Janke dominant. Janke fortelt Homme, dy't tusken de middei thús kaem om to iten, dat sy dy jouns mei it famke hwat letter thús wêze sil: ‘Omke wurdt minder, seit se, en se woe graech dat ik meigyng, - mei it famke’. ‘Evy (Janke's suster, a.v.h.) wol net dat omke en dou sûnder forsoenjen fan 'e ierde skiede?’ (side 54)
Yn 7,5 is Homme op in paed fan hûs nei kantoar. Yn dizze perikoop is it relaesjepatroan Homme-Janke dominant: ‘Janke, - de namme hie se mei. Doe't se op kantoar kaem, wie se hjirtroch opfallen, se wie de earste dêr't it hjirom mei bigoun. Se wie de stille kant it neist, hie gjin drokte en gegniis mei de oare froulju; (...)’. (side 57)
Yn 7,6 - Homme is noch hieltyd op in paed nei kantoar - komt de lêzer middels in flash-back, hwat mear to witten oer it geheime leafdeslibben fan Homme Tysma: Sa hat er ea skarrele mei de juffrou fan de telefoan: ‘(...) se hawwe in tiidsje frijd; sy nimt nimmen kwea dat it neat wurden is, it hie goed foldien en se woe bêst ris wer, sei se, mar it moast net to fêst wurde.’ (side 60) Boppedat wurdt de lêzer konfrontearre mei freeslike seksfisioenen, dy't soms yn Homme's gedachten opkomme: ‘De jonge froulju balje (...), immen rint hurd it fjild op, grypt ien fan de froulju dy't him yn de earmen slút, se klimt by him op, likt de holle, lei op de groun middenyn it griene fjild en de waermte, se slacht wyld de fuotten útelkoar, it swart-wite kostúm leit fier oan de kant, in woest gegrom fan in glânzgjend swarte herdershoun, (...)’ (side 63). Hjir is gjin dominant of sekundair relaesjepatroan oan to wizen.
Haedstik 8 folget, yn tiid, direkt op haedstik 1, 4 en 6. Janke is noch altyd op syk nei it spoar tobek.
Yn haedstik 8 is dominant it relaesjepatroan Janke-Janke's forline. Yn dit haedstik bringt se harsels to binnen, hoe't se har fielde doe't se Homme fortelde dat se swier wie. Boppedat tinkt se der oan werom, hoe't har mem en har omke tsjinoer lytse bern stiene: ‘Hwant nou pas wist se dat omke ûngelyk hie, mei syn “wy ha dy great brocht en hwat dochst” werom’, syn forwiten en syn birop op syn heare, mem mei har drôve eagen; se wist hierskerp sûnt dit famke dat mem en omke ûngelyk hiene mei har opofferingen dy't se foar de bern oer hawn hiene, sabeare, de opleine tankberens dy't se fregen fan de bern; (...)’ (side 65)
Haedstik 9 folget, yn tiid, direkt op haedstik 2. Homme oertinkt syn libben, sa't dat oant nou ta forroun is, mei ynbigryp fan syn mislearre houlik.
Yn 9,1 is it relaesjepatroan Homme-Geeske (de ierapeldochter) dominant.
Yn dizze perikoop wurdt de lêzer konfrontearre mei in soarte fan hallusinaesje fan Homme, dy't yn syn gedachten Geeske oan in wreed ein helpt: ‘Hastich lûkt er it fel strak en stjit de punt fan de skjirre yn de blauwe ier. In koarte refleks, in fine, hege gjalp, - it bloed rint yn in tinne striel derút. “Dou it kevert, dit de
| |
| |
skjirre”, herhellet er sunich en stjit de punt fierder en bigjint knippende biwegingen to meitsjen as't de punt net fierder wol.’ (side 69).
Yn 9,2 is der net in dominant relaesjepatroan oan to wizen; Homme's préokkupaesje mei seks komt yn dizze perikoop wer dúdlik nei foarren. Itselde jildt foar 9,3. Hjir wurdt, troch Homme nei't men oannimme moat, de God of de dúvel fan de seks oanroppen: ‘O demony fan it geslacht, ûnherhelber kwea fan it forlet, ellende-ieu fan wachtsjen, toppunt fan bifredigjen en almacht fan macht, (...)’ (side 72).
Yn 9,4 is sawol it relaesjepatroan Homme-Geeske (de ierapeldochter) as it relaesjepatroan Homme-Janke dominant. De hallusinaesje, út 9,1 dêr't Geeske it slachtoffer fan wie, wurdt yn dizze perikoop ôfbreide: ‘Hy hie har opnommen en de earmen om de billen slein, de hannen tsjin de hoksen oan. (...) yn ien biweging hie er har boppe opnommen en ûnder, foar de bûtendoar, op strjitte set, hoeden en foarsichtich, mei de rêch tsjin de muorre. En dêr leit se noch’. (side 72) Nei dizze katharsis komme de gedachten fan Homme wer op syn eigen Janke tolânne: ‘Hwer is it bigoun, hoe binne se oan elkoar slagge, hoe binne se fan elkoar rakke. In nij kopke op de saek, ris sjen hwat dat is.’ (side 74)
Yn 9,5 is noch altyd it relaesjepatroan Homme-Janke dominant. Homme is yn syn gedachten noch jimmeroan dwaende mei syn earste kontakten mei Janke. Haedstik 10 folget yn tiid, direkt op haedstik 3, 5 en 7. We krije wer to meitsjen mei Homme en Janke op de lêste ‘normale’ dei fan har houlik. Homme is yn 10,1 nei it middeisskoft, krekt wer op kantoar oankaem. Hy krijt dêr it boadskip dat hy dyselde jouns even oangean moat by in nije kliënt: Bûkeman. Ik soe der net safolle foar fiele om ien dizze perikoop to praten oer in dominant relaesjepatroan; wol fiel ik der foar om yn dizze perikoop to praten oer it sekundaire relaesjepatroan Homme-Bûkeman, omt Bûkeman de man is, troch hwa't Homme, wylst hy by him in saeklike bisite ôfleit, it kontakt mei Geeske op 'e nij leit.
Dizze ynformaesje lykwols, hat de lêzer earst ta syn biskik, as hy de hele roman ‘De nacht fan in leechrinner’, trochnaem hat.
Yn 10,2 is it relaesjepatroan Homme-Geeske primair. Sekundair is hjir it relaesjepatroan Homme-Bûkeman. Homme leit syn saeklike bisite by Bûkeman ôf as hy der achter komt dat immen dy't by Bûkeman oan 'e doar komt ea syn minnares foar ien kear west hat: ‘Unhandich leit Tysma de poalis út de triljende hân. (...) Stiif wine de gedachten troch de holle, (...) Janke hat it noait fornommen. It bart sa faek. In wintermiddei, forfelend, de sinne skynt, it geslacht stiet stiif, nou in lekker wiif, de flesse leegje yn it reid, derop as in jong bist by 't simmer yn de greide.’ (side 91)
Ek yn 10,3 is it relaesjepatroan Homme-Geeske primair. Homme, dy't hieltyd syn saeklike bisite by Bûkeman oan it ôflizzen is, tinkt krekt as oan 'e ein fan de twadde perikoop, werom oan syn skarrel mei Geeske, de ierapeldochter: ‘Se knypt de billen nei elkoar en wol it bistjurre sie, it lid, it lichem. de hiele man, - net kwyt; in weake, glêsachtige, liljende, de hiele keamer oerrinnende massa riist op, forslynt him’ (side 91).
Yn dizze perikoop selde is it relaesjepatroan Homme-Janke primair. Homme komt, yn syn gedachten, nei syn frijpartij mei Geeske thús by Janke en dy wit fan neat: ‘Hwer hast west?’ freget Janke út it sydkeammerke wer. Och, even to kuijerjen’. Hy stiet foar it rút. It mûnster wâddet de fordrukten de groun yn. (side 92).
| |
| |
Yn 10,4, Homme is dan ynearsten noch by Bûkeman, is der neffens my net to praten oer in dominant relaesjepatroan, of it soe alwer Homme's préokkupaesje mei seks wêze moatte: ‘Boppe it lavet docht er de earste taesten, wite fûgels fleane troch de loft, manlju sjogge altyd in oar as 't se by jin sliepe - se tinke net aon jin mar oan de wite dijen fan in frommis út de krante - manlju binne bisten - stadich lûkt er op en del - de grouwe boarsten fan Brigitte Bardot - de billen fan Gina Lolobriggida -’ (side 96).
Yn 10,5 is it relaesjepatroan Homme-Ste dominant. Homme is fan syn bisite by Bûkeman thús kaem en is dêr allinne om't Janke mei it famke nei har omke ta is, dy't der sa min oan ta is. Dan komt Ate folslein ûnforwachte, by Homme de doar yn. Hy lêst Homme in stik tekst foar en giet dan wer fuort. Nou nim ik wol oan dat dit stikje tekst yn de roman fan ûnwittend bilang wêze moat, mar it is my net dúdlik hwat it bitsjutte moat, dat ik moat yn earste ynstânsje sizze dat it, hwat my oanbilanget, krekt likegoed út de roman bliuwe kinnen hie. Mar ik bin dan ek gjin komputer: ‘Unsin, sa'n stik. Dou meist it rêstich sizze. Mar wês wol sa goed en bitink: It hiele stik, elke sin, alles, oan yn de letters, punten en komma's ta, hat syn eigen-konkrete, uterst dúdlike bitsjutting. Alles hat syn oertocht plak en totael neat hat net in bidoeling of is tafallich. Dizze tael is gjin wiskunde, ik wit it. Mooglik datienris de komputers it ûntsiferje, yn in tel. Dan bin ik bliid’ (side 99).
Yn 10,6 is it relaesjepatroan Homme-Geeske dominant. Geeske is op in paed foar it oargelfûns en se komt Homme wol goed fan pas: Hy hat de hele dei net mei Janke op bêd west; syn masturbaesje waerd ûnderbrutsen trochdat Ate der yn kaem, dat sadwaende: ‘Hy sjocht op it horloazje en birekkent dat it gau wêze moat as it hwat wurde sil. Dizze frou kinne de kweade geasten oars net útdreaun as yn in rimpene bysliep, byneed mei in fleuchje forkrêfting.’ (side 103) Geeske akselt nochal hwat tsjin, mar dat is foar Homme net sa'n probleem: ‘Nou ophâlde, toe nou ophâlde. Ik wol net; it mei net. Wy binne troud - (seit Geeske a.v.h.) Stiif grypt er har polsen en sjocht har gebiedend oan sûnder in wurd to sizzen. Nei in koarte tiid hâldt se op to biwegen en leit se as dea ûnder him. In djippe sucht komt út har mûle.’ (side 107) Sa, wer hwat leard.
As Homme en Geeske krekt klear binne komt Janke har oer it mat. Ik fiel der dêrom wol foar it relaesjepatroan Homme-Janke yn dizze perikoop sekundair to neamen.
Haedstik 11, it lêste haedstik fan de roman ‘De nacht fan in leechrinner’ folget, yn tiid, direkt op haedstik 1, 4, 6 en 8. Janke folget it spoar tobek.
Yn 11,1 is wer dominant it relaesjepatroan Janke-Janke's forline. Janke mient dat it tusken har en Homme definityf dien is: ‘Se wol him ek net wer yn 'e hûs hawwe. Net om dat iene, dat forjit wol en slyt út. Se skodhollet. It hat noait past, it sil net passe. Ik mei gjin man ha, gjin famke; boppe de macht grepen. Omke hie gelyk, ik dooch net, bin tomin om to libjen.’ (side 109, kursivearring a.v.h.) Ut it troch my kursivearre part fan dit sitaet wurdt dúdlik dat it feit dat Janke nochal faek mei har forline dwaende is, wol deeglik sin hat en motivearre is. It mislearjen fan it houlik fan Janke en Homme, soe wolris foar in part to witen wêze kinne oan it feit dat Janke yn har jeugd dingen oanpraet krigen hat dy't fan ynfloed binne op har hâlding nou't se folwoeksen is. It byld dat de lêzer him foarme hat fan Janke, wurdt yn dizze perikoop bifêstige: ‘Altyd
| |
| |
wurken de gedachten, noait gyng it sûnder euvelmoed, altyd tocht se oer oaren en tocht se oer hwat oaren fan har tinke soene. En in forkeard wurd net forjitte kinne.’ (side 109) Ek wurdt it de lêzer yn dizze perikoop moai dúdlik hoe't de relaesje Homme-Janke neffens Janke wie: ‘Hy wie maklik, liet har yn alles gewurde as't mar net oan syn frijheden kaemst.’ (side 111) Ik fiel der dêrom wol foar yn dizze perikoop as twadde dominante relaesjepatroan oan to wizen de relaesje Janke-Homme.
Yn perikoop 2 fan haedstik 11 wurdt in hallusinaesje fan Janke biskreaun; nei't de lêzer oannimme mei bigjint Janke to hallusinaerjen ûnder ynfloed fan sliep? tabletten. ‘Stadich rint se nei de kas en siket it doaske mei tabletten. In nuver, sterk gefoel fan kalmte sakket yn har del en sûnder in misse biweging fisket se der in mannich tabletten út.’ (side 112/113) ‘Ut de stilte riist in great, loch, swart- lichem op; it skuort driigjend de bek iepen. Dêrop it fine lûd fan in kraeijend berntsje, - it famke. Se skopt en slacht yn deadseangst...’ (side 115) It is my net mooglik yn dizze perikoop in relefant relaesjepatroan oan to wizen. Yn 11,3 wurdt de hallusinaesje út 11,2 trochset. Ek hjir kin, neffens my net praet wurde fan in relefant relaesjepatroan.
Ek yn 11,4 wurdt de hallusinaesje út 11,2 en 11,3 trochset. Ek hjir is it my net goed mooglik to praten oer in relefant relaesjepatroan. Wol mien ik dat it fan bilang is to wizen op de lêste sinnen fan perikoop 11,4: ‘Hy leit it stik del en laket my foreale oan. Ik gean iepen, it jokket en trillet troch de hiele lea, de boarsten geane hastich mei myn hymjen op en del, myn eagen rint wetter út (...) (side 117). It liket my fan bilang op dizze passage to wizen, om't Janke de hele roman troch, skildere wurdt as de frou dy't nou net direkt sa op seks út is. Dat is ek ien fan de redenen, hwerom't Homme mei Geeske yn bêd rûgelet. It docht dan ek hwat fremd oan, krekt yn dit slot fan de roman by Janke seksfantasiën to ûntdekken, dy't in soart oerienkomst ha mei de fantasiën fan Homme.
Yn 11,5 is Janke alheel mei harsels dwaende: ‘De iene komt der makliker as de oare. Hy jowt it syn biminden yn de sliep, stiet yn de bibel; der stiet ek dat der oarsaek ta sûndigjen wêze moat, mar wé dyjinge troch hwa dy oarsaek komt. It wie better dat him in mounlestien om de hals boun ên hy yn de sé sonken wie.’ (side 119). Yn dizze selde perikoop wurdt ek minofto mear oanjown dat en hoe't Janke om it libben komt: ‘Hy komt nei har ta, omheech, in lange, sawn heech lange, slanke man mei in glimkjend, freonlik antlit, it berntsje foar him út omheechhâldend. Se bûcht bliid foaroer, bliid - bliid foaroer, it is stil, bûcht se bliid foaroer, foaroer, bliid..... hieltyd neijer...’ (side 121)
Ik leau net dat it mooglik is yn dizze perikoop in dominant of sekundair relaesjepatroan oan to wizen.
Yn 11,6 docht de alwittende forteller, dy't nou foar it earst om 'e hoeke komt - vision dehors! -, de lêzer to witten dat Janke deafallen is: ‘Fan hiel fier klinkt in plof, in doar giet, de strietten binne wiet. Dan is it wer stil en rounom neat to fornimmen.’ (side 121) Ek hjir fansels gjin dominant of sekundair relaesjepatroan.
As ik de relaesjepatroanen, sa't dy yn de foargeande skôging oanjown binne, yn skema bring, leveret dat it folgjende byld op:
| |
| |
| |
| |
Ut it ûndersyk nei de relaesjepatroanen fan de roman ‘De nacht fan in leechrinner’ is al wol dúdlik wurden hwat de plot fan dizze roman is. Yn dizze roman moat oannimlik makke wurde dat it houlik fan in pear minsken mislearret trochdat, yn it foarste plak de seksuele winsken fan de man net genôch honorearre wurde troch de frou - tink ek oan de titel fan dizze roman: ‘De nacht fan in leechrinner’, wylst yn it twadde plak de frou yn har jeugd sadanich greatbrocht is, dat se eins net goed by steat is en liz libbene kontakten mei oaren.
Dit gegeven is fansels net nij, en dat hoecht ek net. Hwat ús as lêzer/kritikus ynteressearret is de fraech oft it boek yn de roman dit gegeven sadanich forarbeide is dat de forwurking derfan ús oannimlik foarkomt.
Ik mien dat dizze fraech, alteast troch dizze lêzer/kritikus negatyf biantwurde wurde moat. En dêrfoar binne in tal redenen oan to fieren:
I. It is my, ek nei lêzen en wer-lêzen net dúdlik wurden, hwerom't yn dizze roman de tiden sa troch elkoar mjukse binne. Hwat is de sin fan it diskontinu oanbieden fan in forhael, wylst dat forhael him yn feite lineair troch de tiid hinne ôfspilet. Hwat is, mei oare wurden der de twingende reden fan dat de lêzer dan konfrontearre wurdt mei de lêste dei fan it houlik fan Homme en Janke, dêrnei mei de gedachten fan Janke oer har mislearre houlik, dêrnei mei de gedachten fan Homme oer dat mislearre houlik, dan wer mei de lêste dei fan dat houlik ensfh. De psychology fan de romanpersoanen wurdt der neat troch fordúdlike, krekt oarsom, de lêzer is soms pas op ien fan de lêste siden fan de roman by steat ûngefear út to meitsjen hwat de sin fan bipaelde gedachten yn it earste haedstik is. It liket my, mei oare wurden, dat dit troch elkoar hinne mjuksjen fan de tiden yn dizze roman in strukturele fout neamd wurde moat. De roman hie der neat oan forlern, mar miskien wol in bulte by woun, as de lêzer earst de haedstikken 3, 5, 7 en 10 oanbean krige hie, en dêrnei de 1, 2, 4, 6, 8, 9 en 11. It forhael, de ôfwikkeling fan de plot, wie dêr in bulte trochsichtiger troch wurden, en der wie neat essensieels forlern gien. Men moat wol bitinke dat kompleksens om de kompleksens totael gjin doel hat.
II. Ik tocht dat it gebrûk fan it perspektyf yn dizze roman oer it generael net foar in bulte krityk fetber is. Wol freegje ik my ôf oft it needsaeklik wie dat yn perikoop 11,6 de vision dehors brûkt waerd; of, leaver sein, ik freegje my ôf oft it überhaupt needsaeklik is dat perikoop 11,6 yn dizze roman stiet. Hwerom is de roman net mei perikoop 11,5 to'n ein; hwat is de sin fan perikoop 11,6.
Dêr wurdt allinne nochris eksplisyt sein dat Janke har sawn-heech út it rút goaid hat. Mar dat soks barde wie ek al dúdlik oan 'e ein fan perikoop 11,5. Dêrfandinne ek dat it gebrûk fan it psychologysk perspektyf yn 11,6 sa sterk ôfwykt fan it gebrûk fan dat perspektyf yn de rest fan de roman.
III. As bisjoen wurdt, yn hoefier't de relaesjepatroanen, sa't dy yn de roman ‘De nacht fan in leechrinner’ ûntwikkele binne, essentieel binne foar de plot fan dizze roman, dan mien ik dat de relaesjepatroanen, foar safier't dy fan Janke útgeane, foar in goed bigryp fan de psychologyske gesteldheit fan Janke, needsaeklik binne. Ik mien dan ek dat dy relaesjepatroanen fanút it gegeven yn de roman wei motivearre wurde kinne.
Yn de relaesjepatroanen, foarsafier't dy fan Homme útgeane ha ik net altyd sjen kind hwat dy nou eins to meitsjen ha mei de yn dizze roman ûntwikkele plot. Ut it greate tal froulju, dêr't Homme sines mei dien hat wurdt dan noch dúdlik
| |
| |
dat Homme ien is dy't seksueel sjoen nochal hwat oan kin. De relaesje, sa't dy bisteane en ûntsteane tusken Homme en syn froulju (Janke, Beatrix, Geeske, Wicky) binne dan ek yn dy sin needsaeklik foar it bigryp fan de psychologyske needsaek foar Homme om op dy lêste normale dei fan syn houlik mei Geeske syn bêd to delen. Hoewol, it is miskien dochs in bytsje oan de groteske kant, al dy hele en heale forliedingsscènes yn dizze roman.
Hwat lykwols, neffens my folslein oerstallich is yn dizze roman, is de relaesje tusken Homme en Ate. (De perikopen 5,2; 7,2; 7,3; 10,5) Sa likernoch 20 fan de ien totael 120 siden fan dizze roman. De relaesje Homme-Ate liket nammentlik allinne mar to tsjinjen om de lêzer hwat diskutabele opmerkingen oer taelfilosofy, romans, it Frysk en noch hwat mear aktuele saken yn 'e mage to splitsen. Noch de hâlding fan Homme wurdt dêrtroch psychologysk sjoen better forklearber, noch de hâlding fan Janke.
Dizze roman hie der neffens my neat by forlern, as it relaesjepatroan Homme-Ate alheel net ta ûntjowing kaem wie.
Ja, miskien hie dizze roman der wol neat by forlern as hy nea útjown wie.
simmer 1973.
|
|