Trotwaer. Jaargang 5(1973)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 188] [p. 188] Oene Spoelstra (Doe't ik Dylan Thomas lies) Rein rein Yn it strieljende breidsbêd gjin roazen fan nachtlike langstme kâlde ûnhuere dagen dit feest mei in neiteam fan earstelingen skrousker noch as it neijiersljocht en werom dochs kaem ik brêgeman oer it hege stalt fan 'e skyn op dyn bêd en forkwynde dyn libben ta neatichheit hwerom dochs hwerom dochs o god jow ús heare dagen mar sûnder de kleuren fan tsjoen en ûnwêzentlikheit jow ús de nachten ûnhearber jow ús o heare rein rein [pagina 189] [p. 189] Wemoedige deade ik seach in fûgel ik hearde de wyn kraeijen wie ik mar libben wetter westewyn wie ik mar doe lûken sinne en wille kwadraten rjocht- linichheit ta in masker fan âld sear immen sei: twa kwartsjes mefrou dizze stift jowt nij libben twa kwartsjes westewyn [pagina 190] [p. 190] Sikehus nou leit er dêr de mislearre keizer fan it poallânskip mei hannen en foet yn in ôfmetten frijheit inkelde meters yn't fjouwerkant dizze wrâld fan it eilânbistean njonken oare ûnsichtbere keningen yn withoefolle keninkriken tichteby in lichem fan winsken sachte pine biheint it bistean Vorige Volgende