Redaksioneel
Mei dit nûmer set de fyfte jiergong fan Trotwaer útein. Neat om greatsk op to wêzen fansels, mar faeks al even in stuit om jin ris ôf to freegjen hoe't it fierder komt.
Dêrom liket it ús goed ta en set ien en oar al fêst ris op papier, ús program en ús plannen.
Yn de fakatuere Remco Heite is forsjoen troch it oanlûken fan Tr. Riemersma. Mei greate mearderheit fan stimmen, demokratysker kin it ek al net. De rounte wurdt hwat lyts, de oaren kinne har mar klearmeitsje.
Troch minder wikseling fan redakteuren as yn it forline wol ris it gefal west hat hoopje wy it sicht op Trotwaer ek hwat dúdliker meitsje to kinnen. Elk jier ien der út moat it mar by bliuwe. De yn 1972 ynsleine rjochting wol de redaksje fierder folgje. De krityske biglieding fan de fryske literatuer, fan theoretysk stânpunt út, sil hooplik fuortset wurde kinne. De relaesje literatuer - maetskippij sil neijer omtinken krije. Mar ek kréative bydragen forwachtsje wy yn great forskaet to krijen en to publisearjen.