[Nummer 3/4]
Redaksioneel
Nou 't Provinsiale Steaten by bislút d.d. 23 maart 1.1. goed sein hawwe foar in subsydzjeregeling foar fryske tydskriften, is neffens de útjower de útjefte fan Trotwaer finansieel wer mooglik.
De redaksje hat harsels oanfold en bistiet fan 1 maeije ôf út Josse de Haan, Remco Heite, A. van Hijum en Leo Popma. Rinze Klinker is ré foun de lay - out to forsoargjen.
Mei de útjower is to 'n earsten it forskinen fan de folgjende trije nûmers kontraktueel fêstlein, op de data 30 juny, 30 augustus en 30 oktober. De jiergong 1971 sil bistean út fiif nûmers fan trochinoar 80 siden per nûmer. It toanielnûmer is as earste ûnderwilens forskynd.
Ein fan dit jier sil mei de útjower it produksjeskema foar 1972 fêstlein en bikend makke wurde. It minimum fan 400 siden de jiergong sil yn alle gefallen oer op 'en minst seis nûmers spraet wurde.
De redaksje wol sykje nei mooglikheden fan gearwurking mei oare fryske literaire tydskriften om dêrmei it potinsieel oan meiwurkers to konsintrearjen en de posysje fan de tydskriften to forsterkjen.
Trotwaer hat gjin bining mei hokker rounte of biweging ek, mar wol as literair tydskrift bisykje ek it literair - krityske yn de romste sin, en algemien kulturele saken oan 'e oarder to stellen. De redaksje stiet in saeklik - krityske biglieding foar, dêr 't net as yn it forline wolris gewoante west hat, kwestjes fan persoanlike aerd in to greate rol yn spylje.
Nêst mear substansiele bydragen, sil yn in aparte rubryk plak wêze foar koarte ynformaesje, krityk en oar nijsgjirrichs dat de aktualiteit opjowt, ûnder de namme ‘Tichelwurk’.
It minder frekwint forskinen fan dit tydskrift hat foar de redaksje fan Operaesje Fers oanlieding west om tonei har eigen wei to gean mei de publikaesje fan de telefoanpoëzy.