Trotwaer. Jaargang 3(1971)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Sjoerd Spanninga / Stjonkroazen Elts stelsel dat fan tirannije libbet en de geast bihearsket fan ús tiid, in rôfslot lyk út earder dagen, hawwe wy de dea oansein; skielk sil de takomst troch de holle sealen dwale en de bitsjutting neigean fan de tsjokke muorren, of har bisauwe oer de finzenissen ûnder it kastiel, mar fierders is der suver neat, [pagina 115] [p. 115] dat noch in hûgenis biwarret oan de minsken, dy't hjir regearren oer it folk- tusken de stienfallen hwat stjonkroazen, - dat is alles. Uitgez. 27-1-'71 Vorige Volgende