Trotwaer. Jaargang 3(1971)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Douwe Huizinga / Nacht yn Ljouwert Ljochtreklames protestearje tsjin it skinen fan 'e moanne, Yn reekgrize kafees sjouwe obers pilskes nei toarstige kielen, striidt in djoekboks mei it publyk om de boppetoan. Op har hierkeammerke wurdt in hoerke naeid joar 25 goune, Autoos steane efterlitten op it Saeilân, Plysjes rinne to strunen yn strjitsjes en steechjes, In bisopen keardel nifelt oan de rits fan syn gulp, siket syn suterich pyltsje en pisset yn in blombêdtje, Us mem bliuwt der stienkâld ûnder, As de sinne opkomt is alles wer stil. Uitgez. 24-1-'71 Vorige Volgende