Trotwaer. Jaargang 3(1971)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 110] [p. 110] Anne Jousma / Fers 't Moderne fers mei gjin fêst metrum ha, gjin rym, gjin punt en sels gjin greate letter. Tradysje allegear! Nou witt' hja 't better en kinn' mei rebus-ried-rigels ta. Al dy technyk smoart d'ynspiraesje sa: in wierlik dichter hatet dat en hat der in groulik hekel oan. Assosiearjend set er 't oarakel yn elkoar, sa woll' hja ha. O Dante, Shakespeare, Perk en Kloos en Vondel of tichter noch by hûs: o Douwe en Fedde, jim binne út de tiid; ús tiid is oars. Wy sjitte sûnder fakkunst yn 'e roas; grif eltse snob kin him mei ús fers redde en knikt bigripend boppe ús lêste bondel. Uitgez. 6-1-'71 Vorige Volgende