Trotwaer. Jaargang 3(1971)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Jan Dotinga / De strjitte Der hinget in licht leed tusken de stiennen, flakby ûnder de lampe rinne bruorren yn skimer foarby. It grize ljocht fan 'e gelykheit makket sjenden ljochtblyn hearrenden dôf hûdich en sprekkenden stil. It lûd wurdt net heind, it teken is oerriden, it wurd is emballaezje. Yn it ritme fan stien stiennen stien binne de minsken forskiningen. DE STRAAT B. Guntenaar Uitgez. 9-12-'70 Vorige Volgende