Fortaling skema:
Der binne mear minsken as de skriuwers allinne dy't bilang hawwe by of bilangstelling toane foar de literatuer, hwêrút folget dat de ALGEMIENE GEARKOMSTE bistean kin út yndividuele persoanen (skriuwers) en út minsken dy't yndirekt mei de literatuer hawwe to krijen (redaksjes tydskriften en abonnees, bibleteekminsken, operaesje fers, literair museum, literaire redaksjes kranten en rono, útjowers en gean mar troch).
Sa'n ALGEMIENE GEARKOMSTE sil bistean út inskala fan minsken, in gearkomste dý't úteinlik middels de al bisteande krektoanjowne literaire ‘ynstellingen’, of direkt de foreaske wurkgroepen ynstelle moat. Dizze wurkgroepen sille gear moatte oan de problemen dy't forboun binne mei de literatuer en kultuer. Klykjes dy't it allegearre wol efkes foar elkoar bokse sille, kinne op sa'n wize fan wurkjen minder gau ûntstean. Boppedat sil elke wurkgroep forantwurding ôflizze tsjinoer de ALGEMIENE GEARKOMSTE. Ut in x-oantal wurkgroepen ûntstiet fleksibel ien koördinearjende wurkgroep, dy't nau gearwurket mei it bistjûr (de mooglikheit bistiet dat dizze twa gear falle, mar it is fansels net needsaeklik).
De koördinearjende wurkgroep ûntstiet diels ùt de foardracht FAN DE ALGEMIENE GEARKOMSTE (it kinne deskundigen wêze). It deistich bistjûr wurdt keazen troch it gehiele bistjûr, dat ek de skriuwer oanwiist (fansels lid fan it deistich bistjûr).
It skema jowt dúdlik oan dat der in greate iepenheit is yn it totale wurkjen. It wurk as sadanich kin yn ŵêzen nea stomp rinne, omt der in fleksibele biweging hin en wer is.
Ek de regleminten soene totael demokratysk wêze moatte, mei de klam op de forantwurdlikheit fan de ALGEMIENE GEARKOMSTE. De iepenheit yn rapporten, foarstellen en adfizen kin net greater, hwant ek op dit flak binne de gearkomsten iepenbier.
DE BISLISSINGEN FALLE NET MEAR SUNDER FOARM FAN PROSES, KREKT DE PROSESSEN WURDE OANTREKLIK (sûnder rjochter fansels).