[Foar de safolste kear (vervolg)]
Sechst: It Skriuwersboun hat fan it Poortinga-feest in bisletten feest makke. Ik siz net dat it bounsbistjûr dat wollen hat, mar ik konstatearje dat it dat dien hat.
Smit seit it wie ‘spesiael buorkundich makke’ dat elk wolkom wie op dat feest. Hwat bitsjut buorkundich meitsje en hwat hâldt dat spesiael yn? Hwerom seit Smit net presiis hwat der bard is? Binne der útnoegingen forstjûrd, ja of né? En oan hokker persoanen binne dy stjûrd? Of ha jimme in advertinsje pleatst?
Hoe dan ek: De feestkommisje wie net in heterogeen selskip, mar bistie út bounsleden. It wie in bounsfeest foar in bounsmaet. It Skriuwersboun koe reedlikerwize net forwachtsje dat in stikmannich skriuwers, dy't neat fan it boun ha moatte, ynienen wol nei in feestje fan it boun komme soene. Jawis, dy skriuwers hiene dan mar om Poortinga komme moatten. Mar hoe hiene se dêr dy jouns forkeard? As gast fan it Skriuwersboun.
Ik nim oan dat de jongere skriuwers dy't gjin lid fan it boun binne lykas my to greatsk west hawwe om gebrûk to meitsjen fan 'e gastfrijheit fan it Skriuwersboun, in gastfrijheit dy't nammers nearne út bliken dien hat.
Hiene wy al kommen mei de dryste skuon oan, hwat hienen jim ús dan letter foar de skinen smiten: Sjoch, se wolle gjin lid wurde fan it boun, mar as der in feestje is, dan komme se allegearre opsetten? Krekt, dêrom.
Tr. Riemersma