[Foar de safolste kear... (vervolg)]
Tred As Smit yn in ynstjûrd stik oer it net-neamen fan nammen bigjint to orakeljen oer ‘faksisme’ of in ôflieding derfan, jowt er der blyk fan net to witten hwat faksisme is. Of hat Gerben Abma soms âldere skriuwers forgast? Né, en jitris né, dat ha er net. En om't Smit dat wol wit, moat er dy swierladene wurden mije. Dy fungéarje nammentlik as skelwurden.
Ja-ja, ik wit it: gjin inkeld skelwurd is in skelwurd as jo it rêstich, wittenskiplik analysearje. Yn 'e sin ‘Atse is in kloatsek’, is ‘kloatsek’ gjin skelwurd, hwant dat is in skroatum mei testikels, en wy witte allegearre dat Atse hiel hwat oars is. Ergo: ‘Atse is in kloatsek’ is gjin skellende útrop, mar it si wittenskiplik sjoen in foutive konstatearring????
Jo Smit moat him net dommer foardwaen as er is, hy wit hiel wol fan 'e gefoelswearde fan biskate wurden.
Fjird: De útdrukking ‘oanfallen op 'e âlde sekken’ haw ik keazen om't Gerben Abma syn stik wer frijhwat rankuneus wie, en troch myn formulearring de gefoelswrâld fan Abma syn stik moai krekt oantsjut waerd.
Fyft: Yn myn ynstjûrd stik stie tusken klammerkes: dêr't Jo en ik beide ynsieten.... Dat ‘Jo’ wie bidoeld as de bileefde oanspraek en it wie skreaun mei in klisjé-fatsoenlike haedletter. ‘Jo’ sloech op Freark Dam.
Ik krij hast de yndruk dat Smit tocht it sloech op him, en dat er it hwat ûnhoflik foun dat er by syn foarnamme neamd waerd. Tominsten, sa forklearje ik mar syn opgelegen gebrûk fan myn foarnamme. Normaelwei neamt men immen yn krityk of polemyk by de fan.
(Dat hâldt dus yn dat ik Rink van der Velde, dy't yn ien artikeltsje skriuwt oer Wadman, Poortinga en Trinus, net ta de normalen rekkenje. Mar ek foar him is noch bikearing mooglik. Hy kin it goed meitsje troch de earstfolgjende kear to skriuwen oer Anne, Ype en Riemersma.)