Foar de safolste kear...
(mar koart om 'e hoeke)
Foarst: As Gerben Abma ‘guon’ âlderen oanfalt sûnder nammen to neamen en Freark Dam ‘guon’ jongeren oanfalt sûnder nammen to neamen, binne dat foar my forgelykbere gefallen. Abma forwyt de âlderein dit, Dam forwyt de jongerein dat, mar it gie my yn earste ynstânsje net om de forwiten, mar om it feit dat én Abma én Dam gjin nammen neame.
Smit moat him net dommer foardwaen as er is.
Twad: Freark Dam hat himsels de bek in einhinne taboun troch konservator to wurden. Dat wist er fantofoaren, lykas ik dat ek wist doe't ik sollisitearre. Ik haw de hearen doe skreaun dat ik út 'e redaksje fan Trotwaer gean soe. (Dat wie doe yntern al regele.) Ik hie forwachte dat Dam, doe't er konservator waerd, syn redakteurskip fan 'e Strikel en syn karmasterskip fan DFB deroan jaen soe.
Sokke bybaentsjes kin men net hawwe by sa'n baen. It soe al kinne moátte, neffens idëalisten, mar it kín net, om't gjinien fan uzen frij is fan rankune en lange teannen.
Dam dy't it, as konservator, fan 'e goodwill fan 'e skriuwers ha moat, kin yn 'e Strikel net in groep skriuwers fan him forfrjemdzje troch in frijhwat ûnbiroaide oanfal. Dam kin net foar DFB in manuskript ôfwize en tagelyk hoopje dat datselde manuskript ienris yn it FLMD bilânje sil. (Soks is miskien noch net bard, mar it bart yn 'e kommende jierren grif.)
Smit moat him net dommer foardwaen as er is. Wy libje net yn it keninkryk der himelen, mar yn in rankuneus wrâldtsje.
As Dam wiis wie, hold er dêr rekken mei.