[Freark Dam, of: De publieke saek as hobby en prive-bilang (vervolg)]
Hwant och, it bistjûr wit gjin reet ôf fan de technyk fan boeken útjaen. Myn praetsjes gyngen der altyd wol yn as koeke. En dat ik krekt altyd de hanskriften fan myn freontsjes gaedlik foun, fan Rink van der Velde, Anne Wadman, Durk van der Ploeg, né, dêr binne de bistjûrsleden noait achter kommen. Nou't ik deroer tink: doch gek eins. Mooglik dat dit my oermoedich makke. Hwant op it lêst bin ik iepentlik yn de advyskommisje sitten gien. Nou dat hat net to lang duorre. Ik fielde gau dat myn praktiken mear yn it tsjuster passe as yn it ljocht. Krekt of bigounen doe ek guods hwat troch to krijen. Mar sa'k sei: my pakke se net.
Man, man, ik krige yn dit lantsje dêr't alles like krap is, ek in blêd fan de baes. Tink ris ta: sels in blêd. Earst in útjowerij, doe noch ien, doe in blêd. En alles literair bidoeld; ik sei fansels faek genôch dat it dat ek wie. Ek al wist ik sels wol better. Mar dêr kom ik noch op. Oer it forlakken fan myn bazen, de firma Laverman, en de Fryske Bibleteek en al dy Fryske lêzers, bidoel ik. En op it forlakken fan de minsken, nou't se my, mei help fan mysels, yn de nije baen treaun ha en fan de lju dy't ik nou advisearje moat, om't ik yn publike advyskolleges sit. Haw oer my gjin noed. Myn maten en ik binne nei de oarloch as heale, hele of anti-oarlochshelten oan de kraentsjes kommen en ik siz jim, dat wy op elkoar passe. En oaren en jongeren, kinne om my barste. Dy wrot ik der safolle mooglik út. Of ik swij se wol dea. Hwat my soms iepentlik út de pinne komt. Net sa handich fansels. Mar ja, hwat wol je; by sa'n soad forlakkerij forslacht men der wolris yn. Ik doel op it Strikelnûmer fan novimber 1967 ja. Mar nou net mear dêroer; dat kin better geheim bliuwe.
Se sizze wolris, hwat in drokte yn dat lytse Fryske wrâldtsje. It is de muoite net wurdich. Mar krekt dêrom, krekt om't it Fryske wrâldtsje sa lyts is, is myn posysje fan bilang. En kin ik de iene propagearje en de oare derútdrukke. Mei de moaiste smoesje. Lykas sein, dy forlakkerij kom ik noch op. Dy forlakkerij fan al dy minsken dy't my bitrouwe. Allinnich dy forlakkerij fan mysels, dêr moast in oar ris oer gear....