Freark Dam, of: De publike saek as hobby en prive-bilang
a. Ik oer mysels
Ik bin fan 1924 (it kin dus treffe dat ik noch even mei gean) en kom fan Ketlik. Ketlik, dat is dy earme streek achter it Fean, fan lege grounen, heide en in biwyske bosk. Nou, wy hiene it ek net rom mar dêr binne wy mei de tiid aerdich oerhinne kommen.
Net dat ik it nou rom en breed hingje lit, mar yn alle gefallen mei ik mei biskiedenheit sizze: goed to plak kommen. Se hawwe thús wolris sein dat op 'e buorren it praet gyng, dat ik hie it mar reuze dien. Net om fan jinsels to sprekken, hwant dat is it lêste dat foeget; (ik bin stil-greatsk; jo witte wol, lykas dy jongfammen dy't wy as groujonge stil-deunsk neamden. Ja, op it stik fan it seksuële mei 'k it graech hwat fizich lije), - iepentlik fan jinsels to sprekken... Och, hwat mael ik, ik sprek hielendal noait iepentlik, in heel inkele kear dat ik my forjit en ris de kaert of in tippe derfan op tafel liz. Mar dan brult ek alle goekunde: hwat hast dy wer raer forpraten. Hwant dan is it der ek nei en komme se fan myn praktiken to witten.
Lykas sein, ik haw it aerdich dien. Bigoun as kantoarbitsjinde hie 'k moaigau foar it forstân dat soks my net fier genôch holp. By de krante, tocht ik, dat jowt immen posysje. Myn wrâld is aldergeloks och sa biheind dat ik bidarre by de Drachtster en hwat dat oangiet, kom ik nea fierder. En dat is dan ek fier genôch foar my.
Ik hie doe al hwat namme makke mei fersen; lyryk neamt buorman dat en dêr gean ik graech yn mei. Jo sille it licht net witte hwant, och, folle hie it ek net om 'e hakken, mar ik haw noch in setsje yn Dútsklân sitten. Nei de tiid haw ik alle war dien om dêroer to dichtsjen, lyryk sa't ik sei dat myn buorman sei. It is miskien better nou sels to swijen en in oar it wurd to jaen:
‘Syn iennichst bondeltsje (Under fjouwer eagen, 1946) wiist op in tear, gefoelich, oantaestber dichterskip, dat dochs net weak of froulik is: fierdere produksje sil útwize moatte, oft dit fine talint wol tsjin de tiid bistân wêze sil.’