As Van der Velde it Skriuwersboun wier fortsjinwurdige hat, hat er it bistjûr derfan grif ek in heal forslach útbrocht.
Mar hwerom hat er noait sein dat er it Skriuwersboun fortsjintwurdige? Wist er dat net? En as er it wol wist, hwerom wist Ria Postma it dan net? Of is der foar 4 okt, '69 noait oer in ôffurdiging praet, mar hat it bistjûr (Jo Smit allinne) fjouwer wike letter bisletten om Van der Velde dy't de gearkomste, as journalist, dochs al bywenne hie, mei weromwurkjende krêft ta fortsjintwurdiger fan it boun to bombardearjen?
Jawis, in ôfgryslik lullige saek.
Mar dêrom!
6. Yn 'e oprjochtingsgearkomste fan it Skriuwersboun wie al praet oer it boekefeest to Drachten. Wy woenen der net wer om twa ûre útstjûrd wurde. Dat soe oars.
Hwat is der fan op 'e hispel kommen? Fjirtjin dagen foar it boekebal waerd J.J. Bylsma frege in skriuwersorkestje gear to stallen. Bylsma bitanke foar de eare, en gelyk hied er: hwa koe soks yn twa wike noch foarinoar krije? De iennige attraksje fan it skriuwersfeest-nije-styl hat neffens hearren sizzen in grammefoan west.
7. De Haan, G. Abma en dyen hawwe wakker oan 't donderjeijen we west mei de Kultuerried. Ik seach fan 't maityd net folle heil yn it bistoarmjen fan dy fêsting, en ik haw dat skreaun. It Skriuwersboun hie grif ek net folle fidúsje yn 'e ‘kréativelingen’, hwant it hat him stil holden, en net, lykas in Skriuwersboun foeget, meipeteare oer kulturele, yn kazu literaire, saken.
Of moat men dat swijen oars útlizze? Hat it Skriuwersboun tocht, lykas by it oprjochtsjen fan 'e KU: earst marris sjen hwat it wurdt?
It claimen nou fan twa sitten yn 'e Kultuerried liket in soad op profitearjen fan oarmans arbeid.
Tsjonge, wie it Skriuwersboun allang fan doel twa sitten to easkjen? Hwerom wurdt dat dan nou pas buorkundich makke?
Hwerom hat it Skriuwersboun net fan it bigjin ôf mei De Haan c.s. pe teare, harsenskrabbe en donderjage?
Moast de kat earst wer út 'e beam?