[De lekken en brekken fan de kultus fan it eikoar yn 'e hichte stekken (vervolg)]
Polemyk en skellen en rachen ûnderskiedt (dit yntermezzo moat de lêzer my eefkes tastean) Noordmans net. En dit is in symptoom fan it omkearde: De âlderen foar in part tominsten forsteane de tael net mear fan de jongeren. Sy brûke minder de rituële kultustael konsintrearre om ‘Der ganz Andere’ hinne. De hillige sil ek ûnder it mes fan de krityske skôging en de polemyk. De fûleindichheit hwermei't dat bart is skerper en direkter as ea yn Fryslân, him oanslutend by it dynamyske fan ús tiid.
Sa bisjoen, is it lêste in gefolch fan in normale histoaryske ûntjowing dêr't allinne sy dy't efter de tiid oanrinne har oer forwûnderje kinne. Dat Noordmans dat docht sjoen syn argewaesje oer it ‘lekskoaijen’, biskreaun yn forskillende artikels yn 'e Ljouwerter, is it fortrietlikste forwyt dat men in kranteredakteur meitsje kin. Ommers krekt syn medium is boun oan de aktualiteit en moat it dêr fan hawwe. Dat hâldt gjin kritykleazens yn, noch foar de aktualiteit oer, noch minder foar hwat west hat oer.
Bigryp my goed, de skriuwer fan dit artikel hat (noch) lang net út 'e wei set hwat Tamminga en Poortinga dien hawwe op literair mêd, en dat gefoel hat makke dat er syn skrutenens út en troch fan him ôfskodzje moast. Stil hâlde koe er him net hwant dat soe bitsjutte dat syn skrutenens sa great wie dat er passyf oan it huldigjen teach. It is maklik om teannen en skinen to mijen yn 'e hope sels mijd to wurden. Foar de kultus oer stiet net de anti-kultus, hwant dan bin' wy like fier as foarhinne. Doel hat west om in kritysk tsjinwicht to jaen, it kritysk ynsjoch yn it sels fan mannichien op to skerpjen mei it úteinlike doel to kommen ta mear oparbeidzjen meiinoar, net yn huldigjende mar yn krityske sin.
Daniël Daen.