[De lekken en brekken fan de kultus fan it eikoar yn 'e hichte stekken (vervolg)]
Men sjocht it oan dit lêste, net allinne de literarie produksje fan Tamminga wurdt eare, ek syn inerlike eigenskippen en sels syn uterlike wurde yn positive sin nei foaren helle. Ja it sil der wol by hearre, dizze forhearliking op en út. Mar it is in slim gefaerlik symptoom dat syn presedinten al hat. Smit oer syn RONO-tiid:
‘Dat Tamminga ús altiten fordroegen hat net allinne, mar op 'e tiid like healwiis koe, of noch mear sels, dat sille wy nea forjitte, dat bliuwt him ivich ta eare.’ Smit tsjûget fan syn biwûndering foar Tamminga's Tsjerne-redakteurskip: ‘De administrative krektens en de goede toan.’ Wis, dy hat Tamminga likernôch 21 jier hawn. Myn wjerfarringen wiene yndie sûnder mear posityf, mar ik ken ek lju dy't har ôfstegere fielden.
Smit bislút sa:
‘Mar al winskje wy him noch mannich goede jierren, it sille goede jierren wêze foar ús dy't se mei him bilibje meije.’ Asjeblyft.
‘Mei hwat bylden moat ik bistammerje hwat út it wurk fan Tamminga op my takomt,’ seit Smit (side 13). Noch eefkes en hy lûkt de skuon út om op bleate fuotten it toarnbeibeamke binei to kommen dêr't er Tamminga earst as in hillige efter forskûle hat om de bihoefte him rituëel ôf to réagearjen to bifredigjen.
J.J. Kalma skriuwt yn syn foarwurd fan de bibliografy:
‘In bibliografy skriuwe fan it wurk fan immen dy't noch yn it folle libben stiet, hat fansels ek in nuodlike kant. It moat ommers ôfwachte wurde hoe't lettere slachten oardielje sille en der komt faeks noch tige wichtich wurk. Wy wolle lykwols net sizze: sjoch dit bliuwt. It doel wie utering to jaen oan tankberens.’
Kalma hat my de wurden út 'e mûle helle, dat mei út dit artikel bliken dwaen. En as tankberens de iennige basis is op groun hwerfan't dizze útjeften forskynd binne, dan hat dy basis dus ûnwittenskiplik, ûnpraktysk (Kalma jowt de reden derfan sels oan) en ûnkultureel west.
Se hawwe har driuwe litten troch faktoaren dy't birêstten op freonskipsbannen en dy't dêrom yn it emosjonele flak lizze.