Trotwaer. Jaargang 2
(1970)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 11]
| |
[pagina 12]
| |
Mei in oar geleard oandwaend sintsje bylket it noch minder: ‘De tael is útdrukking fan minsklike solidariteit en D.A. Tamminga hat dat erfskip oannommen.’ Smit hat dit fierstento absolút steld. De tael is by útstek it middel om to kommunisearjen, it middel om mei in oar yn ferbale forbining to stean. Mar dat is hwat oars as de ynterminsklike gefoelsmjittige forbining dy't it bigryp solidariteit yn hat. De tael is gjin útdrukking fan minsklike solidariteit, hy kin it wêze. Yn forbining stean en jin forboun fiele binne twa. Hwerom dizze op it each ‘spikers op leech wetter’? Om oan to toanen dat sels dêr't de sjerp sekundair is en de skyn fan skerpsinnigens heech holden wurde moast, Smit to wjerlizzen is. Under dúmkes wei wurdt de hjoeddeiske dichterij noch eefkes désavouearre fan Smit: ‘gauris net folle oars as fragmintaryske genrestikjes.’ Sa Tamminga net. Smit: ‘De maklike wei lâns rêdt it dichtersskip fan Tamminga it net.’ Dat docht it ek net, mar de moderne poëzije dan wol? Noch eefkes in greep út it arsenael fan eigenskippen dy't Smit yn âlde styl Tamminga ta dichtet: sterke sénuwen om't Tamminga it salang by de b fan it Great Frysk Wurdboek úthâldt, TROU, SOLIDAIR, leafde foar de tael, wurdboekman, to forgelykjen mei Abelard, (nei't wy hoopje bliuwt Tamminga it snijen dat Abelard to'n diel foel bisparre). In ûngelokkige forgeliking dus. Abelard skreau in skiednis fan syn eigen libben mei de titel ‘Historia Calamitatum’ (= in skiednis fan ûnk en bisiking, letterlik: rampen). Dus net in skiednis fan suksessen sa't Poortinga en Tamminga barre mocht. It sil my ris nij dwaen hokker skiednis it langste de tosk fan 'e tiid treast wêze sil. Tonearsten liket Abelard de greatste kâns op ûnstjerlikheit to hawwen. Smit giet fierder: raconteur, goed ûnthâld, in man fan wrotten en meidwaen, ‘Hy representearre, figuer en stimme hat er dêrta mei, it Fryske Fryslân gauris op treflike wize’. |
|