Dizze ynformaesjes om de formoedens net slimmer wêze to litten as de wurklikheit is.
Hwat de ynhâld fan de boekjes oanbilanget, dy rint wol likernôch parallel: De libbensrin, de taspraek dy't beide bij de huldiging yn auditive ûntfangst nimme mochten, oersicht fan publikaesjes fan en oer de skriuwers, brûkte skûlnammen, in kertiersteat en mear en minder swiete wurden fan J.J. Kalma oan it adres fan Poortinga foaral.
Om bij it bigjin to bigjinnen, els kin op side 5 fan ‘Omgong troch 't Lân’ lêze dat yn 1930 Ype's ‘suster trout mei I.J. de Keijzer en giet nei East-Ynje. Hja hie forpleechster to Rotterdam west’. Noch ôfsjoen fan it oerdreaune om de libbensrin to sketsen fan immen fan 60 dy't noch wol hûndert wurde kin, dit soarte fan ynformaesje jowt it gehiel in bot familair en absurd oansjen. Hwat kin it ús yn 'e fredesnamme skele dat Ype's suster forpleechster west hat. Dat de Fryske Akademy hjir syn seine oan jown hat. Fryslâns susters kinne moed hâlde.
Nou wyt ik wol dat de F.A. net allinne wittenskiplik to wurk gean hoecht. ‘It Fryske folk en syn kultuer’ moatte ek - it stiet yn 'e statuten- har gerak krije. Mar sokke ynformaesje hat mei alle trije Folk, kultuer en wittenskip neat fan dwaen. Sa is der mear en it gehiel krijt dertroch in forsearre oansjen. In bipaeld net spektakulearre libbensrin moast opfleure wurde troch de meast ûnnoazele feiten to formelden.
Nei de namme fan de man dy't de feestrede skreaun hat trije kear riede: Douwe Tamminga.
Nou moat mij daliks fan it hert dat de rede fan Tamminga oan Poortinga mij gâns better foldocht as dy fan Jo Smit oan Tamminga. Tamminga's wurden drippe minder fan sjerp en rinne minder mei de lympôt as Jo Smit sines. Tamminga bigiet sels mei in ôffaller dy't er fan Poortinga to forwurkjen krige: it forhael ‘Noedlik Doel’. Mar oan Poortinga's skôgjend wurk koe men al gau it ‘krityske en krekte’ merkbite.
As biwiis derfoar nimt Tamminga in sitaet út in krityk fan Poortinga fan 1933 dat mutatis mutandis nijsgjirrigernôch noch altyd fan tapassing is op de hjoeddeiske mentaliteitskleau:
‘Dizze nije generaesje hat in oare libbensstyl as de Jongfriezen. Hja mist dy hjar pathos, mist ek hjar kosmyske skôging, wol der ek neat mear fan witte. Hja is nofterder, hurder, minder literair